Doarpen

Doarpen

Kies de begjinletter


Raard is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is. It is in radiale terp, wêrfan’t de min of mear ovaal ferrinnende ringwei noch foar likernôch twatredde part om de terp hinne rint. De ringwei is frij ticht beboud, eastlik oan beide kanten, súdlik allinne oan de kant fan de terp. De westkant fan de terp is ôfgroeven. Oan de noardkant, dêr’t de even foar 1870 oanleine trochgeande dyk rjochting Lichtaard yn Ferwerderadiel rint, is dat destiids sa sterk en djip bard, dat der in doarpsiisbaan ûntstien is. Dêr manifestearret de terphichte him it dúdlikst. Fan de ringwei ôf rinne inkele steil oprinnende, soms foar privee- gebrûk ôfsetten paden nei de krún fan de terp.

It doarp is yn súdlike rjochting ûntsletten troch de as in âlde slinke troch it lânskip meänderjende Raarder Feart. Dizze rint nei de Dokkumer Ie dêr’t fan it noarden út de streekrjochte, lange wetterferbining fan Holwert op oanslút. De beskieden útwreidings hawwe earst oan de dyk rjochting Boarnwert plakfûn en letter, oant al in tiid nei der oarloch oan de eastkant fan de ringdyk en dêr efter, bûten de âlde terp.

By de krusing, westlik fan it doarp stiet de yn 1916 nei ûntwerp fan Ane Nauta boude grifformearde tsjerke fan Raard en Boarnwert. Westlik fan it doarp leit neiby de grins mei Ferwerderadiel it buorskip Kleffens mei monumintale boerepleatsen oan wjerskanten fan de dyk: Noard en Súd Kleffens. Noard Kleffens út it tredde kwart fan de 19e ieu hat in oerdwers foar de skuorre boud, ûnderkeldere foarein.

De doarpstsjerke, yn de Midsieuwen wijd oan Johannes de Doper, hat in navenant mânske toer mei ynsnuorre spits, dy’t út 1807 datearret. De lytse, fan kleastermoppen boude tsjerke stamt út it begjin fan de 13e ieu. Se hat in wat âlder koar mei in trijekantige sluting, wêrby’t de hoeken troch skalken aksintuearre wurde. Se binne lykwols foar in part ferdwûn efter grutte, letter oplutsen steunbearen.

Raerd is in terpdoarp en dat is goed te fernimmen. De Buorren en it Kleaster, mei goeddiels sletten bebouwing fan fariearde huzen, lizze prachtich om de foet fan de hege tsjerketerp hinne. De lege wenningen mei hege kapen foarmje in boeiend romtlik ritme.

Westlik fan de tsjerke is yn 1940 it troch arsjitekt Piet de Vries ûntwurpen gemeentehûs fan Raerderhim boud. Tsjin de sydgevel fan dit eardere gemeentehûs oer stiet it fraaie, 19e-ieuske bepleistere pân fan de pastorije dat letter doarpskafee waard. It gebou is yn 2002-2003 restaurearre en útwreide ta doarpshûs.

De tsjerke út 1814 is in ienfâldige sealtsjerke fan brune mangaanstien dy’t fan bûten de ynwindige rykdom net sjen lit. Dêr is meubilêr út de 18e ieu te bewûnderjen. Fierders fersierde roubuorden en fjouwer ryk bewurke sarken foar de famyljes Jongema en Eysinga, adel dy’t it yn dizze gritenij ieuwen te sizzen hie. De hege toer hat in wichtige silhûetfunksje.

It doarp leit tichteby de wâlskant fan de eardere Middelsee. Dêr mûne de Mûzel yn út. Dat rivierke rint no fan Grou ôf skildereftich meänderjend troch it lânskip om krekt by de kearn fan Raerd dea te rinnen. Boppedat leit it doarp tichteby it begjin (of it ein) fan de Slachtedyk, in midsieuske binnedyk. De foarnaamste tagongsdyk, de Slotsdyk, waard nei 1900 in favoryt plak foar rinteniers om harren filla’s te bouwen. Inkele binne boud yn de sjarmante, ‘stedske’ fernijingsstyl.

Westlik fan de Slotsdyk leit it ‘Raerderbosk’ in troch it Fryske Gea beheard parkgebiet mei âlde beammen. It is it terrein fan Jongemastate, in aadlike wenning dy’t yn 1515 ferwoeste is. It beskieden bûtenhûs dat dêr yn letter tiid stie, is yn it begjin fan de tweintichste ieu sloopt. De stinzepoarte út 1603 foarmet no noch de monumintale tagongspartij. Yn it bosk bloeie yn de iere maitiid stinzeplanten en der hâlde flinke koloanjes reagers en roeken ta.

Ravenswâld is in jong streekdoarp yn de uterste súdeastlike hoeke fan Fryslân. It graven fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart wie om 1820 hinne op ’e hichte fan it lettere Ravenswâld ta foardere. Parallel oan dizze feart waard de Nije Feart groeven en dêrfan út alve wiken en in pear krúswiken it fean yn. Dêr’t de Dadde Wiek en de Eerste Kruuswiek by mekoar kamen ûntstie de delsetting dy’t yn ‘t earstoan Appelscha Dadde Wiek neamd waard, mar wêrfoar’t nei de oarloch in namme ûntliend waard oan de yn it fean lizzende poel, de Ravensmar.

Ravenswâld wie de lêste feankoloanje fan Fryslân dy’t om-ende-by 1860 ûntstie en yn 1952 de status fan selsstannich doarp krige. Der stienen yn ‘t earstoan ferfeanershutten. It earste echte hûs waard dêr yn 1871 boud op rekken fan in feanbaas en winkelman út Appelskea.

Yn de desennia om 1900 hinne waard it ôffeane gebiet in kultuer brocht. De NV. Gezamenlijke Compagnons van Opsterlandse en Ooststellingwerver Veenen en Vaerten beplante it sintrale gebiet fan 1883 oant 1908 mei in bosk fan 200 ha: de Compagnonsbosschen. Al gau nei dy tiid binne de grûnen dêromhinne oanmakke yn opdracht fan in spesjaal dêrfoar yn 1908 oprjochte kompanjy, dêr’t earder ek de Nederlandsche Heidemaatschappij by belutsen wie. Yn in wiid karree dêromhinne is de grûn geskikt makke foar boulân, wêrby’t de boerepleatsen tige regelmjittich, strang hast, oan de rânewegen boud waarden. De earste pleats ‘Kloksveen’ waard yn 1911 troch de Heidemij ûntwurpen. De dêrop folgjende twa buorkerijen kamen yn 1913 ek yn it easten ta stân nei ûntwerp fan arsjitekt C.J. Wierda. In jier dêrnei kamen der nochris seis pleatsen yn it noarden.

Oan it ein fan de Dadde Wiek is op in sânhichte in stjerrebosk-foarmich plantsoen oanlein. Om-ende-by 1915 stienen der noch gjin tweintich huzen. Dêr kaam feroaring yn doe’t fan 1918 ôf de wenningstichting oan wjerskanten fan de Compagnonsweg ferskate wenningen bouwe liet. Ravenswâld groeide westlik fan de Compagnonsbosschen út ta in L-foarmige delsetting fan beskieden wenningen, dy’t wilens oan de kant fan it bosk in eigen moderne doarpsútwreiding krigen hat.

Readtsjerk is in lang streekdoarp fan foaral fersprate bebouwing mei hjir en der wat konsintraasjes fan agraryske bebouwing. It doarp hinget wat tsjin de Trynwâlden oan, de doarperige yn it noarden fan Tytsjerksteradiel en koe him dêr ûntwikkelje omdat der noch krekt in útrinner leit fan de hegere grûn dy’t nei Readtsjerk oergiet yn lege, feaneftige streken. Oan de súdeastlike kant leit de âlde kearn by de tsjerke en oan de noardwestlike kant rint it doarpsgebiet troch oant by de Moark.Dêr stiet yn de buert Healbird, in 18eieuske kop-hals-romppleats.

Oan it ein fan de 18e ieu hie it in struktuer dy’t no noch te sjen is: : ‘een dorpje met eene kerk zonder toren; ligt aan ’t water de Zwarte Broek, en loopt Westwaards aan, tot aan de Trynwouden in Tietjerksteradeel, met zyne bouwlanden, in welke zyn de buurtjes Healbird, de Syewier aan de Mork, en wat nader by de Weerbuuren.’ Readtsjerk is hielendal rjochte op de Trynwâlden, omdat it efter de feangebieten en it pas let (1926) yn kultuer brocht en troch natuergebieten omringe Bûtenfjild frij isolearre leit oangeande de oare doarpen fan Dantumadiel. De frij losse, foaral agraryske bebouwing fan de streekjes by de Koaiwei en Sickamawei en yn de buert fan de tsjerke mei wat kop-romppleatsen giet frijwol ûngemurken troch yn dy fan noardlik Mûnein.

De tsjerke sûnder toer is yn de betide 12e ieu boud fan dowestien mar is letter feroare. De dowestiennen noardlike muorre is noch hielendal yn it sicht; de westlike muorre is yn de 18e ieu yn reade bakstien restaurearre en letter binne de súdlike en eastlike muorren ommitsele. Op it dak lizze glazuere Lucas IJsbrandpannen. By de tsjerke is in opmerklike fynst dien: in sarkofaachdeksel fan griisgiele sânstien út de 12e ieu – ûngefear like âld as de tsjerke – mei in foarstelling fan in yn in pij klaaide man en mei in dekorative rânefersiering. It seldsume keunstwurk is no yn it Fries Museum yn Ljouwert.

Reahûs wie oant 1956 in buorskip by Easterein en krige doe pas de status fan selsstannich doarp. It lei tsjin de súdlike flank fan de Slachte oan en dus eins bûten it ‘eilân fan Easterein’, al stiet der in lytse stjelppleats mei in moaie beammeseame op it eilân. It is ien fan de jongste doarpen fan Fryslân. Nei de Herfoarming is hjir tichtby de grins fan twa gritenijen troch dyjingen dy’t it âlde leauwen trou bleaunen, in skûltsjerke ynrjochte yn in hûs mei in read pannedak. Folle letter is dêr in lytse delsetting omhinne groeid: healwei de 19e ieu is der sprake fan in seistal huzen by it tsjerkje.

Oan wjerskanten fan de Slachte steane kapitale esken dy’t de streek by de dyk lâns in soarte fan yntimiteit jout. Daliks by de westlike yntree yn Reahûs steane oan de súdkant earst in grutte stjelpbuorkerij út it begjin fan de 20e ieu en in fraai opknapte kop-hals-romppleats fan om-ende-by 1870 te pronk. Dêrnei folgje inkele en groepen wenningen út ferskillende bouperioaden.

Reahûs is in roomsk-katolike enklave mei in echte tsjerke sûnt 1892, de neogoatyske Martinustsjerke, ûntwurpen troch Alfred Tepe. Se is in pseudobasilyk fan fjouwer ferwulffakken djip, dy’t skoarre wurde troch swiere pylders mei listkapitelen. It brede skip wurdt ferfette yn in lang útrekt koar, mar de sydbeuken rikke net sa djip en einigje yn achtkantige kapellen. De mânske toer wurdt bekroand troch in ynsnuorre spits. Tsjerke en toer hawwe yn de wide omkriten in sterke silhûetfoarming. Yn de jierren 1895-1905 krige de tsjerke neogoatysk meubilêr út it ferneamde atelier Mengelberg út Utert. Fierder kaam der yn de tsjerke in searje brânskildere ruten. De rige krúsweistaasjes en in alterstik binne skildere troch de út Wâldsein ôfkomstige keunstner Otto de Boer. De parochy besit in polygromeard, let 15e-ieusk byld fan Sint-Martinus op it hynder mei de bidler. It is yn ‘e tiid fan de Reformaasje meinaam út Easterein, fanâlds ek in Martinus-parochy. It is ien fan de moaiste midsieuske foarwerpen fan devoasje fan Fryslân.

It komdoarp Reduzum leit eastlik fan de Middelsee. It is it ienichste doarp fan de gritenij Idaarderadiel dêr’t ynpoldere lân fan de Middelsee by heart: de Roordahuizumer Nieuwlandspolder. Reduzum is in libben doarp dêr’t de âlde dyk trochhinne meändert. Oan dizze dyk is de (wat âldere) bebouwing konsintrearre wêrtroch’t it wat fan in streekdoarp hat.

Reduzum is in komdoarp mei útwreidings by twa streken lâns. Nei de middelseedyk ta rint de ûntsluting streekrjocht en is omseame mei frijsteande huzen út alderhande bouperioaden fan de 20e ieu. Oan de strjitwei stiet in deftich notarishûs út de 19e ieu. Nei it easten ta is de dyk oer in flinke lingte noch beboud mei wenhuzen en pleatsen. Dêr binne oan it wetter ek oantinkens oan it suvelfabryk en arbeidershuzen te finen. Súdlik fan it doarp rint in âlde wetterloop, It Swin, in sydtakke fan de âlde Boarn, slingerjend troch it lânskip. De haven is yn de doarpskom diels dimpt, mar resint is oan dat gebiet op in bysûndere wize – mei benammen beplanting – foarm jûn. De bebouwing dêr is benammentlik 19e-ieusk mei in wytferve eardere herberch yn ‘e midden. Yn de kom fan Reduzum is de bebouwing kompakt en sletten en bestiet foar in grut part út yn de breedte boude wenningen fan in inkele folsleine boulaach en in kape mei in inkel heger hûs of pakhús en in inkele kop-hals-rompbuorkerij.

De tsjerke stiet oan de eastkant fan de doarpskearn. Se eaget frij nij mar it gebou is diels noch 15e-ieusk. Se is in mei laaien dutsen sealtsjerke besteande út in foartsjerke, trije troch betreklik lytse koerbôgefinsters ferljochte traveeën en in mearsidige sluting. De tsjerke hat oan de súdkant as yngongspartij in fraai barok poartsje fan sânstien. De toer is yn de twadde helte fan de 19e ieu fernijd. It is in flinke toer dy’t earst sûnder fersiering opgiet en troch ferskate kearen fersnien hoekebearen omfette wurdt. Yn de heechste segminten sitte nissen, rûnbôgefriezen en sierlike galmgatten. De achtkantige spits wurdt begelaat troch hoekepinakels mei in iepen bewurke balustrade.

Reitsum is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is. Mei Ginnum, Lichtaard, Jislum foarmet it in kwartet fan de Vlieterpen, flechtterpen. In eigenaardige beneaming omdat frijwol alle doarpsmienskippen yn de wide omjouwing terpen foarmen om by heech wetter flechtsje te kinnen. Ut âld kaartmateriaal blykt dat Reitsum altyd út in tsjerke, inkele huzen en buorkerijen en in state bestien hat. Yn de beheinde beskriuwing fan de Tegenwoordige Staat van Friesland (1786) komt it der op del dat Reitsum noch wat oansjen hat troch de hearlikheid Hania. Dit Hania is net werom te finen, wol Staniastate dat noardeastlik tichtby Lichtaard leit. De terp fan Reitsum koe mei troch de tinne bebouwing oan it ein fan de 19e ieu foar in grut part fergroeven wurde.

De doarpstsjerke is yn 1738 boud om in midsieuske tsjerke mei sealdaktoer te ferfangen. De preekstoel mei ryk houtsnijwurk út 1638 bleau wol bewarre. De ienfâldige tsjerke mei lisenen tusken de gevelflakken mei brede spitsbôgefinsters is oant twa kear ta flink útwreide. Yn 1874 binne oan de westkant de foartsjerke en oan de eastkant it koarpart fergrutte. Op it westlike part stiet in houten geveltoer mei in lûdklok dy’t yn 1612 troch Hendrik Wegewaert getten is. Yn 1881 is de tsjerke fergrutte mei in dwers pleatste noardlike beuk. De fergruttingen ha plak fûn omdat it tal tsjerkegongers doe grut wie.

De ferneamde predikant J.J.A.Ploos van Amstel stie hjir fan 1863 oant 1866 en fan 1876 oant syn dea yn 1895. Yn de lêste perioade hat er de Doleânsje yn 1886 aktyf belibbe. Reitsum wie de earste Fryske gemeente dy’t doleare en de tredde fan it lân. Ploos is op it tsjerkhou fan Reitsum begroeven. In jier nei syn dea is de grifformearde tsjerke boud, in ienfâldige sealtsjerke mei in houten geveltuorke. Der steane in tal monumintale kop-hals-romppleatsen yn de omjouwing fan de tsjerke; op de âlde Staniaterp stiet ek in buorkerij fan dat type.

It terpdoarp Ried is stichte op ien fan de súdwest noardeast rinnende kustwallen yn it âlde Barradiel en Frjentsjerteradiel. It hat syn namme te tankjen oan de namme fan it wetter, de Rie, dy’t noardlik by it doarp lâns rint, in oantinken oan de slinken út de tiid dat it lân noch net bedike wie.

De bebouwing is foaral by de wegen lâns, Doanjumerwei – Kleasterdyk pleatst mei inkele notabele wenningen, wêrfan ien in dekoratyf koetshûs hat en mei in pear filla’s yn fernijende styl fan koart nei 1900. Ek oan de dyk nei it suden nei Peins is bebouwing kommen. Pas letter is de Nieuweweg nei it noarden mei foaral wenningwetwenningen beboud rekke. Flakby de tsjerke stiet yn de kearn fan it doarp de eardere suvelfabryk, wêrfan it front it karakter fan de fernijende styl hat en it jiertal Anno 1909 draacht. It romme tsjerkhou is mei de súdkant nei de dyk rjochte en omseame troch in bûkehage mei ipen. Der steane wat húskes omhinne, wêrtroch amper te sjen is dat se op in terp lizze.

De tsjerke, in sealtsjerke mei in trijekantich sletten koar, is yn 1653 boud, nei alle gedachten op de fûneminten fan in âldere tsjerke. De leeftyd wurdt net troch it gebou sels oanjûn, want it is yn de 19e ieu blokt stukadoare. Oan de súdkant sitte mânske spitsbôgefinsters; oan de noardkant is de gevel hielendal blyn en foarsjoen fan de oanbou mei byromten. It oarspronklike gevelwurk is net te sjen. Yn de súdlike (sicht) gevel wurdt troch in grutte rige gevelstiennen in protte meidield. De boudatum fan de tsjerke en ek dat de toer ynstoart is en dat de nije yn 1625 boud is troch mr. Abe Ede. De betinkingsstien is mei noch in oare mei de meidieling “1625” wer pleatst, want de toer is folle nijer. Hy is yn 1925/26 hielendal ommitsele. Boppe de nok fan it tsjerkedak draacht de romp in foarse kordonlist en hat er in list foar bekroaning en in ynsnuorre achtkantige spits.

Oant 1954 wie Rien in buorskip fan Lytsewierrum op it plak wêr’t de Frjentsjerter Feart de âlde dyk, de hoep, fan it poldereilân fan Easterein trochsnijt. Yn 1954 krige Rien de doarpsstatus. De dyk datearret fan foar it jier 1000, mar de delsetting is jonger.

It is net bekend wannear de skipfeartferbining tusken Snits en Frjentsjer krekt foarme is. Feit is dat hjir in slûs yn de ringdyk fan it poldereilân seit. Yn stikken út it midden fan de 16e ieu wurdt it meld. Der kin doe in skutslûs foar de skipfeart lein ha. Doe’t it wetterpeil better op inoar ôfstimd wie, koe de slûs ferfalle. Wol is der sprake fan de Rienstersyl as de Rienstertille. Doe hienen har al minsken festige op dit oantreklike plak yn de ynfrastruktuer fan Hinnaarderadiel en Baarderadiel foar wat oerslach en hannel. Rien wie ieuwenlang bekend om syn jierlikse hynstemerk.

Hjir is net in tsjerke it brânpunt fan de mienskip, mar in brêge. De noardlike kant fan de Frjentsjerter Feart bestiet út in romme kade. Der leit in brede buert mei in frij sletten en fariearre bebouwing, ûnder mear fan âlde pakhuzen. Dizze romtlike bebouwing oan de kade is skildereftich. Efter dizze streek is losse bebouwing ta stân kommen. Dy is fia stegen te berikken. Oan de oare kant stiet allinne by de brêge wat bebouwing. By dy brêge is de struktuer op syn tichtst mei oan de westkant in strjitsje en diagonaal dêr tsjinoer, hast tsjin de brêge oan, de eardere wetterherberch, in stukadoare bouwurk fan omtrint 1900. De earder oanwêzige ornaminten binne ôfsliten mar op de ferdjipping sitte noch wol twa grutte wapenstiennen. De brêge, in izeren flapbrêge, is as beweechber elemint fan dizze ferkearsknoop eins in monumint. Oan de dyk, de Molmawei, stiet sletten bebouwing fan meast lytse huzen. Oan de oare kant fan it doarp stiet iepen bebouwing fan wat pleatsen, wêrûnder in monumintale, en boargerhuzen by de dyk lâns, foaral oan de eastkant.

Riis is in streekdoarp op in hege sânrêch, dat fan it midden fan de 19e ieu ôf stadichoan syn hjoeddeistige foarm krige fan in frij losse kearn mei fierder fersprate losse bebouwing.

Riis wie fanâlds in buorskip by Murns en hat nea in tsjerke hân. Oan it begjin fan de 16e ieu kaam der in úthôf fan de Sint-Odulphusabdij fan Himmelum en yn de twadde helte fan de 17e ieu waard it bûten mei Huis Rijs stichte troch De Ruyter de Wildt, âld sekretaris fan de admiraliteit fan Amsterdam, dy’t de heidefjilden ûntginne liet en der nôt en tabak plante. In oar part rjochting hege kust beplante er mei bosk yn in formele oanlis dy’t noch altyd as stjerrebosk te werkennen is. Letter wie it bûten yn hannen fan de famylje Van Swinderen, dy’t it bosk midden 19e ieu yn lânskiplike styl útwreidzje liet.

Yn dit Riister bosk, sûnt 1941 yn besit en behear fan It Fryske Gea, stiet in seiskantich empire timpeltsje út 1814 om de befrijing te betinken fan de Frânske oerhearsking. It bosk is in trekpleister dat mei de kustrekreaasje yn dizze streek al foar de oarloch toerisme op gong brocht, wêrfoar ek inkele hotels en ferdivedaasje stichte waard. It is ien fan de drokst besochte parkeftige bosken fan Fryslân.

Filla “Mooi Gaasterland” waard yn 1912 boud yn opdracht fan de yn Den Haach festige “Maatschappij Gaasterland”. It wie wenhûs mei kantoar foar de administrateur. Dizze maatskippij hie in protte bosk en oare besittingen yn Gaasterlân kocht fan de famylje Van Swinderen. De filla is ûntwurpen troch de Haachse arsjitekt M.J. van der Schilden yn de fernijingsstyl. In protte bosk waard roaid om it hout te ferkeapjen en de landerijen te ferpachtsjen. De maatskippij waard yn 1924 likwidearre. De Utrechtse Diocesane bond der Katholieke Arbeiders Beweging festige yn de filla in koloanjehûs foar ûnder mear bleeknoaskes út de stêd. Yn dy tiid waard efter de filla in kapel boud. Yn de santiger jierren doe’t it in algemien medysk bernetehûs wie, waard it útwreide mei in koloanjedoarp.

Rinsumageast is as streekdoarp op in sânrêch – fandêr ‘ geast’ yn de namme – op de oergang fan de klaai yn it noarden en it fean yn it suden ûntstien yn de Midsieuwen. Doe ferstigen de haadlingen har dêr dy’t Juwsmastate, Eysingastate, Melkamastate en Tjaardastate yn of tichtby it doarp stichten. De earste ferdwûn al gau; Tjaardastate, in echt kastiel, stie noch oant 1834 súdlik fan de tsjerke. Troch dizze staten wie Rinsumageast in deftich doarp. Yn de folle Midsieuwen waard noardlik fan it doarp it kleaster Klaarkamp stichte: it soe ta ien fan de grutste kleasters fan Fryslân útgroeie.

Fan de 17e ieu ôf hat it doarp him ûntwikkele by de Moark lâns, it wetter dat oant by de Trynwâlden yn noardlik Tytsjerksteradiel rûn. Heaks dêr op in groeven feart mei in yn 1648 oanlein trekpaad nei de Dokkumer Ie. Yn dit swierwichtige doarp hienen dan ek it gritenij – en letter gemeentebestjoer sit. De herberch dy’t ek as rjochthûs brûkt waard, stiet op’ e hoeke fan de Rjochthûsstrjitte en Van Aylvawei en is nei alle gedachten fan ûngefear 1700. It is in mânsk, twa boulagen tellend pân mei pilasters yn de gevels.

Doe’t yn 1881 in nij riedshûs yn Damwâld (Moarmerwâld) boud waard, rekke it syn funksje foar it bestjoer kwyt. By de freonlike doarpsgrêft lâns steane noch altyd kreaze doarpswenningen, wêrfan inkele fan it notabele type en respektabele leeftyd.

De Tjaardawei giet fan de kearn út yn westlike rjochting. Dêr riist de tsjerke mei dûbel skip en sealdaktoer op. It rûne koar is it âldst, fan ûngefear 1100, miskien sels earder. Der is yn de 12e ieu in skip mei sydbeuken byboud. De sydbeuken binne letter ferdwûn en de muorren fan it skip ticht setten. It muorrewurk fertelt dat mei grutte bôgen. Under it koar is yn de 14e of begjin 16e ieu in kript yngroeven en oanklaaid mei gâns âld materiaal: in mysterieuze romte. Oan it begjin fan de 16e ieu is de grutte súdbeuk boud. De toer kaam yn 1610.

Reahel is in streekdoarp fan nei alle gedachten deselde midsieuske oarsprong as de doarpen dy’t der omhinne lizze, mar der is net folle mear fan in doarp te fielen. Reahel hat dan ek in dramatyske skiednis. Op de gritenijkaart fan Skoatterlân yn de atlas fan Schotanus út 1718 hat Reahel noch in aardige kompakte buert en hielendal oan de súdkant fan de Tsjerkewei stiet de tsjerke op de noardlike wâl fan de Tsjûkemar.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788 al: ‘Rohel, of Nyega, een Dorpje gelegen ten Westen van ’t voorige Rotsterhaule, en onmiddelyk grenzende aan het Tjeuke meer, dat van tyd tot tyd een groot gedeelte der Veenige landen, hier onder behoorende, heeft ingezwolgen. Door dit Dorpje, alwaar voor deezen ten minsten eens zo veel huizen plagten te staan, gaat de gewoone rydweg uit deezen kwartieren naar de Lemmer.’

De tsjerke en tsjerkhou mei klokkestoel binne troch de grutte wetterflakte fan de Tsjûkemar yndie ferswolgen. De lytse mienskip is net by steat west om in nij gebedshûs te stichtsjen, wêrtroch it doarp nea in kearn wer krigen hat. Op de kaart yn de Eekhoff atlas fan 1848 is it byld fan doarp en lânskip folslein feroare. Der stiet yn it uterste suden noch it eardere tsjerkhou oanjûn en noardlik leit in grutte plasse troch it fergraven fan it lân foar de turfwinning.

Nei de Earste Wrâldoarloch is Polder Reahel foarme en yn kultuer brocht. Nei de Twadde Wrâldoarloch is yn it noarden in belangryk part fan it lân útjûn foar sân túnboubedriuwen. Fandêr de úntslutingsdyk Kwekerijwei. Súdlik fan it doarp leit de kant fan de Tsjûkemar en dêr wurdt yn de buert wêr’t ea de tsjerke stie mei in âld draaibrechje oer de dyksleat tagong ferskaft ta it natuergebiet Marswâl fan Staatsbosbeheer. Der mei oer de dyk kuiere wurde. tsjintwurdich steane oan it súdeastlike part fan de Tsjerkedyk wat buorkerijen, noardliker in buertsje fan wenningen en ferspraat hjir en dêr noch wat bebouwing.

Rotstergaast is in streekdoarp dat tichtby feanmoeras nei alle gedachten yn de Midsieuwen ûntstien is op in útrinner fan in sânrêch noardlik fan de Tsjonger of de Kuunder. Yn 1315 stienen twa kapellen yn Rotstergaast, wêrfan ien ta tsjerke ferheven waard. It doarp hat twa út inoar lizzende buerten mei wat konsintrearre bebouwing en fierder fersprate pleatsen.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 meld dat Rotstergaast of Kleine Gaast it lytste doarp fan de gritenij Skoatterlân is: ‘Weleer stond hier eene Kerk, die reeds voor veele jaaren is te niete geraakt: dit Dorpje ligt even ten noorden van de Kuinder, en strekt zich zeer verre uit naar dien kant met zyne hooilanden; zynde de Westelykste huizen bekend by den naam van Westergaast. Ook gaat van dit Dorpje, door de drooge Rustersloot, een rydweg naar Nieuwe Schoot.’Op de gritenijkaart yn de Schotanusatlas fan 1718 stie al oanjûn dat de tsjerke ferfallen wie.

De súdwestlike buert, Westergeast is no de streek by de Skoatterwei en wie doe aardich beboud. Wylst yn de noardeastlike buert, mei de namme Snakkerbuorren dy’t doe noch by Rottum hearde, ferspraat wat huzen en pleatsen stienen. In reed yn noardeastlike rjochting gie nei Nijeskoat. De Rustersleat dy’t nei Rottum gie, stie oan it begjin fan de 18e ieu al droech, mar dêr is letter wat oan dien: op de kaart yn de atlas fan Eekhoff is de Rotster Sleat oanjûn.

Yn Westergeast is it tsjerkhou bestean bleaun en nei’t de tsjerke ferfallen wie, is yn 1928 dochs wer in sobere herfoarme kapel boud. Der stie yn elts gefal fan 1722 ôf in klokkestoel. De tsjintwurdige, mei in helmdak, is yn 1976 restaurearre.

Yn Snakkerbuorren stiet de stjelpbuorkerij Champignon út 1871 mei in foar in part ûnderkeldere foarhûs en oan de Skoatterdyk tusken de twa buerten yn oan de iene kant Nieuw Jagtlust, in stjelp fan itselde type út 1870 en oan de oare kant de kop-hals-romppleats Tsjongerswâl út it midden fan de tritiger jierren mei ekspresjonistyske karakteristiken.

Rotsterhaule is in streekdoarp dat om 1500 hinne ûntstien is op de ûntginningsas fan Sint Jansgea út yn it noardeasten. Op de betiidste kaart dy’t Rotsterhaule yn byld bringt, de kaart fan Schotanus út 1718, is it doarp in streek mei wat huzen en buorkerijen mei wat boulân en fierder feanlân yn it noarden en healân yn it suden.

It doarp hat gjin tsjerke, yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 net safolle oer it doarp skreaun: ‘Rotsterhaule, dus genaamd om ’t zelve te onderscheiden van Ousterhaule in Doniawerstal, ligt in ’t Noorden van St. Johannisga, tusschen ’t zelve en Rohel, en in eene volkomen gelyke ligging, ten opzigte der Bouw- en Veenlanden.’ Fan it midden fan de 18e ieu ôf baggeren de Gietersen by Aldehaske en al gau ek by Sint Jansgea en Rotsterhaule leechfean út om it ta turf te bewurkjen. Op de gritenijkaart fan Skoatterlân yn de atlas fan Eekhoff is te sjen dat der troch de grutskalige ferfeaningen nochal wat feroare is yn Rotsterhaule en syn doarpsgebiet.

De bebouwing by de Streek lâns is gâns tichter wurden, mar de omjouwing in stik leger. De noardeastlike helte fan de doarpsstreek wurdt flankearre troch grutte feanplassen. Fan it ein fan de 19e ieu ôf rekke de streek ynpoldere en is de bebouwing fan de streek fierder fertichte. De landerijen oan wjerskanten fan de Streek lizze merkber leech: it measte hiem is ophege, mar sommige wenningen lizze opfallend djip. Der stiet nochal wat karakteristike bebouwing út de tweintiger en tritiger jierren. Oan de súdlike flank fan it doarp lizze in stik as wat mânske stjelpbuorkerijen.

Grutte bakkers ha, lykas yn it buordoarp Sint Jansgea, harren spoaren efterlitten, want brea en koeke waarden eksportprodukten fan dizze streek. Oan de Hege Dyk yn it suden, de ferbiningswei tusken It Fean en de Lemmer, is in agraryske streek groeid. Fierder nei it suden ta oan de Tsjûkemar leit de buorskip Fjouwerhûs, in karakteristyk gebou út de jierren tritich.

De Rottefalle is in doarp wêrfan de namme foar it earst foarkomt yn 1622 en dat yn it midden fan de 17e ieu oan de Lyts stal krige. Der stie in herberch, in bierbrouwerij en in mole. De ferfeaningen fan de omjouwing op’ e grins fan de gritenijen Smellingerlân, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel siet gong yn. Oan wjerskanten fan de Lyts en it Benedenverlaat kaam bebouwing ta stân. Dizze slûs lei yn de wetterferbining oer de Lyts nei de Burgumer Mar.

Oan it ein fan de 18e ieu murk de Tegenwoordige Staat van Friesland de Rottefalle amper op:’Daarenboven zyn hier, in ‘t Oosten, op de wal van de vaart de Lits, veele huizen gebouwd’; de zuidelijke bebouwing aan de Lits was nog een buurschap bij Opeinde. In het Aardrijkskundig Woordenboek van Van der Aa uit het midden van de 19e eeuw: ‘Aan de noordzijde des dorps Opeinde heeft eene groote uitgestrektheid laag klijnland gelegen, dat in de zeventiende eeuw, door verveening, veranderd is in een water, de Leijen genaamd.... Ten Oosten van het Zwartveen zijn, op den wal van het riviertje de Lits, ook vele huizen gebouwd, die hoewel burgerlijk onder Opeinde, mbehooren tot het kerkdorp Rottevalle.’ Foar kollektive saken fan bygelyks skoalle en tsjerke, mar ek foar it hâlden fan in jiermerk wie de lizzing yn trije gemeenten ûnhâldber. Nei’t de ynwenners yn 1821 al besocht hienen om dit te ferienigjen, duorre it noch rom in ieu. Yn 1943 is de hiele Rottefalle troch grinsferoaringen by de gemeente Smellingerlân kommen.

Yn 1724 is in ienfâldige sealtsjerke mei geveltoer boud en dêr tsjinoer kaam yn 1890 de twa boulagen hege pastorije ta stân. De menisten bouden yn 1838 in ienfâldige sealtsjerke en de grifformearden yn 1937 in ekspresjonistyske tsjerke. Beide ferfongen âldere eksimplaren. De Herberg van Smallingerland oan it yn 1958 oandamme stik fan de Lyts is in mânsk gebou út 1791 mei bysûndere ynterieurs. De doarpsútwreidingen nei de oarloch ha foaral oan de noardkant plak fûn.

Rottum is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen by de Binnendyk lâns as ûntginningsbasis ûntstien is. Op de betiidste gritenijkaart fan Skoatterlân (Schotanus, 1718) is de agraryske streek fan Rottum mei hast allinne bebouwing oan de noardkant fan de Binnendyk werjûn. Yn it midden fan de streek stie de tsjerke. Noardlik fan de streek lei feanlân, súdlik en eastlik healân.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: : ‘Rottum, weleer Rotna genaamd, is thans een klein Dorp, alwaar veele huizen zyn afgebroken, … loopende tot aan Haskerlands grenzen: weleer hield men hier den Landsdag der Zevenwouden. Uit dit Dorp kan men, langs drie verschillende wegen, ryden naar Oudeschoot, Lemsterland, Donjewerstal en Haskerland: ook loopt van hier eene vaart in de Overspitting, die van de Jouwer naar ’t Heerenveen gaat, benevens eene andere, die in het Tjeukemeer valt, om nu niet te spreeken van de Rotstersloot, die voor deezen van hier naar de Kuinder liep, doch thans is opgedroogd.’ Faaks hie it doarp troch de goede ûntslutingen oer wetter ea in sintrale posysje. Yn de Tachtichjierrige Oarloch wie it noch sa belangryk en strategysk fan lizzing dat der in skâns oanlein wie.

De tsjerke is yn 1791 ôfbrutsen. Dy is sûnder toer west, want der stie yn elts gefal yn 1732 al in klokkestoel. Op it wat ferhege tsjerkhou stiet no in út de tritiger jierren datearjende goed ûnderhâlden, betonnen klokkestoel mei in lûdklok dy’t nei alle gedachten yn 1443 troch Johan van Bomen getten is.

De Binnendyk is in belangrike ferkearsdyk tusken It Fean en De Lemmer wurden en it doarp liket tsjintwurdich te bestean út inkele buerten. Oan de agraryske streek tusken Rottum en It Fean steane in stik as wat kreaze buorkerijen, in kop-hals-romppleats út 1914 en de stjelp ‘Geertje Hoeve’ út ûngefear 1930. It eastlike part fan de doarpskearn krige flakby de Moleleane de wichtichste doarpsútwreiding. Ek westlik by de Badwei is wat nijbou nei de oarloch realisearre. De âlde Binnendyk en de âlde Postwei foarmje âldere streken.

Hoewol it streekdoarp Rûgehuzen súdwestlik fan Balk it karakter fan in buorskip hat, wurdt it fanâlds oanmerke as in selsstannich doarp. Oan de Coenderssingel, de Rûchhústerwei en foaral de Jan Jurjenssingel stiet ferspraat lytsskalige bebouwing fan huzen en buorkerijkes. It doarp skynt lang lyn in tsjerke oan de Balkster kant hân te ha, mar dêr is gjin spoar mear fan oer.

Tsjin de súdlike râne fan de Starnumanbosk leit it begraafplak wêr’t in klokkestoel op stiet mei in yn 1746 troch Cyprianus Crans getten klok, wat wol op in doarpsk ferline wiist. Yn it lêste kwart fan de 17e ieu ha harren hjir út Frankryk flechte Hugenoaten festige, fan wa’t noch in pear huzen oerbleaun binne. Efter Rûchhústerwei nûmer 16 stiet in grutte Amerikaanske wynmotor fan ûngefear 1920. Tsjinoer de noardeastlike seame fan it Starnumanbosk leit it bosk fan de Bremer Wyldernis en dêr efter de buert Nieuw Amerika.

Efter de Coenderssingel is in ferrassing te finen. Dêr stiet efter de oprydleane De Mottekamp, oarspronklik in jachthûs of bûtenferbliuw by in boereskuorre fan ûngefear 1880 wêrfan de ôfkomst noch net helder is. It wyt pleistere bûtenferbliuw is yn in mingde styl boud wêrby it neoklassisisme dominearret. It bestiet út in hege middenbou en lege fleugels. It brede middenstik is ta twa boulagen as trapeziumfoarmige erker útboud. Dêr steane oan de foarkant finsters yn, skieden troch sjarmante pylderkes en krulornaminten yn de swikken en yn de skeane sydkanten smelle, sletten finsters. De middenpartij wurdt bekroand troch in tichte attyk mei yn en útswinkende kontoer. De fleugels wurde op de bûtenste hoeken en flakby de erker flankearre troch brede pilasters mei listkapitelen dy’t gjin fries of kroanlist ha, mar wêr’t in horizontaal fjild op folget mei muorreankers yn dûbele palmet-foarm.

Ryptsjerk is in streekdoarp dat mooglik al yn de Midsieuwen ûntstien is en dat yn de 16e ieu in ympuls krige doe’t stedhâlder George Schenk van Toutenburg súdwestlik fan de streek in bûtenferbliuw stichte. It doarp kaam deunby de yn 1528/31 oanleine dyk fan Ljouwert nei dit Toutenburg te lizzen. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 is Ryptsjerk lykas dy fan Trynwâlden in doarp mei frij losse bebouwing by in pear troch beammen omseame wegen en paden lâns. Súdlik lizze Toutenburg en Hanenburg oan de dyk dy’t nei Tytsjerk en Suwâld liedt. Oer wetter is it doarp nei it westen en easten ûntsletten.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1786 fan Ryptsjerk meld: ‘Dit dorp is door menigvuldig geboomte zeer vermaakelyk, ook water- en vischryk, waarom ’t ook veel door watervogelen bezocht wordt, die hier in menigte, door middel van verscheiden kooien, gevangen worden. … In ’t Zuiden aan de Zwarteweg heeft men verscheiden fraaie buitenplaatsen, wier oudste is Toutenburg, alhier aan den rydweg naar Tietjerk. … Het grootste gedeelte van de Zwarteweg … behoort onder dit dorp.’ De Swartewei waard yn 1830 ferbettere en ferlingd ta ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Grins.

Yn de tsjerkebuorren stiet de yn 1757 boude tsjerke, in sealtsjerke mei in trijekantige sluting en in ynboude toer mei in ynsnuorre spits. Fan it meubilêr datearje de preekstoel mei doophek en fjouwer hearebanken út it twadde kwart fan de 17e ieu. By de tsjerke stiet in buorkerij dy’t mei in dwers pleatst foarhûs mei útboude halsgevel ferwiist nei de 18e ieu, mar it resultaat is fan wer brûken yn 1878.

It bûtenferbliuw Vijversburg út ûngefear 1725 is yn 1844 yn opdracht fan dr.Nicolaas Ypeij ferboud. It is hielendal pleistere en fertoant nei neoklassicistyske details. Yn it leste jier is it park nei ûntwerp fan Lucas Roodbaard yn lânskipsstyl ferboud. Oan de Swartewei stiet it túnhûs mei in omrinnend balkon. De Stichting Op Toutenburg is in âldereinkompleks yn neorenêssânsestyl nei ûntwerp fan H.H.Kramer.


Archivering van erfgoedinformatie met het ErfgoedCMS™

Bent u geïnteresseerd in erfgoedinformatie en hoe u dit op een professionele en duurzame manier kunt ontsluiten op het internet, dan is het volgende voor u van belang.

Sinds kort is er namelijk het ErfgoedCMS™ van DeeEnAa. Met dit op maat gemaakte ErfgoedCMS™ kan ieder dorp of iedere stad haar erfgoedinformatie registreren, rubriceren en ontsluiten. Daarnaast kan het ErfgoedCMS™ worden ingezet als webshop voor lokale producten en kan het de basis vormen voor dorps- of stadswandelingen compleet met QR-code bordjes.

Voor meer informatie over dit onderwerp verwijzen wij u graag naar de pagina over het ErfgoedCMS™ op de ErfgoedCMS-website via onderstaande knop.