Boustyl: iergoatysk
Datearring: 13de ieu
Restauraasje: 1977-1978
Lizzing
Blessum is in terpdoarp dat yn de iere midsieuwen ûntstien is westlik fan de Middelsee.
Eksterieur
De toer is fan de twadde helte fan de 15de of begjin 16de ieu. Resten fan in ferbiningsbôge yn de toer (op de earste souder) litte dúdlike merktekens sjen fan de âlde ommitsele toer. De tsjerke stiet mei it tsjerkhôf op in ôfgroeven terp en neist it tsjerkhôf leit de iisbaan. Foar de tsjerke oer lei ea de aadlike Ringiastate, de homeiepeallen mei de fraaie konsoles der boppe-op jouwe it noch hieltyd oan. Der is mar ien strjitte yn it doarp, om de tsjerke hinne. Dêr wennet it grutste part fan de njoggentich ynwenners. Om de tsjerke hinne lizze inkelde grutte boerepleatsen.
Ynterieur
Bysûnder binne twa muorrebuorden út 1657. Op de iene steane de Tsien Geboaden. It oare neamt yn it Latyn dat fuort by de Slach by Boksum wie. Yn Blessum binne 120 minsken dy’t omkamen begroeven. Yn de noardmuorre sit in nis mei deryn in nij Jezusbyldsje. Hast alle toeristen meitsje der in foto fan.
Oargel
De tsjerke hat in prachtich oargel, dat yn 1659 boud waard troch W. Mijnerts. Yn de jierren 1789 en 1809 waard it oargel hielendal yn oarder makke. It is opkreaze mei ornaminten en skildere draperyen. Eltse besiker mei dit barokoargeltsje bespylje, mar der wurdt foar it yn stân hâlden fan tsjerke en oargel wol in lytse jefte werom ferwachte. Jo kinne it oargel beharkje mei help fan de website fan Organum Frisicum.
Gebrûk hjoed-de-dei
It doarp is sa lyts dat de tsjerke automatysk as doarpshûs funksjonearret. Dêr hâlde de Blessumers har nijjiersbyienkomst, komt de Stichting Alde Fryske Tsjerken út en troch gear mei de pleatslike kommisjes, oefenje de Gealtsjes (it pleatslike frouljuskoar) en wurde bûnte jûnen en krystmiddeis foar de bern organisearre. De hiele mienskip soarget derfoar dat de tsjerke der kreas by stiet. De froulju hâlde de tsjerke skjin, de manlju meane it gers op it tsjerkhôf.