Nijsgjirrichheden yn Rottefalle


Boustyl: Sealtsjerke
Datearring: 1724/1725
Restauraasje: 1968

Lizzing:
yn it sintrum fan it doarp De Rottefalle dat earst yn de santjinde ieu as feankoloanje ûntstie stiet de eardere herfoarme tsjerke op in ferhege tsjerkhôf dat noch altyd yn gebrûk is.

Eksterieur:
De sealtsjerke is oan de eastkant trijesidich ôfsletten en is fan it earste fearnspart fan de achttjinde ieu. De tsjerke hat grutte rûnbôgefinsters dy’t it gebou in lykwichtige útstrieling jouwe.
De ynboude klokketoer hat in achthoekige ynsnuorre spits. Op de spits fan de toer stiet in hoanne as wynwizer, symboal foar opstannich en wach wêze. Op de nok fan it dak fan de tsjerke stiet in hynder as wynwizer, as ferwizing nei it agraryske ferline. Yn de toer hinget in yn 1722 troch Jan Albert de Grave yn Amsterdam getten liedklok.

Ynterieur:
It ynwindige fan de tsjerke eaget troch de grutte ljochtynfal en de heldere kleurstelling fan it skilderwurk hiel ljocht. De tsjerkeromte is oerdutsen mei in houten tonferwulft. De preekstoel is fan it boujier fan de tsjerke: 1724. De kûpe hat op de hoeken kannelearre pilasters. Bysûnder is dat de makker syn namme ynsnien hat: Korneeles Meines. Syn namme komt foar op in bewennerslist fan Drachten út 1764, mei as berop ‘kastmaker’.
By de restauraasje yn 1968 is it poadium yn it koar ferhege en is de flier fan plavuizen foarsjoen. Doe binne ek de ienfâldige losse houten banken pleatst. It ynterieur makket dêrtroch net sa’n monumintale yndruk.

Oargel:
It yn 1865 troch de firma L. van Dam en Zn. boude oargel komt út it saneamde ‘armen- of schipperskerkje’ oan it Droevendal yn Ljouwert (de tsjintwurdige Galileakapel) en is yn 1924 nei De Rottefalle oerbrocht.

Gebrûk hjoed-de-dei:
De herfoarme tsjerke fan De Rottefalle is op 26 maaie 2011 oernommen troch de Stichting Alde Fryske Tsjerken. By dy gelegenheid is in 'Plaatselijke Commissie' ynstallearre, dy’t ferskillende kulturele aktiviteiten organiseart, yn oerlis mei it doarpshûs derneist. De tsjerke is beskikber foar earetsjinsten, houliken en begrafenissen. Yn it tsjerkje is wol in húske oanwêzich, mar noch gjin keuken.


Archivering van erfgoedinformatie met het ErfgoedCMS™

Bent u geïnteresseerd in erfgoedinformatie en hoe u dit op een professionele en duurzame manier kunt ontsluiten op het internet, dan is het volgende voor u van belang.

Sinds kort is er namelijk het ErfgoedCMS™ van DeeEnAa. Met dit op maat gemaakte ErfgoedCMS™ kan ieder dorp of iedere stad haar erfgoedinformatie registreren, rubriceren en ontsluiten. Daarnaast kan het ErfgoedCMS™ worden ingezet als webshop voor lokale producten en kan het de basis vormen voor dorps- of stadswandelingen compleet met QR-code bordjes.

Voor meer informatie over dit onderwerp verwijzen wij u graag naar de pagina over het ErfgoedCMS™ op de ErfgoedCMS-website via onderstaande knop.