Nijsgjirrichheden yn Jobbegea


Boustyl: Sealtsjerke
Datearring: 1734
Restauraasje: 1995/1996

Lizzing:
De tsjerke fan Skuorregea leit prachtich oan de râne fan in bosk, healwei Jobbegea en Aldeberkeap. De tsjerke leit wat efterôf: men kin der komme oer in sânpaad fan de trochgeande dyk ôf tusken Nijhoarne en Donkerbroek.

Eksterieur:
Yn 1579 waard hjir, likernôch op de skieding fan Jobbegea en Skuorregea in nije, mienskiplike tsjerke boud. Foar dy tsjerke is yn 1715 de ienfâldige sealtsjerke dy’t der no noch altyd stiet yn ’t plak kommen.
Op in tinkstien yn de westgevel binne de wapens fan de famylje Scheltinga te sjen. Yn 1910 stie der neist de tsjerke in klokkestoel, mar dy is ferdwûn. Dêrfoar yn ’t plak is der in dakruter oanbrocht op de westgevel, mei in slanke spits.

Ynterieur:
Der stiet in preekstoel út omtrint 1700 mei op it rêchskot in útsniene wynmûne.
It brânskildere rút (op 21 maart 2010 ûntbleate) is in geskink fan de bern fan de yn 2006 ferstoarne Johan Molenaar. Hy wie goed tweintich jier siktaris fan de 'Plaatselijke Commissie' dy’t it tsjerkje yn Skuorregea foar de Stichting Alde Fryske Tsjerken beheart. It rút is makke troch glêzemakker Karel van der Wal út Bakhuzen.

Oargel:
Yn de tsjerke stiet in prachtich kabinetoargel, ôfkomstich út Teridzert.

Gebrûk hjoe-de-dei:
De 'Plaatselijke Commissie' dy’t it tsjerkje fan Skuorregea beheart, is o sa aktyf. Der binne geregeld konserten en útstallings. Fierder wurdt it tsjerkje in soad ferhierd foar rou- en troutsjinsten. It tsjerkje hat alle nedige foarsjennings. Omdat der gjin banken binne, is it gebou hiel gaadlik foar gearkomsten en oare byienkomsten.


Archivering van erfgoedinformatie met het ErfgoedCMS™

Bent u geïnteresseerd in erfgoedinformatie en hoe u dit op een professionele en duurzame manier kunt ontsluiten op het internet, dan is het volgende voor u van belang.

Sinds kort is er namelijk het ErfgoedCMS™ van DeeEnAa. Met dit op maat gemaakte ErfgoedCMS™ kan ieder dorp of iedere stad haar erfgoedinformatie registreren, rubriceren en ontsluiten. Daarnaast kan het ErfgoedCMS™ worden ingezet als webshop voor lokale producten en kan het de basis vormen voor dorps- of stadswandelingen compleet met QR-code bordjes.

Voor meer informatie over dit onderwerp verwijzen wij u graag naar de pagina over het ErfgoedCMS™ op de ErfgoedCMS-website via onderstaande knop.