Doarpen

Doarpen

Kies de begjinletter


Waaksens is in lyts terpdoarp súdlik fan de Lollumer Feart. Ut it ferline wei is de beskieden omfang te ferklearjen. It doarp miste net allinne in direkte wetterferbining, mar lei eartiids oer lân ek isolearre. Fan de polderdyk ôf om de Tjaard van Aylvapolder yn it suden wêr’t ek wat bebouwing by De Bieren stiet, moasten de lju mei in wein troch it lân nei Waaksens.

De lânskiplik moaie polder – sûnt tsientallen jierren trochsnien troch in provinsjale dyk – is súdlik fan Waaksens lêsten ferrike mei in poldermole út 1846, ôfkomstich út Hallum. Pas yn de 19e ieu is by de noardlike kant fan de polder lâns in dyk lein wêrtroch Waaksens út it isolemint rekke. It is in agrarysk doarp mei bebouwing fan in pear huzen en inkele pleatsen, dy’t sûnder in plan om de ûndúdlike tsjerketerp hinne pleatst binne. Sels it bochtige ferrin fan de trochgeande dyk liket tafallich. De kop-hals-romppleats Sminiastate is yn 1874 boud. In streekje arbeiderswenten fan giele bakstien begeliedt oan de eastkant it paad nei de tsjerke.

De tsjerke stiet op in heech tsjerkhôf, it restant fan de terp. It bouwurk liket yn syn plastere pronk frij nij, mar datearret al út de 13e ieu, miskien sels fan earder, blikens de hast rûne koarsluting. De spitsbôgige finsters binne foar de 19e ieu oanbrocht. De stúklaach is yn de 19e ieu op’ e bûtekant smard. It plaster fertoant skynfoegen om natuerstienblokken te suggerearjen. It muorrewurk wurdt bekroand troch in rûnbôgefries fan brune bakstien dy’t op konsoles steund. Oan de súdkant sit de tagongspartij yn in spitsbôgenis en yn it timpaan is in barokke tinkstien oanbrocht. Dy fertelt wat oer de bou fan de toer wêr’t wy neat mear oan ha: ‘Int jaar 1742 is deze Tooren vernewt onder de Ed. HEER EDZARD Van SMINIA Grietman over Hennaarderadeel...’ensf. de tsjintwurdige toer datearret perfoarst net út it midden fan de 18e ieu, mar is in karakteristyk produkt fan it lêste kwart fan de 19e ieu.

Waaksens is in frij lang terpdoarp dat yn de twadde helte fan de 8e ieu as Wacheringe foar it earst yn boarnen foarkomt. De hast fiif en in heale meter hege terp kin inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien wêze en hat troch de ieuwen hinne in lytse bebouwing hân. Noch yn de bebouwing, noch yn de ferparte stikken grûn is wat systematyk te ûntdekken, al liket it der wol op dat de mar in bytsje ôfgroeven terp in min of mear rjochthoekige omfang hân hat.

It doarp hat gjin wetterferbining mei de omjouwing, ûngefear 800 meter noardlik rint de Opfeart nei de westliker lizzende Holwerter Feart. De Opfeart rûn nei de eardere state Tsjessens dy’t yn in moai park – roaid yn de twadde wrâldoarloch – lein wie. De dyk fan Holwert nei it suden meändere ynearsten noardlik om de terpfoet fan Waaksens hinne. De trochgeande dyk dy’t om 1860 hinne tusken Holwert en Dokkum oanlein is, kaam oan de súdkant oer de terpflank te rinnen.

Westlik fan de dyk stiet de stinspoarte fan Sjucksmastate. De poarte stiet op in skean ferskode rjochthoekige plattegrûn en de bôgen ha foarmen fan ferskode ellipsen wêrtroch de skeante optysk korrizjearre wurdt. Oan de fjildkant in maskaron op de slútstien en in stien út 1668 mei de wapens fan Harinxma en Botnia. Oan de kant fan it hôf is de geveltop trochsingele mei dowegatten. Njonken de tsjerke stiet de pastorije mei in foargevel dy’t foarsjoen is fan neorenêssânse sierwurk, sa as rustikablokken, djipreliëf, diamantkoppen, in panelefries, boogtrommels mei mitselmozayk en putti.

De goatyske tsjerke hat in koar mei trijekantige sluting en in slanke yn it tsjerkelichem opnommen sealdaktoer. De tsjerke is yn de earste helte fan de 15e ieu fernijd mei gebrûk fan it âlde boumateriaal. De westgevel is modern: it tsjerkje is yn 1962 restaurearre. It ynterieur hat sfearfol 17eieusk meubilêr en der is in ferrassende epitaaf fan sânstien foar Douwe van Aylva, dy’t yn 1592 foar Dimter foel.

Wâlterswâld is in feanûntginningsdoarp dat by twa ûntginningsassen lâns, de Foarwei en Koaileane/Achterwei, ta ûntwikkeling kommen is. It is it iennichste doarp fan de Dokkumer wâlden wêr’t de kearn rûnom de tsjerke oan de Achterwei kommen is. Oan dy wei en de Koaileane binne de spoaren fan de âlde agraryske bebouwing te finen. Oan de Achterwei in midden 19eieusk wâldpleatske, oan de Koaileane itselde type en in foarse kop-hals-romppleats út it lêste kwart fan de 18e ieu. Oan de Foarwei steane in tsiental ferskillende en frij geve buorkerijen út it lêste kwart fan de 18e en út de 19e ieu.

De herfoarme tsjerke stiet oan de Achterwei op de krusing mei de Tsjerkeleane, earder de Woutersleane. De ienfâldige sealtsjerke mei in trijesidich sletten koar en yn ferhâlding lytse rûnbôgefinsters ferfong yn 1805 in oare tsjerke. De preekstoel is ek út dy boutiid. De toer is in yn de 17e ieu oplutsen fan âlder, wer brûkt boumateriaal en wurdt dekt troch in wat ynsnuorre piramidale spits. Oan de Achterwei stiet de karakterisearre pastorije yn de lette 19eieuske mingde styl. Tsjinoer de tsjerke stiet it ferieningsgebou Maranatha út 1926. It falt op troch it foarútspringende middenpart mei in tradisjonele trepgevel.

Oan de Foarwei oan de Driesumer kant stiet de yn 1922 nei ûntwerp fan Ane Naut (1882-1946) boude grifformearde tsjerke. Sy ferfong in ienfâldige foargongster út de 19e ieu, hat in T foarmige plattegrûn en klimmende finsterrige yn de geveltoppen. Westlik fan de leech útboude yngongsportyk riist de yn segminten ferdielde toer op mei in list op de oergong fan romp nei fjouwersidige spits.

De eardere sûkereifabryk oan de Foarwei hat de foarm fan in grutte buorkerij: it is ien fan de iennichste spoaren fan de yn de 19e en betide 20e ieu bloeiende teelt en ferwurking fan dit gewaaks yn Dantumadiel. It ensemble mei direkteurswente is fan ûngefear 1920. Tsjintwurdich is it in grûnferset en houtferwurkingsbedriuw.

Wânswert is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is. It moat in terp fan it radiale type west wêze, mar dêr is no net folle mear fan te bespeuren. Allinne oan de noardkant binne noch twa radiale paden te sjen en in stikje fan de ringwei. Dat makket no diel út fan de yn de twadde helte fan de 19e ieu rjocht lutsen trochgeande dyk fan Burdaard nei Ferwert. Dêrfoar gie dizze dyk súdlik om Wânswert hinne. It doarp wie al earder ûntsletten troch in opfeart nei de Hearreweister Feart. De hege terp is oan it ein fan de 19e ieu foaral oan de súdkant ôfgroeven. Fan it suden út is de hichte fan de tsjerketerp goed te sjen.

Wânswert is in oersichtlik doarp mei in flinke tsjerke en in relatyf hege toer. Noardlik fan de tsjerke leit in kompakt buertsje dat mei de bebouwing der om hinne oan de radiaalpaden nei de trochgeande dyk in karree foarmet. By de noardlike diken lâns lizze wat streekjes mei hjir en dêr notabele wenningen. It agrarysk ferline lit him noch sjen: der binne trije grutte houten skuorren yn de kearn te finen.

De ienbeukige doarpstsjerke is oarspronklik wijd oan Sint-Petrus. It skip is yn de 16e ieu boud tsjin it yn 1335 wijde, smellere en fiifsidich sletten koar dat yn de 18e en 19e ieu ommitsele rekke. De foarse sealdaktoer fan fjouwer segminten ferriisde wer letter as it skip. It tsjerkhôf is oan de doarpskant omfette troch in izeren stek en oan de oare kant is in kearmuorre mitsele.

Noardwestlik stiet it tsjerkelokaal út 1928 en oan de trochgeande dyk de legere skoalle dy’t twa klassen hat (1887) mei in middenportaal. De noardlike bebouwing fan Burdaard oan de Ie hearde as “Wânswert oan de Streek” by it doarp Wânswert. Yn 1973 is de namme fan it gehiel Burdaard wurden en by de gemeentlike weryndieling yn 1984 is dit Burdaard by Ferwerderadiel foege.

Warfstermûne is in streekdoarp dat ûntstien is oan de oanleine âlde seedyk om 1315 hinne.

Nei alle gedachten nei’t yn 1529 de nije dyk om it Nijkrúslân oanlein wie. It elemint “warf”yn de namme tsjut in hûs op de dyk oan wêr’t de dykgearkomsten hâlden waarden en de “mûne” yn de namme komt al yn 1574 foar yn de boarnen.

Warfstermûne is lang in buorskip by Boerum west mar wurdt no as selsstannich oanmerke, hoewol it noch troch in tsjerke, noch troch in skoalle of oare gebouwen mei bysûndere foarsjennings aksintuearre wurdt. Eastlik fan it doarp, yn de buert Halfweg, op’ e hoeke fan de Leegsterwei en de Eeuwe Enneswei, stiet in ûnderwilens bûten gebrûk stelde skoalle. Yn Warfstermûne stiet wol in doarpshûs.

It doarp bestiet út in nochal sletten lintbebouwing oan benammen de súdkant fan de âlde dyk en in beskieden doarpsútwreiding fan nei de oarloch oan de súdkant, de Warf en omjouwing, wêr’t de trochgeande dyk lein is. Ek oan de Gruytswei is nei de oarloch noch folkshúsfesting kommen wêrtroch de delsetting oan de dyk in goede gearhing fertoant. De lêste jierren is de noardlike berm fan dizze dyk simmers in blommewielde. De measte wenningen, ôfwiksele mei dwers – en lânskappen en út ferskillende bouperioaden, stamme fierder meastal út it ein fan de 19e en de earste helte fan de 20e ieu. It nochal heech oplutsen stjelpbuorkerijke op nûmer 68 kin út de earste helte fan de 19e ieu datearje. De dwers pleatste middengongwenning op nûmer 66 datearret ek út dy perioade, mar sjoen it grutte bakstienmateriaal kin it ek noch wol earder west wêze.

Yn it lân om it doarp hinne steane pleatsen, wêrûnder mânske eksimplaren. Oan de Eeuwe Enneswei by Halfweg stiet in grutte kop-hals-romp. By de Kolk yn it noarden oan de Olde Borchweg in buorkerij mei in foarhûs út 1927 yn ‘Amsterdamse Schoolstijl’. Op ‘e hoeke fan de Gruytswei en Leegsterwei in kop-hals-romppleats út de earste helte fan de 19e ieu mei in túnhûs op it foarhiem.

Warns leit súdlik fan it Johan Frisokanaal útstrekt oer in lingte fan wol twa en in heale kilometer, al hat de lêste kilometer in iepen karakter mei in frij losse bebouwing fan foaral pleatsen. It doarp leit op in sânrêch út de iistiid dy’t hjir en dêr heger rikt dan sân meter.

Fanâlds is it doarp ferdield yn trijen: ‘t Noard, Tsjerkebuorren en ‘t Súd. De bebouwing is op twa plakken ta kearnen fertichte. Oan de noardkant by it kanaal hat de streek him ta kom ûntwikkele mei oan de westlike kant in opmerklike strook meast âlde efterbebouwing en in relatyf flinke haven.

Der wennen yn Warns net allinne boeren, mar ek skippers, foaral yn de 18e ieu. Oan de oare kant fan de trochgeande dyk en oan it kanaal hat de súvelfabryk in funksje foar de wetterrekreaasje krigen. Dêr is in jachthaven groeven. Yn it midden fan dit doarpspart stiet de ienfâldige minniste tsjerke en oan de eastlike flank is koart nei de oarloch in moaie roomske kapel boud. De measte nijbou nei de oarloch kaam by dizze kearn terjochte. In kilometer súdliker leit by de krusing mei de Himmelumerdyk de twadde kearn by de âlde tsjerke. Oan de noardkant steane tsjinoer elkoar de eardere skoalle (1900) en de grifformearde tsjerke, no kultureel sintrum. Deunby de krusing steane wat âlde huzen, wêrfan inkele fan it type kommandeurshûs.

De tsjerke is net âld, mar de dowestiennen toer is út de 12e ieu. De tsjerke – sa fertelt de stichtingsstien – is boud yn 1682. Yn de súdlike gevel sit in yngong mei in omlisting mei de namme fan de grytman fan Hemelumer Oldeferd en in byldhoude oeil-de-boeuf, in okse-each.
De dekorative toer hat sparfjilden mei rûnbôgefriezen en rûnbôgefinsters. De galmgatten binne fernijd. It ynterieur befettet in moaie preekstoel, in doophek en boppedat trije hearebanken fan 1700 hinne wêrfan ien it wapen fan Starum hat. Administratyf hearre it eardere doarp Skarl en Laaksum by Warns.

Warstiens is in lyts terpdoarp dat folslein op it agraryske bedriuw rjochte is. De kom, foar safier der oer praat wurde kin, wurdt dan ek foar it wichtichste part bepaald troch mânske pleatsen en de tsjerke. Warstiens kin allinne út Wergea berikt wurde oer in smelle dyk.

It doarp is fan âlds goed ûntsletten troch twa koarte opfearten nei it Langdeel, it belangrykste farwetter fan Ljouwert nei Warten. Hoewol’t it lytse Warstiens maatskiplik folslein op Wergea rjochte is, wie der in tsjerklike bân mei Warten. Kontakten fûnen oant fier yn de 19e ieu oer it wetter plak. Warstiens hie wol in eigen tsjerke, in gebou mei in sealdaktoer. De tsjerke is yn 1844 noch ris opknapt, mar wie yn 1882 kenlik sa boufallich dat dy doe ferfongen is troch in nij eksimplaar. De gewoanlik objektive encyclopedie van Friesland út 1958 oardielde: “Hervormde kerk zonder architectonische waarde.” Dêr wurdt in lytse heale ieu letter oars oer tocht. De tsjerke is fan in ûntwerp fan de Ljouwerter arsjitekt Hendrik H.Kramer dy’t him doedestiids ta de meast foaroansteande boumaster fan Fryslân ûntwikkele. En oan de Warstienser tsjerke is dat te sjen: dy is wier riker útdost dan in protte tsjerken út deselde tiid. It is in sealtsjerke mei grutte rûnbôgefinsters tusken slanke steunbearen en dekorative friezen en oar siermitselwurk. Tsjin it front oan stiet in slanke toer mei listwurk mei in ynsnuorre spits. Oan de efterkant is in fersmelle en ferlege koarpartij dy’t it gehiel opfleuret.

Oant 1784 lei de Himpenser Mar westlik fan Warstiens. Yn 1779 wie de oktroai oanfraach om de mar droech te meallen en yn 1784 wienen se yndie mei it wurk oan’ e gong. It barde yn opdracht en foar risiko fan fjouwer Makkumer ûndernimmers: Eibert Dirks, de bruorren Jan en Marten Kingma en Yme Tichelaar. Der kaam in dyk en in ringfeart om de hiele droechmakkerij en der waard in mole pleatst dy’t de 90 hektare droech mealde.

Warten is in âld wetterdoarp yn it noardeasten fan de gemeente oan it belangrike farwetter it Langdeel en nei it súdeasten de Rochsleat. Dêrtroch hat Warten goede ferbiningen mei sawol Ljouwert as it efterlân. It Langdeel ferbredet him flak foar Warten oan it Wartenster Wiid ta, wêr’t al yn de 17e ieu in buert, de Midsbuorren, ûntwikkele wie dy’t fan it ein fan de 19e ieu ôf stadichoan in warber karakter - mei skipfeart en suvelfabryk krige.

De kearn fan it doarp lei eastliker, by de tsjerke en brêge, wêr’t it ferkear oer de dyk foar de oanlis fan de krap om de súdlike râne fan it doarp rinnende Rûnwei, oerhinne moast. De tsjerke is yn 1780 fernijd ta in sealtsjerke mei grutte korfbôgefinsters wêrfan leafst seis fan brânskildere glês foarsjoen binne, yn it boujier makke troch Ype en Jurjen Staak. Foar de tsjerke stiet in foarse toer dy’t it doarpsgesicht foaral fan it westen út behearsket. Oan dy kant fan de Haadstrjitte stiet in tal deftige doarpswenten, wêr’t in mei dekoratyf pleister ferrike notabele wenning tusken stiet. Oan it wetter is foaral noardwestlik fan de brêge in freonlike wetterwyk foarme. Yn Warten stiet de lêste langhúsbuorkerij fan Fryslân, it oertype wêrby it dak fan foarhûs en skuorre trochrint en dy’t as museum ynrjochte is.

De earste folkshúsfesting fûn yn 1920 oan de Easterbuorren plak, in rige fan tsien huzen. Nei de oarloch koe al yn 1948 in achttal tradisjonalistyske wenten oan de Haadstrjitte boud wurde en yn de fyftiger jierren folge de wenningbou yn de strjitten tusken de âlde doarpskearn en de Rûnwei.

Fan de sechstiger jierren ôf kaam der in nijbouwyk noardlik fan sawol it wetter as fan it Nijpaad en de Haadstrjitte. Beskriuwingen út eardere ieuwen ha it oer in aardich bloeiend stedsje Warten dat troch in fûle stoarm tusken 1220 en 1240 fernield wêze soe en wêrfan soms noch spoaren fûn binne. Ynmiddels is fêst komme te stean, dat it ferhaal op in misferstân berêst.

Waskemar is in karakteristyk en jong feankoloanjedoarp, in streekdoarp by de Kompanjonsfeart en de Haulerwykster Feart lâns. De feart waard yn 1756 troch de Drachtster Compagnie groeven op it doarpsgebiet fan De Haule, twa en in heale kilometer noardlik fan dit doarp. De delsetting waard fan it ein fan de 18e ieu ôf Beneden Haulerwyk neamd en krige pas nei de Twadde Wrâldoarloch de status fan selsstannich doarp. It waard der ek de Cruijmte of de Krompten neamd, nei de kromming yn de feart. In strjitte by de bocht fan de Haulerwiekster Vaort nei de Mandefeart bewarret dizze namme. De lêste feart fiert mei wat bochten nei Bakkefean.

Doe’t it yn 1953 de status fan doarp krige, is it neamd nei in poel yn de Duerswâlder Heide, dy’t westlik fan it doarp op it grûngebiet fan Opsterlân leit. Yn 1849 blykt op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff dat der oan beide kanten fan de feart al kilometers lange, frij regelmjittige bebouwing groeid is. De westlike hoeke fan Beneden Haulerwyk is dan noch net ticht beboud.

Ungefear in heale ieu letter kaam der op dizze hoeke in koöperative súvelfabryk ta stân. Wer in lytse ieu letter is de fabryk, dy’t troch konsintraasje yn it suvelbedriuw al stillein wie, ôfbrutsen om romte te meitsjen foar wenningbou.

Súdwestlik fan it doarp binne om 1900 hinne op inisjatyf fan de filantroop Pieter Wilhelm Janssen ûntginningsplakken ta stân kommen. Janssen hie fortún makke yn Ynje en luts him de minne wengelegenheid yn Fryslân oan. Wenningferbettering keppele er yn súdeast Fryslân, ûnder mear yn Beets, Jobbegea-Skuorregea, Terwispel en Waskemar, oan de ûntginning fan de útfeane grûn. By de pleatskes hearde ûngefear tsien hektare yn kultuer te bringen grûn. By Waskemar bestiet de noch reedlik geve Janssenstichting út njoggen fan dizze pleatsen. De boerebuorskip leit súdlik fan de Leidyk by de Duerswâlder Heide lâns. Oan wjerskanten fan dizze Leidyk is tsjin it doarp oan yn de ôfrûne tsien jier in bedriuweterrein oanlein.

It terpdoarp Weidum lei fanâlds oan de sydkant fan de Hegedyk. It doarp wie troch de Weidumer Feart ferbûn mei de Jaanfeart en dêrmei mei alle wynstreken. Der stienen oant de 19e ieu ta in tal staten yn Weidum en yn de omjouwing. Yn 1898 is de lêste, Dekemastate, sloopt.

Weidum bleau wol wat deftich en it wie oant 1900 it haadplak fan de gritenij en letter de gemeente. Weidum wie mei twa âlde paden, dy’t stadich ferskillend boud rekke binne ta strjitten, ferbûn mei de Hegedyk, de dyk fan de eardere Middelsee. Oan de Hegedyk kaam bebouwing fan wenningen fan meast it notabele type. Tusken de ferbiningsstrjitten bleau in langwerpich kamp ûnbeboud, in karakteristike iepenheid fan it doarp, te mear omdat dy yn de âlde kearn even westliker foartset wurdt mei it troch ferskate soarten hûzen omseame wrydske keatsfjild.

Der steane in protte brede notabele wenten mei middengong, mar der binne ek ienfâldige hûzen te finen. De âlde tsjerke stiet op’ e terprest as in histoarysk setstik. Oan de westlike doarpsrâne lizze twa monumintale buorkerijen: Bumaleen en Papingastate.

Nei de oarloch is it doarp oan de noardkant flakby de Weidumer Feart mei foaral folksbou útwreide. Letter is yn it súdwestlike kwartier rjochting Hegedyk nijbou kommen, noardlik fan it doarp by de Wielstersyl is yn 1893 de Coöperatieve Stoomzuivelfabriek De Takomst stichte.

Nei sluting kaam der in eksportbedriuw fan tsiis.

De Johannestsjerke wurdt ta de moaiste fan de provinsje rekkene. De slanke toer fan dowestien moat fan ûngefear 1100 wêze. De tsjerke is yn de romano-gotyske styl oplutsen. De finsters ha kraalprofilen en tusken de finsters binne nissen mei sierpleisterwurk. Yn de muorren binne letter gruttere finsters brutsen en oan it ein fan de 15e ieu binne de yngongspartijen fernijd: de noardlike waard korfbôgefoarmich, de súdlike waard dutsen troch in spitsbôge. By dizze ferbouwing binne de âlde stiennen ferwulven ferfongen troch in houten tonferwulf. De geve ynrjochting datearret út de twadde helte fan de 17e ieu.

Wergea is as in agraryske delsetting op in lytse terp tusken inkele marren ûntstien. Dizze marren, de Grutte Wergeaster Mar, de Jorniahúster Mar en de Himpenser Mar, binne allegearre droechmeald.

It doarp hat syn ûntwikkeling foaral te tankjen oan de geunstige lizzing foar it ferkear. It leit oan de Wergeaster Feart, in eardere drokke rûte dy’t Ljouwert mei it suden ferbûn.

De lêste desennia is it wer drok op’ e feart, mar dan troch de wetterrekreaasje. By beide kanten fan de feart lâns is sûnt de 16e ieu seambebouwing ûntwikkele: oan de Grutte Buorren, de Lytse Buorren en letter oan de Nije Hoeke. It begjin fan de Grutte Buorren rint as brede kade foar it front fan de doarpstsjerke lâns. Efter de tsjerke stiet heech de eardere pastorije yn in romme tún.

Dêrnei bûget de Grutte Buorren tusken de bebouwing troch, wêrfan de wenten en eardere winkels oan de westkant deun by it wetter stean. Der steane nochal wat brede wenningen fan it notabele type, op’ e hoeke fan de Giele Eker in pân út 1668, bekend as de âlde bakkerij. De tutegevel hat foar dy tiid karakteristike beitelingen. Under is de yndieling feroare, mar op de ferdjipping sitte de rûne ûntlestingsbôgen mei negblokken boppe de finsters. Kordonbannen fan natuerstien jouwe de boulagen oan en de gevel wurdt bekroand troch in op in konsole mei kopke rêstende útmitsele pinakel. Fierder súdlik leit in lytse izeren flapbrêge oer it smelle dwersfeartsje en dan folget de Hillebuorren by it wetter fan de Wergeaster Feart lâns.

De foar in grut part sletten bebouwing by de smelle kade fan de Lytse Buorren lâns is út de desennia om 1900 hinne. De measte huzen binne in inkele laach mei in kap heech, mar soms is der ien heger. Yn de gevelwand falt it brede Popmagasthûs op, it yn 1664 stichte widdohofke dat yn 1864 fernijd is. Boppe de doar fan de foar it dak útboude middenpartij is de grutte wapenstien fan stichtster Vrouk van Popma en har man wer pleatst. Oan de noardkant fan de brêge is de gong by it wetter lâns, de Nije Hoeke, noch smeller. Dêr stiet wol de grutste en mei sierpleister eleminten oerdadich fersierde notabele wenning. De wenning is boud troch in hiele ûndernimmende man yn de desennia om 1900 hinne: Abraham Keimpes Hoekstra. Hy wie bouûndernimmer fan huzen, pleatsen en molens. Fierder wie er jildsjitter en technysk adviseur fan de boeren dy’t yn 1886 de Vereniging Coöperatieve Zuivelfabriek “Warga”oprjochte ha, de earste fabryk fan it lân dy’t sa organisearre wie. Boppedat waard er in ferneamde redensfabrikant. Dêrmei hold er syn feinten yn de sloppe wintertiid oan it wurk. Oan it begjin fan de 20e ieu produsearre er om deselde reden semintstiennen, wêrtroch der yn Wergea en omjouwing in protte gebouwen opfallend fan dit materiaal boud binne. Heaks op it wetter kamen ynearsten allinne beheinde buertsjes by paden en wegen lâns, wêrfan de Giele Eker de belangrykste is. Dêr steane inkele huzen út it ein fan de 18e ieu en notabele wenningen.

De roomske Martinustsjerke mei hege toer is yn 1862 ferriisd nei ûntwerp fan H.J.Wennekers yn in betide neogotyske styl en hat in komplete ynventaris yn dy styl. De herfoarme tsjerke, ek mei toer, ferriisde yn 1872 en is tsjintwurdich yn gebrûk as doarpshûs De Bidler.

Yn de twadde helte fan de 19e ieu waard de weiferbining fan Ljouwert út troch de doarpen lein. Hjirtroch kaam der ek mear bebouwing by de Tsjerkebuorren, Ljouwerterwei en de Wartensterdyk lâns, wêr’t ek wer notabele en lytse boargerhuzen boud waarden. Oan de westlike râne fan de doarpsbebouwing stiet it saneamde “Ald Slot”. It bûtenferbliuw is yn 1787 boud as foarhûs fan in pleats, mar hat in skiednis dy’t wêrom giet oant 1423 ta mei in lytse sealstins dy’t as Ald Roarda bekend is. Yn dat slotsje is organist en komponist Reynoldus Popma van Oevering om 1700 hinne opgroeid. It hjoeddeistige slot kaam mooglik mei gebrûk fan fûneminten en âld materiaal ta stân.

West-Skylge is in komdoarp dat yn de 13e ieu ûntstien is op it plak wêr’t letter de fjoertoer Brandaris boud waard. It is sûnt lang it haaddoarp fan it eilân, al hienen de iere bekende machthawwers, de Popma’s, harren stins hielendal oan de oare kant fan it eilân boud.

It doarp ûntwikkele him geunstich troch fiskerij, skipfeart en loadswêzen, mooglik troch de geunstige lizzing oan in natuerlike baai en it ekonomysk sterke efterlân. Skylge kaam dan ek ûnder Hollânske ynfloed te stean. Yn 1666 is it bloeiende doarp troch de Ingelsen platbaarnd. De weropbou folge yn de jierren 1666/73. Der waard tusken it Seinpaalduin en de baai in ticht beboude doarpskom oan in fyn net fan strjitten en stegen foarme. Dizze ovale doarpskom is oant en mei de 19e en betide 20e ieu folboud. Oan de Burgemeester Eschauzierstraat is yn 1909 en 1915 in maatskiplik belangryk en arsjitektoanysk skildereftich kompleks fan tsientallen sosjale wenten boud.

It hichtepunt fan West-Skylge, de Brandaris, is krekt yn it brânpunt fan it doarp terjochte kommen. Dizze foarse en hege toer hat de brân trochstien. It earste fjoerbeaken is al yn 1323 op Skylge boud. Yn 1593/94 is de grutte toer yn opdracht fan de Staten van Holland boud. Folksetymology hat de toer nei alle gedachten syn namme besoarge. Der is gjin bewiis dat de legindaryske Ierske reizgjende muonts Sint-Brandaan der wat mei te meitsjen hat. De toer is yn 1834/35 yngripend ferboud en ommitsele en hat in ljochthûs mei koepel en draailjocht krigen. Efter de toer leit in lyts begraafplak mei in stik as wat skippersgrêven.

Yn de lêste wrâldoarloch hat de Dútske besetter op it Seinpaalduin rigen bunkers boud, de marineflankbatterie Terschelling-West. Se binne diels sloopt, diels ûnder stood en foar in part al gau nei de oarloch ferboud ta fakânsjehúskes. Nei dizze oarloch is it doarp yn noardlike en noardeastlike rjochting útwreide. It gemeentebestjoer fan Skylge wie yn it tichte weefsel fan it doarp bedroevend húsfeste. Nei’t der foar de oarloch al plannen foar in nij gemeentehûs makke wienen, koe it yn 1954 oan de eastkant fan it doarp mei in ûntwerp fan arsjitekt G.A.Heldoorn út Ljouwert, pas realisearre wurde. In gemeentehûs op in moai plak yn in dinneboskje oan de eastkant fan it doarp. Der waard gebrûk makke fan it terrein troch in winkelheakfoarmige split-level struktuer te ûntwerpen, dy’t yn de op de ambachtlike boutradysje stuolle styl fan de Delftse School foarm krige. Mei koarten sil tichtby in nij gemeentehûs boud wurde.

De weropbou yn de twadde helte fan de 17e ieu hat in rige typyske eilanner wenten oplevere. Dêrfan is in tal de ieuwen goed troch kommen. Se wurde mei harren sierlike trep of topgevels foarsjoen fan reade aksinten yn it giele muorrewurk, flechtingen, friezen en mitselmozayk om de finsters hinne gewoanlik kommandeurswenten neamd. Soms ha dizze en oare wenten foar de eilannen en wat minder foar de kuststreek fan it fêste lân, karakteristike natuerstiennen stoepepeallen út it ein fan de 16e en it begjin fan de 17e ieu. Mei rolwurk en Flaamske woartels ha se de ripe renêssânse foarmjouwing dy’t de byldhou ateliers fan de fêste wâl behearsken. Ek dizze stoepepeallen ha de brân oerlibbe.

De herfoarme tsjerke yn de Westerbuurtstraat is in ienfâldige sealtsjerke mei in rjochte koarsluting en in dakrúter. De tsjerke is yn 1663 boud en suver net skeind troch de brân fan in pear jier letter. It gebou is om 1900 hinne plastere en yn de tritiger jierren hielendal ommitsele. Ek de minniste tsjerke út 1850 is in ienfâldige seal tsjerke. De tsjerke hat twa brânskildere finsters yn fernijingsstyl. Tichtby de haven hat it toeristebedriuw definityf oare aktiviteiten fan skipfeart en fiskerij ferdrongen. Om 1875 hinne is in havengebou stichte mei neoklassistyske eleminten en ek de skippersferiening “Het Wakend Oog”boude der yn in mingde styl mei neorenêssânse aspekten in karakteristyk (earder) wachtlokaal. It rêdingsboathûs út 1904 is yn in fleurige chaletstyl boud tichtby de opslach fan de kleurige seebeakens.

Westergeast is in streekdoarp dat yn de betide Midsieuwen ûntstien is op in sânplaat noardwestlik fan de hege grûn fan de Wâlden en dy’t dêrfan skieden is troch in leech gebiet, de Warren. It doarp wie op wat ôfstân yn noardlike rjochting oer wetter ûntsletten troch de Swemmer en letter troch it ferbettere kanaal fan de Nije Swemmer. Oan de súdkant is yn 1654/56 de Strobosser Trekfeart groeven.

It doarp hat him ûntwikkele by twa parallelle wegen lâns: de tsjintwurdige Eelke Meinertswei en de Bumawei. Oan de wegen en wat sydpaden is de bebouwing stap foar stap fertichte, wêrtusken relatyf in protte pleatsen en wenbuorkerijkes.

Nei de oarloch is yn it westen de doarpsútwreiding ta stân kommen. Noardwestlik heart de buorskip Keatlingwier, dy’t rjochting Dantumadiel rint, by Westergeast. Súdlik hat De Trieme by dit doarp heard, mar dat doarp is no selsstannich. Fan it suden út wurdt it doarp ynlieden troch “De Greidpôlle”, in jonge stjelpbuorkerij, yn 1935 boud nei ûntwerp fan arsjitekt S. Van der Molen yn in ekspressive styl. Foaral de hoekerkers oan it front falle op.

Oan de oare kant fan de Eelke Meinertswei stiet de mânske doarpstsjerke op in heech tsjerkhou yn in tichte beammerâne. It romaanske gebou is yn ferskillende fazen om 1200 hinne yn bakstien oplutsen om in foargonger fan dowestien te ferfangen. De toer is foar in part yn de westgevel opnommen en hat in koarte ynsnuorre spits. It skip fertoant rûne grute bôgen en in rûnbôgefries en ek de wat ynspringende healrûne koarpartij hat gevelflakken mei rûnbôgefriezen. Ek yn it ynterieur is de midsieuske sfear noch hielendal te priuwen. Earst falt de fan in heal koepelferwulf fersjoene absis op mei in moai blokte triomfbôge. Der binne mei wat muoite noch fragminten fan yn registers komponearre muorreskilderingen te besjen.

Fierder yn it doarp binne foaral oan de Eelke Meinertswei in stik as wat geve buorkerijen en op nûmer 15 in skuorre mei foarhûs út sawat 1905 dat as kafee tsjinst die.

Westernijtsjerk is in streekdoarp dat mooglik yn de folle Midsieuwen ûntstien is op in kwelderwâl en tsjin in dykkompleks oan, de Hege Hearewei, as in nije (it “nij”yn de namme) delsetting by it folle âldere Marrum, wêr ta it faak as buert rekkene wurdt. De Romaanske tsjerke wiist op in nochal hege âlderdom. De tsjerkestichting wurdt wol yn ferbân brocht mei state Jepma of Jeppema, dy’t wilens ferdwûn is dy’t noardeastlik fan de tsjerke op in romme omgrêft en as tún ynrjochte terrein lei. De nije parochy soe troch de Jeppema’s befoardere wêze en de tsjerke op harren grûn boud, wêrtroch in sekere beskerming bestien hat.

De doarpsbebouwing leit súdwestlik fan de tsjerke. De tsjintwurdige, foaral agraryske bebouwing leit ferspraat by de Hege Hearewei lâns; by de bajonetbocht is der sprake fan wat fertichting, in streek dy’t yn it ferline wol Lutkeburen neamd waard. Yn de 17e ieu moatte der om de tsjerke hinne ek huzen stien ha. Jepmastate is nei alle gedachten oan it ein fan de 18e ieu ôfbrutsen. De Ljouwerterdyk dy’t om de bebouwing fan Marrum lutsen is snijt de terreinen fan de eardere state troch. Foar de tsjerke leit in grut parkearterrein.

De tsjerke mei trijekantige koarsluting is wijd oan Sint-Oswaldus. De tsjerke hat in sealdaktoer út de 15e ieu mei twa âldere klokken (1385 en 1405). It let Romaanske skip is yn de earste helte fan de 13e ieu mitsele fan âlde friezen. It koar is tagelyk oplutsen en fertoant op de hoeken mitsele kolonetten mei ringfoarmige kapitelen. De tsjerkekap is om 1500 hinne fernijd: it houten tonferwulf mei trekbalken is doe oanbrocht. It skip krige om 1800 hinne steunbearen en de finsters binne doe fan nije dagkanten foarsjoen. Tusken it evenwichtige meubilêr falle de 17eieuske hearebank, de barokke preekstoel en foaral de heech goatyske bankwangen op. Se binne snien mei moai detaillearre en útienrinnende briefpanelen en bekroaningen en binne út de earste helte fan de 16e ieu.

Westhim is in lyts kompakt terpdoarp fan midsieuske oarsprong mei in buert tichtby de Himdyk. Dizze dykstreek wurdt de Kat neamd en de terp Feytebuorren. Op de gritenijkaart fan Wymbritseradiel yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet it doarp tekene mei in fjouwertal buorkerijen om de tsjerke hinne mei de Westhimster Opfeart nei de Wimerts . In opfeart dy’t yn it suden by de Kat in slûs, in syl, yn de Himdyk hat, wêr’t ek noch twa huzen steane. De Himdyk leit noardlik fan de yn 1633 droechmealde Atsebuorster mar. De polder hat in merkber leech nivo.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: ‘Westhem, een klein dorp … in ’t Westen tegen den Hemdyk gelegen, gelyk Oosthem in ’t Oosten: hier onder behoort het droog gemaalen Atsebuurster meer, liggende samen met Sensmeer, tot Wonzeradeel behoorende, in den zelfden Dyk, als ook het buertsje de Graauwe Kat, alwaar men een Sluisje in de Hemdyk heeft, waar door men te scheep uit de Buitendykster landen, door dit Dorp, in de Bolswerder vaart kan komen. Ook ziet men hier twee Wieren, overblyfzels van oude Staten.’ It buertsje heart koartsein de Kat neamd te wurden, Grauwe Kat leit ûnder Arum.

De dykbuert mei yn de rêch de opfeart is ûnderwilens mânsker as it oarspronklike terpdoarp útgroeid. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff yn 1851 is dy ûntwikkeling te sjen, al is de groei minder sterk dan dy fan Blauhûs, even westliker, eartiids in buorskip dat ûnder Westhim hearde. It buertsje by de slûs wurdt De Kat neamd en de syl Katsyl. It kafee midden yn de dykbuert fan Westhim hjit De Kot, wêrby de stavering de útspraak folget. Noardlik fan de tsjerke, bûten de terp steane in pear huzen en buorkerijen.

De tsjerke is in trijekantige sletten sealtsjerke dy’t yn 1708 boud is om in midsieuske foargonger te ferfangen. De sealdaktoer is 13eieusk. Der hingje klokken yn wêrfan de iene út 1353 is en de oare yn 1639 troch Jacob Noteman getten is.

De Westhoeke is in streek dy’t noch mar krekt de status fan doarp krigen hat. It is it westlikste diel fan de earste Bildtdyk, dy’t yn 1505 opsmiten is fan Dykshoek ôf, wêr’t er oansleat op de Griene Dyk fan it eardere Barradiel, oant de Noarderdyk fan Ferwerderadiel. Dêrmei waard it Oud Bildt ynpoldere. Het Bildt krige doe fan de Saksische Heer van Friesland de status fan gritenij, de jongste fan Fryslân. Nei’t yn 1600 de Nijebiltdyk ta stân kommen wie, waard de âlde dyk slieperdyk en begûn de ûntwikkeling ta in opmerklike wenbuert.

De namme De Westhoeke waard jûn oan dit stik fan de alve kilometer lange bebouwing oan de Aldebildtdyk ter ûnderskieding fan de Oasthoek, de buert op de krusing fan de dyk mei de Kouwe Faart dy’t yn de Waadsee útwettert by Swarte Haan. Tusken De Westhoeke en De Oasthoek lei rjocht noardlik fan St.Jabik ek noch de buert dy’t Spitsroeden neamd wurdt. Hjir stiet in belangrike masinefabryk mei in museale ôfdieling fol stoommasines. Krekt as by oare streken by de dyk lâns bestiet de bebouwing oan de noardkant tsjin de dyk foaral út arbeiderswenten, mar der binne ek in stik as wat pleatsen te finen.

Súdlik fan de dyk en de dykfeart lizze de pleatsen yn it lân. It binne meastal monumintale buorkerijen, wêrûnder inkele fan it winkelheakmodel. Der stiet boppedat in yn 1899 stichte iepenbiere legere skoalle yn de foar doe karakteristike sierstyl. Yn de op de dyk rjochte koarte gevel sitte boppe yn gevelplaten mei Openbaar Lager Onderwijs en leger platen mei Anno en 1899 oan wjerskanten fan in grutte yn in nis pleatste plaat mei in gemeentewapen. Op it dak lizze de moaie Lucas IJsbrandpannen. Hielendal yn it westen fan De Westhoeke stiet in Yndonesysk restaurant. Noch westliker giet de Biltdyk oer yn de Armen- of Statendijk dy’t op de âlde Griene Dyk oanslút. De âlde herberch dy’t hjir stie is ferdwûn.

Wetsens is in radiaal terpdoarp wêrfan de ovale ringwei noch foar mear as de helte bestiet. De rest fan de omfang fan de oarspronklike terp is oan in stik ringsleat en de perseelsgrinzen te werkennen. Oan de ringwei leit de bebouwing, foar in grut part pleatsen, dy’t oan de noardlike en oan de súdwestlike kant wat fertichting te kennen jout. De terp is grut west, mar is yn 1892 en 1896/97 foar in grut part ôfgroeven. Hjirtroch is de tsjerke fjouwer meter heech op in skerp ôfgroeven restant kommen te lizzen en is de Opgong frij steil. De pleats dy’t oan de súdwestlike kant binnen de ringwei stiet, leit op in net ôfgroeven part fan de terpsoal.

Eastlik hat it doarp mei it Jellegat in goede ûntsluting oer wetter: yn noardlike rjochting nei de Peazens en yn súdlike rjochting nei de Suderie. It Jellegat is lang de wichtichste wetterlossing foar West Dongeradiel west en faak oarsaak fan konflikten tusken de Dongeradielen. De wetteroerlêst koe der fan West nei East Dongeradiel ferpleatst wurde. By ekstreme waarsomstannichheden wie it Jellegat as in wetterfal.

Wetsens is sa geef bleaun troch de ôfsidige lizzing fan de ferbiningswei fan Dokkum nei Mitselwier en Easternijtsjerk. De oan Sint-Vitus wijde lytse tsjerke is út dowestien boud en is út de 12e ieu. De koarpartij, ynwindich heal rûn, útwindich fiifsidich, is út de earste ieuhelte. De hoeken binne aksintuearre troch pilastereftige kralen fan Bremer sânstien. It skip is yn de twadde ieuhelte boud. Beide sydgevels binne oer de hiele djipte fersierd mei in sparfjild dat oan de boppekant bekroand is troch in rûnbôgefries. Der binne spoaren fan oanbouwen mei kapellen, oan de súdkant bine dizze it dúdlikst. De tsjerke is yn it begjin fan de 16e ieu mei bakstien ferhege. Doe binne de ferwulven fuorthelle, spitsbôgefinsters oanbrocht en kaam oan de noardkant in let-goatyske yngongspartij. Yn 1842 is de sealdaktoer ynstoart en de westlike partij ferfongen troch in trijesidige sluting mei in lytse hingjende klokkestoel.

Wier is in terpdoarp dat mooglik oan it begjin fan de jiertelling ûntstien is by de mûning fan de Middelsee. It doarp komt yn de boarnen fan de 13e oant it begjin fan de 16e ieu foar as “Weer”. It doarp is nea grut west en ek it doarpsgebiet yn de úterste noardpunt fan Menameradiel, tusken Aldmear en de âlde seedyk, de Hegedyk, wie beheind.

De fiskers hienen troch de Wier- en de Balksyl tagong ta de Middelsee. De Tegenwoordige Staat van Friesland meldde in 1786: ‘Weleer lag dit dorp ook aan zee, en werd toen, waarschynlyk, bewoond door Visschers, die door de Wierzyl gemaklyk in zee konden komen, en van daar naar hun visch, door de Ried, naar Franeker en elders brengen. By onzen tyd lag hier nog de fraaie State Lauta, bestaande in een schoon Heerenhuis en zwaaren toren, omringd met diepe graften en ene ruime hovinge.’

De state is mei it pachtersoproer yn 1748 yn de brân stutsen. Lautastate hearde ta de moaiste staten van Fryslân. It terrein fan Lauta is noch te werkennen.

It doarp hie mei it Moddergat in wetterferbining mei Berltsum. Nei it tichtslykjen fan de Middelsee is Wier in folslein agrarysk doarp wurden. Dat is oan de mingde bebouwing fan pleatsen en wenten te sjen mei in konsintraasje oan de Hegedyk. Oan it Tsjerkepaed stiet de neoklassistyske pastorije út it midden fan de 19e ieu. In twadde middengongwenning stiet oan de Hegedyk, mar dan yn mingde styl. It is de skoalmasterswenning dy’t yn 1874 tagelyk mei de middengongskoalle, dy’t út twa klassen bestiet, boud is.

De bakstiennen tsjerke is út it midden fan de 12e ieu. Om 1800 hinne is de súdgevel beklamme en fan steunbearen foarsjoen. Yn 1881 is nei ûntwerp fan F.Brouwer in toer fan trije segminten en in ynsnuorre nullespits oplutsen en dêryn is in astronomysk oerwurk pleatst. Yn it koar waard yn de 19e ieu in bysûnder orizjinele rûne nachtmielsromte makke.

Wierum is in terpdoarp dat op in kwelderwâl flak by de see yn de betide Midsieuwen ûntstien is.
Dizze gefaarlike lizzing is net sûnder gefolch west. It noardeastlike part fan de rjochthoekige terp is yn see ferdwûn en oan dy kant sil ek in stik fan it doarp troch de weagen opslokt wêze. De tsjerke liket tsjin de hege seedyk oan te leunen.

Fan âlds is Wierum troch dizze lizzing in fiskersdoarp west. Oan it begjin fan de 19e ieu joegen tsien skippen oan fyftich fiskers wurk en yn 1882 telde de float fyftjin aken dy’t fan in bun foarsjoen wienen, wêrtroch de skol yn farsk wetter nei de wâl ferfierd wurde koe. Yn in fleanende stoarm op 1 desimber 1893 fergienen trettjin fan de santjin skippen: 22 fiskers ferdronken. Op de dyk docht in monumint tinken oan it doarpsdrama. De fiskerij hat dit nea wer ferhelpe kinnen. Der binne in protte karakteristike fiskershuzen ferdwûn. Oan it plein tsjinoer de tsjerke is it fiskershûs út 1823, no wetterskipshûs, wol in oantinken oan de maritime skiednis. It is in wat plechtich gebou fan fiif finsterflakken breed en twa boulagen heech mei in omliste tagong en in foar it dak útboude kajút.

De doarpstsjerke stiet no oan de noardlike marzje fan it út ticht beboude strjitten besteande doarp. De oan Maria wijde tsjerke is út de 12e ieu. It tsjerkeskip mei koar út 1912 is troch in nij gebou ferfongen, wêrtroch in opmerklik stik skiednis weifage is. De dowestiennen toer út de 12e ieu is wol bestean bleaun. Hy foarmet mei de oangrinzjende sydromten dy’t ûnder en op de ferdjipping mei de toerromte ferbûn binne, in westwurk. Oan de bûtenkant is de toer fersierd mei sparfjilden en rûnbôgefriezen en boppe op it sealdak stiet in aak as wynfaan te pronk.

Noch foar de Doleânsje stichten de Ofskiedenen yn 1875 in eigen tsjerkegebou, efter de roailine yn de Haadstrjitte. It beskieden bouwurk makket syn tsjerklike funksje allinne mar kenber mei de tsjerkefinsters.

Wikel is in relatyf heech lizzend komdoarp súdlik fan de Sleattemer Mar dat yn de 12e ieu foar it earst yn de boarnen foar komt. Bûten de doarpskom is der foaral by de útfalswegen lâns aardich wat fersprate bebouwing. By de âlde Heerenhoogwei lâns is mingde bebouwing fan earst wenten en fierder fan it doarp ôf pleatsen. Súdlik binne oan de Gaestfjurwei ein it heech lizzende Iwert (of Ybert) allinne agraryske buerten te finen.

By de âlde dyk nei Balk, healwei, is de bebouwing oant de kompakte buorskip Bargebek fertichte. Dêr stiet de eardere grifformearde tsjerke út 1907 en wat pleatsen en wenten, wêrfan twa moaie detaillearre wenten mei middengong opfalle. Yn de 18e ieu hearde in wichtich part fan Balk by Wikel. Nei de oarloch kaam der nijbou oan de westkant. De doarpskearn stiet by de trijesprong fan de belangrykste wegen. De grutte bakstiennen toer mei sealdak is tusken it hege beammeguod fan fier te sjen. Hy datearret út de 15e ieu en is yn 1821 ferhege. De tsjintwurdige tsjerke is yn ferhâlding mei de toer lyts. Dy is yn 1671 op de grûnfêsten fan de gruttere âlde tsjerke efter de toer pleatst. It is in ienfâldich gebou dat in grutte skat herberget, dy’t it ynterieur dominearret en de sfearfolle ynrjochting mei evenwichtich meubilêr ferjitten docht.

Yn it koar lûkt in prielgrêf nammentlik de oandacht: it grêf fan de strateech en festingbouwer Menno van Coehoorn. Op de fan swart en wyt moarmer gearstalde tombe mei reliëfs fan it kriichsbedriuw leit de held yn harnas rjochtút op syn rjochterside mei it troch him útfûn Coehoornmortier foar him, in draachbere lytse fjoermûle. It is nei de dea (1704) van Coehoorn troch syn bern yn de tsjerke pleatst. Daniël Marot die it ûntwerp en Pieter van der Plas fierde it út.

Efter de tsjerke leit it Coehoornbosk, it plak wêr’t de kriichshear ea syn bûtenferbliuw Meerestein hie, mar dat yn 1811 ôfbrutsen is. De tsjerke hat noch epitaven en grêfstiennen fan belangrike famyljes.

It terpdoarp Winaam leit by de hieltyd útwreidzjende havengebieten fan Harns. It hat in romroft ferline: der binne bysûndere argeologyske fynsten dien. Yn de ôfrûne jierren wie de terperige op de pôlen eastlik fan Winaam spearpunt yn dat ûndersyk. Op de westkant fan dizze argeologysk spannende rêch stie in tal staten, nei alle gedachten hearebuorkerijen. Der sie sprake fan Oudehuis, Nyehuis, Swingma en Tjitsma; oan it ein fan de 18e ieu wienen it al buorkerijen.

It doarp hat in kearn mei strjitsjes wêr’t de bebouwing him oan gjin roailine hâlden hat. It binne huzen fan in inkele boulaach dy’t benammen boud binne fan giele bakstien. In hûs fan twa boulagen is fan stien yn appelbloeiselkleur. Oan de noardeastkant fan de bebouwing leit in moai keatsfjild. De let goatyske tsjerke oan de súdkant fan de kearn is oarspronklik wijd oan Sint Andreas. It tsjerkeskip wie ea pleistere, mar lit nei restauraasje wer syn wiere aard sjen dy’t pronket mei in moai finsterritme. De wrakke toer stoarte yn 1684 folslein yn en waard dêrnei wer boud. Dy waard yn 1904 ferfongen troch in toer fan it ûntwerp fan de Ljouwerter arsjitekt Jurjen Bruns. Yn it moaie ynterieur mei meubilêr út it twadde kwart fan de 18e ieu is de preekstoel út 1728 it keunstsinnige middelpunt. It snijwurk fan de kûp mei wrongen en omranke korintyske hoekpylderkes is yn 1728 útfierd troch Arjen Lous. Op de panelen binne bibelske tafrelen snien. Mei lambrisearring, doophek mei doar, froulju en mânljusbanken is it in bûtengewoan ryk ynterieur. Súdlik fan de tsjerke stiet de 18eieuske konsistoarje en eastlik “t Slotsje”, in grutte pastorije yn in aardige mingde styl.

Winaam is oan de eastkant ûntsletten troch in dyk dy’t by it buorskip Foarryp nei Getswerdersyl lâns rint. By Foarryp leit yn it midden fan de hege ikkers in lyts natuerreservaat fan jong kultuerbosk, leech gerslân en in dobbe mei slykwallen. De fegetaasje hat in sâltich karakter.

Duerswâld en Weinterp binne twa streekdoarpen dy’t yn de lette Midsieuwen yn elkoars ferlingde op in sânrêch ûntstien binne. Se binne yn 1974 ta it doarp Wynjewâld gearfoege, hoewol’t se oant yn de 20e ieu in nochal útienrinnende ûntwikkeling trochmakke ha en in ferskillend karakter ha. Yn de atlas fan Schotanus fan 1718 is Duerswâld in buert fan in tsjerke en fersprate bebouwing. Yn it westen, op de krusing fan de Merkebuorren mei de Mûnleane, lei in konsintrearre buert, de Molebuert, wêr fan de eastlike helte by Duerswâld hearde.
Daliks om de streek leine doe wat boekweitfjilden en fierder nei it súdeasten grutte heidefjilden, wêr fan in grut part as natuergebiet bewarre bleaun is.

Yn 1788 melde de Tegenwoordige Staat van Friesland: ‘een klein Dorp, … tusschen Winieterp en Ooststellingwerf, had voor deezen eene kerk zonder kloktoren, gesticht ter eere van St. Jan; doch thans een Kerkje met een spits torentje en eene zeer groote uitgestrektheid van woeste veenige heidvelden, dienende inzonderheid tot Schaapweideryen. … Ook behooren onder dit Dorpje, ’t welk eene vaart heeft, komende uit de groote Bakkaveenster vaart, eenige poeltjes van naame, als het Mans meer, de Vijf meeren, Paalemeer, Moddermeer enz. gelyk ook de Molenbuurt.’

De tsjerkedelsetting leit yn it easten mei wat fersprate bebouwing. De doarpstsjerke is in let goatysk gebou út nei alle gedachten de 13e ieu. De yn de 15e ieu fernijde tsjerke, fan reade friezen, hat letter oanbrochte steunbearen fan lytse giele stien en in geveltoer fan hout. Op it tsjerkhou stiet in hiele seldsume pastorije út 1759, in ienkeamerwenning.

De bosken eastlik fan it doarp binne yn de twadde helte fan de 19e ieu oanlein yn opdracht fan de famylje Lycklama à Nijeholt. De Molebuert is yn de 20e ieu útgroeid ta de kearn fan Duerswâld mei oan de Merkebuorren wat fertichting. Dêr waard de grifformearde tsjerke mei in elegant gevelspitske boud. Nei de oarloch is it doarp foaral súdlik fan de âlde streek sterk útwreide mei wenningbou.

Duurswoude en Wijnjeterp zijn twee streekdorpen die in de late Middeleeuwen in elkaars verlengde op een zandrug zijn ontstaan. Ze zijn in 1974 tot het dorp Wijnjewoude samengevoegd, hoewel ze tot in de 20ste eeuw een nogal uiteenlopende ontwikkeling hebben doorgemaakt en een verschillend karakter hebben. In de atlas van Schotanus van 1718 is Duurswoude een buurt van een kerk en verspreide bebouwing. In het westen, op de kruising van de Merkebuorren met de Mouneleane, lag een geconcentreerde buurt, de Molenbuurt waarvan de oostelijke helft bij Duurswoude hoorde. Onmiddellijk om de streek lagen toen wat boekweitvelden en verder naar het zuidoosten uitgestrekte heidevelden, waarvan een aanzienlijk deel als natuurgebied bewaard is gebleven.

In 1788 meldde de Tegenwoordige Staat van Friesland: ‘een klein Dorp, … tusschen Winieterp en Ooststellingwerf, had voor deezen eene kerk zonder kloktoren, gesticht ter eere van St. Jan; doch thans een Kerkje met een spits torentje en eene zeer groote uitgestrektheid van woeste veenige heidvelden, dienende inzonderheid tot Schaapweideryen. … Ook behooren onder dit Dorpje, ’t welk eene vaart heeft, komende uit de groote Bakkaveenster vaart, eenige poeltjes van naame, als het Mans meer, de Vijf meeren, Paalemeer, Moddermeer enz. gelyk ook de Molenbuurt.’

De kerknederzetting ligt in het oosten met enige verspreide bebouwing. De dorpskerk is een laat-gotisch gebouw uit vermoedelijk de 13de eeuw. De in de 15de eeuw vernieuwde kerk, van rode kloostermoppen, heeft later aangebrachte steunberen van kleine gele steen en een geveltoren van hout. Op het kerkhof staat een hoogst zeldzame predikantswoning uit 1759, een eenkamerwoning.

De bossen ten oosten van het dorp zijn in de tweede helft van de 19de eeuw aangelegd in opdracht van de familie Lycklama à Nijeholt. De Molenbuurt is in de 20ste eeuw uitgegroeid tot de kern van Duurswoude met aan de Merkebuorren enige verdichting. Daar werd de gereformeerde kerk met een elegant gevelspitsje gebouwd. Na de oorlog is het dorp vooral ten zuiden van de oude streek sterk uitgebreid met woningbouw.

Winsum is in terpdoarp. It hat sels ien fan de heechste terpen fan Fryslân. It falt amper op. Wol is de kearmuorre fan it tsjerkhou by de trijesprong by de Skâns behoarlik heech en hjit de strjitte nei it súdwesten, nei de oansjenlike útbuorren Brêgebuorren net foar neat Hegeterp, want dêr lei in twadde flinke terp. Hoewol ‘t dy yn de twadde helte fan de 19e ieu ôfgroeven is, leit dy strjitte noch merkber heech.

Brêgebuorren, de wetterbuert oan de Frjentsjerter Feart is as apart buorskip al âld: dat is ek te sjen oan de kompakte bebouwing fan ferskate soart dy’t oan de súdlike kant, de Grutte Streek, oan de doarpskant leit en oan de oare kant fan de brêge oan de oare kant. De buert makket troch útwreiding fan it doarp yn súdlike rjochting no diel út fan it gehiel. Fanôf de kearn rint de Kleasterdyk nei it noarden, neamd nei it yn 1186 stichte frouwekleaster Sint-Michaelsberg, wêr’t de pleats Mountsjebaayum noch as oantinken bestiet. Dizze dyk wurdt omseame troch boargerhuzen en it bedriuweterrein.

Winsum hat him nei de oarloch as warber doarp ûntwikkele nei it suksesfolle inisjatyf fan L.S.Miedema mei syn fabryk foar lânboumasines en transporteurs. De ûntwikkeling fan de bedriuwichheid hat syn wjerslach krigen yn de folkshúsfesting. Daliks al nei de oarloch mei tradisjonalistyske wenten oan de Pier Winsemiusleane. Dêr en yn de súdlik dêrfan ûntwikkele strjitten folgen yn de desennia dêrnei in protte folkswenten.

De doarpskearn is karakteristyk foar in terpdoarp mei in tsjerkebuorren dy’t om it tsjerkhou ploaid is en dy’t oan de súdlike kant de belangrykste strjitte foarme hat. By de yngong fan de Meamerterdyk steane oan wjerskanten notabele wenten út de jierren om 1860 hinne. Om it tsjerkhou stiet in op de kearmuorre pleatst izeren stek. De hiele ienfâldige sealtsjerke, fernijd yn de 19e ieu, hat rûnbôgefinsters en in tuskenbeiden hege toer mei ynsnuorre spits.

Wurdum is in terpdoarp dat yn de betide Midsieuwen ûntstien is. De delsetting hie yn it moerassige gebiet eastlik fan de Middelsee goede wetterferbiningen nei alle rjochtingen, foaral de Wurdumer Feart dy’t de ferbining lei mei Ljouwert. De ferbiningen oer lân wienen behyplik. Pas yn it midden fan de 19e ieu kaam de Legedyk, in goede weiferbining mei de ryksstrjitwei.

De foarm fan de terp is noch goed te sjen, mar der binne wol parten ôfgroeven. It tsjerkepaad is ta ringwei transformearre. Om de tsjerketerp hinne en oan twa parallel rinnende strjitten, de Grutte en de Lytse Buorren oan de westkant, fûnen de betiidste bou aktiviteiten plak. De twa ticht beboude strjitten en de lossere bebouwing om de tsjerke hinne ha in fassinearjend doarpssintrum foarme. Fan de 19e ieu ôf kaam der ek hieltyd mear lintbebouwing by de belangrykste ferbiningswei, de Legedyk, en ek wat by de dyk nei Swichum lâns. Oan de Tsjaarder Feart waard yn 1891 de koöperative súvelfabryk stichte dy’t yn 1964 de doarren ticht die.

Nei de oarloch waard it doarp earst oan de súdeastkant en letter ek oan de súdwestkant útwreide. Resint is foaral boud oan de noardlike râne en op it eardere sportfjild yn it suden.

De oan Sint Martinus wijde tsjerke is nei alle gedachten yn de 12e ieu fan dowestien boud. Der binne noch spoaren fan te finen yn de noardmuorre fan it koar. De Oenema-Camminghakapel is dêr oan it ein fan de 13e ieu útboud. Ek oan de súdkant kaam in útbou dy’t letter troch in toer ferfongen is, wêr troch de tsjerke in skoft twa tuorren hie. De westtoer is sloopt en der kaam yn 1716 in trijesidige sluting. De tsjerke hat in bysûnder ynterieur wêr’t it oargel en inkele eksellinte sarken opfalle. De robúste pastorije is yn 1875 yn in romme tún tsjinoer de tsjerke boud.

Oan de Buorren en oan de Legedyk stiet in tal karakteristike notabele wenten mei middengang. Efter de Legedyk stiet de grifformearde tsjerke fan 1925 fan it ûntwerp fan Ane Nauta.

Wytmarsum is in terpdoarp dat ûntstien is yn de betide Midsieuwen en wêr’t flinke buerten omhinne groeid binne. It komt it earst yn boarnen foar yn 1270, mar argeologyske fynsten wize op in folle âldere bewenningsskiednis.

Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 is it al in flink doarp en yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard dat yn 1788 befêstige: : ‘een schoon en groot dorp …, gelegen aan ’t Zuidelyk einde der Pingjumer Halsband. Men vindt hier eene groote binnenbuuren met eenige Straaten ten Zuidwesten, Zuidoosten en Noordoosten der Kerk. In den jaare 1663, werd het spits van den toren, door een Onweder, vernield, en een nieuw van veel grooter hoogte daar voor in de plaats gesteld’. Fierder waard in tal staten behannele wêr’t gjin inkele mear fan bestiet en fansels waard gewach makke fan Menno Simons, ien fan de lieders fan de menisten dy’t mei de skiednis fan Wytmarsum en it tichtby lizzende Penjum ferbûn is. Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff út 1854 is it doarp yn omfang tanommen.

Op âlde kaarten falt yn it suden fan it doarp de Aylvastate mei it grutte park op. Dêr residearren de Aylva’s, in famylje dy’t ieuwenlang grytmannen foar Wûnseradiel en oare gritenijen en bestjoerders foar de provinsje opsmiten hat en in tal eksellinte kriichskundigen levere. De state is ferskate kearen fernijd, mar it gebou is ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in senioaresintrum.

Yn’ t earstoan krige Wytmarsum by de Van Aylvawei en Arumerwei lâns oan wjerskanten fan de terp oant fier yn de 20e ieu in streekdoarpeftich karakter. Nei de oarloch waarden de nijboubuerten oan de noardkant en foaral súdlik fan de streek ûntwikkele.

Wytmarsum is sûnt 1880, doe’t it gemeentehûs fan Boalsert út nei de eastkant fan dizze dyk ferhúze waard, haadplak fan Wûnseradiel. It gemeentehûs is in rizich gebou yn in plechtige mingde styl, dat earst yn 1980 en oan it begjin fan de 21e ieu nochris oansjenlik útwreide is. Hjirnjonken stiet kafee Kuperus yn in kleurige pronk en rûnpasgevel dy’t past by de fernijingen om 1900 hinne.

Oan de oare kant riist de oan H.Nicolaas Tolentius wijde neogoatyske tsjerke op, yn 1903 boud nei ûntwerp fan A.J.van Schaik, by it augustijner kleaster Vinea Domini. It is in ienbeukige krústsjerke sûnder toer, mei in fiifsidich sletten koar, in dûbel transept, mei in dakrúter op de fiering. De belangrykste geloofsrjochtingen wienen yn dit doarp mei in tsjerke fertsjintwurdige. Yn it midden de herfoarme tsjerke en fierder de al neamde roomske kapel, in grifformearde ( dizze sealtsjerke út 1927 is in yn de tuskentiid net mear yn gebrûk) en in beskieden minniste tsjerke. En krekt Wytmarsum is it berteplak fan Menno Simons, ien fan de stichters fan de doperske beweging. Hy wurdt mei in obelisk even bûten it doarp betocht.

Yn’ t earstoan hie Wytmarsum in tsjerke mei in mânske sealdaktoer. Dy is yn 1633 troch stoarm fernield. Doe is de tsjintwurdige tsjerke boud en dy hie in ‘fraaye ende spitse toren’.
De tsjerke is bleaun, de toer net. Dy is yn 1819 ferfongen troch in iepen wurke koepeltoer op de nulle fan it dak. Dêr yn hingje de troch Johannes van Boomen en de yn 1565 troch Jurien Balthasar getten klokken. De westgevel, oan de kant wêr’t de toer stie, is yn 1819 trijesidich sletten. De tsjerke stiet op in mei getten izeren stek en linebeammen omseame terp.

Tsjinoer de tsjerke binne op de strjitfluorring de perken foar it strjittekeatsen oanjûn. Dêr stiet ek kafee De Gekroonde Roskam út 1861, dat in gevel hat mei in oerstekkende ferdjipping dy’t op kolommen rêst. Dêrnjonken stiet in pân mei in ynswinkte halsgevel út 1739. De Wytmarsumer Feart makket in lus troch it midden fan it doarp en sa kaam de yn 1889 stichte en noch frij geve súvelfabryk – dy’t tsjinwurdich in oare bedriuwsbestimming hat – yn it frij kompakt boude en skildereftige sintrum terjochte. Dêr stiet ek de eardere smidterij.

Wiuwert is in terpdoarp wêr’t eastlik fan de tsjerketerp in iepen gersplein leit, dat as keatsfjild brûkt wurdt. Dêr om hinne is de bebouwing fan wenten en buorkerijen groepearre. Oan de noardkant is dy frij sletten. Ek eastlik en oan de súdkant steane noch in wenning fan it notabele type en in buorkerij. Daliks eastlik fan de tsjerke stiet de pastorije, in moaie wenning yn eklektyske mingde styl mei in ferskaat oan fersieringen yn plaster. Njonken de pastorije leit in lytse stjelpbuorkerij frij fier nei foaren, lykas de grutte blokfoarmige wenning dy’t der neist stiet. Dêrnei springt de bebouwing werom en folget in rige wenten, wêrfan ien as kafee yn gebrûk is.

De moaiste rige wenten leit oan de eastkant fan it gersplein, in stik as fiif yn de breedte boude, karakteristike mar útienrinnende doarpswenten, wêrûnder ien hiele brede, dy’t twa wenten ûnderdak jout. Hjir efter leit wat mingde bebouwing.

Eastlik leit de buorskip Bessens. Even noardliker stie Thetingastate of Waltastate, wêr’t de Labadisten, in protestantske piëtistyske sekte, yn it lêste kwart fan de 17e ieu in koloanje hienen. Oan de súdlike útfalswei is fanôf it ein fan de 19e ieu lintbebouwing ta stân kommen. Wer súdliker, oan de Easterwierrumer Aldfeart, stie de foar 1900 stichte suvelfabryk dy’t tachtich jier letter as timmerfabryk yn gebrûk kaam. Oan de westkant fan it doarp is mear bedriuwichheid te finen. Oan de súdeastkant fan it âlde doarp is nijbou kommen, wêr by it arsjitektoanyske eksperimint net skoud is.

De tsjerke en toer steane op in hege terprest wêr’t yn 1866 gouden sieraden fûn binne. De tsjerke is fan sawat 1200, mar allinne de efter de stevige steunbear ferstoppe noardgevel hat noch in midsieusk karakter. It oare is faak ferboud: de lêste kear tusken 1860 en 1870, wêr by it koar en de súdgevel mei brune bakstien ommantele binne. De fan in protte dekorative effekten foarsjoene en mei ynsnuorre spits bekroande toer is yn 1888 wer boud. De tsjerke tanket har rom oan mysterieuze mummy’s yn de kelder ûnder it ferhege koar.

Wjelsryp is in terpdoarp mei in frij losse struktuer. It doarp wie ûntsletten troch de Frjentsjerter Feart oan de westkant. De iennichste ûntslutingswei is yn súdlike rjochting oer de Wjelsrypstertille. Nei de brêge bûcht de dyk nei it westen en dêr leit de belangrykste buert fan Wjelsryp, it lange Westerein, mei in frij losse bebouwing fan meast lytse buorkerijen en huzen.

De doarpskom leit yn it noarden: de Greate Buorren mei útienrinnende bebouwing fan boarger en arbeiderswenten út foaral de 19e ieu. De strjithoeke oan de Galemawei wurdt markearre troch in moaie, evenwichtige notabele wenning. Oan de oare kant lizze bûten de doarpskom twa kop-romppleatsen dy’t beide in wyt ferve foarein ha. Súdlik leit de frij hege, keale terp mei dêr njonken de grutte pastorije, in karakteristike notabele wenning út 1877 op in fjouwerkante plattegrûn mei útboude middenpartij. Dêrop folget de Lytse Buorren mei net allinne wenten út de 19e ieu, mar yn súdlike rjochting ek jongere huzen, sels oant folkshúsfesting fan nei de oarloch ta. De skoalle út 1921 stiet op’ e hoeke mei de Galemawei mei dêr tsjinoer frijsteande gebouwen mei ûnder mear in stjelpbuorkerij en in grutte notabele wente, dy’t lykas de pastorije in fjouwerkant grûnplan hat.

Fanôf de kom fan de buorren is nei it suden ta de Tillewei oan de eastkant beboud mei foaral ticht by elkoar steande, mar wol frijsteande en goed fersoarge boargerhuzen út de perioade om en koart nei 1900. Wêrûnder in eksimplaar yn fernijingsstyl mei in portyk yn hoefizerfoarm. Oan de oare kant kamen yn de sechstiger en santiger jierren in pear rigen folkswenten.

De doarpstsjerke is yn oanlis 12eieusk en der wurdt sein dat de âlde kearn der noch is. De toer is boufallich wurden en stoarte yn 1836 yn. Foar de klokken waard dêrnei in houten tuorke op de westgevel setten. De tsjerke is doe ek hielendal ommitsele, sadat it in 19eieuske tsjerke wurden is yn Romaanske haadfoarmen, foaral troch it ynspringende hege koar.

Wolsum is in terpdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is yn de noardwesthoeke fan de gritenij súdeastlik fan Boalsert. It doarp wie mei twa opfearten ûntsletten nei de Wimerts . Op de betiidste ôfbylding fan it doarp op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet om de tsjerke hinne in kompakte doarpsbebouwing fan huzen en hjir en dêr yn steane yn de omjouwing buorkerijen dy’t soms ta in boerebuorskip konsintrearre binne.

De Tegenwoordige Staat van Friesland hie yn 1788 net safolle te melden:’Wolsum, niet verre van Bolswerd, en naby de vaart, die van de Nieuwe Zyl derwaards loopt, zo dat men hier te scheep vry gemaakelijk af en aan kan komen. Onder dit Dorp {…} behooren de buertjes Laard, Jouwsard, Remsard, Vyfhuis en Ytzum.’

De buerten besteane noch altyd en by de brêge oer de feart is boppedat de buert Wolsumerketting ûntstien. Op de kaart yn de Eekhoffatlas út 1851 steane trije huzen, wêr’t de kaart fan 1716 allinne noch it Wolsumer Ketting hûs fermelde. Yn Fiifhûs steane yn 1851 al trije huzen mear as de namme oanjout. De oare buerten besteane út buorkerijen. Yn it midden fan de 19e ieu steane yn de kom fan it doarp alve huzen dy’t rom 50 bewenners herbergje. Efter de tsjerke is de kompakte tsjerkebuorren noch te besjen.

De tsjerke is om 1870 hinne boud om in midsieuske foargonger te ferfangen dy’t oan Sint Martinus wijd wie. It is in sealtsjerke mei in trijesidige sluting yn in typyske mingde styl. It muorrewurk wurdt yndield troch lisenen en der steane grutte rûnbôgefinsters yn. De hoeken fan de gevel en dy fan de foar in grut part ynboude toer ha dekorative pinakelbekroaningen. De gevel wurdt ôfdekt troch in rûnbôgefries. Yn de tsjerke stiet in 17eieuske preekstoel. De oant gevelhichte oplutsen, nochal skerpe toer hat in houten boppebou mei oan elke kant dûbele galmgatten en in ynsnuorre spits. Yn de toer hinget in liedklok út de 15e ieu.

Wolvegea is fan âlds in streekdoarp fan midsieuske oarsprong dat yn 1218 foar it earst yn de boarnen foar komt. Fanôf it midden fan de 19e ieu hat it him ûntwikkele ta in grut plak. Foaral nei dat yn 1828 de nije ryksstrjitwei fan Ljouwert en Swol troch it doarp lutsen waard en Wolvegea yn 1865 boppedat oan de spoarferbining fan dizze stêden kaam te lizzen. Yn 1835 kaam it gritenijhûs op it krúspunt fan wegen yn it sintrum ta stân en Wolvegea waard dêrmei haadplak fan Weststellingwerf.

Op de gritenijkaart yn de atlas van Schotanus uit 1716 is te sjen dat it doarp al útgroeide ta in flink krúsdoarp. Noardlik lizze boulannen en boskperselen, súdlik wêr’t it doarpsgebiet oan de Linde ta rint, ek noch stroken boulân. Yn it westen stiet in nôtmole en yn it easten it Lycklamahuis. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 fan Wolvegea fermeld: een schoon en vermaaklyk Dorp, liggende, aan den reeds gemelden Buitenweg …. Hetzelve is voorzien van schoone bouwlanden en bosschen, benevens weid- en hooilanden, die Zuidwaards tot aan de Linde loopen, en van Olde Holtpade af binnen eenen Dyk beslooten liggen …. De Kerk van Wolvega, die een’ schoonen spitsen toren heeft, en van binnen met een Orgel, fraaie gestoelten, zitbanken en wapenen versierd is, staat ten Noorden van eene dubbele buurt welgebouwde huizen. Niet ver van de Kerk, ten Zuiden van den rydweg, heeft men de schoone Woonplaats der Familie van Haren, in welke de waardigheid van Grietman deezes Deels jaaren lang is geweest; zynde thans de huizing, die voor eenige jaaren door een’ ongelukkigen brand verteerd werd, wederom zeer fraai opgebouwd. … Rinke van Lyklama, hier voor deezen Grietman zynde, heeft een schoon huis uit eene graft doen opmetselen … Lyklama Stins genaamd; doch hetzelve is, in ’t jaar 1736, op afbraak verkocht. Nog heeft dezelve eene Schipvaart van dit Dorp, Noordwaards, door Nye Lemmer, naar de Kuinder doen graaven, en daar door te wege gebragt, dat Wolvega niet alleen wel ter reed, maar ook ter vaart gelegen is. Ten Westen des Dorps heeft men een Korenmolen.’

Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 – as Wolvegea al haadplak wurden is – blykt de krúsbuert troch konsintraasje fan bebouwing bot fertichte te wezen. De bûtenferbliuwen fan Van Heloma en Van Haren binne yn parkgebieten werjûn en súdlik fan de pleats oan de ryksstrjitwei leit it publike kuierpaad fan de Nieuwe Aanleg. In park dat nei ûntwerp fan Lucas Roodbaard yn 1839 as wurkferskaffingsprojekt útfierd is, wêrnei yn 1857 it algemiene begraafplak oanlein waard. It wyt pleistere neoklassistyske gritenijhûs kaam yn 1835 nei ûntwerp fan E.de Graaf op it krúspunt ta stân en hie ynearsten in parkeftige tún wêrfan it ûntwerp ek troch Roodbaard makke wie.

Fan de stinzen en staten bestiet allinne Lindenoord noch, in rizich lânhûs fan in hege bel-etaazje op in kelderferdjipping mei in hege tintekap. In hûs dat nei brân yn 1780 yn Lodewijk XVI styl wer opboud is. Nei’t efter dit bûtenferbliuw jierren in hurddraversbaan lein hat, is oan it ein fan de 20e ieu in lytse wyk yn post-modernistyske styl ûntwikkele.

De herfoarme tsjerke is oarspronklik wijd oan Maria Magdalena en waard yn 1646 wer opboud, mei it wer brûken fan âlde muorredielen. De sealtsjerke mei trijesidige sluting docht goatysk oan. De houten bekroaning fan de toer is fan 1894.

De roomske tsjerke kaam yn 1939 ta stân nei ûntwerp fan P.Cuypers jr. Fan de foargongster út 1914, nei it ûntwerp fan Wolter te Riele, bleau de toer bestean. Oan de efterkant fan it tsjerkhôf stiet in neogoatyske kapel, wêr’t men fan seit, dat it yn in houten ferzje troch Tinco Lycklama à Nijeholt op in wrâldtentoanstelling yn Parys kocht wie, letter is it gebou ‘ferstienne’.

Wie Wolvega yn de earste tsientallen jierren fan de 20e ieu al útwreide, nei de oarloch is it plak fluch groeid. It nije gemeentehûs mei in heechbouelemint (2003) is in hichtepunt fan it nije elan.

Wommels is yn 1984 it haadplak wurden fan de gemeente Littenseradiel, foarme út Hinnaarderadiel en Baarderadiel. It is fan âlds in suveldoarp. Oan de noardkant waard oan de Boalserter Feart yn 1892 de suvelfabryk fan de Nederlandsche Maatschappij van Kaas-en Roomboterfabrieken stichte (dy’t yn 1934 al wer ticht gie) en in jier letter, yn it suden oan deselde feart, de Coöperatieve Stoomzuivelfabriek Wommels dy’t it folle langer folhâlde soe.

Wommels waard foaral in tsiisdoarp. Hjir en dêr binne nochal wat tsiispakhuzen te sjen, daliks te werkennen huzen fan tsiishandelers; se ha ferhege souders mei heal rûne finsters boppe de gewoane wenferdjipping, de tsiissouders.

Midden yn it doarp leit in plektrumfoarmich skean gersfjild, in prachtige mei beammen omseame romte mei it portretbyld fan freule C.J. de Vos van Steenwijk. Troch har legaat kin alle jierren de ‘Freulepartij’ foar jonge keatsers hâlden wurde.

Oan de eastkant hat ea Sminiastate stien, in ienfâldige aadlike wenning mei in prachtich park. Yn 1898 hat boargemaster Hopperus Buma, fan memmekant ôfstammeling fan de famylje dy’t der wenne, der in gigantyske filla in neorenêssânse styl bouwe litten. Doe’t er al gau yn konflikt kaam mei de mienskip oer de organisaasje fan de earmesoarch naam er ûntslach en ferhúze nei Haarlim. Hy liet de filla stien foar stien ôfbrekke en oan it Spaarne wer opbouwe. Op it plak fan de tún fan Sminia binne huzen boud, ûnder mear de yn opfallende karreefoarm realisearre arbeiderswenten yn 1925. Yn de hege hoeke fan it gersplein, rjochting de tsjerke, stiet de Wilhelminabeam út 1898 mei in moai smei-izeren stek wêryn fiif fan izer getten portretmedaillons fan hare majesteit ferwurke binne.

Súdwestlik fan de tsjerke stiet it gemeentehûs, yn 1840 al stichte, faak ferboud en yn 1987 sterk útwreide. Efter it gemeentehûs leit it romme keatsfjild.

Wenningbou fûn plak om it sintrale gersplein, flak by de tsjerketerp, wat eastliker, oan beide kanten fan de trekfeart en foaral yn de lette 19e en yn de 20e ieu by de útfalswegen lâns. De ûntwikkeling fan húzebou en bedriuwen nei de oarloch hat ynearsten syn beslach krigen yn de smelle strook tusken de trekfeart en de strjitte nei de Súdhoeke en de Slachtedyk wêr’t in freonlik, tradisjonalistysk buertsje ûntstien is. Dêrnei binne earst foaral westlik fan de trekfeart en ek al gau eastlik fan de trochgeande noard súd rûte, wenwiken ûntwikkele.

Tichtby de brêge oer de trekfeart is by in raffelich plein it ‘Tsiispakhûs’ te finen, in museum mei ûnder mear ynformaasje oer de terpen en terpfynsten út de wide omjouwing, mar foaral mei in heldere presintaasje fan de striid tsjin it wetter mei as hichtepunt de monumintale Slachtedyk.

De herfoarme tsjerke stiet op in rom en betreklik heech tsjerkhôf, begrinze troch in stek mei boekehage. Oan de noard en súdkant steane wat eskdoarnen en op de súdeasthoeke in flinke treurwylch. De tsjerke is oarspronklik wijd oan Jacobus en is yn de 13e ieu boud fan mingde giele friezen. Se hat grutte spitsbôgefinsters mei profilearre trasearringen fan bakstien. Yn de súdgevel levert it mei de steunbearen in regelmjittich gevelritme op. Yn de noardgevel steane minder finsters en is it metrysk effekt minder. Yn it koar mei in sluting fan fiif siden fan in regelmjittige tsienhoek binne de finsters tichtset, mar der sit wol in tagongspartij yn in moaie tudornis. De tsjerke is yn de 16e ieu ferboud. De foarse toer datearret út de 19e ieu. Hy hat trije segminten mei rûnbôgenissen, in blokte kroanlist en in ynsnuorre achtkantige spits. It stimmige ynterieur hat net ferve balken op moaie kaaistikken en in protte iken meubilêr fan kânsel, doopstek en banken. Der stiet in hearebank út 1625, it oare meubilêr is jonger. It oargel is neutraal griis skildere en yn it koar der tsjinoer hingje roubuorden fan de bewenners, út de famyljes Sminia en Eysinga, fan Sminiastate.

Oan it terpdoarp Wûns tanket de gritenij har namme. Ek is it in doarp dat der ea mei it rjochthûs it middelpunt fan wie. No strielet it dy funksje net mear út. It leit tsjintwurdich hast wat ôfsidich sûnt it frij drokke ferkear rjochting Makkum om it doarp laat wurdt.

De bebouwing bestiet út beskieden, sfearfolle húzen en in stik as wat represintative rintenierswenten en foaral oan de súdkant lizze ek pleatsen. De tsjerke is dêrtroch it brânpunt by útstek. Dy stiet midden op in terp yn it selskip fan de pastorije links en de eardere skoalle rjochts oan de doarpsstrjitte mei in aardige kompakte bebouwing. De bebouwing stiet fierder oan de útfalswegen: de Noarderleane, Wildingheleane en Wearsterwei en der is in frij jong buertsje by de Molkfeart.

Yn it midden stiet proastich de sintraalboutsjerke, in selsum type, spesifyk ûntwikkele foar de protestantske earetsjinst. De tsjerke waard yn 1728 boud om in midsieuske tsjerke mei sealdaktoer te ferfangen. It gebou fertoant in aardige ôfwikseling fan acht brede en smellere muorren. Yn de brede steane grutte rûnbôgefinsters. It piramidedak wurdt bekroand troch in koepeltuorke mei balustraden, galmgatten en oerwurken. Yn de tsjerke in kânsel út 1681, in kreake tsjinoer it preekmeubel en in oargel yn pearsreade kleur mei lichte ornamintyk út 1891.

Wûns hat lang in belangrike grûnskat hân, mar nei’t dy yn 1941 en 1961 by argeologysk ûndersyk ûntdutsen waard, is se nei it tsjerkemuseum yn it fiere Jannum oan de oare kant fan Fryslân oer brocht. De skat bestiet út grutte fragminten byldhoude rôze Bremer sânstien dy’t yn de betide 14e ieu mooglik in koarstek foarmen. Se ha foarstellingen fan apostels, mar ek de berte fan Christus en it Laam fan God is der op te sjen. Wat de tsjerke noch wol hat is in grutte tinkstien foar J.C.P. Salverda (1783-1836), in romantysk Frysk dichter dy’t skoalmaster yn Wûns wie.

Wâldsein is in komdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is as in delsetting oan it wetter. It ûndergie in folslein oare ûntwikkeling as de agraryske doarpen yn de omjouwing. Troch skipfeart en hannel dy’t oare yndustry sa as skipsbou en houtbewurking yn wurking sette, hat Wâldsein in lyts steds karakter krigen. Op de gritenijkaart yn de Schotanus-atlas út 1716 is it al in konsintrearre komdoarp mei tsjerke en mole.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788, oan it ein fan in perioade fan grutte bloei, meld: ‘Woudsend, wel het kleinste der Buitendykster Dorpen, ten opzichte der landeryen, doch ten aanzien der volkrykheid en ‘t vermogen der Ingezetenen, verre ht aanzienlykste der geheel Grietney {...} Dit dorp ligt zeer gelegen aan de vaart van Sneek op de Lemmer {...} Reeds voor veele jaaren was dit Dorp vry aanzienlyk, door de menigte van Turf-en Houtschippers, die van hier op Holland voeren; doch hier is in later tyd bygekomen een aanzienlyke Reedery in Friesche Koopvaardyschepen, die hier worden gebouwd, en, na van al ‘t noodige voorzien te zyn, doorgaans door Lemmer naar Zee gezonden worden. Door deeze onderneeming heeft dit Dorp grootelyks in vermogen toegenomen. {...} Behalve eenige Hellingen, of Timmerwerven worden ‘er ook de vereischte Houtzaagmolen, Lynbaan, Blok-en Zeilmaakery, beneffens meer dan eene Smedery, gevonden. Voorts is dit Dorp zeer vermaakelyk, wegens de groote doorvaart van allerleye schepen, die van Leeuwarden, Sneek, en van elders naar de Lemmer vaaren. In den jaare 1660 werd hier eene nieuwe Kerk gebouwd.’

It âlde doarp leit op de westlike wâl fan de Ie. Pas yn de 19e ieu is der wat bebouwing oan de eastlike kant kommen. It is om de Midstrjitte en Iewâl hinne in kompakt gehiel fan in protte lytse húskes dy’t ticht op elkoar steane en Wâldsein ta in yntym lytsstedsk gehiel meitsje. De tsjerken steane hjir en dêr, in kolleksje aparte bouwurken dy’t elk wat bysûnders ha. Wâldsein is grutsk op syn molens: de houtseachmole oan de Ie en de nôtmole oan de âlde noardwestlike doarpsrâne.

Wyns is in terpdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is tichtby de wâl fan de Ie. In dizze Midsieuwen wie Wyns it sintrum foar de wide omjouwing en is it haadplak west fan it distrikt Wininge, nei it doarp neamd. It kaartbyld yn de atlas fan Schotanus út 1716 lit in lytse kearn sjen en út elkoar lizzende bebouwing oan de dyk by de Ie lâns, dy’t doe al as trekfeart ferbettere wie. Yn it noarden hâldt it doarpsgebiet op mei de buertsjes Tergreft oan de Ie en Wrans mear it lân yn.

De Tegenwoordige Staat van Friesland meldde yn 1786 dat Wyns: ‘gelegen aan de Ee of Dukkumer trekvaart, 1600 Koningsroeden van Leeuwarden, is niet groot van omtrek. {…} De landeryen, onder dit dorp behoorende, zijn weid-en hooilanden, en loopen in’t Oosten tot aan de Mork. In ’t Noorden der kerk ligt eene uitwatering, de Uilemeer genoemd. Door dit dorp loopt ook, over de mieden, een rydweg van Leeuwarden naar Oudkerk en Oenkerk, die alleen geduurende den Zomertyd bruikbaar is. Endelyk ligt, niet verre van de Oudekerkster miedweg, een zeer vischryk meertje, Antje Jetses meer genoemd.’

De doarpstsjerke is oarspronklik wijd oan Sint-Vitus en sil om 1200 boud wêze. It is in ienbeukige, romaanske tsjerke mei in smeller en in heger koar, dat fiifsidich sletten is mei kraalprofyl op ’e hoeken. Ynwindich it is koar healrûn. De toer fan twa ûnderdielen is út de 13e ieu. Dat is oan ien kant te sjen, omdat de oare kanten folle letter beklamme binne.

Oan de Ie is de wetterherberch – mei pontsje – wer fol yn gebrûk, ek besocht troch fytsers út Ljouwert. Yn, by en bûten it doarp steane in stik as wat nijsgjirrige buorkerijen. Wyns 5 út even nei 1900 is in buorkerij mei in dwers pleatst foarhûs. Op nûmer 28 stiet in mânske kop-hals-romppleats. De terp fan it eardere kleaster Bethlehem is al jierren in grutte agraryske delsetting fan buorkerijen mei skuorren. Oan de Ie leit de eardere súvelfabryk út 1893 dy’t yn 1997 ferboud is en útwreide ta skipstimmerbedriuw. Dêrnjonken stiet noch in rige arbeidershuzen.

Wytgaard is in streekdoarp oan de Hegedyk, de âlde dyk fan de Middelsee. It is nei de herfoarming yn de rin fan de 17e ieu stadichoan as delsetting groeid, as enklave fan minsken út de omjouwing dy’t it âlde roomske geloof trou bleaun binne. Wytgaard wie oarspronklik in buorskip fan Wurdum, it belangrykste doarp út it súdlikste part fan de gritenij Ljouwerteradiel. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland út 1786 wurdt it sa beskreaun: ‘De buurte Wytgaard, behoorende onder de Parochie van Wirdum, is een aanmerkelyke dubbele regel huizen, gelegen aan den breeden rydweg naar Leeuwarden, weleer de oostelyke zeedyk der Middelzee.’

Dizze dûbele buert oan de dyk dy’t yn 1827 ta ryksstrjitwei ferbettere waard, bestiet noch altyd as kearn fan it doarp. Dan stiet der fan âlds noch wat bebouwing oan de Púndyk, de âlde dyk nei Wurdum.

Even noardlik fan de krusing waard yn 1870 in neogoatyske tsjerke boud, de Onze Lieve Vrouw ten hemelopneming. It ûntwerp is fan de belangrykste arsjitekt fan dizze karakteristike triomfalistyske roomske styl: Petrus Cuypers. Yn de perioade fan algemiene fernijing is de monumintale tsjerke sloopt (1966). Westlik fan dizze streek waard in moderne, blokfoarmige tsjerke mei in toerpiloan del setten en dêr kaam om it gêrsplein fan de nije tsjerke wenningbou ta stân. Oan dy kant binne der yn de ôfrûne tsientallen jierren noch in stik as wat nije strjitten mei huzen boud. Wytgaard is in streekdoarp mei in nijbouwyk.

Yn de deunbije omjouwing fan it doarp binne in pear monumintale buorkerijen te finen. In jonge, in stjelp út 1923, is in ekspresjonistyske art dekostyl boud tusken de súdkant fan it doarp yn en de buert Baardbuorren. Fierder lizze der moaie buorkerijen om it doarp hinne. Oan de Fopma’s Reed in kop-hals-romp-pleats mei in foarhûs út 1760. Oan de Hegedyk in selde type út ûngefear 1840 en oan de Brédyk in stjelpbuorkerij út sawat 1830 mei in stúkadoare front: Oenemastate. Is Wytgaard oarspronklik in buert fan Wurdum, súdlik hat it doarp sels ek in buorskip: Baardbuorren.


Archivering van erfgoedinformatie met het ErfgoedCMS™

Bent u geïnteresseerd in erfgoedinformatie en hoe u dit op een professionele en duurzame manier kunt ontsluiten op het internet, dan is het volgende voor u van belang.

Sinds kort is er namelijk het ErfgoedCMS™ van DeeEnAa. Met dit op maat gemaakte ErfgoedCMS™ kan ieder dorp of iedere stad haar erfgoedinformatie registreren, rubriceren en ontsluiten. Daarnaast kan het ErfgoedCMS™ worden ingezet als webshop voor lokale producten en kan het de basis vormen voor dorps- of stadswandelingen compleet met QR-code bordjes.

Voor meer informatie over dit onderwerp verwijzen wij u graag naar de pagina over het ErfgoedCMS™ op de ErfgoedCMS-website via onderstaande knop.