Doarpen

Doarpen

Kies de begjinletter


Nes is in doarp mei in iest-eftich karakter. It oarspronklike sintrum lei folle eastliker as it plak dêr’t de doarpskom no leit. Rom foarby de yn 1878 troch P.J.H. Cuypers ûntwurpen neogoatyske roomsk-katolike Sint-Clemenstsjerke leit it âlde tsjerkhôf mei fraaie grêfstiennen. Dêr binne fûndeminten opgroeven fan in ieremidsieuske dowestiennen tsjerke en in letter eksimplaar mei in Goatysk koar.

Tsjintwurdich foarmet de lossteande doarpstoer it markante teken fan de kearn. De fan giele stien oplutsen klokketoer stiet op in lytse ferheging. Hy is yn 1664 yn opdracht fan Valerius (Watse) Frans van Cammingha en Rixt van Donia boud, destiids ‘de Heer en Vrouwe van Ameland’. Yn 1732 is hy yn opdracht fan Prins Willem IV, doedestiids ‘Heer van Ameland’, ferhege. Eastlik fan de toer leit de iepen griene Torenhoogte. Noch fierder eastlik it Kerkplein mei ek fariearde, fraaie pânen. De ienfâldige herfoarme tsjerke datearret fan 1734 en waard yn 1824 ferboud. In oar beskieden tsjerkegebou is de meniste fermanje, út healwei de 19e ieu.

It karakteristike Amelânske komdoarp is lange tiid it haadplak west. It doarp hat wol in oantal strjitten en pleineftige romten, mar in soad wenningen en buorkerijen út de 17e en 18e ieu lykje sûnder plan, spontaan boud te wêzen. It strjittepatroan fan de smelle, ferhurde wegen en stegen rint ûnregelmjittich, soms warreljend tusken de mei huzen en buorkerijen beboude en mei hagen of lattestekken ôfgrinze hiemen troch. It binne faak wenhuzen mei in sealdak op in langwerpige plattegrûn. De topgevels binne markearre mei ien of twa friezen en yn de top ôfwurke mei flechtings – skean ferrinnende rollagen-. Sommige ynterieurs hawwe noch tegels en bedsteedswanden. In opmerklik wenhûs út 1625 stiet oan de Rixt van Doniaweg. It hat in seldsume yn- en útbûgende saneamde ojyfgevel, dy’t mei pinakels in markant silhûet oplevert. De earste nei-oarlochske doarpsútwreiding kaam yn it noarden mei tradisjonalistyske wenningen yn in passende karakteristyk fan lytsskaligens. Letter binne der buertsjes foarme yn it súdeasten en noardwesten.

Nes is fan oarsprong in agrarysk terpdoarp oan de noardkant fan de Boarn en letter oan de Leppedyk, dy’t dêr oanlein is. Nei it noarden ta leit de Nesser Sylroede rjochting de boerebuorskippen Bokkum en Burstum, in wetterloop dy’t mei in pear nammewikselings ferbining hat mei de Pikmar by Grou. It is in wetterferbining dy’t by’t simmer drok befearn wurdt troch wetterrekreanten, mei in soad drokte by de twa brêgen fan Nes.

Nes bestiet út inkele wetterbuertsjes oan de Boarn, oan wjerskanten fan de brêgen, wêrfan‘t dy oan de noardwestkant út in freonlik eagjende rige brede boargerhuzen bestiet. Oan de súdkant is der frijwat mear bebouwing, mar it is net dúdlik oft dizze by it nei it easten útwreide Akkrum rekkene wurde moat of by Nes. Foar it oare bestiet it doarp út in âld tsjerkhôf en in moderne wettertoer.
It doarp hat in tsjerke hân mei in sealdaktoer, mar dy is al yn de 17e ieu sloopt en der is gjin nije foar yn it plak kaam. Earder is op dit plak yn 1228 in kleaster, in kommanderij fan de Dútske oarde fan Sint-Jan, stichte dy’t yn de omjouwing in soad tsjerklik gesach krige. Mei de herfoarming is it kleaster opheft. It sfearfolle heechlizzende tsjerkhôf bewarret de neitins oan de tsjerke. Der stiet no in klokkestoel mei in helmdak dêr’t in klok yn hinget dy’t in 1950 getten is troch de bruorren Van Bergen.

Yn 1956 krige Nes in opfallende wettertoer. It wetterliedingnet wie nei de oarloch sa útwreide dat it needsaaklik wie om hjir (en yn St. Jabik) in toer te bouwen. De troch jhr. A.P. Wesselman ûntwurpen toer is 37 meter heech en hy krige op in kannelearre slanke romp in rûne doaze fan beton mei in reservoir foar 515 kubike meter wetter. Oan ‘e noardkant fan de Boarn en westlik fan de Nesser Sylroede is resint de wetterwyk Boarnstee ûntwikkele dy’t by Nes rekkene wurdt. Sadwaande is it ynwennertal yn koarte tiid ferfjouwerfâldige.

Nes is in terpdoarp dat yn de iere Midsieuwen ûntstien is. It hat in net al te hege terp en in rjochthoekige struktuer. De âlde beboude kom wurdt omfette troch in rjochthoeke fan strjitten en de tsjerke hat dêr in sintraal plak yn. Nes waard ûntsletten troch de Nesser Opfeart, dy’t yn súdwestlike rjochting nei de Peazens ta groeven is. Der is in tal paden oer de terp hinne roaid dy’t mekoar net krekt heaks kruse en oan dy paden en it fjouwerkant fan wegen is de bebouwing geandewei tichter wurden, wat in farieard byld oplevere hat. Benammen oan de Middenstraat en oan ien kant fan de Foarstrjitte steane fraaie huzen út de 18e en 19e ieu. Foarstrjitte 21 toant sels Jugendstil details.

Fan it lêste kwart fan de 19e ieu ôf is der oan de útfalswegen wat lintbebouwing groeid, yn noardwestlike rjochting foaral mei flinke pleatsen. Ek fierder fan it doarp ôf lizze op it doarpsgebiet monumintale buorkerijen dêr’t foaral túnbou bedreaun wurdt. De 20e-ieuske wenningbou hat foaral yn of oan it fjouwerkant fan wegen plak fûn, resint ek mei it neidiel fan it ferlies fan âlde wenten. Boppedat is der oan de noardkant oant en mei de Noarderwei in beskieden doarpsútwreiding kaam.

By de súdwestlike hoeke is yn 1925 oan de Wiesterwei de troch Ane Nauta yn ekspresjonistyske trant ûntwurpen grifformearde tsjerke boud. It is in krústsjerke mei in dakruter. De herfoarme doarpstsjerke wie yn de Midsieuwen tawijd oan Johannes de Evengelist. It is in fan kleastermoppen boude ienbeukige, romaanske tsjerke, dy’t datearret út it lêst fan de 12e ieu. De eastlike toersmuorre is it âldste; nei alle gedachten is it in oerbliuwsel fan in westwurk, dêr waard oan de iene kant de toer boud en oan de oare kant it tsjerkeskip. It fjouwerkantige sletten koar mei lisenen, in rûnbôgefries en in sierlist, is healwei de 13e ieu ta stân kommen. It ynterieur pronket mei in yn 1775 ferfurdige preekstoel yn rococofoarmen; wierskynlik it wurk fan Yge Rintjes.

Nijewier is in terpdoarp dat krekt lyk as oare net besûnder âlde terpdoarpen yn Dongeradiel, sa as Ingwierrum en Nes, in rjochthoekige struktuer hat, mar hjirneffens is de terp dôchs wat heger.
Nijewier is yn de iere Midsieuwen ûntstien. De Nijwierster Opfeart dy’t om it kleasterterrein fan Sion (stichte om 1100 hinne) rjochting Peazens, hinne rûn, soarge foar de ûntsluting oer it wetter. De Tegenwoordige Staat van Friesland is hjiroer koart: “Niawier heeft eene kerk met een spits kloktorentje, en bevat 20 stemdraagende plaatsen. Onder dit dorp behooren de buurten Lutkewier en Berghuizen, gelyk ook Sion, weleer een Vrouwen Klooster van de Cistertienser orde, gesproten uit het Klaarkamster Klooster, en afgebroken in den jaare 1580; ‘t zelve heeft ook eene vaart naar de Paezens, en ligt dus wel ter reed en vaart.”

It kleasterterrein is noch te werkennen: fan de doarpskom ôf rint de tsjintwurdich mei wenningen beboude Singel om de súdlike marzje fan it gebiet hinne. Lytsewier is in groep buorkerijen by Wetsens; Berchhuzen is in noch lytsere agraryske delsetting noardlik fan de Peazens. Bebouwing hat foaral plakfûn om it wegenfjouwerkant om de terp hinne en op de paden dy’t om de terp hinne roaid binne. Fierhinne yn ‘e midden bestiet noch in iepen gerskampe dy’t earder ek foar it keatsen brûkt waard. Eastlik dêrfan is de grifformearde tsjerke oplutsen, in navenant romme sealtsjerke. De nei-oarlochske wenningbou hat net allinne oan de Singel, bûten de doarpskearn plakfûn, mar yn de lêste desennia ek op en oan de râne fan de terp.

De doarpstsjerke stiet net yn ‘e midden mar oan de eastlike râne fan de terp. Se is yn 1668 boud fan kleastermoppen fan de foargongster. Boppe de yngongspoarte is in stichtingsstien oanbrocht. It is in ienbeukich tsjerkje mei in trijekantich sletten koar en in westlike gevel dy’t yn 1811 opknapt is. By dy gelegenheid is in houten mei laaien dutsen tuorke mei in ynsnuorre spitske op de gevel pleatst.

Nieuwebildtdijk is een streek die eigenlijk de status van dorp niet bezit maar grotendeels bij Oude Bildtzijl wordt gerekend. Het is de tweede dijk die in 1600 het nieuw aangeslibde land van Het Bildt ging beschermen. Met daarop in het oosten aansluitend de Koedijk voor het Nieuw Monnikebildt in Ferwerderadiel.

De dijk strekt zich uit over een breedte van zes en een halve kilometer tussen Zwarte Haan in het westen en Nieuwebildtzijl in het oosten. Recht ten noorden van Oudebildtzijl werd een uitwateringssluis gelegd, de Nieuwebildtzijl, die door opslibbing van de pollen niet meer werkte en in 1655 werd opgegeven. Deze Oudeen Nieuwe-Bildtpollen werden in 1715 en 1754 ingedijkt waardoor de Nieuwebildtdijk slaperdijk werd. Desondanks zijn er in 1717 en 1825 nog dijkdoorbraken geweest. De Nieuwebildtdijk kon zich, nadat ze in ruste was gegaan, net als de Oudebildtdijk tot woonstreek ontwikkelen. De nieuwe dijk werd veel minder dicht bebouwd. De losse bebouwing kwam met enkele concentraties tussen Nieuwebildtzijl en de Schuringaweg. Nabij deze driesprong werd het Dijks- of Contributiehuis van de pollen gebouwd en net even oostelijker werd de buurt, met een lagere school, niet zonder humor Stad Niks genoemd: een benaming die nog steeds in gebruik is. Helemaal in het westen ligt nog een buurtje bij Zwarte Haan.

Er kwam over een lengte van ruim vier kilometer bebouwing. Aan de Oudebildtdijk is dat inclusief de Westhoek elf kilometer. Dat gebeurde op dezelfde wijze als bij de oude dijk. Wat betekende dat tegen de buitendijkse zijde de arbeiderswoningen konden worden gebouwd en aan de binnendijkse zijde in het land de boerderijen. Deze vaak monumentale boerderijen lijken vanaf de dijk majestueus.

Ongeveer een halve kilometer ten westen van Nieuwebildtzijl staat een van de opmerkelijkste: een oude boerderij met een voorhuis met een gestucte voorgevel en daarop geschilderd twee imitatie vensters met zandloperluiken en een groot wapen van ’t Bildt erop met het wimpelopschrift ‘Aren út Skelpen’. De langhuisschuur steekt maar net boven het hoge voorhuis uit.

Haskerdiken (by Nijbrêge) is in streekdoarp dat ûntstien is yn de buert fan it kleaster Maria’s Rozendal of it Haskerkonvint, dat om 1235 stichte is op it plak dêr ‘t de fromme kluzener Dodo syn klûs hie. Op de gritenijkaart fan 1718 stiet by de kronkelige Hasker Diken fersprate bebouwing fan benammen buorkerijen. De measte dêrfan steane yn it noarden. Yn ‘e midden binne de kapel fan it konvint en inkele pleatsen ôfbylde. In strak oanleine dyk leit njonken de âlde kronkeldyk.

Yn 1788 melde de Tegenwoordige Staat van Friesland dat it doarp bestie út in wrydsk grûngebiet, mar dat der net sa folle huzen stienen: “Naar dit Dorp is dat gedeelte van den rydweg genaamd, ‘t welk van Akkrum naar ‘t Heerenveen, door deeze Grieteny, loopt : deeze weg, eertyds zeer bogtig en een groot gedeelte van ‘t jaar onbruikbaar zynde, werd in 1716 door den Heere Grietman Jr. P.F. Vegilin van Claerbergen verbeterd, en verder Westwaarts gelegd, onder den naam van de Nieuwe Hasker Dyken.” De nije rjochte dyk krige behalve de funksje fan wetterkearing dy fan ferbiningswei en hy waard yn 1826 gruttendiels brûkt om der in stik fan de ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Swol oerhinne te lizzen.

It doarp bestiet no út in pear buerten mei ferskillend karakter. Alhiel yn it noarden leit in streek fan grutte, soms monumintale pleatsen by de âlde Ryksstrjitwei en de Sminiawei lâns. Yn ‘e midden leit by de brêge en de fly-over fan de autodyk oer de Nije Pompsleat, de Kapellewei. De dyk fiert nei it licht ferhege tsjerkhôf mei de herfoarme tsjerke dy ‘t yn 1818 boud is op it plak fan de kleasterkapel fan it konvint. It is in sealtsjerke mei in trijekantige koarsluting en in geveltuorke.

Nei it suden ta is in buert foarme by de slûs en in nije brêge yn de feart dy’t laat nei de Polder fan it 4e en 5e Feandistrikt. Dat foarme it buorskip Nijbrêge, dat earder by Schoterland en de gemeente It Hearrefean hearde.

Nijhoarne is in streekdoarp dat yn de 18e ieu ûntstien is by de splitsing fan de Binnenweg, dy’t no as Schoterlandseweg fan Aldskoat ôf oer de hiele lingte fan de gemeente It Hearrenfean de belangrykste ûntslutingswei rjochting Donkerbroek wurden is. En by de foar it trochgeande ferkear net sa belangrike Buitenweg dy’t in wat súdliker koers oanhâldt.

It doarp leit yn in lânskip dêr’t heechfean ta turf wûn is en dêrnei yn kultuer brocht is. Súdliker lizze de leechlizzende healannen fan de fallei fan de Tsjonger dy’t dêr oant de kanalisearring yn 1886-1888 as in echte rivier meändere en in grillige grins foarme mei West- en Eaststellingwerf. It doarp hat him ûntwikkele op it plak dêr’t fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart ôf út it noarden de Fjirde Wyk rjochting Binnenweg rûn.

Dêr kaam ek de doarpstsjerke. De tsjintwurdige tsjerke, mei der omhinne in tichte beammeseame datearret út 1778 en is destiids boud yn opdracht fan grytman Daniël de Block van Scheltinga. De tsjerke is healwei de 19e ieu hersteld, mar it stichtsjen is mooglik âlder omdat der yn de toer in klok hinget, dy’t nei alle gedachten getten is yn de 15e ieu troch Johannes van Bomen. De tsjerke is in ienfâldige sealtsjerke mei in trijekantige koarsluting en boud fan giele stientsjes yn in ritme fan ferdjippe traveefakken, dêr’t om en om rûnbôgige finsters yn stean. De foargevel is pleistere yn blokfoarmen, foarsjoen fan tichte rigen muorre-ankers en op de hoeken pilasters dy’t diamantkoppen fertoane. Op de gevels stiet de houten toer mei oerewurk, galmgatten en in ynsnuorre spits.

Yn de buerten by de wegen lâns stiet nochal wat bebouwing út it lêst fan de 19e en it begjin fan de 20e ieu, mar Nijhoarne eaget as in jong doarp. Nei de Twadde Wrâldoarloch is it doarp foaral tusken de twa wegen yn ynfold, benammen ek mei folkswenten dy’t de wenningbouferieningen dêr ûntwikkelje. Lykwols, Nijhoarne is gjin komdoarp wurden, it is altyd noch in streekdoarp.

Nijskoat is in âld streekdoarp dat no útstrekt by de Rotstergaasterweg lâns leit. It is altyd in frij lyts doarp bleaun. Fanwege it sterk nei it suden ta útwreide Hearrenfean is Nijskoat hast de súdlike marzje fan dit plak wurden. Boppedat is de lintbebouwing, benammen yn it eastlike part, yn de jierren nei de oarloch fertichte. Lykwols hat Nijskoat in lânlik karakter hâlden, in karakter dêr’t yn westlike rjochting op syn bêst fan geniete wurde kin. It wie “zeer vermaaklyk in de bouwlanden, en in het geboomte gelegen” skreau de Tegenwoordige Staat van Friesland yn 1788 en dat kin men der hjoeddei noch fan sizze.

Oan de westkant wurdt it doarpsgebiet begrinze troch de Engelenfeart dy’t yn 1840 groeven is om de Feanskieding – it eastlike ferlingde fan de Skoatterlânske Kompanjonsfeart – yn ferbining te bringen mei de Tsjonger. Foardat dizze feart groeven waard rûn de frij tin beboude streek by twa paden lâns fierder nei it westen ta troch oan wat no it eastlike gedielte fan it lang útstrekte doarp Rotstergaast is.

De tsjerke is in letgoatysk gebou mei steunbearen en in trijekantich sletten koar. It gebou is oplutsen fan reade kleastermoppen dy’t sa te sjen by in fernijing opnij brûkt binne. Der wurdt ornearre dat dit yn de 15e ieu bard is, mar mooglik ek letter. Yn de súdgevel sit in tichtset spitsbôgich lansetfinster, mar de gevels binne no iepen mei rûnbôgige finsters. De foargevel wurdt ek skoarre troch steunbearen en de geveltop is nei alle gedachten yn de 18e ieu fernijd yn lytse stien.

Op it hôf stiet in lytse houten klokkestoel mei in sealdak dy’t in 15e-ieuske liedklok herberget. Tsjerke en klokkestoel stean op in sfearfol, troch beammen omseame tsjerkhôf. Dat is yn de 20e ieu útwreide ta in grut, kreas ûnderhâlden begraafplak, dêr’t ek in krematoarium by heart. Yn it westen fan it doarp stiet in oantal monumintale boerepleatsen. Sa as tichteby de Engelenfeart in modeltype kop-hals-romppleats ‘Rikazathe’ út om-ende-by 1860 mei molkenkelder, bôgesletten finsters en rûnsletten skuorredoarren en in hearlik ynbannich hiem.

Nij Beets is in jong streekdoarp. In ferfeanersdoarp, dat ûntstien is doe’t de turfwinning yn de lege feanen likernôch healwei de jierren om 1860 hinne begûn is. De delsetting lei op it grûngebiet fan it âlde doarp Beets.
Troch de feanen hinne rûn in belangrike ferbiningswei nei Utingeradiel, de Swynswei; noardliker lei de Gea Weg – no de Prikkewei – yn it doarp. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland (1788): “Den rydweg, die van Beetsterzwaag door dit Dorp en voorts naar ‘t westen loopt, onder den naam van rechte Zeweins weg en dien van Ga Weg; gaande de laatste geheel tot aan Utingeradeels grenzen, door de laage landen, die het Beetster Hooi- en Maadlanden worden genaamd. Verder Zuidoostwaarts ... liggen hooi- en weidlanden, bekend by den naam van Wester Buure Vennen, na welke de Marschen volgen.”

Yn 1831 waard in nije strjitwei, de Nieuwe Leppedijk – no de Domela Nieuwenhuisweg – tusken de Swynswei en de Gea Weg oanlein. Fan 1863 ôf gie de skeppe yn de lânerijen. Tweintich jier letter liet in lânskip in ôfwikseling sjen fan stripen woeste grûn, healannen en turflannen. Bebouwing kaam benammen ta stân oan de Prikkewei, oan de eastkant fan de Skipsleat en noardlik fan de Nije Beetsterfeart.

Yn 1891 waard der in houten tsjerkje boud. It is krekt yn dit doarp dêr’t de skiednis fan de ferfeaningen sichtber is yn it iepenloft leechfeanderij museum ‘It Damshûs’, wêrfan’t in ienkeamerwenning oan de Skipsleat in orizjinele kearn is. Fierder lit it museum ûnder mear in trekkerskeet en in rekonstruksje fan it houten tsjerkje sjen. Fan ein 19e ieu ôf kaam de ûntginning fan de útfeane grûnen dreech op gong.

Yn 1908 koe der oan de Skipsleat in stiennen herfoarme tsjerke boud wurde. Yn 1917 folge oan de Prikkewei in grifformearde tsjerke. Ut iere organisearre folkswenningbou binne de rige fan tweintich út 1921 oan de Swynswei (fanâlds Zeveinsweg) en de rige fan tolve dy’t yn 1938 en 1940 oan in sydpaad fan de Domela Nieuwenhuisweg kamen, goede foarbylden.

Nijeberkeap is in streekdoarp dat net sa jong is as dat de namme fermoeden docht. It is in dochterdelsetting fan Aldeberkeap, al yn de 13e ieu ûntstien. It is in lyts doarp bleaun en de ynwenners hawwe harren tsjerke net yn eare hâlde kind, sa dat dy yn 1826 ôfbrutsen is. Yn 1788 koe de Tegenwoordige Staat van Friesland mei inkele sinnen folstean: “Nieuwe- of Nijeberkoop, ten oosten van ‘t voorige Dorp Oldeberkoop, is tusschen de beide voornoemde rydwegen gelegen. Het Kerkje is hier zonder toren. De gelegenheid van dit Dorp tusschen de Kuinder en de Linde is gelyk aan die van ‘t voorige en de grond van denzelfden aard; doch men vindt er minder Weid- en Hooiland.”

Dizze beide wegen binne de súdlike Binnenweg en de noardlike Buitenweg. Se hjitte no de Bovenweg en de Oosterwoldseweg/Grindweg. De boerelannen by dizze wegen lâns strekke har út oan de âlde rivieren de Linde en de Tsjonger – dy’t yn de Stellingwerven de Kúnder neamd wurdt – yn it noarden ta. Healwei de 19e ieu bestiet der neffens it kaartbyld fan de streek yn de atlas fan Eekhoff (1849) hast noch gjin bebouwing oan de Buitenweg en ek by de Binnenweg lâns is de bebouwing net ticht. Oan in tuskenpaad, berikber oer de Lijkweg nei it begraafplak dêr’t ea de tsjerke stie, wienen ek in pear buorkerijen te finen. Oan de Bovenweg is yn 1898 in skoalle boud – in foarganger wie yn 1826 opheft – dy’t noch altyd bestiet, in twaklassige skoalle mei in skoallehûs.

Fan de Bovenweg ôf kin it begraafplak berikt wurde, dêr’t in klokkestoel mei sealdak op stiet. Yn 1934 waard de Albardalaan ferhurde, wêrtroch’t de streek nei it noarden ta, rjochting Hoarnstersweach, ûntsletten waard. Tusken de Grindweg (Oosterwoldseweg) en de Bovenweg yn foarmje wol paden, mar gjin wegen, ferbiningen. Oan de Bovenweg en op Egypte is foar de oarloch wat folkshúsfesting ta stân kommen. Nei de oarloch barde dat oan de Bovenweg en de Oosteregge.

Nyegea is in streekdoarp fan midsieuske oarsprong. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1718 is it in agraryske streek by de Lykwei, (no de Kommisjewei) lâns, tusken de ekers yn. De tsjerke stie alhiel oan de westkant en dêr lei yn it westen de buert De Wieren tusken de greiden yn.

Yn it lêst fan de 18e ieu melde de Tegenwoordige Staat van Friesland dat it in tsjerke sûnder toer hie en: “dit is het eerste dorp, daar men, uit Tietjerksteradeel komende, doorrydt. Onder ‘t zelve behooren eenige buurtjes van naame, als de Wieren naast aan de Kerk, de Middelbuure, ten Zuiden naast aan de Hoogeweg gelegen, en nog verder zuidwaarts, over dien weg, niet verre van het Gaaster Diept, Egbert Gaasten; waaromtrent het alles veengrond is. De overige huizen die tot dit dorp behooren, liggen langs de Lyk- en Hoogeweg, aan de bouwlanden en in ‘t geboomte, ‘t welk een aangenaam gezigt geeft.” Ek it buorskip De Tike hearde yn ‘t earstoan ûnder Nyegea en is letter in selsstannich doarp wurden.

De toerleaze tsjerke hie yn alle gefallen in âlderdom dy’t oant de 14e ieu ta werom gie, want de liedklok yn de tsjintwurdige tsjerke datearret fan 1381. Yn 1877 wurdt de ‘belangrijke vertimmering van de kerk op de Nijegaaster Hoek’ advertearre. Mar oft dat ek bard is ûnder de lieding fan de Drachtster arsjitekt D.D. Duursma, is noch mar de fraach. Yn 1893-1894 is in troch deselde arsjitekt ûntwurpen nije tsjerke ta stân kommen. In aparte sealtsjerke fan neoklassisisme en neorenêssânse. It skip is útwindich stukadoare en op alle hoeken steane spitskes. It front mei ynboude toer is yn skjin mitselwurk útfierd. De toer mei ynsnuorre nullespits is ferlibbene mei rûnbôgefinsters yn pearen en galmgatten mei sierlike rânen omliste.

Tsjin de tsjerke oer hat him in soarte fan plein foarme, dêr’t inkele wenningen en it kafee op rjochte binne, even mear nei it noarden ta stiet in earder tolhûs fan om-ende-by 1890. Oan de Kommisjewei stiet in ferskaat oan wenningen en (soms monumintale) boerepleatsen.

Nijehaske is in streekdoarp fan midsieuske oarsprong. It wie it eastlikste doarp fan it Hasker Fiifgea en sil sa om 1200 hinne oan de ferbiningswei tusken Westermar/Joure en It Hearrenfean yn ûntstien wêze. Op it meast iere betroubere kaartbyld, dat yn de atlas fan Schotanus út 1718, leit in frijwat losse rige fan inkele buorkerijen súdlik fan de dyk mei sa ûngefear yn ‘e midden de tsjerke. Alhiel yn it easten leit in ticht beboude buert oan de Hearesleat en de dêr krusende Overspitting, no mei de namme Haskerfeart. De buert waard ek wol de Bandsterschans neamd, nei de fersterking dy’t hjir yn de 17e ieu lein hat.

By It Hearrenfean fûnen ferfeaningen plak en folgen alderhande ekonomyske aktiviteiten. Sadwaande krige Nijehaske in dûbeld karakter. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland stiet: “een Dorp in ‘t Oostelykste deel der Grieteny, waaronder een gedeelte van ‘t Heerenveen behoort, met de meeste huizen der Bandster Schans. De Kerk deezes Dorps staat aan de Heere Sloot; alwaar thans ook de wooning van den Predikant gevonden wordt, daar die, voor deezen en nog by onzen tyd, in ‘t eenzaame Hasker Dyken, by het Kerkje, gevonden wierd. De meeste landen, ter wederzyden van dit Dorp, zyn mied- en klynlanden, die zich verre in ‘t Noordwesten uitstrekken.” It noardwestlike part fan It Hearrenfean hearde oan de gemeentlike weryndieling fan 1934 ta by Nijehaske, ek it spoarstasjon. De tichtbefolke streek fan de Hearewâl en omjouwing kaam doe by it grutte plak It Hearrenfean. Ek it âlde tsjerkhôf njonken de Alberthoeve oan de Jousterweg waard opslokt. Yn 1984 is de grins tusken It Hearrenfean en Skarsterlân opnij yn westlike rjochting ferskood wêrtroch‘t dizze yn it Nije Hearrenfeanster Kanaal kaam te lizzen.

Fan Nijehaske restearret in buertsje fan inkele tsientallen wenningen tichteby de trijesprong fan de Jousterweg en de Nije Fjildwei en inkele boerepleatsen. Noardlik fan it doarp binne de bedriuweterreinen fan Kanaal-West en Businesspark Friesland-West ûntwikkele wêrtroch’t yn it doarpsgebiet gâns arbeidsplakken kommen binne. Fan in doarp kin amper mear praat wurde.

Nijeholtpea is in streekdoarp, yn de lette Midsieuwen ûntstien oan de dyk fan Wolvegea nei Easterwâlde. De frij losse lintbebouwing oan de Binnenweg (no Hoofdweg) is op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 oanjûn. Troch de knik yn de Hoofdweg, wylst de Binnenweg trochrint en fanwege de posysje fan de tsjerke tichtby de Bovenweg (ek wol Buitenweg en tsjintwurdich Stellingweg), is in wegenkrús ûntstien en waard it doarpsgesicht fariearder as dat fan de omlizzende doarpen.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “het Oostelykste der Dorpen aan de Noordkant van de Linde, strekt zich met zyne landeryen Noordwaards uit tot aan de Kuinder, en Zuidwaarts tot aan de Linde. De kerk deezes Dorps heeft een spits torentje, waarin twee klokken hangen: dezelve staat aan het einde van den Middenweg, die by Wolvega begint, en, by deeze Kerk in den Buitenweg eindigt. ... Daaromtrent liggen de huizen zeer aangenaam in het geboomte en de bouwlanden. Nergens vindt men in deeze Grieteny meer Houtgewas, dan in dit en in ‘t naastvolgende Dorp, waarop ook jaarlyks hier veel brandhout wordt gemaakt, en alomme verzonden .... Weleer genaamd ... hebbende dat gebouw toebehoord aan den Saxischen Grietman Lykle Eblens, gesprooten uit het voortreffelyk geslagt ... welk namaals den naam van Lyklama à Nyeholt heeft aangenomen.”

Op de kaart út 1850 yn de atlas fan Eekhoff is te sjen dat it doarp yn dy tiid noch beskieden fan omfang wie. En dat wylst Nijeholtpea it stamplak fan it Lycklama à Nijeholt-geslacht wie; in famylje dy’t lange tiid belangrike bestjoerlike funksjes yn Weststellingwerf en oare gritenijen besette.

De letgoatyske, oan Sint-Nicolaas wijde tsjerke hat in trijekantich sletten koar en in aardich ritme oan spitsbôgefinsters tusken de steunbearen yn. De slanke toer mei nullespits hie oarspronklik oan de foet grutte spitsbôgige iepeningen, mar dy binne ticht set. Tsjin de westlike muorre is in oerhoekse steunbear pleatst. De toer draacht twa klokken, ien fan Willem Wegewaert út 1598 en de oare fan Gheraert Koster út 1611.

Nijeholtwâlde is in lyts, net al te âld streekdoarp dat oan de súdkant fan de âlde Weerdijk ûntstien is. Dizze Weerdijk is dúdlik werjûn op de gritenijkaart fan Weststellingwerf yn de atlas fan Schotanus. Kommende út it suden by Aldetrine wei slingere hy him troch it westen en noarden fan de gritenij. Fierder gie hy mei in bocht troch Aldlemmer en Nijelemmer en mei twa heakse bochten noch fierder nei it easten ta troch Nijeholtwâlde hinne om by Aldeholtwâlde wer in bocht nei it suden ta te meitsjen oan de westlike flank fan Teridzert ta.

Op de kaart is Nijeholtwâlde in frij ticht beboude streek mei de tsjerke yn ‘e midden. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 notearre: “onder dit Dorp, wiens kerk al voor veele jaaren is afgebroken, en waarvan nu maar alleen het kerkhof met een Klok en Klokhuis overig is, binnen den Weerdijk, verscheiden bouwlanden, hoewel van een veenigen aard. Weleer werd hier in de buitenlanden naar de Kuinder toe, een soort van turf gegraaven, de Holtwolder Akkerturf genaamd, die voor de beste der geheele Provincie gehouden werd; dan hoewel men hier nog al zeer goede turf graaft, is nochthans de Akkerturf niet meer in weezen. Door dit Dorp ... loopt de weg van Schooterbrug naar Wolvega.”

It Aardrijkskundig Woordenboek fan Van der Aa melde healwei de 19e ieu noch dat it doarp fan âlds tige boskryk wie en: “Bij den watervloed van Februarij 1825 was dit dorp als in eene bouwval herschapen. Veele huizen waren ingestort of weggedreven, zoo dat men hunne standplaats niet meer herkennen kon. Een vijftal menschen en bijna al het vee kwam hierbij om.” Tsjintwurdich is it foaral in efter de autodyk en spoarwei wat isolearre rekke agraryske streek mei wat huzen by de trijesprong fan de Heirweg. Noardliker leit it tsjerkhôf mei in yn 1973 opknapte houten klokkestoel mei helmdak dêr’t in klok yn hinget dy’t yn 1788 getten is troch Christiaan en Jan Seest.

Nijelemmer is in agrarysk streekdoarp dat yn de lette Midsieuwen oan de súdkant fan de âlde Weerdyk ûntstien is. Dizze Weerdijk is dúdlik oanjûn op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 en kronkele troch it westen en noarden fan Weststellingwerf. Hy kaam út it suden fan Aldetrine en gie mei in bocht troch Aldlemmer en Nijelemmer en mei twa heakse bochten noch fierder nei it easten troch Nijeholtwâlde hinne om by Aldeholtwâlde wer in bocht nei it suden ta te meitsjen oan de westlike flank fan Teridzert ta.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld: “een Dorp van maatigen omtrek ... ten Noordoosten van ‘t voorige Oldelamer, aan denzelfden rydweg of Weerdyk gelegen. Door den zwaaren stormwind van den 12 December 1747, stortte hier een gedeelte der kerk in, die daarna voorts geheel is afgebroken. Weleer werd hier zeer veel turf gegraaven, en thans nog eenige, loopende de turf Wyken alle uit in de Kuinder. Ook loopt door dit Dorp de Schipsloot van en naar Wolvega.”

Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 binne de spoaren fan de feangraverij te sjen. It gebiet noardwestlik fan de Skipsleat is ien fan de lêste yn kultuer brochte ferfeane gebieten fan Fryslân: De Ontginning, dy’t diels ek ûnder Nijeholtwâlde rekkene wurdt. Dêr ûntwurp arsjitekt Gerben Bergsma yn 1928 in gemaal oan de Skipsleat yn ekspresjonistysk-saaklike styl en hy soarge ek foar it ûntwerp fan de flinke rige buorkerijen yn fariearde typen by de rânen lâns en yn ‘e midden fan de nije feanpolder.

De âlde streek is frij los beboud; de measte grutte boerepleatsen steane net oan de dyk mar it lân yn, mei in eigen opreed. By de Hoofdweg en Schipslootweg lâns steane mar in pear huzen. Op it plak fan de ynstoarte tsjerke leit it romme tsjerkhôf, mei in flinke seame fan struken en beammen der omhinne. De klokkestoel mei helmdak is oarspronklik út 1795, mar is in pear kear fernijd. De klok is yn 1599 getten troch Willem Wegewaert.

Nijemardum is in streekdoarp dat op de râne fan deselde sânrêch as Aldemardum ûntstien is, fermoedlik om 1200 hinne. De streek leit oan de râne fan de rêch oan de âlde lânwei fan Starum en Sleat. It doarpsgebiet fan Nijemardum fertoant lânskiplik in opmerklike fariaasje. Súdwestlik stiet in rige buorkerijen oan dizze dyk dy’t harren lannerijen yn de lege Hoitebuorsterpolder hawwe. Oan de oare, eastlike kant fan it doarp lizze op de frijwat hege, súdeastlike flank fan Gaasterlân de Heaburgen.

De boerestreek rint súdlik om wat jonge boskperselen fan de Rietpollen hinne en leit fuort efter de eardere Suderseedyk. Under de opmerklike kolleksje buorkerijen fynt men ûnder mear in winkelheakeftich model. ‘De Groninger’ lit yndie sa’n typysk Grinzer, heech oplutsen foarein sjen. De pleatsen rize robúst op út it wrydske lân. Noardlik fan Nijemardum rinne de Hege Bouwen dêr’t njonken it boerebedriuw en oare aktiviteiten ûntwikkele binne. Noch noardliker leit de tsjintwurdige beboske Nijemardumerheide en it âldere Lycklamabosk.

De buert by de tsjerke hat neffens ferskate boarnen yn de 16e en de 17e ieu flink wat bebouwing kend; it skynt dat der nochal wat stinzen yn it doarp stien ha. Yn it lêst fan de 18e ieu blykt dat der in soad fan dy bebouwing ferdwûn is en op de kaart fan Gaasterlân fan 1854 is it der in keale boel. De tsjerketoer siet hielendal allinne. Fan ein 19e ieu ôf is der wer boud. Dat hat him fuortset yn de 20e ieu. No hat him dêr, ek mei de nei-oarlochske bebouwing wer in echte buorren foarme.

By in flauwe bocht stiet op it âlde, mei ticht en swier beamtegrien omseame tsjerkhôf in hege, iensume bakstiennen toer. Oarspronklik hearde dy by de yn it lêst fan de 18e ieu sloopte midsieuske doarpstsjerke. De goatyske toer datearret út om-ende-by 1370 en is om 1500 hinne noch ris ferhege. De toer hat in frij leech tintedak. De herfoarme tsjerke is no ûnderbrocht yn de ferboude, yn 1899 ta stân kommen iepenbiere skoalle.

Nijetrine is in net al te âld streekdoarp en hat in tige tinne bebouwing. It leit tusken de yn de19e ieu foar turfwinning fergroeven lannerijen yn en hat sadwaande it natuerreservaat de Rottige Meenthe oplevere. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 docht bliken dat der yn it leechlizzende lân mar in hantsjefol buorkerijen en huzen stean, allegearre mei in opfeart nei de Skean ta. Oan de súdkant fan de streek rint de (Binnen)weg fan Skoattersyl nei Wolvegea. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld: “het kleinste Dorp der Grieteny .... De Kerk had eertyds een spits torentje; doch in ‘t jaar 1750 is de geheele Kerk, bouwvallig zynde, weggebroken, en niets daarvan overgelaaten, dan een ringmuur, binnen welke de Lyken begraaven worden. De landeryen van dit Dorp loopen, gelyk die van het voorgaande, van de Scheen Zuidwaarts tot aan de Linde.”

Op de kaart yn de Eekhoff-atlas stiet it ferfallen tsjerkhôf en is in nije dyk, súdliker dan de Binnenweg, de lettere Pieter Stuyvesantweg fan Slikenboarch nei Wolvegea oanjûn. Dêr ferpleatste de bebouwing him hinne en ek it beskieden herfoarme tsjerkje, no Maranathatsjerke, is dêr yn 1919 boud. Yn it wetterrike doarpsgebiet binne foarsjennings te finen om de wetterstannen behearskje te kinnen. Yn it noarden stean oan de Veendijk twa poldermolens mei moolnershuzen, De Rietvink en De Reiger. Dêr leit ek de yn 1914 oanleine Skeaneslûs mei in houten draaibrêge, dêr’t in slûswachterswenning, in kafee en in skipshelling by stean.

Oan de súdlike útmûning fan de yn 1748 groeven Jonkers- of Helomafeart leit op de grins fan de Beneden- en Bovenlinde in slûs om de trije ferskillende wetternivo’s passeare te kinnen. De slûs is oarspronklik út 1775, mar is yn 1927 fernijd. Mei in wachterswenning en in earder winkelhûs wurdt in belangwekkend wettersteatkundich ensemble foarme, dat nei de oanlis fan de nije Mr. H.P. Linthorst Homanslûs yn 1973 mar krekt fan de ûndergong rêden is.

It komdoarp Nijlân is it iennichste doarp dat yn it droechfallen en ôfdamme súdwestlike diel fan de Middelsee op in krúspunt fan wegen stichte is. Mooglik is dat yn de 13e ieu bard, mar der binne ek fermoedens dat de komfoarming al fóár 1100 plak fûn hat.

De kearn fan it doarp leit noardlik fan de dyk Snits-Boalsert, dy’t fan de 19e ieu ôf bepalend west hat foar de ûntwikkelingen fan it doarp. Dêrtroch jout Nijlân tsjintwurdich de yndruk fan in dykdoarp. By it krúspunt stiet de markante doarpsherberch dy’t yn de perioade fan de ûntsluting fan it plattelân troch it spoar ek tramhalte waard. Yn 1882 ried der tusken Snits en Boalsert de earste stoomtram fan Fryslân, in spoarferbining dy’t it in heale ieu útholden hat. Noardlik fan de haadferkearsrûte troch it doarp, de Tramstraat, leit de eigentlike doarpskom om it omgrêfte tsjerkhôf mei rizige tsjerke en toer hinne. Oan de westkant stiet yn in romme tún de wyt bepleistere pastorije, dy’t ûnder it pleisterwurk in hege âlderdom ferskûle hâldt. Noardliker leit it vikarishûs dat yn it muorrewurk noch midsieusk materiaal hat. Oan de noardkant stiet de âlde pastorijepleats. Oan it eastlike part fan de tsjerkegrêft en de dêrop útkommende lytse strjitsjes en steechjes is de âldste, mar faak ek sterk fernijde bebouwing te finen. En nei it suden ta in heal iepen, fariearde bebouwingsstreek, dêr’t in steatlike kop-hals-rompbuorkerij yn opfalt. Al dizze fan aard ferskillende eleminten yn de doarpsbebouwing wurde op in prachtige wize bij elkoar hâlden troch it romme, ovale tsjerkhôfeilân.

Yn de 13e ieu is hjir in earste godshûs stichte, mar de letgoatyske doarpstsjerke datearret út it begjin fan de 16e ieu. Yn de noardmuorre binne noch stikken fan de âlde tsjerke ferwurke. Boppedat is it ôfwikseljende giele en reade moppemateriaal by de weropbou opnij brûkt. Al mei al levere dat in libbendich muorrewurk op. De regelmjittige ôfwikseling fan grutte spitsbôgefinsters en steunbearen biedt in karakteristyk letgoatysk metrum. De mânske toer mei achtkante spits is in kear ferhege. De klokken liften mei en der kaam in twadde rige galmgatten.

Noardburgum is in jong heidedoarp dat fan healwei de 18e ieu ôf, doe’t de heide ûntgûnen waard, yn in oantal streken ûntstien is.
De Burgumerheide waard ûntgûnen op inisjatyf fan dr. Nicolaas Ypeij, dy’t troch syn houlik mei Baudina Looxma net allinne yn it besit kaam fan Vijverburg by Ryptsjerk, mar ek fan de útstrekte heidefjilden eastlik dêrfan. Ypeij ûntwikkele in partikuliere wize fan wurkferskaffing, wêrmei’t it park by syn bûtenhûs oanlein waard, mar ek de heidefjilden yn kultuer brocht waarden en buorkerijen stichte. Ypeij soarge op in reginteske wize foar it geastlik wolwêzen fan de arbeiders op ‘De Heide’ troch inisjativen te nimmen foar in tsjerke, in skoalle en in earmhûs.

Westlik fan it doarp leit de Ypeij-buorkerij, ‘Veldlust’. Oan de foarkant fan de stjelppleats binne de finsters tichtmitsele, mar der sitte wol fertellende gevelstiennen yn. De iene fermeldt dat de earste stien lein is troch de soan fan dr. Ypeij, de 16-jierrige Age Looxma Ypeij op 3 april 1850. Op de oare stiet te lêzen: ‘Gedenksteen ter eere van het bezoek van Z.M. den Koning, Willem lll aan de boerderij en ontgonnene gronden, Veldlust en Klein Veldlust genaamd; op den 22sten April 1852: zijnde bij die gelegenheid de eigenaar, Dr. N: IJpeij, door Z.M. benoemd tot Ridder der orde van den Nederlandschen Leeuw.’

Oan de Ryksstrjitwei is yn 1850 in tsjerke stichte. De earste stien is hjir ek lein troch Age Looxma Ypeij. It is in rjochsletten sealtsjerke mei spitsbôgefinsters mar foar it oare mei in neoklassicistyske oanklaaiïng, foaral by de yngongspartij. Op it dak stiet in dakruter mei in koepeldakje. Op it tsjerkhôf leit it grêf fan ds. Thoden van Velsen dy’t foar Ypeij de jonge mienskip foarme en mei-inisjatyfnimmer ta de tsjerkebou wie. It kategisaasjelokaal is yn 1895 boud yn de sjaletstyl. De kloeke pastorije is yn 1849 ûntwurpen troch arsjitekt A. van Riesen. Tsjerke en pastorije lizze yn in romme tún mei âld beamteguod. Dêr tsjinoer is yn 1843 it earmhûs stichte, in gebou fan in inkele laach en fan twa lange beuken, dêr’t hjoeddei in klompemakkerij en –museum yn festige is. Dêr stiet ek de eardere ‘naai- en breischool’ fan de Ypeijstichting, dêr’t Age Looxma Ypeij yn 1873 wer de earste stien fan lein hat. Oan de Ryksstrjitwei steane de twa skoallen, beide middengongskoallen mei fjouwer klassen, boud yn 1922. De iene is in iepenbiere, de oare in kristlike skoalle.

Súdlik fan de Ryksstrjitwei waard yn de tweintiger jierren in kompleks foar de wetterwinning stichte. It gebou waard krekt foar de oarloch nei ûntwerp fan ir. J.J.M. Vegter ferboud. In nije ferbouwing en útwreiding waard yn de fyftiger jierren troch de eigen boukundige tsjinst útfierd, wêrby’t jhr. ir. A.P. Wesselman van Helmond út Nijmegen de arsjitektuer fersoarge. Yn 1958 kamen dy gebouwen mei pompehallen, in betsjinningshal, wurkpleatsen en kantoarromten klear. It gehiel is 85 meter lang en 20 meter breed en hat in fertikaal segmint fan fraaie mitsele kannelearre lisenen mei finsterstroken der tuskenyn. It dêrnjonken steande filtergebou hat op de begeane grûn in soarte fan lamellewand, mar wat heger is it sletten mei perforaasjes fan lytse finsters. Om de reaktoaren fan de wetterûnthurdingsynstallaasje hinne is yn 1984 nei ûntwerp fan J.G.C. Vegter in strang, mar likegoed libbendich ynfolle betonnen skelet oplutsen.

De buorskippen fan ‘De Heide’ groeiden stadichoan nei elkoar ta en binne yn 1930 ta it doarp Noardburgum gearfoege. Nei de oarloch is de groei trochgien, om te begjinnen yn 1949 mei libbendich pleatste, flinke rigen fan mei totaal tweintich arbeidershuzen oan de Zevenhuisterweg. Dizze wenningen fan de wenningstichting ha harren foargongers yn de huzen oan de Veldmanweg út 1939. Noardburgum is no in flink doarp dat foaral noardlik fan de Ryksstrjitwei leit. Op de krusing fan de Zevenhuisterweg mei it Marijkepaed en it Abe Brouwerpaed stiet de yn ekspresjonistyske styl boude baptistetsjerke út 1936.

Noardwâlde is in grut streekdoarp fan midsieuske oarsprong dat him al gau nei it graven fan de Noardwâlder Feart (oarspronklik Noordwolder Sloot) yn 1642 ûntwikkele ta in krúsdoarp. Dat byld jout de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1715 te sjen. De oarspronklike bebouwingsstreek set him nei it krúspunt fan dyk en feart noch fierder nei it easten ta troch, mar hjir, yn tsjinstelling ta oare streekdoarpen op dizze ûntginningsas, oan de súdkant fan de dyk. Noardwestlik fan de krúskearn leit noch de Molenbuurt.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland wurdt meld: “een groot Dorp .... Weleer was dit Dorp, wegens de sterke turfgraavery, zeer in bloei, waarom ‘er van jaar tot jaar nieuwe huizen werden aan gebouwd; doch thans begint het veen sterk te verminderen, en dus de bloei van ‘t Dorp af te neemen. Om de turf van hier te vervoeren, heeft men, voor deezen, met groote kosten, door hoog land, hier eene Vaart of Schipsloot gegraaven, die de Noordwolder Sloot genaamd wordt, en, met meer dan een Verlaat voorzien, in ‘t Zuiden van Nyeholtpade uitkomt in de Linde, die daar vaarbaar is, en ook gehouden wordt, door middel van een Verlaat, op de hoogte van Oldeholtpade. De kerk deezes Dorps heeft geenen toren, en staat aan den algemeenen rydweg, in ‘t geboomte. Wat Westlyker heeft men eene fraaie buurt op den wal van gemelde Sloot, over welke eene Valbrug ligt en waarby ook een Veenheerenhuis gebouwd is. Een weinig Noordelyker heeft men eenige huizen in een vermaaklyk bosschagie, insgelyks door de Eigenaars der Veenen gebouwd. Wat Westlyker ligt de Molenbuuren, en vry verre ten Noordoosten op de Heide de buurt Zandhuizen. Dit Dorp heeft een’ Korenmolen staande bewesten de voornaamste buurt ten Zuiden van den rydweg.” Troch de bloei, te tankjen oan de turfwinning, groeide de delsetting út ta in grut doarp dat as fanselssprekkend it haadplak fan de gritenij waard. Mar it tij kearde en de kaart út de atlas fan Eekhoff lit sjen dat oan de sleat, yn de doarpskearn mei de namme Koloanjefeart, de bebouwing tichter wurden wie mar dat der foar it oare amper ûntwikkelingen wienen.

Om redenen fan filantropy waarden yn it lêst fan de 19e ieu troch dokter Mulder en dominee Reitsma inisjativen nommen om de wurkleaze fean- en lânarbeiders thús oan it wurk te krijen. Noardwâlde ûntwikkele him ek hjirtroch ta in doarp fan reidflechters, kuormakkers en stuollemakkers. Letter waard der oerskeakele op de rotanferwurking, foaral foar meubels. Yn it earmhûs kaam in oplieding om it fakmanskip te ferbetterjen en doe’t Harm Ellens yn 1908 de direksje fiere mocht, rêste hy net foar‘t der in echte skoalle stie. Dizze skoalle koe yn 1912 iepene wurde. Op de Ryks-reidflechtersskoalle waard foaral oandacht jûn oan de ambachtskeunst fan de produkten.

Yn it earstoan moasten de nei alle dielen fan it lân ferkochte stuollen en oare produkten nei de spoarhalte fan Pepergea/De Blesse brocht wurde. Mar fan 1914 ôf koenen dy mei de tram fan Noardwâlde nei Stienwyk ferfierd wurde. Troch de konkurrinsje fan Asiatyske produsinten moast dizze bedriuwstakke ynkrimpe. De skoalle is nei de oarloch sletten, mar noch altyd wurde dizze produkten yn Noardwâlde makke. Noardwâlde is in warber plak bleaun. De reidflechtersskoalle is yn 2000 ta museum ynrjochte en mei in nij stedsk plein útwreide ta in multyfunksjoneel sintrum mei skoalle, bibleteek, in teaterseal en folle mear funksjes. Ynpakt yn opmerklike arsjitektuer mei in knypeach nei it tichtby steande eardere tramstasjon út 1913.

De tsjerke stiet fan âlds yn it easten wat bûten de kom en is in sealtsjerke út 1640 mei in trijekantich sletten koar en in houten geveltoer út 1874.
Nôtmole Windlust, in achtkante houten stellingmole op in ûnderbou fan bakstien is yn 1860 as grûnsiler boud en yn 1880 ta stellingmole ferboud. De mole hat tsjintwurdich in museumfunksje. Noardwâlde is nei de lêste oarloch sterk útwreide. Dat is foaral oan de súdkant bard mei as resint resultaat it parkeftige gebiet De Stelling.


Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!