Doarpen

Doarpen

Kies de begjinletter


Britsum is in terpdoarp dat yn de iere Midsieuwen ûntstien is op in kwelderwâl eastlik fan de Boarnstream, dy’t him ta Middelsee ferbrede hat. De terp hat in radiale struktuer, mar nei ôfgravings mei namme oan de súd- en eastkant om 1900 hinne, is dy net oeral mear werom te finen. Âlde doarpsbebouwing is foaral westlik en noardlik fan de tsjerke te finen, oan de Greate Buorren, de Lytsedyk en Efter de Wâl. Troch de Stienzer Feart noardlik fan Britsum bestie der in goede ûntsluting rjochting Dokkumer Ie. By it doarp ha inkele fersterke huzen stien, sa as kastiel Britsenburg, dêr ‘t net sa folle oer bekend is, Jornsmastate en by de Middelseedyk Lettingastate, wêr ‘t yn 1641 festingbouwer en strateech Menno van Coehoorn berne is. Fan dizze âlde gloarje is neat mear oer, mar yn de omkriten fan Britsum steane wol monumintale pleatsen. De tsjerke mei pleistere toer en in fiifkantich sletten koar hat it foar it uterlik it oansjen fan oerdadich dekorative foarmen út 1875. Yn de tsjerke binne de Midsieuwen te erfaren troch it romano-goatyske ynterieur. De Sint-Johannestsjerke hat in skip dat om-ende-by 1250 boud is efter in westwurk út it lêst fan de 12e ieu. Yn de ynboude toer fan Britsum ha ûnder en boppe rûnbôgige trochgongen yn ferbining stien mei de sydromten en it skip. Dit westwurk is op in soarchfâldige manier opmitsele fan grutte kleastermoppen. Binnenyn wurdt it skip oerdutsen troch koepelwulvings fan dowestien. Yn de koarsluting komme de ribben gear yn in knoop; de oare ferwulven wurde byinoar brocht mei in fergearring of mei in seispuntige stjer. Mei in resinte restauraasje binne muorreskilderingen fûn út ûngefear 1270: op it apsisferwulf in Maria mei Berntsje en op de muorren it byldferhaal fan de passy mei oerienkommende ôfbyldings út it Âlde Testamint. Nei de oarloch is Britsum earst útwreide by de besteande wegen lâns, sa as de Menno van Coehoornwei en letter, doe ‘t forinzen út Ljouwert har dêr te wenjen setten, mei buorrens oan de east- en súdkant, dêr ‘t ek de grifformearde tsjerke út 1965 stiet.

Britswert is in terpdoarp dat oardel kilometer fan Wiuwert ôf leit. Mei Wiuwert is Britswert al jierren en jierren tsjerklik en kultureel ferbûn. Sa hat Wiuwert in keatsplein en Britswert in iisbaan. Britswert lei lange tiid tusken twa markes yn: súdlik de Swaanwerter Mar mei de Reidmar en noardwestlik de Britsumer Mar, dy ‘t yn 1885 droechlein is. Op de terp stiet tsjin de tsjerke oer in rige gebouwen, dêr ‘t net allinne de brede pastorije opfalt, mar mei namme de geef bewarre bleaune skoalle mei seis grutte lokaalfinsters en grutte skoarstiennen. De Kleasterdyk laat it ferkear om Britswert hinne. Sadwaande hat de Buorren, westlik fan de tsjerketerp, gjin hinder fan it trochgeande ferkear. It is in smel, sfearfol strjitsje tusken hagen, dy ‘t de foartúntsjes fan de ticht op elkoar steande wennings omfetsje. Op de hoeken oan de terpkant steane gebouwen wêrfan ‘t it liket dat se twivelje tusken wenhûs en pakhús. It hege gebou hat in folsleine ferdjipping mei pakhúslûken, it lege in kapeferdjipping mei in rige lûkjes. Hjir ha hannelers yn suvelprodukten wenne. De bebouwing fan de Buorren hat in grut ferskaat oan wenningen, fan arbeidershúskes oan brede notabele wenningen. Op it romme tsjerkhôf stiet de Sint-Joristsjerke út it lêst fan de 12e ieu. De tsjerke is boud fan kleurige giele kleastermoppen. De toer is yn 1889 fernijd yn de foar dy tiid kenmerkjende dekorative mingstyl. Hy hat trije segminten en in ynsnuorre spits. De súdlike yngong wurdt bekroand troch in wapenstien út 1753 fan Jonker Ernst van Aylva. De spitsbôgefinsters steane yn smelle, rûnbôgige kezinen. By it koar is in leech rûnbôchje te sjen, in spoar fan in hagioskoop. Dizze letromaanske tsjerke wurdt by ‘t simmer wol brûkt foar byldzjende keunstprojekten. Westlik fan Britswert leit oan de Frentsjerterfeart it buorskip Kromwâl mei oan beide kanten fan it wetter bebouwing. Ieuwenlang wie dêr in skipswerf foar bedriuwsskippen en letter jachten. No wurde de gebouwen brûkt foar rekreaasje. Op Kromwâl hat oant 1863 ta in Fermanje stien; letter is dizze tsjerke oerbrocht nei it wat westliker lizzende doarp Itens.

Broek is in feartdoarp oan de Noardbroekster Feart dat foaral fan it wetter ôf goed te erfaren is, al binne der oan beide kanten fan de bebouwing folle letter wegen kommen foar de ferbiningen oer lân. De feart is fia de Sylroede en de feart Noarderâldewei mei de Jouwer en it wetterwegennet fan Fryslân ferbûn. It wie ieuwenlang, oant fier yn de 19e ieu, de ienige ûntsluting. Op de gritenijkaart fan Doniawerstal yn de atlas fan Schotanus út 1718 is gjin inkele dyk-ferbining yntekene. Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff fan healwei de 19e ieu jout in ûnregelmjittige stippelline by de eastlike bebouwing in paad oan nei de Jouwer yn Haskerlân. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788 net sas folle oer Broek: “een Dorp met eene Kerk en stompen toren, bestaande uit verscheiden plaatsen en huizen, gelegen ten oosten van de Jouwster vaart en ten Zuiden van Goingaryp. ... in ‘t zelve zyn in ‘t geheel maar zeventien boerehuisgezinnen.” Oan de súdeastkant fan it doarp by de hoeke dêr‘t de feart yn de Sylroede útkomt stiet de doarpstsjerke op in wat heger lizzend tsjerkhôf. It is in sealtsjerkje dat yn 1913 yn in nochal saaklike styl boud is. De gevelstien út 1694 is nei alle gedachten ôfkomstich út in eardere tsjerke. It gebou hat finsters mei glês-yn-lead, in trijekantige sluting, portaal en in achtkantich geveltuorke mei in koepeldak. Efter de tsjerke stiet op it lytse en tige fersoarge hôf oan de feart in wyt skildere klokkestoel mei in helmdak. De liedklok is yn 1600 getten troch Hendrik Wegewaert. Oan de westkant fan de Noardbroekster Feart binne meast royaal út elkoar steande boerepleatsen te finen. Oan de eastkant, mei direkte dyk-ferbining mei de Jouwer bestiet in ferskaat oan wenningen en (wen)buorkerijen. Oan dizze kant is in soad bebouwing fernijd en der binne nije huzen boud, wêrtroch’t in kompakte buert ûntstien is. Súdlik fan de Sylroede rint de agraryske bebouwing troch by de gruttendiels dimpte Broekster Kerkfeart lâns: Broek-Súd.

Lange tiid hearde de Broek, ek wol de Broekpollen neamd, by Ikkerwâld. Yn 1964 is Broeksterwâld selsstannich wurden. It is in betreklik jong ûntginningsdoarp dat ûntstien is op de ôf- en útfeane grûn. De meast betide fermelding, yn de tiid dat it feangebiet noch net bewenne wie, stiet yn in oarkonde út 1453. Dan is der sprake fan “de wey wr de fean to meckyen ende to halden twischen den Broek ende dae Swetta”, om it paad oer it fean te meitsjen en te ûnderhâlden tusken de Broek en de Swette. Dat binne no Singel, Schwartzenbergenlaan en de Goddeleaze Singel. It doarp Broeksterwâld leit eastlik fan dizze dyk en bestiet út diels kompakte, mar gruttendiels fersprate bebouwing oan wegen en strjitten yn in rjochthoekich patroan. De spitketen fan de kolonisten binne sûnt it begjin fan de 20e ieu ferfongen troch stiennen huzen en buorkerijen. Tusken 1917 en 1920 hat de wenningstichting Patrimonium oan de Willemstraat, Patrimoniumweg en Broekpollen wenningen en in winkel boud om dizze ûntwikkeling te stimulearjen. De rigele oan de Willemstraat foarmet noch in geve delsetting. De huzen bestean út in foarhûs en in oankape skuorke foar feestalling en it opslaan fan lânbou- produkten. De wenningen steane dan ek op rombemjitten kampen lân. Op de krusing fan de Schwartzenberglaan en de Falomster Feart stie it “Goddeloaze Tolhús”, dúdlik sa neamd omdat it sa ‘n ein út ‘e bewenne wrâld lei. Letter kaam dêr in nije brêge as ferbining tusken de ferskate fytsrûtes. De súdlike pleats “It Goddeloas Tolhûs” is in ynformaasjesintrum fan Staatsbosbeheer oer de natoerewearden fan de omjouwing en mei namme fan it westlik lizzende Houtwiel. Yn it lânskip stean twa achtkante polder-mûnen, de Broekstermûne út 1876 en de Grutte Mûne út 1880. Westlik fan Broeksterwâld stiet oan de Singel tichteby de wetterrin de Lyts in fan giele stien boud asymmetrysk tinkstik oan de alderearste dopelingen yn Nederlân fan de Kerk van Jezus Christus van de Heiligen der Laatste Dagen.

Bûtenpost is in âld agrarysk dyksdoarp, it leit frij heech en wie goed te berikken oer lân. It doarp lei healwei Ljouwert-Grins en oan dy dyk, de Voorstraat, konsintrearre him de bebouwing. Dêr wienen ek de útspannings foar reizgers. Yn 1866 krige it ek noch in spoarferbining tusken de twa provinsjehaadstêden. Boppedat hie Bûtenpost, mooglik al sûnt de 16e ieu, mei de Bûtenpostmer Feart in ferbining mei it foar it ferkear sa belangrike Knillesdjip. Hoewol ‘t it gritenijbestjoer yn it begjin wol yn Stynsgea gearkaam en Bûtenpost bepaald net sintraal lei, waard it lykwols it haadplak fan de gritenij en letter gemeente. Yn 1827 waard oan de Voorstraat in nij gritenijhûs boud, dat yn 1892 as gemeentehûs mei in ferdjipping ferhege waard. Adel en patrisiërs hienen dêr harren deftige huzen, staten sels. Op de krusing fan de wegen Grins-Ljouwert en Kollum-Stynsgea ha fername wenningen stien. Net allinne de staten fan Herbranda en Jeltinga stienen by de krusing, mar skean dêrtsjinoer hienen de Scheltinga ‘s ek in kastieltsje, ek noch mei in grêft dêromhinne. Boelensstate lei westlik fan Bûtenpost, de Boelens-famylje levere yn de 17e ieu grytmannen foar Achtkarspelen. Op it plak dêr ‘t harren state stien hat is yn de jierren fuort nei de oarloch in doarpspark oanlein. In koartlyn boud appartemintenkompleks mei it útsicht op it park, hat de namme fan de eardere state oernommen. Doe ‘t dizze en ek de oare staten al lang wer ferdwûn wienen, waard yn 1877 as lêste Jeltingastate boud. Dizze state waard yn 1999 by in útwreiding fan it yn 1977 boude nije gemeentehûs as represintatyf elemint opnommen. Begoedige boargers bouden fan ein 19e ieu ôf yn it kertier yn ‘e buert fan it stasjon en benammen yn de Stationsstraat harren notabele wenningen. Oan de noardeastkant boude de wenningstichting begjin 20e ieu in earste, flinke rige arbeidershuzen oan de Herbrandastraat, dy ‘t allegear ek al wer ferfongen binne troch nije, foaral bedoeld foar senioaren. Dêr yn it noarden waard it de earste doarpsútwreiding, want foar dy tiid wie de bebouwing oan alle kanten fan it wegenkrúspunt oanhâldend tichter en grutter wurden. En wat fierder fan it krúspunt ôf, wat agrarysker fan karakter, wat mear buorkerijen. Oan de westkant kaam yn 1927 in kazerne fan de maresjesee. Dy oardershâlders wienen dêr detasjearre om de betiden ûnrêstige en yn alle gefallen eigensinnige heidedoarpen yn it suden en westen fan de gemeente yn ‘e gaten te hâlden. Fan de Voorstraat ôf rint, parallel oan de Kuipersweg, de útfalsdyk rjochting Stynsgea en Surhústerfean, de Kerkstraat nei de kloeke let-goatyske tsjerke, dy ‘t yn 1446 boud is. Sa as op in gevelstien te lêzen is, is dit godshûs yn 1613 nei in brân yn 1594 opnij boud. De toer is nochal wat âlder, dy moat om 1200 hinne ferriisd wêze en is yn de 16e ieu nochris ferhege. De tsjerke rekke ynboud yn de folle jongere doarpsbebouwing fan nei de oarloch, wêrtroch ‘t se op ôfstân it silhûet fan Bûtenpost bepaalt. Yn it doarp is de toer allinne fan betsjutting yn de neiste omjouwing. It gebou wie earder oan de bûtekant bepleistere, mar toant no wer har bakstienen hûd. De muorren binne iepene mei opfallend hege en brede finsters, wêrtroch ‘t de fraaie ynrjochting yn hear en fear útkomt. Der stiet in aardige rige hearebanken út de 17e ieu fan de famyljes dy ‘t de withoefolle staten en bûtens yn en om Bûtenpost bewennen. Ek de seis grutte roukassen en de rútfoarmige wapenbuorden binne harres. De preekstoel mei koperen lessener en hâlder foar de doopskaal datearret út 1769. Yn 1945 krige Bûtenpost der in doarp by, der stienen yn dit Lytsepost destiids noch mar in pear huzen en buorkerijen, mar ea is it ien fan de acht karspelen west wêr ‘t de gemeente de namme oan te tankjen hat. De tsjerke en sels it klokhús binne der al lang net mear. Wol is hjir yn 1891 de suvelfabryk kommen, dy ‘t foar de oarloch al wer ticht gie. Yn 1947 waard der yn de gebouwen mei in timmerfabryk útein set.

Burdaard is in terpdoarp en in wetterstreekdoarp. Oan de gemeentlike weryndieling ta lei Burdaard yn twa gemeenten. It diel oan de súdkant fan de Ie hearde by Dantumadiel, it noardlike part – lange tiid Wânswert oan de Streek neamd – hearde by Ferwerderadiel. It doarp is al inkele jierren foar de jiertelling ûntstien op in terp mei in radiale ferkaveling. De terp leit krekt oan de súdkant fan de Ie. De Ie waard al gau yn de 17e ieu in ferkearsier fan belang yn de sterk ferbettere wetterstruktuer yn it noardeasten, dêr ‘t nochal wat opfearten út de doarpen op oansletten waarden. It ferkear en hannel oer it wetter befoarderen dat der by Burdaard earst oan de súdkant en letter ek noardlik fan de Ie – dêr ‘t yn 1647 it jaachpaad foar de trekfeart kaam - in lintbebouwing groeide mei pânen mei hannels-, yndústry- en wenfunksjes. It waard in nije delsetting, wêrby ‘t mei namme oan de súdkant sletten bebouwingswanden kamen. Sa ûngefear yn it midden fan de bebouwing liet in partikulier in brêge oer de Ie slaan. In brêge, dêr ‘t reizgers oan ‘t yn de 20e ieu ta tol betelje moasten. De troch de skiednis bepaalde ferskillen fan de wâlskanten binne hjoed de dei noch te erfaren. Oan de kant fan it jaachpaad lizze kaden, oan de súdkant tunen, dy ‘t troch in paad fan de wenningen skieden binne. De âlde doarpstsjerke is yn 1851 ferfongen troch in nij gebou mei spitsbôgefinsters en in mânske geveltoer mei in ynsnuorre spits. De pastorije is ek yn dat jier boud. De ôfskiedenen bouden yn 1861 in tsjerke. De hjoeddeiske grifformearde tsjerke kaam yn 1893 oan de Wânswerter kant ta stân. It fan oarsprong warbere doarp hat op de flanken noch belangrike neitinzen. Yn it noardeasten is dat de grutte hout-, nôt- en pelmûne “De Zwaluw”út 1875, mei dêr omhinne 19e-ieuwske houten skuorren. Nei in brân is de mûne opnij opboud. Oan de oare kant fan Burdaard stiet it kloeke gebou fan de agraryske, koöperative oankeapferiening “De Eendracht” út 1916; it gebou is yn 2003 mar krekt fan de ûndergong rêden.

Buren is in streekdoarp mei in frijwat iepen struktuer. It doarp is net sa beamteryk en it hat in beskieden silhûet. Earder waard it doarp beskôge as in buorskip ûnder Nes. Ein 18e ieu waard oer Buren skreaun: “Even verre ten Oosten van het Kerkhof is eene groote buurt van meer dan zeventig huizen, onder Nes behoorende, en meest door Roomschgezinden bewoond die te Nes ter Kerke komen. Deeze buurt ligt in eene zeer aangenaame vruchtbaare landouwe, en is omringd van vruchtbaare akkers en bouwlanden.” Administratyf is Buren no in selsstannich doarp. De âlde skoalle is nei 1950 ferboud ta Hotel De Klok en útwreide en dat is by it gemis fan in tsjerke, no it middelpunt fan Buren. It oarspronklike karakter fan dizze agraryske buert is feroare yn in doarp dat him rjochtet op tsjinstferliening oan rekreanten. De wat âldere bebouwing leit ferspraat by paden en wegen lâns. Yn ‘e rin fan de 20e ieu is de bebouwing fierder útdijd. By de ferbreding oan it ein fan de Hoofdweg hat him in plein foarme, dat beskôge wurdt as doarpskearn. Oan it begjin fan de Hoofdweg stiet in buorkerij dêr ‘t it Landbouw- en Juttersmuseum Swartwoude yn ûnderbrocht is. Dizze pleats heart ta de karakteristike Amelanner buorkerijen, dy ‘t yn en om Buren te finen binne. Ien fan de geefste stiet oan de Strandweg 33. Hy is mei it boujier 1890 dan wol net echt âld, mar alhiel neffens de tradysje boud. It muorrewurk is fan de ferneamde Fryske giele stientsjes mitsele. Kenmerkjend is de hege syd-yngong fan de skuorre. It is in útboude houten yngong mei in sealdakje, dêr ‘t de heaweinen troch ynride koenen. It doarp is nei de oarloch oan de noardkant útwreide mei wenningbou, earst oan de Strandweg, letter oan de Paasduinweg en de Hazeweg. Yn 1987 kamen der oan de Paasduinweg en de Meester Oudstraat rigen kloeke, houten huzen nei in Sweedsk ûntwerp ta stân, dy ‘t yn ferskate kleuren ek yn Nes en benammen yn Hollum boud binne.

Burgum is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen mei ferskillende kearnen ûntstien is yn ‘e buert fan it yn it lêst fan de12e ieu stichte Sint Nicolaasklooster of it Barraconvent. Burgum waard besûnder goed ûntsletten oer it wetter: by de Burgumer Mar, wêrop it Kolonelsdjip nei it easten ta oanslute en de Wide Ie mei de Langemar en it Langdeel nei it westen ta. It doarp ûntwikkele him ta in merk- en hannelssintrum fan Eastergea en ta it haadplak fan de gritenij. Op de kaart fan Tytsjerksteradiel yn de Schotanus-atlas út 1716 bestiet Burgum út in grutte, útstrekte delsetting fan mei beammen beplante wegen. Der steane ek ferskate staten oanjûn. Yn it easten leit de buert Nieuwstad en noardlik dêrfan Noordermeer, dêr ‘t het Hooghuis stiet. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1787 dat Burgum wie: “een aanzienlyk dorp (...). De Kerk van dit dorp is een Kruiskerk, (...) naby dezelve was weleer gelegen in het ryke Bergumer Klooster, met naame Bergklooster, hetwelk, ten Noorden, met zyne aanzienlyke plantagien aan ‘t Kerkhof grensde. Niet verre van hier heeft men de buurt Nyestad, doch de voornaamste dichte buurt ligt in ‘t Westen en is met veele aanzienlyke huizen en welgevloerde straaten voorzien.” Noardlik fan it doarp stie it Hooghuis, dat bewenne waard troch de famylje Coehoorn (fan de festingbouwer Menno baron van Coehoorn). Letter kaam it yn besit fan de steedhâlderlike famylje Oranje Nassau. “De grenzen van het dorp zijn zeer uitgestrekt, vooral aan den Noordkant, als bevattende Bergerveen, Meinsma bosch, ‘t Huis ter heide, een gedeelte van Kuikhorne en de geheele Bergumer heide.” Oan de oare kant fan it Kolonelsdjip lei doe noch de Burgumer Daam, dêr ‘t ea in houten brêge lei, dy ‘t letter ferfongen is troch in stiennen brêge. Op dat plak leit no in bedriuweterrein. It grutte, los beboude Burgum is sa stadichoan tichter beboud wurden. Yn de 20e ieu en mei namme nei de oarloch, is it doarp oan alle kanten sterk útwreide mei wenwiken. De doarpstsjerke fan Burgum is koart nei 1100 boud en wijd oan Sint Martinus. Goed in ieu letter waard de tsjerke fan dowestien fergrutte en in ieu letter noch in kear. De skiednis fan de tsjerke is sterk ferweve mei dy fan it kleaster dat yn it begjin fan de 13e ieu, yn alle gefallen foar 1240, noardlik fan Burgum stichte waard. De besittings fan dit Barraconvent, ek wol Bergklooster neamd, grinzen oan dy fan de parochy en by de beneaming fan prysters hie it kleaster ynfloed. De dowestiennen tsjerke is noch werkenber yn ‘e toer en yn de leechste dielen fan dowestien fan de westlike gevel. Oan it begjin fan de 13e ieu is de tsjerke útwreide en yngripend feroare, nei alle gedachten ûnder ynfloed fan it kleaster. De tsjerke waard yn bakstien ferhege, der binne sidebeuken oanboud en se waard ferlinge mei in nij koar, alles yn romano-goatyske foarmen. Wer in ieu letter waard de tsjerke by in útwreiding in krústsjerke: tusken koar en skip yn kamen dwerspânen, dy ‘t allinne yn de hichte bûten de sidebeuken útstekke. Dizze sidebeuken binne yn it begjin fan de 17e ieu ôfbrutsen; se waarden opnij opboud by in yngripende restauraasje in de fyftiger jierren. De Schoolstraat leit as haadstrjitte de ferbining fan de tsjerke oan de eastlike flank fan it doarp nei it sintrum ta. Dêr stiet, lykas oan de dwers dêrop rjochte Lageweg, in oantal opfallende gebouwen mei besûndere funksjes. Hielendal yn it easten fan de Schoolstraat stiet Glinstrastate, in pleistere lânhûs út 1855, oarspronklik fan de famylje Ferf. Dizze famylje boude yn 1866 in pleistere hearehûs oan Lageweg 20. “De Pleats”, Schoolstraat 82, it kulturele sintrum fan Burgum, is ûnderbrocht yn in monumintale buorkerij mei in oerdwers pleatst foarein yn Lodewijk-XV-styl. Oan dizze strjitte en oan de Lageweg binne flink wat brede wenningen mei middengong fan ien boulaach en in aksintuearre middenpartij yn ûnderskate stilen te finen. Oan de Lageweg riist ek it eardere postkantoar fan 1906 út de fierders beskieden bebouwing op. Tusken Schoolstraat en Lageweg yn is de Markt him de lêste tiid ta in nij sintrum oan it ûntwikkeljen mei moderne arsjitektuer.

Burchwert is sterk ferweve mei de Boalserter Feart en leit súdlik fan de Tjaard van Aylvapolder. Oan in diel fan de polderdyk, de Sjungadijk, hat him in nochal langhalige buert ûntwikkele. It buorskip Hemert westlik fan de provinsjale Westergoawei wurdt rekkene by Burchwert. De doarpskearn fan Burchwert is mei kaaidiken en wâlskanten mei har bebouwing op de trekfeart rjochte. Oan de westlike kant stiet in rige huzen oan in dyk wêr ‘t in fytspaad op oanslút. Oan de eastlike kade is de bebouwing wat ôfwikseljender en mear iepen mei wenhuzen en pleatsen. Der steane ek in pear bedriuwsgebouwen fuort oan it wetter, de dyk giet der mei in bocht omhinne. Oan de súdlike marzje fan it doarp leit, njonken de Kloosterweg it oerbliuwsel fan de terp, wêr ‘t al sûnt de Midsieuwen de mânske doarpstsjerke op stiet mei oan de oare kant de grutte pastorije. Burchwert ûntwikkele him net om de tsjerke hinne; de feart is de spil wêr ‘t alles om draait. It doarp is yn ‘t earstoan, benammen oan de oare kant fan de feart groeid. De nei-oarlochske roomsk-katolike kapel, nei in ûntwerp fan Arjen Witteveen yn in tradisjonalistyske styl, is dêr ek telâne kommen. De herfoarme tsjerke datearret oarspronklik út de twadde helte fan de 12e ieu. It is in goatyske tsjerke dy ‘t yn 1726 fernijd is troch Claes Bockes Balck, dy ‘t mei namme bekend is fanwege wettersteatswurken. Nei alle gedachten gie it yn dat jier om in ynterne ferbouwing, want yn de 17e ieu is de tsjerke al earder ommitsele. Oan de súdkant steane opfallend grutte steunbearen. De foarse toer fertroude men like min as de súdmuorre; it muorrewurk sit fol mei muorre-ankers. De tsjerke hat fraai meubilêr: in fakkundich snieën preekstoel, in doophek en in doopbekkenhâlder, in koperen hâlder foar it sânglês, in hearebank en ek in moai snieën oargelfront út 1735. Yn it koar leit in grutte sark fan de famylje Ockinga, dy ‘t yn1550 úthoud is troch Vincent Lucas, ien fan de grutmasters op dit mêd.

Boerum is in doarp dat yn de iere Midsieuwen ûntstien is op in kwelderwâl. As it doarp yn 1408 foar it earst yn de boarnen neamd wurdt, docht bliken dat de Boerumers harren tsjerke ôfstien ha oan it súdliker lizzende Gerkeskleaster. Dit kleaster hie yn it begjin fan de 14e ieu it hiele Boerumerlân yndike en dêr oan it kleaster ûnderhearrige buorkerijen bouwe litten. It kleaster wie de baas yn Boerum en beneamde der sels de doarpsrjochters. Mei de Herfoarming wie it dien mei it machtige kleaster. Súdlik fan it doarp lei it cisterciënzer frouljuskleaster Galilea. Op dat plak stiet oan de Friesestraatweg no op nûmer 1 – 3 in kop-romppleats út om-ende-by 1905 as ien fan in rige monumintale buorkerijen. It doarp hat mei de Boerumer Feart in wetterferbining mei de Lauwers. Yn de doarpskom ha de ûntwikkelingen om de tsjerke hinne plak fûn; oan de Uithof en by de Herestraat lâns dy ‘t de trochgeande rûte fan súd nei noard oan it foarmjen wie en it doarp bûtenút in langhalich karakter joech. De op de frijwat hege terp steande tsjerke is yn 1784 boud as ferfanger fan de midsieuske foargongster. It is in ienfâldige sealtsjerke mei in geveltoer mei in ynsnuorre spits en in trijekantich sletten koar. Yn tsjinstelling mei it eksterieur is it ynwindige fan de tsjerke ryk en foarsjoen fan fraai meubilêr fan kânsel, doophek en yn de lingte mar leafst njoggen dûbele hearebanken út de 17e en 18e ieu. Om de tsjerke hinne stiet oan de Uithof in ferskaat oan wenningen, wêrfan de âlde pastorije mei in sûterrain en in oer in trapbordes berikbere haadferdjipping opfalt. De nije pastorije is yn 1878 boud yn in romme tún oan De Wendel, in grutte blokfoarmige middengongwenning mei in ferdjippe portyk. Ek oan de Herestraat stiet in oantal fan dit soarte huzen, inkele mei dekorative eleminten. De nôt- en pelmûne Windlust is in ferriking fan it silhûet fan Boerum. De mûne wurdt al yn 1694 op dit plak neamd. De hjoeddeiske mûne datearret út 1787en is gauris opknapt en restaurearre.

Koarnjum is in terpdoarp dat foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is op in kwelderwâl eastlik fan de Middelsee. Súdlik fan de terp foarme de Koarnjumer Feart in wetterferbining mei de Dokkumer Ie. Ein19e ieu is de terp frijwat ôfgroeven, benammen oan de noardwestkant. Oan de noardeastkant stiet al sûnt de Midsieuwen it Martenahûs. Yn 1584 waard Martenastate nei fernieling opnij boud ta in grut gebou fan fleugels. Ein 19e ieu wie it yn ferfal rekke. De lêste bewenner legatearre Martena oan it tsjerkebestjoer, dat de state yn 1899 ôfbrekke liet. Arsjitekt W.C. de Groot krige yn 1900 op opdracht om in lyts bûten te ûtwerpen en by de bou ek gebrûk te meitsjen fan aardige ûnderdielen fan de âlde state. De nije Martenastate is in miniatuerkastieltsje yn renêssânse-styl wurden. It is in L-foarmich wenhûs fan mar ien boulaach heech, mei aardich detaillearde trepgevels en in toer yn de oksel fan de fleugels, dy ‘t in sipelfoarmige spits hat. Skyldhâldende liuwen binne spoaren fan de âlde state, krekt as it alliânsjewapen mei opskrift út 1687.Om it stateterrein hinne steane beamsingels. Oan de noardkant fan it hûs leit it om in royale fiver hinne groepearre park, dat wol taskreaun wurdt oan Roodbaard. Oan de foarkant fan it park is yn1955 de yn1620 makke barokke poarte fan it Lânskipshûs yn Ljouwert, pleatst. Yn ‘e midden fan it net ôfgroeven diel fan de terp stiet de herfoarme tsjerke, dy ‘t yn 1873 nei in ûntwerp fan F. Brouwer boud is op it plak fan de midsieuske Sint-Nicolaaskerk. De nije tsjerke hat in fiifkantige koarsluting, sydgeveltoppen, grutte finsters mei neo-goatyske trasearings fan getten izer en in geveltoer mei ynsnuorre spits. De tsjerke befettet noch iere 17e-ieuske ynterieurûnderdielen. Súdlik fan de kearn fan it doarp waard yn de earste helte fan de 20e ieu lintbebouwing ûntwikkele oan de Martenaweg en nei de oarloch kaam der in nije wenwyk oan de westkant, de David van Goirlestrjitte en omjouwing.

It lytse terpdoarp Koarnwert dat de status fan beskerme doarpsgesicht krigen hat leit fuort efter de eardere Suderseedyk by de Houster Hoeke, rêstich yn it iepen lânskip, op foldwaande ôfstân fan de hektyske ferkearslussen van de Kop fan de Ôfslútdyk. It bestiet inkeld mar út in freonlike buorren mei in plein-foarmige ferbreding, dy ‘t laat nei de terp, mei toer en tsjerke op in keal hôf mei dêromhinne in izeren stek. De tsjerke datearret oarspronklik út de 12e ieu, mar krige yn 1916 in nije ommitseling. De ferbouwing is troch arsjitekt F. Raadsma ûntwurpen en útfierd troch de Koarnwerter oannimmer J. Roosjen. De tsjerke hat aardich glês-yn-leadwurk yn de rûnbôgefinsters en griis smoarde Lucas IJsbranddakpannen. De relatyf heech opriizjende toer datearret út 1898. L. Reitsma út Wytmarsum wie de ûntwerper fan de ryklik mei listwurk en blokken fan keunststien fersierde toer en Roosjen wie wer de oannimmer. De bekroaning bestiet út in tûfe siermitselwurk mei ôfhingjende blommen. Koarnwert is it bertedoarp fan Obe Postma (1868 – 1963), de fynfielige dichter fan it Fryske lânskip. Hy leit te hôf yn Koarnwert. Yn it gedicht Hous-ter Herne (Houster Hoeke) beskriuwt Postma syn lokkige jierren út syn jeugd: “ O boartersplak yn blide bernedagen, Do herne oan ‘e igge fan ‘e see Wat lok wâlt op yn ‘t swiet te-binnen-bringen Fan ‘t noflik boartsjen op dyn fredich stee. “ Súdlik fan Koarnwert leit it buorskip Sotterum efter de Dyksleat. De bebouwing bestiet út in pear huzen en pleatsen. Hjir is in opmerklike argeologyske fynst dien: in brûnzen hynderke út de 1e ieu nei Kristus, dat no ien fan de topstikken fan de klassike kolleksje fan it Frysk Museum is.

Damwâld, it haadplak fan de eardere gemeente Dantumadiel, is yn 1971 ûntstien troch it gearfoegjen fan de fan west nei east op mekoar folgjende streekdoarpen Ikkerwâld, Moarrewâld en Damwâld, dy ‘t op dat stuit al hielendal oan mekoar groeid wienen. De trije kearnen fan Damwâld ûnstienen by in east-west rinnende midsieuske bewennings-as lâns, de Voorweg. Fan dêrút waard it gebiet ûntgind. Mooglik ha wat noardliker noch âldere ûntginningsgebieten lein, de Achterweg fan Ikkerwâld wiist der wol wat op. It binne dan ek karakteristike streek- of dyksdoarpen, mei-elkoar mei in lingte fan sa ‘n fjouwer kilometer. De bebouwing fan de trije doarpen is fan de twadde helte fan de 19e ieu ôf nochal wat tichter beboud wurden en is fierder bylâns de Voorweg grutter en langer wurden. It gefolch wie dat de doarpen tsjin elkoar oan kamen te lizzen. Boppedat kaam fan dy tiid ôf yn Moarrewâld by de Murmerlaan (Hoofdweg) lâns ek bebouwing ta stân. Dizze belangrike rûte nei Dokkum krige yn 1880 selskip fan de earste trambaan yn Fryslân: in hynstetram. Oan dit krúspunt waard yn 1881 dan ek in gemeentehûs boud. Foar wat bedriuwichheid waard it dêr in geskikt festigingsplak. It ynearsten tinst befolke doarp fan de trije koe sadwaande útgroeie ta in flink krúsdoarp. Hoewol ‘t it gemeentehûs nei de ferskillende kearen ferboude, mar wol deftige Rinsmastate yn Driezum ferhuze, sette de ûntwikkeling nei de twadde wrâldoarloch sterk troch. Krekt op it tiidstip fan de millenniumwende kaam it gemeentehûs by it krúspunt werom, efter it âlde gemeentehûs en de midsieuske tsjerke. Ikkerwâld en Damwâld ha minder dynamyske ûntwikkelings ûndergien en fertoane noch altyd de karakteristiken fan streekdoarpen. It âldste gebou fan it eardere Damwâld is de Beenedictustsjerke. Sy datearret út de 12e ieu en dy hege âlderdom is te sjen oan de sterk bûgde, dowestiennen súdmuorre mei grutte sparfjilden en oan de boppekant in keperfries. Ek de sealdaktoer befettet in soad dowestien, mar lykwols is de toer net mear romaansk. It ynterieur besit in rokoko preekstoel (1777) mei in fraaie koperen lessener. It oargel is yn 1777 troch Albertus Anthoni Hinsz boud. Ferwûnderlik binne de muorreskilderings út it lêste jier fan de 16e ieu: bibelteksten yn de folkstaal, fette yn grutte rolwurk-cartouches. Even mear nei it westen stiet oan de oare kant fan de Voorweg Plantenhove. Yn 1906 boud yn in elegante fernijingsstyl foar in notaris. Yn 1912 lei de ferneamde Leonard Springer dêr in nije tún oan yn strakke geometryske styl. Plantenhove is no in konferinsjesoard. Wer wat westliker stiet yn it beamteguod de sobere Fermanje út 1767. By de Voorweg lâns stiet royaal situearre frijsteande bebouwing, sa as 19e-ieuske buorkerijen, wâldhúskes en wat jongere rinteniers- en boargerswenningen. Oan de krúsende wegen fan it eardere Moarrewâld stean plezierich eagjende, frijsteande huzen, mei namme út de earste tritich jier fan de 20e ieu. Op en yn de buert fan de krusing rize de belangrykste gebouwen op. Op de hoeke kaam yn 1881 it troch gemeente-arsjitekt J.W. Duijff ûntwurpen nije, kloeke gemeentehûs mei in middenpartij mei trepstoepe-portyk en balkon en omlistings yn sierpleister. De seisrútsfinsters ha noch skobbe blinen persiennes. Dêrnjonken is yn itselde jier herberch “De Kruisweg” boud, dy ‘t ek as tramhalte fan de âlde tramlyn tsjinne. Hjir waarden de hynders fan de tram stâle. Letter binne glês-yn-lead en strielde rúten yn art nouveau-styl oanbrocht en oan de súdkant kaam in tradisjoneel oerdutsen feranda. It âldste bouwurk fan dizze doarpskearn is de wat westliker steande Bonifatiustsjerke út begjin 13e ieu. It is ien fan de âldste bakstiennen tsjerken fan Fryslân. De muorreyndieling fan sparfjilden mei rûnbôchjes en lytse finsters is romaansk. Tsjin de noardkant oan is yn 1914 in dwersbeuk pleatst. Boppe-yn de sealdaktoer binne klimmende friezen te sjen. De herfoarme tsjerke fan it eardere Ikkerwâld is yn 1850 fernijd yn de trant fan de neoklassicistyske rûnbôgestyl. It tuorke hie yn ‘t earstoan in spits, de iepenwurke lantearne datearret út de tweintiger jierren. Oan de Achterweg falle de bedriuwsgebouwen fan de fan 1899 oant 1969 aktive suvelfabryk “De Dokkumer Wâlden en omkriten” op.

De Blesse is in streekdoarp dat as buert by it wetterke Blesse al op de gritenijkaart fan Weststellingwerf yn de atlas fan Schotanus oanjûn stiet. It heart dan noch by it doarp Blesdike. Yn it noarden, by de Linde, hat stêdehouwer Willem Lodewijk oan it ein fan de 16e ieu in skâns oanlein. De spoaren dêrfan binne noch lange tiid yn it lânskip sichtber west, mar binne no net mear te ûnderskieden. Nei ‘t yn 1828 de lândyk fan Wolvegea nei it suden ta – foar in part by it wetterke Blesse lâns – ûnderdiel waard fan de ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Swol, wreide de buert him út en oerfleugele sa stadichoan it oarspronklike doarp. Jierliks waarden der twa fee- en hynstemerken hâlden; sa fier hie it oerdoarp Blesdike it noch nea brocht. Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 liket it der op dat it groeiproses noch mar krektlyn op gong kommen is. Efter de bebouwing by de strjitwei lâns stiet wol in koarnmûne oanjûn. It is mûne De Mars, boud yn 1834. Op in bakstiennen ûnderbou mei stelling riist de mei reid dutsen achtkantige romp op. It wjokkenkrús is yn 1927 fuorthelle. De mûne is letter restaurearre; dêrby binne ûnderdielen brûkt fan in út it jier 1877 datearjende mûne út Swarte Haan. Yn De Blesse is nea in tsjerke kommen, mar om 1880 hinne is der oan de Steenwijkerweg wol in herfoarme kapel boud; in ienfâldich, alhiel bepleistere sealtsje. De wjerskanten fan de Steenwijkerweg binne foaral fan ein 19e ieu ôf frij ticht beboud rekke mei boarger- en arbeidershuzen en ek inkele bedriuwspânen sa as bygelyks in kafee. Al frij gau kaam der oan de Steenwijkerweg yn 1921 by de provinsjegrins in rige wenningwetwenningen. Oan de eastkant is nei de Twadde Wrâldoarloch efter de lintbebouwing in nije wyk ûntstien; in wyk mei aardich wat folkshúsfesting. De Blesse hat it karakter fan in lang útrekt streekdoarp trouwens net ferlern. It memmedoarp Blesdike hat dizze ûntwikkeling net kend, wêrtroch it oerfleugele waard troch De Blesse.

De Falom, in wetter- en dykbuert, krige yn 1974 de status fan selsstannich doarp. Dêrfoar waard it noardlike part by Moarmerwâlde en it súdlike part by de Westerein rekkene. As delsetting is it âlder. De Falom is súdlik fan de doarpen fan de Dokkumer Wâlden ûntstien mei en nei de ferfeaningsaktiviteiten, lykas De Broek dat ta Broeksterwâld groeide. De Falom is lyts bleaun en ûntwikkele him ynearsten kreas lineêr oan de noardlike kant fan de Falomster Feart. Yn de twadde helte fan de 17e ieu is de measte feangrûn noch net ôfgroeven. De Tegenwoordige Staat van Friesland jout oan it ein fan de 18e ieu foar dizze lytse delsetting in oandachtige beskriuwing: ‘ten zuiden van Dantumawoude liggen deeze landen tot aan Kuikhorne; en in deeze ruime uitgestrektheid vindt men eene buurt, de Valom, alwaar meer dan twintig huizen aan eene vaart staan, die gemeenschap heeft met de wateren van Tietjerksteradeel, en daar door met de Ee en andere wateren. Weleer werd hier veel turf gegraaven; doch dezelve is reeds voor veele jaaren geheel verdweenen, en heeft plaats voor rogge en boekweit gemaakt.’ De bebouwing oan de feart tsjûget der noch fan mei in tal buorkerijen. De ikkers binne ferdwûn en ha plak makke foar greide, al wurde de lêste tiid ek stikken grûn oan de natuer werom skonken. De krusende dyk fan Feanwâlden nei Damwâld is der net altyd west. Oan it ein fan de 17 ieu rûn dizze fan it noarden oan de feart ta, in pear desennia letter waard de dyk nei it suden trochlutsen en der kaam in brêge, in tolhûs en in herberch. De dyk is om 1850 hinne rjocht lutsen en ferhurde. Sûnt dy tiid is der ek bebouwing by de dyk lâns kommen. It binne foar it grutste part kreaze boarger en arbeiderswenninkjes, yn dûbel histoarysk kontrast mei de bebouwing oan de feart. Dêr minge âlde gebouwen har mei nije frijsteande wenningen fan minsken dy’t foar dizze wetterstreek kieze.

De Haule is in âld streekdoarp, dat nei alle gedachten al yn de lette Midsieuwen ûntstien is oan de fan west nei east rinnende dyk op in wat hegere rêch yn it lân oan ‘e noardkant fan de Tsjonger tusken Hoarnstersweach en Donkerbroek en Veenhuizen yn en fierder nei Drinte. It wie in âlde delsetting yn in frijwat leechlizzend gebiet. Healwei de 18e ieu fûn der yn it noardlike doarpsgebiet in omslach plak troch de ferfeanings. De Drachtster Kompenije begûn dêr fan 1756 ôf mei it graven fan de Haulerwykster Feart. Oan dy feart groeide in delsetting fan in oare aard, dy ‘t him as doarp losmakke fan De Haule. Letter soe it westlike gedielte fan Haulerwyk him as doarp Waskemar fer ferselsstannigje. It earste is dus in bern, it oare in lytsbern fan De Haule. It wie net fan ynfloed op De Haule sels. Dat bleau in lange útstrekte agraryske delsetting. Yn 1788 wurdt der meld: “De huizen liggen meest ten Westen der Kerk, en aan beide zyden van dien weg, in ‘t geboomte op de bouwlanden. Voorts heeft dit Dorp, in ‘t Noorden, eene zeer groote uitgestrektheid van heidevelden en hoog veen.” De bebouwing mei buorkerijen en arbeidershuzen by de Bovenweg, Zwetteweg en Dorpsstraat lâns waard earst fan it lêst fan de 19e ieu ôf tichter. Op de gritenijkaart fan Eaststellingwerf yn de atlas fan Eekhoff (1849) is der oan wjerskanten fan de dyk noch mar in tige lytsskalige bebouwing en lizze oan de noardkant fan de lânbouperselen grutte heidefjilden. Dy binne stadichoan yn kultuer brocht, mar der binne op it Haulerfjild ek grutte boskperselen, sa as it Blauwe Bosch oanplante, dêr‘t tusken yn heidefjilden en inkele puollen hanthavenene binne. Yn 1851 waard der in skoalle yn De Haule stichte, dy‘t yn 1921 fernijd waard ta in skoalle fan trije lokalen en dy‘t nei de oarloch ferfongen is troch in nij gebou. Oan de eastkant fan De Haule is yn 1854 in nije tsjerke op it plak fan de âlde boud. H.J. Noorman makke it ûntwerp fan de sealtsjerke mei in trijekantich sletten koar mei in iepen dakruter op de gevel.

De Hoeve is in lyts en jong streekdoarp by in trijesprong fan wegen. Op de gritenijkaart fan Weststellingwerf yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet it doarp noch net oanjûn. Wol binne der op de heide súdlik fan de Linde twa lytse boeredelsettingen tekene: Westerhoeven en Oosterhoeven. By de lêste binne twa dobben tekene mei de namme “De Meer”. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland út 1788 krige De Hoeve gjin eigen fermelding, mar waard it al even neamd by it doarp Finkegea: “Onder dit Dorp ... behooren de buurtjes Wester-Hoeve en Ooster-Hoeve, niet verre van de Linde. Van dit Dorp (Vinkega) loopt een rydweg door de landen naar Oldeholtpade, door een Wad in de Linde; doch deeze weg wordt sedert lang niet meer gebruikt.” Op dizze kaart siet it waad troch de Linde oanjûn. It paad dêrhinne oan ‘e westkant fan de noch besteande Noardwâlder Feart, is yn it lânskip net wer werom te finen. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff is te sjen dat in jier earder it Oosterhoevemeer droechlein is. De Hoeve leit op in sânrêch fan hast trije meter hichte dy‘t nei it easten ta trochrint en heger wurdt, mar it eardere Oosterhoeven foarby, dêr‘t no ûnder mear de boerepleatsen Stellingenhoeve en Welgelegen lizze, in ynsinking kin; it droechlizzen fan goed oardel jier lyn. Wie it sa dat foarhinne de ferbining mei de omlizzende doarpen folslein oars rûn, hjoeddei meändert de ferbiningswei tusken de belangrykste plakken fan Weststellingwerf, Wolvegea en Noardwâlde, om De Hoeve hinne. De haadstrjitte fan west nei east, de Jokweg, is ek frij jong, al stiet hy wol op de Eekhoff-kaart oanjûn. Oan dizze dyk stiet de âldste bebouwing fan it doarp. Dy is net âlder as de ieuwikselingsperioade om 1900 hinne. It kafee fan alear oan de trijesprong en dêrnjonken in dûbele arbeiderswenning binne fan om-ende-by 1920. In eintsje fierderop stiet, ek út deselde tiid, de herfoarme tsjerke. In freonlik eagjende, rjochtsletten sealtsjerke mei in iepenwurke geveltoer.

De Knipe is in streekdoarp dat yn de 17e ieu oan wjerskanten fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart as gefolch fan de feanwinning ûntstien is. It graven fan de feart en de dwers dêrop steande wiken, it winne en ferfiere fan it fean en it nei dy tiid wer yn kultuer bringe fan de ôfgroeven gebieten, joegen oan in soad minsken in sober en skraal bestean, mei as gefolch dat ek ambachtslju en lytse bedriuwichheid nei dizze streek ta kaam. De Knipe bestiet oarspronklik út twa kearnen. It westlike en it neist by It Hearrefean lizzende gedielte hjitte Benedenknipe en ek wol Nieuw Brongerga. Dêr kaam fan it suden út de Prinsenwijk fan Oranjewâld ôf op út. It eastlike gedielte waard Bovenknipe neamd en ek Nieuw-Katlijk en dêr kaam de doarpswyk fan Ketlik op út. By de Knipe foarmen har oant by Bontebok krekt boppe de feart lytse kavels lân in tige raffelige grins tusken de gritenijen en letter de gemeenten Skoatterlân en Opsterlân yn it noarden. Yn it westen fan Benedenknipe is by de Feanslûs in kearn ûntstien, dêr‘t in lyts joadetsjerkhôf leit en in suvelfabryk boud waard. Fierder nei it easten ta stean de grifformearde en de yn 1661 stichte herfoarme tsjerke, dy‘t letter alhiel stukadoare is. Op it algemiene begraafplak stiet in klokkestoel fan beton. Yn 1967 is it westlike gedielte fan de Kompanjonsfeart dimpt. Boppeknipe mei de meniste tsjerke út 1856, wêrby‘t yn de klokgevel eleminten út 1751 wer brûkt binne, lit de âlde skildereftige struktuer fan de bebouwing oan wjerskanten fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart noch sjen. Oan de noardkant fan ‘e feart is de Commissieweg oanlein dy’t yn 1955 ek it eastlike part behoarlik goed ûntslute soe. Yn 1881 waard de trambaan fan It Hearrefean nei Drachten oanlein dy‘t oan ‘de Hoeke’ ta de Compagnonsweg folge en dêrnei nei it noarden ta ôfbûgde. De trambaan is yn 1947 opheft. Dêr by ‘de Hoeke’ stiet ek it kafee en der is nei de oarloch in bebouwingskom ûntstien. Fan de jierren tachtich ôf súdlik fan de Meyerweg en oan ‘e noardkant fan de lette njoggentiger jierren ôf.

De Tike is in streekdoarp dat yn de 17e ieu as ferfeanersdelsetting op in beskieden wize westlik fan it Swartfean stal krige. Op de gritenijkaart fan Schotanus stiet it oanjûn en hoewol’t it ferfeanjen doe noch yn folle gong wie, hienen pioniers parten fan de súdlike lannen al yn kultuer brocht ta ikkers. Oan it ein fan de 18e ieu wist de Tegenwoordige Staat van Friesland by de Pein te melden: ‘In ’t Noordwesten van dit dorp, aan de grenzen van Tietjerksteradeel, vindt men veele nieuwe bouwlanden, die door ’t afgraaven der hooge veenen gebooren, en sedert tot bouwakkers gemaakt zyn, als ook twee buurten van naame, welke naaste het Zwartveen, en het verst afgelegende de Smallinger Tieke heet.’ Dizze Smellingerlânske Tike waard ieuwen lang as buorskip by Nyegea rekkene. Yn de 19e ieu waard it hiele gebiet yn kultuer brocht. Yn it midden fan dy ieu konstatearre Van de Aar yn syn Aardrijkskundig Woordenboek: ‘Aan de noordzijde des dorps Opeinde heeft eene groote uitgestrektheid laag klijnland gelegen, dat in de zeventiende eeuw, door verveening, veranderd is in een water, de Leijen genaamd, over de drie uren gaans in den omtrek. …Ook behoort nog een klein gedeelte van het gehucht de Tiek, onder het dorp Opeinde.’. De streek by de Leijen is ien fan de grutste en nea droech mealde petgatten en bleaun tin befolke. Yn it noarden wienen foaral lytsskalige agraryske bedriuwen fêstige en yn it suden bedriuwen dy’t wat grutter wienen. Doe’t de Tike yn 1953 de status fan selsstannich doarp krige soe it troch in grutte dyk fluch fan it memmedoarp skieden wurde. Boppedat gie in kultueromslach yn omdat it rêstige, wat isolearre lizzende doarp ûntdutsen waard troch forinzen út Drachten en omkriten wei. Foaral yn de ôfrûne tsientallen jierren is de bebouwing oan de Master de Jongwei, wêr’t ek de skoalle en it doarpshûs steane, sterk mei wenten fertichte, sûnder dat dit it karakter fan in feanûntginningsdoarp oantaaste hat.

De Feanhoop is in streekdoarp dat yn de 19e ieu ûntstien is op it plak wêr’ it Polderhoofdkanaal yn it Grytmansrak útkomt. It wie in strategysk plak omdat yn it suden ien fan de grutste polders fan Fryslân leit: de Grutte Feanpolder fan Smellingerlân en Opsterlân. It mânske kanaal leit de ferbining fia it rak mei de Kromme en Wide Ie en mei it wetterferkearsnet fan Fryslân. By de beskriuwing fan it doarp Boarnburgum, wêr eartiids de hiele súdwestlike streek fan Smellingerlân ta hearde, stiet yn it midden fan de 19e ieu yn it Aardrijkskundig Woordenboek fermeld: ‘Westwaarts vindt men veel laag hooiland, dat ‘s winters onder water loopt, en veel vergraven land of putten, waarin riet wast. In het jaar 1819 is onder Boornbergum eene nieuwe veenderij aangelegd, die met polderdijken en molens is voorzien, en de Veenhoop genoemd wordt.’ Nettsjinsteande de prachtige lizzing siet der net folle groei yn De Feanhoop. Op de gritenijkaart yn de Eekhoff atlas (1848) steane noch mar in pear huzen yntekene, wêrfan ien it Polderhûs wêze moat. Yn dat Polderhûs, yn it midden fan de 19e ieu oplutsen fan lytse giele stien, is de frontgevel foarsjoen fan aedicula-ornamint dat kenlik bedoeld (west) is as râne fan in betinkingsboerd. Der stiet in grutte boereskuorre efter en it gehiel is ferboud as kafee restaurant. Oan de oare kant stiet efter it resint ynrjochte parkearplak foar toeristen de iepenbiere basisskoalle út de tritiger jierren dy’t noch altyd yn gebrûk is. Oan de Kraanlânswei leit lintbebebouwing mei wenningen fan de wenningbouferiening en fan partikulieren. It ferskaat is noch grutter wurden troch de bou fan grutte frijsteande huzen by it parkearplak en op’ e hoeke fan it Eijzengapaad. Ek oan de noardkant fan it kanaal, de Slûswei, stiet in rige frijsteande wenningen. De Feanhoop is lang in frij foarmleas gehiel fan streekjes west, mar begjint de lêste tiid troch werynrjochting en nijbou hieltyd mear it karakter fan in doarp te krijen.

De Westerein is in streekdoarp op it westlik ein fan de sweach fan Kollum, in keiliemrêch op ’e grins fan in nochal hege streek en legere feangebieden oan de noardwestkant. Dantumadiel rûn ynearsten troch yn eastlike rjochting, mar doe’t Kollumerlân oan it ein fan de 14e ieu foarme waard, kaam de grins eastlik fan de Westerein te lizzen. De grins mei Achtkarspelen leit oan de súdkant. De lânskiplike ferkaveling mei wegen en paden en de bebouwingsstruktuer rinne troch by de doarpen De Westerein, Sweagerbosk en Twizelerheide. De even westliker lizzende Nije Feart is noardliker as Petsleat en Nije Swemmer mei it Dokkumer Grutdjip ferbûn. Nei it suden foarmet er as Kûkhernster Feart de ferbining nei de Burgumer Mar en is al ieuwen in goede ûntsluting fan it doarpsgebiet fan De Westerein. Eartiids hearde ek in stik fan it noardlike part fan de grinsbuert Kúkherne by De Westerein. Oan de ûntginningswei yn it noarden, de Foarstrjitte, wie al betiid agraryske bebouwing te finen. Yn de 18e ieu setten ferearme lju, losse arbeiders, feanarbeiders en sutelers harren nei wenjen op de ôfplagge heide yn it suden en foarmen dêr in archipel fan spitketen en heidehutten. Al gau oertroffen de spitketen de al besteande wenten en wâldspultsjes oan de Foarstrjitte yn oantal. Nei 1910 kaam der stadichoan ferbettering yn de wensituaasje troch de aktiviteiten fan ûnder mear de wenningbouferieningen. De ynearsten noch lytse hûzen ferfongen de keten. Fan de earste wenningwetwenten (1912) besteane allinne noch in twatal oan de Tolwei, súdlik fan de spoardyk. De lêste spitkeet koe yn 1939 sloopt wurde. De herfoarme tsjerke út 1836 wie in ienfâldich gebou op in T foarmige plattegrûn mei in lytse geveltoer. Yn 1966 waard de tsjerke ôfbrutsen en ferfongen troch in grutte, moderne tsjerke oan de Skoallestrjitte, wêrfan de tsjerkeseal mei in sealdak dekt is en it front markearre wurdt troch in hege, iepen klokketoer. De minnistetsjerke oan de Foarstrjitte, in lytse tradisjonele sealtsjerke mei dekorative rûnbôgefinsters, hat in front mei in licht útboude tagongspartij, dy’t boppe it dak trochrint ta in toerfoarmige muorreskiif mei in hege pinakel as bekroaning. Oan it ein fan de 18e ieu sette de út Hessen ôfkomstige Joadske keapman Salomon Levy him ta wenjen yn De Westerein. Hy lei dêr de basis foar lytshannel yn ûnder mear tekstyl en dêrmei foar it suteljen mei in ferskaat oan produkten, foaral foar de kleanyndustry. It hat it karakter fan de befolking en de delsetting foarme. Oan de Foarstrjitte binne ferskate oantinkens oan de tekstylyndustry te finen. ‘Texo Baarsma’, in tekstylgruthannel, is in foars gebou dat foar in part pleistere is en fan in fersoarge winkelpei foarsjoen is yn foarmen fan de fernijingsstyl. De eardere konfeksjefabryk ‘N.V. Handelsvereeniging v/h Baarsma’ is in konfeksje-atelier út 1927 mei in foarhûs út 1926. It ûntwerp is fan A.Pijkstra yn de foar dy tiid tekene ekspresjonistyske foarmen. Dat jildt ek foar de eardere tekstylgruthannel fan de ‘Firma H.Elzinga’ út ein jierren tweintich wêrby it ekspresjonisme yn it blokfoarmige bedriuwsgebou mei moai mitselwurk saaklik strak ferwurke is. Yn dit gebou is ek in wenning. De âlde ûntginningsas, de Foarstrjitte, fertelt as gehiel in protte oer de skiednis fan De Westerein, mar net alles. De spitketen binne allegearre ferdwûn, mar der stiet noch wol in wâldhúske mei reiden dak út ûngefear 1880. Fierder steane yn de Foarstrjitte de wat deftiger boargerhuzen, bygelyks in moai eksimplaar út it ein fan de 19e ieu yn neorenêssânse styl en it wenhûs Jeremi út 1911 yn fernijingsstyl. Yn 1902 krige it spoar fan Ljouwert nei Grins, dy’t al yn 1866 súdlik fan it doarp oanlein wie, in halte yn De Westerein. Oan de eastkant fan de Ferlingde Stasjonsstrjitte stiet noch in rige lytse boargerhuzen út de earste tsientallen jierren fan de 20e ieu dy’t fan de gefolgen fan dizze ûntwikkeling tsjûget. Dêrnei is it doarp yn súdlike rjochting útwreide, in proses dat nei de oarloch sterk trochsette, wêrby de bou fan sosjale wenten sterk oerhearsket.

De Wylgen is in streekdoarp dat lang in buorskip by Boarnburgum wie. It hat tsjerke noch skoalle en hat dy foarsjenningen ek nea hân. Boppedat is de delsetting oant inkele tsientallen jierren nei de Twadde Wrâldoarloch beskieden bleaun. De streek stiet al oanjûn op de gritenijkaart (1718) yn de atlas fan Schotanus en dêr is it in troch beammen omseame koarte streek wêrby oan de súdkant ikkers lizze. Oan it ein fan de 18e ieu melde de Tegenwoordige Staat van Friesland by Boarnburgum: ‘Hier onder behooren veele buurten. … In ’t Westen, aan de wyde Ee, ligt Goingahuizen, en wat Oosterlyker ’t Vlierbosch, alwaar men weleer een Klooster had, waarvan ’t Kerkhof nog te zien is. In ’t Noorden ligt de Middelgaast, verder opwaards de Wilgen, en nog wat verder, het geweezen Klooster of Smallen Eester Konvent.’ De buorskip De Wylgen hat in ûntsluting fia de nei it noarden groeven Wylger Sleat rjochting de oergong fan it Smeliester Sân nei it Geaster Gat. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1848 stiet der al wat mear bebouwing by de dyk mei de Postbrêge oer de Drait lâns, rjochting Drachten, en oan de Drachtster Heawei dy’t de Grutte Feanpolder ynliedt. Oan de no noch besteande bebouwing is te sjen dat it in agraryske delsetting west hat mei in ferskaat oan pleatsen en arbeiderswenten. Fanôf de santiger jierren is De Wylgen in forinzeplak op’ e drompel fan it sterk útwreide Drachten. De pleatsen binne hast allegearre geskikt makke foar bewenning. De arbeiderswenten binne of sloopt en ferfongen troch huzen dy’t oan de hjoeddeiske easken fan wenkomfort foldogge of útwreide mei foarse eleminten. Ek de stedske túnkultuer is meinommen troch de forinzen. Fierder nei it easten steane oan de Drachtster Heawei pleatsen dy’t noch fol yn bedriuw binne, wêrfan inkele monumintale mei de Mr.M.Singenberghoeve út de tweintiger jierren as hichtepunt. Noardlik fan de streek is de Drachtster wetterwyk De Sanding ûntwikkele, dy’t administratyf ûnder De Wylgen rekkene wurdt.

It terpdoarp Dearsum leit oan de súdeastlike dyk fan de eardere Middelsee. It is in âld terpdoarp alhoewol ‘t dêr net folle fan te fernimmen is; lykwols binne der hjir en yn de omjouwing argeologyske fynsten dien, dy ‘t datearje fan foar it begjin fan de jiertelling. Nei ‘t de Middelsee oan- en tichtslike wie kamen der flinke stikken nijlân by it doarp. De terp fan Dearsum en de oan beide kanten beboude buert mei in soad grien, dy ‘t nei it suden ta rint, stiet skean op de âlde wetterkearing. Dearsum hat in betreklik losse bebouwing fan benammen huzen mei foartunen – mei op de hoeke in brede notabele wenning – en in pear pleatsen. Tsjin de tsjerke en pastorije oer hat him, ticht op ‘e dyk, in oanien sletten buertsje foarme. De pastorije stiet yn in royale tún; in breed bouwurk mei neoklassicistyske kenmerken foar de perioade fan koart nei it midden fan de 19e ieu. It hûs hat fleugels en in hege middenpartij mei in djippe tagongsportyk en in frontonfoarmige bekroaning. Nei ‘t de âlde middelseedyk bepune wie ta in rydwei fan Snits nei Ljouwert, hat it doarp him amper by dy nije ferkearsier lâns ûntwikkele. Op de hoeke kaam wol in herberch. Letter waard dizze útspanning in kafee, ytkafee en no is it in restaurant. Súdwestlik fan de krusing leit in buertsje fan inkele huzen en in stjelpbuorkerij en noardlik noch wat losse bebouwing. Dearsum is al mear as in ieu ferneamd om syn feefokkerij. De tsjerke, wijd oan Sint Pieter, stiet op in hôf mei hikken en hagen en wat bebouwing deromhinne. It bouwurk hat romaanske karaktertrekken, foaral oan de noardkant. It rûnsletten koar is de belangrykste oanwizing om de tsjerke, oplutsen fan ferskillende soarten reade stien, op om-ende-by 1200 te datearjen. De sydmuorre hat foaral goatyske kenmerken mei brede spitsbôgefinsters. De slanke, karakteristike sealdaktoer siet foar de westgevel en hat oan alle kanten twa rûnbôgige galmgatten en op de geveltuten betreklik hege pinakels. Nei de reedriderssuksessen fan doarpsgenoat Ids Postma is Dearsum mei ûngefear 150 ynwenners, sa ‘n bytsje wrâldferneamd wurden. Lofts fan de iennichste en ek noch dearinnende dyk stiet in brede ein-19e –ieuske wenning, dêr ‘t de Fryske dichter Douwe Kalma opgroeid is.

Dedzjum is in terpdoarp; yn it lânskip is de omtrek fan de oarspronklike, rûne terp noch te werkennen. Deddingaheem wurdt foar it earst yn 855 yn de boarnen neamd. It doarp leit tusken de Warkumer Trekfeart en de yn 1634 droechleine Sensmar yn. It lânskip fan leechlizzende greidlannen deromhinne hat syn wjerslach op it doarp hân; de bebouwing is meast agrarysk fan karakter mei relatyf in soad buorkerijen. Oan de noardkant stean restanten fan in wetterbuert oan de feart en wat fierder nei it noarden ta leit it agraryske buorskip Arkum, besteande út in pear grutte pleatsen op in terp, dy’t ek ôfgroeven is. Op Ysgum yn it suden, eartiids ek in terpbuertsje, stiet noch mar ien pleats. Foar it oare is it Dedzjumer doarpsgebiet lyts. It liket dat de huzen en buorkerijen yn buerten yn it noarden en it suden groepearre binne, yn ‘e buert fan de tsjerke is de bebouwing mear iepen. De terp mei tsjerke is sterk ôfgroeven, wat foaral oan de súdkant goed te sjen is. Der stiet op in kearmuorre in fraai izeren stek om it tsjerkhôf hinne. Der is noch in foto bewarre bleaun fan in flinke 13e-ieuske tsjerke mei in healrûn koar en in sealdaktoer. Dizze tsjerke is yn 1889 ferfongen troch in nij tsjerkegebou. De fraaie poarte is destiids oerbrocht nei it doe krekt stichte Frysk Museum yn Ljouwert, mar de snieëne banken binne opromme. De nije tsjerke is ûntwurpen troch Jan van Reenen, de arsjitekt dy ‘t de toer fan Skettens en nei alle gedachten ek de tsjerke mei toer fan Himmelum tekene hat. It is in flinke tsjerke mei in skip fan fjouwer rûnbôgige finsterfakken djip yn in trijekantich sletten koar. De slanke, hege toer sjocht der opfallend goed fersoarge út mei de wat libbender meitsjende nissen yn de ûnderste segminten, oerwurkplaten, galmgatten en in detaillearre kroanlist mei dêrop de ynsnuorre nullespits. Eartiids wie nochal in grut part fan de befolking yn Dedzjum roomsk-katolyk, mids 19e ieu noch 62 %. Hjoeddei leit it der gâns oars hinne, nei alle gedachten omdat de roomsk-katoliken nei it tichteby lizzende Blauhús ferhuzen.

Deinum is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling op in kwelderrêch westlik fan de Middelsee ûntstien is. De radiale struktuer fan de terp is goed bewarre bleaun en te ûnderfinen fan de noch oanwêzige ringwei ôf, de Sint-Janswei, foar de Herfoarming de Processieweg op Sint-Jansdei. Oan dizze ringwei is in ferskiedenheid oan bebouwing te finen. Hoewol ‘t yn ieuwenâlde beskriuwingen iderkear meld wurdt dat Deinum in doarp is fan skieppe- en bargeslachters, stiet oan de Sint-Janswei ek in pân dat wiist op in oare hannel, in neoklassicistysk gebou mids19e ieu mei in tsiissouder mei healrûne finsters. Oan de ringwei steane in grut pân fan in eardere kûperij mei direkteurswenning en in boerepleats mei in foarein yn fernijingsstyl. Deinum wie sûnt de 17e ieu al goed ûntsletten; it kaam doe frijwol op de wâlskant fan de Harnzer Trekfeart te lizzen. Dêr kaam dan ek in, wiles ferdwûn bûten Welgelegen, ta stân. Ein 19e ieu is de terp diels ôfgroeven, foaral oan de westkant, dêr ‘t no ûnder mear noch in iepen kampe lân leit. It oansjenlike oerbliuwsel fan de terp is it hege poadium fan de tsjerke. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1786: Dit dorp pronkt met een schoone groote kerk en kloktoren van een byzonder maaksel, rondsom voorzien met huizen.” It “byzondere maaksel” is de “sipel op ‘e toer”, de bekroaning op ‘e toer yn de foarm fan in sipel, wêr ‘t sels ferskes oer songen wurde. De tsjerke is wijd oan Sint-Jan de Doper. It is oarspronklik in letromaansk bouwurk út de 13e ieu, dat noch al ris fergrutte en feroare is: oan de eastkant kaam in fiifkantich sletten koar. De toer datearret fan 1550-1567. De sipelfoarmige spits mei hoekepinakels kaam, nei de Herfoarming, yn 1589 ta stân. De tsjerke herberget in kolleksje grêfsarken fan eksellinte kwaliteit. Noardeastlik fan Deinum leit oan wjerskanten fan it Sylsterrak – in stik fan de Harnzer Trekfeart – it buorskip Ritsumasyl, dat diels by Marsum heart.

It streekdoarp Dolsterhuzen hat eartiids, yn de tiid fan de ferfeanings yn benammen de 18e en 19e ieu by de gritenij en letter gemeente Schoterland heard. Dêrnei is it doarp in tiidlang by Haskerlân yndield west en no is Dolsterhuzen it noardlikste doarp fan Lemsterlân. Al dizze wikselings ha de rêst fan it fiif kilometer lange doarp amper fersteurd. Dolsterhuzen is mooglik it meast iepen streekdoarp fan Fryslân. De noardlike grins is de Ruytenschildtbrug oer de brede Broeresleat of Vierhuistervaart. De súdlike is de noch bredere Pier Christiaanssleat dy ‘t eartiids de grins wie tusken Lemsterlân en Skoatterlân. Boppedat hearden doe de Skoatter Uterdiken, in fiif kilometer lange polderstrook oant en mei de Skoatter Syl westlik fan de Tsjonger, noch by dit doarp. Dêrtroch hat Dolsterhuzen in tige grut útrutsen tinbefolke doarpsgebiet. Efter de streek leit de feanpolder Dolsterhuzen, wêr ‘t mids de 20e ieu noch wat ferfeanings plakfûnen. De polder fan 800 ha is yn 1919 oprjochte om it útfeane lân nei de bepoldering wer yn kultuer te bringen. Allinne fuort oan de noardkant fan de Pier Christiaanssleat is de bebouwing konsintrearre ta in kom mei ek noch wat nei-oarlochske folkshúsfesting. Lykwols stean dêr ek minder huzen dan oan de oare kant, wêr ‘t Ychtenbrêge him útstrekt. Wol hie krekt Dolsterhuzen in koöperative suvelfabryk. Boppedat ha har by beide doarpen foarsjennings ûntwikkele foar wetterrekreanten, sa as in kafee-restaurant op it hoekje by de brêge. Bûten dizze brêgebuorren leit de agraryske bebouwing frijwat ferspraat oan de Marwei, dy ‘t hjir en dêr de igge fan de Tsjûkemar rekket. Sels de doarpstsjerke docht mei yn dizze losse struktuer. De mei lisenen yn finsterfekken yndielde sealtsjerke hat in gevel mei skouders en voluten, in rjochte sluting en in yn de westlike gevel opnommen toer mei ynsnuorre nullespits. De tsjerke is yn 1908 boud nei in ûntwerp fan J. Schreur. It tsjerkhôf leit even eastliker oan de oare kant fan de Marwei. Der stiet in baarhokje út ein19e ieu.

Diken is in streekdoarp oan de eastlike wâl de Kûferdermar. Oan de oare kant fan dizze mar hearde ek noch in brede strook lân oan de Noarder Ie en Smelbrêge by Diken. Mar dat is nei de lêste oarloch mei it lân noardlik en súdlik dêrfan, dat by Langwar en Teroele hearde, foarme ta it nije doarp Kûferderigge. It noardlike part oan de eastkant fan de Kûferdermar – earder rekkene by Langwar – is fan oarsprong in wetterstreek. Dêr wienen de pleatsen rjochte op ‘e Kraansleat. Dit is no in dearinnende sleat by de buorkerij Hoek. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “een klein Dorpje ten Noorden van Ter Oele. Het land is hier laag, en grenst aan de Koevorde: tegenwoordig staaan er maar elf Boerenplaatsen; doch ‘er worden verscheiden Huissteeden gezien, ook ter plaatse daar voorheen het buurtje de Kattebuuren plag te zyn. Weleer zag men hier ook eene Solkama State.” Op de gritenijkaart fan Doniawerstal binne tusken de pleatsen yn yndie in soad lege hiemen – de hússteden – te sjen en ek it buertsje Katteburen tusken Langwar en Diken yn bestiet inkeld út lege plakken. De stins of state Solkema stiet yn 1718 wol, mar yn 1850 net mear op de kaart. De tsjerke is om 1700 hinne yn ferfal rekke. It sil nei alle gedachten net in weardefol gebou west ha, want it is net ‘op ôfbraak ferkocht’, mar ferwurden ta in ruïne. Op it heechlizzende tsjerkhôf is in klokkestoel mei in helmdak pleatst. Foar it tsjerkhôf, dat ynpakt is yn in moaie tichte seame fan beammen en struken, stiet in lyts mar fraai stek. De boerestreek bestiet út in ein út elkoar steande, meastal grutte pleatsen. Yn ‘e bocht in buorkerij fan even nei 1900 en yn it noardlike part ûnder mear in kop-hals-romppleats mei in molkenkelder út healwei de 19e ieu. Súdeastlik fan de trijesprong steane in deftige stjelp yn neoklassicistyske foarmtaal en in kop-hals-romppleats ticht by elkoar.

Doanjum is in terpdoarp op in kwelderrêch, wêr ‘t de wat fierder nei it easten lizzende doarpen Boer en Ried ek op leinen en dy’t nei it westen ta trochrint mei it buorskip Foarryp en it doarp Winaem. Frijwat eastliker fan it doarp is it troch de Doanjumer Feart ferbûn mei de âlde slinke fan de Ryd. Doanjum leit noch gjin twa kilometer fan de Slachtedyk ôf, mar it is abslút net op de dyk oriïntearre. Tusken de Slachte en Doanjum yn lei tusken de Beintsemiedleane en de Hovensreed krekt in leechlizzende streek, dy ‘t sels de Doanjumer Mar neamd waard. De yn 1776 ynpoldere leechte is in oerbliuwsel fan in âlde seeslinke, de Ryd. Om Doanjum hinne lizze ikkers en greiden. It doarp bestiet út inkele streekjes oan de Frjentsjerterdyk en de dêrop krusende Doanjumerdyk. Efter de bebouwingsstreken is nei de oarloch in oansjenlike wenwyk kommen. Súdlik fan de Doanjumerdyk stiet wat ôfsidich de Herfoarme tsjerke. Dizze ienfâldige tsjerke is yn 1777 boud ta ferfanging fan in âld godshûs. It hat readbrún muorrewurk mei sparfjilden tusken lisenen en mei rûnbôgefinsters, in trijekantich sletten koar en in fjouwerkante toer mei spits. Yn de tsjerke freget in monumint yn it koar de oandacht: de moarmeren grêftombe mei portretbúste, yn 1737 makke troch Jean Baptist Xaverij foar Sicco van Gosliga, “grytman fan Franekeradeel en gedeputeerde te velde” en Johanna Isabella, baronesse thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. De Goslinga ‘s dy ‘t it yn ‘e rin fan de 17e ieu yn Frjentsjeradiel te sizzen krigen, wennen yn earsten op Sikkemastate yn Hjelbeam. Om-ende-by 1670 bouden se by Doanjum Goslingastate, dy ‘t yn 1803 wer ôfbrutsen is. De meast nijsgjirrige bewenner, Sicco van Goslinga (1664-1731), ûntwikkele him nei syn stúdzjes yn binne- en bûtelân, ta deputearre yn ‘e tiid fan de Spaanske Successie-oarloch. Letter wie hy ambassadeur fan de Republyk by de ûnderhandelingen foar de “Vrede van Utrecht” yn 1712 – 1713 en oan it hôf fan Loadewyk XIV yn Versailles yn 1714.

Dunegea is in streekdoarp tusken Sint Nyk yn Skarsterlân en Follegea yn Lemsterlân yn. De namme jout oan dat it doarp ea it bestjoerssintrum fan de gritenij west hat, mar dat is net mear merkber. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “t’Zuidelykste Dorp der Grieteny, die daarvan haaren naam ontvangt, ligt anderhalve uur gaans van de Lemmer, ten Zuidwesten van Oldouwer, en is voorzien met een Kerk zonder toren. Men zegt dat de Saxischen hier in ‘t jaar 1408, zeven en twintig huizen hebben afgebrand; thans zyn ‘er zestien, uitmaakende evenzo veel boereplaatsen”. It is no in boerestreek mei in tal kloeke pleatsen. Ungefear healwei de dyk leit it frijwat heech lizzende tsjerkhôf. De tsjerke is begjin 19e ieu sloopt, nei‘t hy yn 1722 de toer ferlern hie. Nei alle gedachten stie der fan de santjinde ieu ôf al in klokkestoel by en dy is, nei wat fernijingen noch altyd oanwêzich. Op it hege hôf, mei dêr omhinne in fariearde seame mei beammen – sa as in treurbeam by it stek – stiet de klokkestoel ek noch op in eigen ferheging. Der hinget in liedklok yn dy’t Aernt Butendiic yn 1460 getten hat. Yn it noardlike part fan de streek lizze de boerepleatsen frij fier fan de Wielwei ôf. Oan de dyk stiet wol in kafee De Wiel, in middengongwenning yn ienfâldige neo-renêssânsestyl. Skean dêr tsjinoer leit in opfallend goed fersoarge detaillearre stjelp mei molkenkelder yn it midden en blinen foar de ruten. Krekt súdliker stiet in kop-hals-romppleats fan reade Grinzer stien út de perioade fan fuort nei de oarloch. Der steane inkele huzen ferspraat by de dyk lâns. Súdliker leit de magistrale Meerhoeve, in kop-rompbuorkerij. De foarein hat in opfallend hege molkenkelder, wêrby‘t de boppeljochten fan de lûken fantasyfolle roeden ha. It súdlikste buertsje dat romtlik noch by Dunegea heart, heart by Follegea. Westlik fan it doarp leit yn it lânskip noch it trasee fan de eardere trambaan fan de Lemmer nei Sint Nyk.

Donkerbroek is in streekdoarp dat mooglik al yn de 13e ieu ûntstien is tusken Hoarnstersweach en de Haule, oan de fan west nei east rinnende dyk, op in wat hegere rêch yn it lân noardlik fan de Tsjonger. It doarp is dêrmei ien fan de âldere delsettings yn de wide omkriten. It is al ein 18e ieu dat der in sterke feroaring komt yn dit rêstige agraryske streekdoarp, as fan it noarden út de Opsterlânske Kompanjonsfeart fan it buorskip Lyts Grins ôf yn súdlike rjochting trochlutsen wurdt. Op de krusing fan dyk en feart waard yn 1789 de earste brêge slein. De ferfeanings binne foar de fierdere ûntwikkeling fan Donkerbroek en omkriten fan grut belang west, mar evengoed is it doarp gjin feanûntginningsdoarp wurden. Der binne plannen west om it feanpakket te brûken foar it winnen fan turf, wêr’t men earst wiken fan de feart út wei grave moast. It is der net fan kommen. Der folgen wol bou-ûntwikkelings oan de feart, sels foar yndustriële aktiviteiten. Sadwaande krige de streek in krúsfoarmich karakter. Noardlik fan Donkerbroek binne by de Kompanjonsfeart yn de tiid fan de feaneksploitaasjes de buorskippen Petersburg en Moskou ûntstien. Dôchs bleau de bebouwing by de Herenweg lâns it meast dominant. Om 1850 hinne reaune de buorkerijen har by dizze dyk lâns oanelkoar. Yn 1861 waard de dyk troch it doarp fluorre en yn 1888 waard de dyk oer Haule nei Veenhuizen ferhurde. Ek by de feart lâns kaam wat bebouwing. De âlde draaibrêge waard yn 1856 ferfongen troch in izeren draaibrêge. Noardeastlik fan de Kompanjonsfeart waard yn 1898 in suvelfabryk boud, letter folge troch in “Coöperatieve Aankoopvereniging Friesland” fan boeren. Dizze stiet oan de Fruitier de Talmaweg oan de feart, in kompleks út 1911 fan horizontale en fertikale, saaklike bou-eleminten mei sierlike details yn fernijingsstyl. De silo is healwei de fyftiger jierren oprjochte. Alhiel yn it westen fan de streek stiet de herfoarme tsjerke, dy ‘t yn 1714 boud waard as ferfanging fan de midsieuske, oan de Sint-Laurentius wijde tsjerke, dêr ‘t noch wat muorrewurk fan bewarre bleaun is. De yn de westlike gevel opnommen toer is earst yn 1860 oplutsen. De yngong fan de tsjerke is ek yn de ferboutiid bekroand mei byldhoude wapenstien. De preekstoel is mooglik yn de boutiid of even letter yn de tsjerke pleatst. It oargel is om 1700 hinne boud foar de roomskkatolike tsjerke fan Jutphaas en is yn 1879 yn dizze tsjerke pleatst. Foar de eardere tsjerke sûnder toer stiet op it hôf in dûbele houten klokkestoel, dy ‘t in pear kear fernijd is, mei in klok fan om-ende-by 1300, makke troch Geert van Wou en noch letter ien fan Johan Schonenborch út 1520. De bebouwing by de Herenweg en de G.W. Smitweg lâns waard tichter en wreide him út yn de rjochting fan Haule. Ek ‘t West, rjochting Hoarnstersweach, rekke beboud. Dêr stiet noch in tolhúske út sawat 1860. Boppedat kaam der oan de sydpaden, sa as de Schapendrift en de Balkweg, bebouwing. Oan de lêste dyk, dêr ‘t begjin de 20e ieu ek de trambaan lein waard, kaam yn 1845 it bûtenhûs “Ontwijk” ta stân yn opdracht fan R.L. Fruitier de Talma en J.W. Berghuis. It neoklassicistyske gebou hat in blokt bepleistere front en boppe de tagongspartij in fronton. Yn it suden waarden boskperselen oanplante. Yn 1928 waard it bûten mei bosken oankocht troch inkele notabelen, dy ‘t dêrta de “Vereeniging tot Behoud van Natuurschoon” oprjochte hienen, in bysûnder foarlik inisjatyf op it terrein fan natuerbehâld. It waard, mei de bosken, yn 1969 oerdroegen oan Staatsbosbeheer. Underwilens waard der amper boud by de Kompanjonsfeart lâns. Útsûnderings binne wat frijsteande boargerswenten en in rychje wâldebuorkerijkes, wenhuzen mei oan de efterkant in stâl, dy ‘t yn 1920 yn it kader fan de Wenningwet oan de Herenwal boud binne. Hjirfan is ien fan de fiif sloopt. Fuort nei de oarloch kamen der goede projekten fan folkshúsfesting ta stân oan de Schapendrift en de Wemerstraat. Nei dy tiid hat Donkerbroek him foaral flink útwreide oan de súdeastkant.

Drachten is in flekke, in grut plak, dat ûntstien is út in dûbel streekdoarp. Oant al in stikhinne yn ‘e 17e ieu wie der noch gjin sprake fan Drachten. Der wienen twa boerestreken: de Noarderdracht en de Suderdracht, beide neamd nei wetterstreamen fuortby yn de omjouwing. Noarderdracht is neamd nei de Kleine Dracht yn ‘e buert fan De Kletten en de Suderdracht ontlient syn namme oan de flinke wetterrin De Drait, dy ‘t noch altyd nei It Súd rint. De buorskippen hienen om 1200 hinne lytse tsjerkjes mei hôven en koenen beide in doarp neamd wurde. Yn Noarderdracht stienen yn de Midsieuwen by de Oudeweg en it Noord lâns sa ‘n tweintich boerepleatsen en yn Suderdracht goed tritich. Oant yn de 17e ieu ta feroare der net safolle yn dizze agraryske delsettingen. Yn 1743 kaam der tusken de twa streken yn in folweardige tsjerke ta stân, in let gefolch fan de ommekear fan in ieu letter. De buerttsjerken binne al sûnt lang ferdwûn mar beide tsjerkhôven bestean noch. De ommekear en oergong kaam yn 1641 doe ‘t de Drachtster Kompanjons in kontrakt sletten om it heechfean eastlik fan de beide streken ôf te graven en ta turf te ferwurkjen. Fuortendaliks waard útein set mei it graven fan de feart en stadichoan ek mei de wiken, de sleatten yn it fean. Somtiden wurken der wol sa ‘n 800 man. Doe ‘t de ynfrastruktuer der lei, gie men yn it fean oan it wurk. Al gau wienen der mear feanarbeiders as de oarspronklike boerebefolking. De twa buerten groeiden nei elkoar ta. Oan de nij groeven Drachtster feart setten har winkellju en keaplju te wenjen; se kamen ôf op de befolkingsympuls. Tal fan nearingdwaanden, ambachtlike en(iere)yndustriële bedriuwen seagen harren kâns en fêstigen har graach oan of yn ‘e buert fan de feart. Drachten waard sadwaande in flekke fan middenstanners en arbeiders. Nei ‘t de betsjutting fan de turfwinning yn ‘e rin fan de 19e ieu minder waard, bleau Drachten him ûntwikkeljen mei in ferskaat oan bedriuwichheid. Drachten stuts oare doarpen nei de kroan, sa as it âlde en deftige Aldegea, dêr ‘t eartiids it gritenijbestjoer setele. It nije gritenijhûs waard yn 1830 yn Drachten boud. By kalkbrânerijen en skipswerven fûnen in soad minsken wurk. In learloaierij hie tsientallen minsken yn tsjinst en dat oantal groeide noch doe ‘t mei de fabrikaazje fan skuon útein set waard. De oaljemûne krige in nij libben mei de Balata yndústry. Beide fabriken waarden letter ûnderdiel fan it Dunlop-konsern. Fierders kamen der ûnder oaren in sûkerijfabryk, tabaksfabriken en in blikfabryk . Begjin 20e ieu waarden oan it Moleneind in suvelfabryk en in betonfabryk boud. Sommige bedriuwen lieten wenningen foar har personiel bouwe en bou-ûndernimmers spilen yn op dizze fraach nei wenten. Der kamen typyske arbeidersbuerten, mar ek deftiger strjitten wêr ‘t de elite en yndustriëlen har te wenjen setten. De Noarder- en Suderbuert ûntwikkelen har ta in streek fan winkels. Nei de oarloch kaam der op partikulier inisjatyf in “Industriecommissie” en súdlik fan de Lange West (de eardere Meeuwweg) lei de gemeente in earste yndustryterrein oan. It slagge de Industriecommissie om oan de Oliemolenstraat in yndustryhal te realisearjen, in saneamde “aanloophal”. Yn septimber 1950 koe men yn Drachten Philips wolkom hjitte; it betsjutte in sterke ympuls foar it iverige en warbere Drachten. Yn in foarlopich ûnderkommen koenen tritich famkes begjinne mei de montaazje fan skearapparaten. De gemeente wie behelpsum by it stichtsjen fan in montaazjehal oan de Oliemolenstraat. It iene jier nei it oare kamen der mear fabrykshallen by. Tusken de Oliemolenstraat en de Noorderhogeweg groeide in grutte Philips-delsetting, wêr ‘t yn de santiger jierren sa ‘n 2500 minsken wurken. Al dizze wurknimmers en dy fan de taleverings- en oare bedriuwen dy ‘t op it dynamyske Drachten ôfkamen, moasten húsfeste wurde. Want reizgen de measte famkes en manlju út de omjouwing yn ‘t earstoan mei de bus hinne en wer, oan de winsk om by it wurk te wenjen, moast ek foldien wurde. De gemeente makke útwreidingsplan nei útwreidingsplan. It earste yn it noardeasten en mei namme de wenningboukorporaasjes folden de wiken op mei wenningen. Ek sy dielden mei yn de dynamyk fan de “boomtown” Drachten. Foar kultuer en ûntspanning waard De Lawei foar Drachten en wide omkriten in ferneamd sintrum.

Drachtster Kompenije is in streekdoarp dat yn ‘e twadde helte fan de 18e ieu ûntstien is út in pear buertsjes by it gearkommen fan in oantal feanwiken mei de Kompenijstersdwersfeart. Al gâns earder wie op dit plak bewenning: by De Knobben is in grêfheuvel út de brûnstiid fûn. Troch it oplûkende fean is bewenning net mooglik wurden. Dit heechfean is fan healwei de 18e ieu ôf fergroeven. Oan it ein fan dy ieu melde de Tegenwoordige Staat van Friesland by de beskriuwing van De Pein dat der yn it easten in grutte oerflakte oan “hoog en vergraaven Veenland, naast aan de Drachten tot aan de Ommelanden uitloopt, onder den naam van Folger Veenen”, it Drachtster Kompenije fan no mei in ferskaat oan buerten en huzen. Doe ‘t de ferfeaning yn dizze streek dien wie, ferfarden de feanarbeiders fierderop nei oare plakken wêr ‘t wer nij wurk lei te wachtsjen, nei Nij Beets bgl. Yn de Drachtster feanen bleaunen ek arbeiders te wenjen. Sy besochten mei it yn kultuer bringen fan it lân in nij bestean op te bouwen. Sadwaande kamen der buertsjes by: de Meerwijk en de Korte Wijk en de dyk dwers dêrop. Fierders ûntwikkele him oan beide kanten fan De Feart, de Kompenijstersdwersfeart, in wat mear iepen bebouwing fan wenten mei skuorkes en boerepleatsen. Fan de earste helte fan de 19e ieu ôf kamen der de earste kollektive foarsjennings. Yn 1834 kaam der in skoalle, dy ‘t yn 1869, tagelyk mei de bou fan in skoalhûs, fergrutte waard. Yn 1850 waard op de kop fan de feart in Herfoarme tsjerke boud. De ôfskiedenen bouden der in sealtsje. Nei de oarloch binne oan de Smidswei en de Swarte Wyk folkswenningen boud, yn de santiger jierren folge troch huzen oan bgl. It Heechfean en yn de njoggentiger jierren de nijbou oan de Pream efter de besteande bebouwing, op sa ‘n wize dat it lânskip net fersteurd wurdt. Yn 1993 wurdt der in achttal wenningen fan nei de oarloch yn it sintrum fan ‘e Tsjerkebuorren ferfongen troch nijbou. Skoalle en tsjerke wienen doe al fernijd.

Driezum is in streekdoarp yn it easten fan Dantumadiel en it meast eastlike doarp op de sânrêch fan de Dokkumer Wâlden. It is in doarp mei in manifeste ûntwikkelingsas, wêr ‘t letter in oantal dwersstrjitten op oanlein binne. De Voorweg en de Achterweg komme hjir bijelkoar en op dy moeting is in doarpskom ûntstien. Eastlik fan it doarp, rjochting Strobosser Trekfeart lei de agraryske buert Eastwâld mei flinke, soms monumintale pleatsen út de 19e ieu. De buorkerijen oan de Achterweg binne ienfâldiger, mar ek âlder. Oan de râne fan de doarpskearn, de H.G. van der Veenstraat, stiet in ûnferwacht jong eksimplaar mei in foarein yn art nouveau-styl, dêr ‘t mei namme de elegante daklistfersiering by opfalt. De Herfoarme tsjerke is yn 1713 boud as ferfanging fan it ferfallen tsjerkegebou. Boppe de noardlike yngong sit de yn it Latyn stelde earste stien en boppe de súdlike yngong in sinnewizer. De toer is yn 1876 ferriisd. Oan de binnekant binne yn de damen tusken de finsters byldhoude wapen-cartouches pleatst; in pear dêrfan datearje út de 16e ieu (1581). It meubilêr mei in nachtmielstafel en in hearebank fan de famylje Van Sytzama datearret foar in grut part út de 18e ieu. Oare hearebanken binne út de boutiid fan ‘e tsjerke en ien fan ein 18e ieu. Efter de tsjerke stiet it skoalhûs dat nei in brân yn 1787 opnij boud is. It is in dwershûs mei sealdak mei in ta halsgevel oplutsen middenpartij. Eastlik fan de doarpskom leit Rinsmastate, wêr ‘t de namme fan de Sytzama ‘s oan ferbûn is. De state is faak feroare en yn 1843 ferfongen troch in neoklassicistysk gebou mei fleugels. It middengebou waard yn 1944 troch bommen troffen, mar de fleugels koene behâlden bliuwe. It haadgebou is yn 1947-1948 yn bakstien ferboud en waard fan 1972 oant 1999 brûkt as gemeentehûs. Sawol foar as efter binne lânskiplike romantyske tunen út de 19e ieu mei wetterpartijen, âlde beammen en stinzefloara oanlein. Oan de Van Sytzamaweg stiet ek de út om-ende-by 1883 datearjende túnmanswenning fan Rinsmastate.

Droegeham is in komdoarp dat heech leit oan en om de Tsjerkebuorren hinne, dat stadichoan útgroeid is ta in dyksdoarp, de Buorren. Ek is der noch de Ikebuorren, dy ‘t oan it begjin fan de 20e ieu as in brinkeftige romte midden yn it doarp lei en yndie omseame mei beammen wie. Oars as de namme seit binne it iperen beammen. De romte is der noch altyd en hat by de jongste doarpsfernijing in fleurige en kleurige ynrjochting krigen. Droegeham wie in agrarysk doarp, wêr ‘t in pear pleatsen yn de doarpskom en oan de trochgeande dyk noch fan tsjûgje. Sa as in lytse stjelp dy ‘t opfalt omdat hy boud is fan kleurige kalksânstien. Meastal wienen it destiids ikkerbouwers, dêr ‘t no foaral feehâldersbedriuwen te finen binne yn it kûlisselânskip mei beamwâlen. Yn de súdwest-noardeast rjochte ferkavelingsstruktuer is yn 1891 de Droegehamster Feart nei it Knillesdjip groeven. Dy waard mei namme brûkt foar it transport fan Hamster sân dat oant nei de oarloch ta wûn waard. In hege beamwâl krige fan de fyftiger jierren ôf yn de súdlike doarpsútwreiding in dominant plak as in opfallende griene streek tusken de Boskloane en de Dykswâl. Nei de oarloch is Droegeham it measte útwreide yn súdeastlike rjochting, resint sels de Lytsewei foarby, eartiids ien fan de agraryske streken fan Droegeham. Dizze dyk fiert nei it ta it doarp behearend agrarysk buorskip Hamsherne yn it suden. Dit wurdt no fan it âlde doarp ôfsnien troch de N369, dy ‘t om it doarp hinne lein is. Troch de útwreidings kaam de âlde kom fan Droegeham oan de noardwestkant te lizzen. De doarpstsjerke stiet midden op in tsjerkhôf op in hege sânrêch, sa as op in terp. Tsjerke en toer datearje út it earste kwart fan de 13e ieu. De sealdaktoer stiet der noch, mar de tsjerke wie yn de 19e ieu boufallich wurden. Sy mocht yn 1877 fernijd wurde: op diktaat út Den Haag, wêr ‘t de monumintesoarch noch yn ‘e berneskuon stie, moast dit dien wurde yn de “bouoarder” fan de âlde tsjerke.

Dronryp is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling op in kwelderwâl ûntstien is. It wie yn it begjin in agraryske delsetting wêr ‘t de bebouwing him konsintrearre om de Tsjerkebuorren hinne. Begjin 16e ieu krige Dronryp in goede ûntsluting oer it wetter: de feart tusken Ljouwert en Harns, dy ‘t yn de 17e ieu ta trekfeart ferbettere waard. De krusing fan de feart mei de dyk, de hjoeddeiske Hearewei, Skilpaad en Dûbele Streek wie in oantreklik festigingsplak foar hannnels- en ambachtslju en fersoargjende funksjes, bgl. loazjeminten. Sa foarme him súdlik fan ‘e Tsjerkebuorren in twadde kearn, de Brêgebuorren. By en yn de omjouwing fan Dronryp stie in flink oantal staten en bûtens. Oer lân waard Dronryp yn 1842 troch it oanlizzen fan de strjitwei fan Ljouwert nei Harns, goed ûntsletten en yn 1863 kaam der súdlik fan it doarp it spoar tusken deselde stêden ta stân mei in stopplak by Dronryp, yn 1868 kaam der in stasjon. De twa delsettingen groeiden yn ‘e rin fan ‘e tiid oan elkoar. De groei fan Dronryp wie it gefolch fan de bloeiende bedriuwichheid: wat lytse fabriken en mûnen en fan 1891 ôf ek in suvelfabryk. Der kaam wenningbou ta stân oan de Alddyk, it Skilpaad, de Hobbemasingel en de Puoldyk. Oan de Hearewei, de tagongsdyk fan de strjitwei ôf, kaam de represintative bebouwing fan de notabele wenningen mei oan de westkant grutte middengonghuzen yn parkeftige tunen. Yn 1876 waard it haventsje fan Tsjerkebuorren, dat syn funksje ferlern hie, dimpt, mar de Buwefeart dêrhinne, bleau bestean. Yn 1940 is de trekfeart gruttendiels dimpt. Allinne oan it brede profyl is oan ‘e Brêgebuorren noch te fernimmen dat op dit plan de foar de ûntjouwing fan it doarp ienris sa wichtige trekfeart rûn. Ek de bebouwing strielt dat út. It foar in part al earder groeven en yn 1951 iepene Van Harinxmakanaal kaam bylâns de súdkant fan it yn rap tempo groeiende Dronryp te rinnen. Yn de krisis- en oarlochstiid, mar ek yn de earste desennia nei de oarloch stagnearre de groei. Fan it ein fan de sechstiger jierren ôf, doe Dronryp as forinzedoarp ûntdutsen waard, kaam de groei der wer yn. De earste nijbou wie oan de eastkant fan de Hearewei, letter ek westlik fan de Buwefeart en koartlyn op ‘e nij wer oan de eastkant. Tusken de âlde trekfeart en it nije kanaal yn binne bedriuweterreinen te finen. Sûnt de lêste desennia fan de 20e ieu komme der, yn in lange streek by de âlde rykswei lâns, nije bedriuwen ta stân. It yn in parkeftige tún lizzende bûtenhûs Schatzenburg is fanwege it oanlizzen fan de autodyk A31mei in fiadukt, frijwat brút fan Dronryp ôfsnien. It bûten is stichte yn 1689. In ferbouwing fan 1724-1725, begelaat troch Wybe Saagmans út Ljouwert, hat de opset yntakt litten. It dekoraasjeskema waard wol feroare mei byldhouwurk fan Jacob Sydses Bruinsma. Op in frij heech sûterrain is it bûtenhûs Schatzenburg ien laach heech en foarsjoen fan in hege kape. Foar de yngong mei in omlisting fan blokfoarmen, leit in royale trepopgong . Dêrboppe is in geveltop útmitsele, foarsjoen fan in barokke bekroaning mei de alliânsjewapens Huber-de Hertoghe. Agnes Alida Huber, bewenster fan Schatzenburg, wie yn 1745 stichtster fan it frouljusgasthûs Vredenhof. De oarspronklike rige ienkeamerwenten waard in ieu nei de stichting ferdûbele. Boppedat liet it gasthûs yn 1872-1876 in rige wenningen oan It Heech bouwe. Fan de oarspronklik romaanske tsjerke resteare noch inkele fragminten. De tsjerke waard yn 1504 ta de hjoeddeiske tsjerke fernijd yn karakteristike letgoatyske foarmen. De toer waard boud yn 1544. De ûnderbou hat twa segminten wêrfan de ûnderste mei in brede, hege yngongspartij en de boppeste mei nissen yn Goatysk trasearwurk. Hjir stiet in achtkantige stiennen lantearne op, dy ‘t op de hoeken mei pilasters fersierd is en wêr ‘t de galmgatten fan boppe-oan ek foarsjoen binne fan Goatysk trasearwurk. Oan de Dûbelestreek stiet de roomsk-katolike tsjerke út 1839, dy ‘t in ieu letter by in fergrutting fan it skip in tradisjoneel front mei toer krige.

Eagum, yn it Nederlânsk fout speld as Aegum, is ien fan de lytste doarpen fan Fryslân. It is in terpdoarp súdlik fan de yn 1833 droechmealde Grutte Wergeaster Mar. It is mei in koarte opfeart ferbûn mei it Eagumer Djip, in breed farwetter fan Ljouwert nei Grou. Neffens ferskate beskriuwings út de foarige ieuwen soenen dêr inkele staten stien ha, Idsinga en Hottingawier, de lêste frij fier súdwestlik fan de terp ôf. Op de gritenijkaart fan healwei de 19e ieu steane om de tsjerketerp hinne sa’n fjouwer grutte pleatsen: Groot en Klein Haringa, Brandinga en Rollema. Eagum hie fanwege de lizzing oan in drok farwetter potinsjes, mar it bleau in lytse agraryske delsetting. Der kin einliks amper praat wurde fan in delsetting omdat Eagum gjin doarpskom hat. As kearn docht it hege, mei âlde elzebeammen omseame tsjerkhôf mei in opfallende, iensume toer syn bêst. De tsjerke foar de pear bewenners fan Eagum hat it noch oant 1838 ta úthâlden. Noch gjin ieu earder yn 1777, wie se fernijd en ferfong se de oan de Hillige Nicolaas wijde midsieuske tsjerke. De kleurige tinkstien fertelt dat de sân jier âlde Cornelis Arent van Scheltinga yn dat jier de earste stien lein hat. It wie it soantsje fan de grietman fan Idaarderadiel. De lytse mienskip hat it ûnderhâld fan de tsjerke net opbringe kind. Dy waard dêrom, kompleet mei kânsel, kreake en banken, yn 1838 ferkocht en ôfbrutsen. De toer is hânhavene en bleau yn Eagum. Ek it tsjerkhôf bleau, mar de oare gedielten fan de terp binne ôfgroeven en de fruchtbere ierde waard ûnder de Eagumer boeren ferdield. Mooglik datearret de toer út om-ende-by 1300, mar dat is mei de yn 1888 oanbrochte pleisterlaach – mei skynfoegen dy’t blokken suggerearje – oan de bûtekant net te kontrolearen. Oan de eastkant dêr’t de tsjerke stie, sit in fraaie doar yn in swiere omlisting fan pleisterwurk yn hol-bol profyl. It ferhaal giet dat de toer by it middelpunt fan de wrâld leit.

Earnewâld is in streekdoarp oan it wetter, dat nei de Midsieuwen ûntstien is oan it Earnewâldster Wiid. Yn de ieuwen dat it ferkear en transport noch foar it grutste part oer it wetter plak fûn wie it doarp goed ûntsletten. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1786 skreaun: “ ’t kleinste en afgelegenste dorp der geheele Grieteny. De Kerk van dit dorp heeft een stompen toren, en weinig huizen rondom de kerk, ook in ‘t geheel maar 13 stemmende plaatsen. Naar dit dorp loopt geen rydweg ; dus kan men derwaards alleen te lande komen, midden in een droogen Zomer, over de laage Garypster landen; doch de vaart is zeer gelegen en vermaakelyk, dewyl hier alle schepen uit de Drachten, Oudega, Smallenee en Beetsterzwaag moeten voorby vaaren, om voorts, over Wartena, naar Leeuwarden te komen.” Nettsjinsteande de geunstige lizzing is Earnewâld in lyts doarp bleaun, omdat it midden yn de feanlannen lei. Dêr waard yn it lêst fan de 18e ieu foaral oan de westkant fan it doarp folop turf útgroeven en baggere. Op de gritenijkaart fan Tytsjerksteradiel yn de Schotanus-atlas fan 1716 is fan dizze aktiviteiten noch neat te sjen. Op dizze kaart is de tsjerke mei de stompe toer ôfbylde: in sealdaktoer dy ‘t yn 1794 ferfongen is troch de hjoeddeiske tsjerke mei in trijekantich sletten koar, in toer mei in ynsnuorre nullespits. Der hinget in liedklok yn fan Geert van Wou út 1500. De feanderij, dy‘t troch gie oant yn de 19e ieu, hat by Earnewâld in bysûnder petgatten- en puollegebiet efterlitten. It joech yn de 20e ieu alle mooglikheden ta it ûntjaan fan betiid wettertoerisme, wêrnei‘t ek de natuerlike wearde alle oandacht krige. Foar dizze “Alde Feanen” waard troch It Fryske Gea in belied ûntwikkele, wêrby‘t beide aspekten kânsen krigen om har te ûntjaan. Oan de oare kant fan It Wiid is in grut rekreaasjedoarp ûntstien en oan de eastkant fan it doarp it bedriuweterrein De Stripe mei yn it Earnewâldster byld passende aktiviteiten, sa as in skipswerf foar skûtsjes. De 18e-ieuske wâldbuorkerij “It Kokelhûs” is as museum ynrjochte.

Easterein is sûnder mis ien fan de moaiste doarpen yn Fryslân, as men even foarby sjocht oan de bedriuweterreinen oan de noardeastkant. It doarp hat in soarte fan middelpuntsykjende kwaliteit ; it doarp is moai, de tsjerke is moaier en de kreake yn ‘e tsjerke is it moaiste. Easterein wie de fernaamste delsetting fan ien fan de earste yndike gebieten, it eilân fan Easterein. It is net dúdlik of ‘t it in âld tsjerkedoarp is of dat it in delsetting is fan nei de yndiking, wêrby ‘t de tradisjonele struktuer foar it nij ûntwikkele doarp keazen waard. Fanâlds hie it doarp nei alle kanten goede wetterferbinings, mei dêromhinne ferskate staten en grutte boerepleatsen. Lange tiid wie Easterein it fernaamste doarp fan de gritenij; yn de 19e ieu waard it oerfleugele troch Wommels. Easterein hat in fierhinne geef doarpssintrum fan in tsjerkedoarp mei dêromhinne grêften. In stikje fan de grêft is dimpt. Noardlik stiet de yn 1870, yn in parkeftige tún boude pastorije mei in eigen tagongsbrêge. De tsjerkebuorren om de grêft hinne toant in sletten fariearde bebouwing, wêrefter harren wer buertsjes ûntjûn ha. Fan de dyk ôf op de âlde dyk rint njonken it tradisjonele sfearfolle doarpskafee in skildereftich strjitsje nei de tsjerketerp, oan de efterkant begelaat troch in lytse grêft. Oan de dyk is yn de 19e ieu yn súdeastlike rjochting boud, lykas oan de dyk nei Wommels. By dizze wegen steane inkele fraaie, brede, notabele wenningen en wenten mei tsiissouders lâns. De herfoarme tsjerke is it hichtepunt fan it doarp yn de sa goed as geve posysje op de omgrêfte tsjerketerp. Se is mei de toer boud yn de 14e ieu, wêr ‘t by de bou gebrûk makke is fan âldere muorren fan dowestien. Oan de noardkant stiet de 13e-ieuske sakristy. De tsjerke bewarret in skat út de eardere renêssânsetiid. Hein H., in kistemakker út de buert, makke yn 1554 in grutte, hege kreake of doxaal fan twa ferdjippings oer de folle breedte fan it skip. Tusken in spannende pylder-arkade binne oeral dekorative ferrikingen en bibelske foarstellings oanbrocht.

It terpdoarp Easterlittens hat syn tsjinhinger Westerlittens, in boerebuorskip westlik fan Wommels. Easterlittens leit by in krusing fan wetterwegen, de fan âlds belangrike Boalserter Feart en de Frjentsjerter Feart. By dizze wetterkrusing kaam yn 1888 in suvelfabryk. De fabryk gie om 1990 hinne ticht en waard yn 1997 sloopt. De hege skoarstienpiip is mei it tsjettelhûs as monumintale neitins bewarre bleaun. Yn it doarp wurdt it doarpsbyld bepaald troch de diels ôfgroeven hege terp mei in flinke tsjerke en hege toer. It hôf is omseame mei linebeammen. Súdlik fan ‘e tsjerke leit in plein mei bebouwing deromhinne. Dit plein wurdt by ‘t simmer faak brûkt om te strjittekeatsen. Yn de bebouwing is kafee “Het Wapen van Friesland” it markante hichtepunt. Binnenyn pronket de taapkeamer mei muorreskilderings út 1945 troch merke-attraksjeskilder Hendrik Giesing. Tusken plein en tsjerke en de eastlike kant fan de Frjentsjerter Feart yn bestiet wat in tizeboel oan steechjes mei âlde en minder âlde huzen, húskes en in heech tsiispakhús. Oan de feart ôfwikseljend in kade, oertunen en partikuliere túntsjes oan it wetter, wêrtroch’t skildereftige trochsichtsjes ûntstean. Westlik fan de brêge oer de Frjentsjerter Feart stean noch in pear rinteniershuzen en wat fierderop lizze buorskippen mei monumintale boerepleatsen: Wieuwens of Sprong en Skrins. De Margareta-tsjerke is oarspronklik fan dowestien boud yn de 12e ieu. De súdgevel fan de tsjerke bestiet út giele kleastermoppen, mar ek binne der fjilden fan dowestien bewarre bleaun. Der binne grutte spitsbôgefinsters en bouspoaren út alderhande perioaden. It koar is healrûn sletten. De noardgevel eaget libbendich troch alle bouspoaren: lytse romaanske finsters, in tichtmakke yngong mei profilearre kezinen. Yn de 15e ieu is der in sakristy tsjin de tsjerke oanboud. De foarse toer is 19e-ieusk; De earste stien is, sa as stiet te lêzen op in tinkstien, yn1854 lein en hy is opknapt yn 1902. De tsjerke hat trije segminten en in achtsidige ynsnuorre spits. Op it tsjerkedak stiet in ruter mei in angelusklokje. It ynterieur ûnder it spitsbôgige tonferwulf datearret foar it measte út healwei de 18e ieu.


0 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 |