Doarpen

Doarpen

Kies de begjinletter


Itens oan de noardeastlike flank fan de eilânpolder fan Easterein liket op in streekdoarp, mar it is in âld terpdoarp mei in letter foarme streek. De beide kanten fan de âlde dyk, de hoep, binne ridlik ticht beboud. Oan de binnendykse kant leit it restant tsjerketerp mei wat bebouwing dêr om hinne. Oan de dyk stiet in grut tal flinke pleatsen en rinteniershuzen fan ûnderskate snjit, dêr‘t ien eksimplaar fan in romme foartún mei in fiver hat. Yn ûngefear de midden oan de noardkant fan de dyk stiet it kafee ‘De lytse fjouwere’.

Dit is allegearre oardere yn streekjes fan iepen en in mear tichte bebouwing, bgl. oan de Rienster kant dêr’t by in groepke bedriuwsgebouwen, ûnder mear in eardere smidderij, wat mear bûtenromte oanhâlden is. De oarspronklike kearn is de sterk ôfgroeven terp súdwestlik fan de dyk en is wol goed te erfaren. Dêr stiet de tsjerke betreklik heech as dekôr efter it romme keatsfjild dat troch de graverij fan de terp as griene kearn ûntstean koe.

De herfoarme tsjerke stiet op it hege hôf. It gebou is fan 1804-1806 en sil sûnder mis in âlder godshús ferfongen ha. It draacht de stylkenmerken fan empire en neoklassisisme. It mitselwurk is fan brune mangaanstien, de finsters binne ‘korf’bôgefoarmich sletten. It dak is dutsen mei laaien. Op de foartsjerke stiet de kleurige, neoklassicistyske toer út 1842: in houten romp yn blokkige stien-imitaasje, in kroanlist mei kloskes en in achtkantige iepen koepel mei ajour-panelen. Binnenyn stean in 17e-ieuske preekstoel, oerkape tsjerkfâdebanken en in oargel fan Hardorff út 1876.

Fan 1863 ôf wie der in meniste fermanje yn Itens, oerbrocht fan Kromwâl, in wetterbuert by Britswert. It hjoeddeiske lytse fermanjetsjerkje mei konsistoarje en kosterswenning oan wjerskanten is fan om-ende-by 1910. Tusken dizze twa gebouwen yn is ek de fermanje, neffens de tradysje fan skûltsjerken, efter de roailine boud. Alles is yn it lyts, ek de fersierinkjes fan rûnbôgefrieskes en foaral it klokleaze koepeltsje op de westgevel. It koe wol ris it lytste tjserkekoepeltsje fan Fryslân wêze. Yn de konsistoarje hinget in portrettengalerij fan foargongers en in marteldersspegel fan 1685.

Jannum is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is. It is altyd in lyts doarp west, besteande út in tsjerkebuorren fan inkele wenningen en wat ferspraat lizzende boerepleatsen. Yn it lêst fan de 19e ieu is de terp foar in grut part ôfgroeven.

Jannum hearde by de gritenij Dantumadiel en wie it ienichste doarp fan dizze gritenij dat boppe de Ie lei. Mooglik is dat kommen trochdat Jannum yn de hege Midsieuwen in úthôf wie fan it súdlik fan de Ie lizzende grutte kleaster Klaarkamp, mar bewizen binne hjir net foar. Wol hie Klaarkamp hjir nochal wat grûn yn besit, wat mooglik meispile hat yn de grinsbepaling.

Sûnt de gemeentlike weryndieling heart Jannum by Ferwerderadiel. Al hoe lyts it ek wie, it doarp hie wol in eigen feart dy‘t it ûntslute nei de tichteby rinnende Ie. De sterk ôfgroeven hege terp draacht in mei beammen omseame tsjerkhôf mei in romaanske tsjerke. Fierder steane yn Jannum in pear karakteristike boere-arbeidershuzen en in fraaie 19e-ieuske kop-hals-rompbuorkerij. De lytse, toerleaze tsjerke is mei har romanogotyske kenmerken nei alle gedachten om 1300 hinne ta stân kommen. Efter it ienbeukige skip folget it koar mei in justjes ynspringende absis dy ‘t likernôch in ieu âlder wêze sil. Foar dizze koarsluting is in orizjinele oplossing fûn. Binnenyn is dizze heal rûn, mar oan ‘e bûtekant mearsidich, wêrby’t de ûndúdlike hoeken aksintuearre binne troch bakstienen kolonetten ûnder de daksfoet. De finsters, yngongen en de hagioskoop binne yn de deikanten fersierd mei mearfâldige kraalprofilen. Doe’t yn ‘e twadde helte fan de 16e ieu de kape fernijd waard, binne nei alle gedachten en de koepelferwulven fuort helle. Yn it muorrewurk binne dêr noch spoaren fan sichtber.

By de restauraasje yn 1944-1947 die by in opgraving bliken dat de beheinde romte eartiids troch skiedingswanden yn twa fakken ferdield west hat: de earste foar leken, de oare foar geastliken. Nei ferfal is de tsjerke as úthôf fan it Fryske Museum adoptearre en ynrjochte as museum foar midsieuske tsjerklike keunst.

Jellum is in streekdoarp mei in terp-ferline. It doarp is goed in kilometer lang en it fertoant op in pear plakken wat konsintraasje, mar fierders hat it in losse struktuer. Jellum hat him ûntwikkele by de Hegedyk lâns, de dyk fan de eardere Middelsee. Yn it noarden, op de gemeentegrins mei Menameradiel, krúst it spoar Ljouwert-Snits de Hegedyk en op dat plak wie destiids it stopplak Jellum-Boksum. Súdliker stiet by de krusing mei de Smidshoeke rjochting Hilaard flink wat bebouwing. Der binne kreaze middengongwenningen en arbeidershuzen by en oan de nijlânskant, yn de Jellumer- en Bearsterpolder, boppedat flinke boerepleatsen.

Even fierderop, dêr‘t fierder gjin bebouwing is, stiet westlik fan de dyk de fraaiste notabele wenning fan it doarp. It brede middengongpân is omseame troch in parkeftige tún dêr‘t noch in hege wier yn oanwêzich is. De wenning is yn in dekorative mingstyl boud mei profilearre listen mei kúfstikken fan pleisterwurk as wynbrauwen boppe de finsters en mei orizjinele blinen. De doar fan de wenning én dy fan it moai detailleare koetshûs ha beide roasters fan getten izer. De Lytse Dyk fiert nei in grutte kop-hals-rompbuorkerij yn it âldlân mei in opmerklik hege molkenkelder.

Noch wat mear nei it suden ta leit de tsjerkebuorren, wêr by‘t de tsjerke op in wat ferhege hôf oan de kant fan it âldlân stiet. De rige huzen oan de oare kant is yn it nijlân telâne kommen. Ek hjir wer inkele middengongwenningen, mar ek lytsere soarten huzen. It tsjerkhôf is omseame troch in hage fan bûke-, line- en liedlinebeammen.

Jellum hat in kreaze, mar net sa‘n spannende 19e-ieuske sealtsjerke, dy’t âldere tsjerken ferfangt. De foarige toer moat benammen in flink hege spits hân ha, mar dy is yn it jier 1832 troch ûnwaar ferwoeste; der moast it nije toer boud wurde. De toer hat foar de 19e ieu kenmerkjende fersierings, sa as rûnbôgefriezen. It skip fan de tsjerke hat grutte rûnbôgefinsters mei izeren trasearringen. Op it dak lizze blau glazuere Fryske dakpannen.

Jelsum is in radiaal terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is op in kwelderwâl. Fan Ljouwert ôf sjoen is dit it earste fan in rige fan de terpdoarpen dy‘t op de eastlike wâl ûntstien is. It doarp wie rjochting Dokkumer Ie ûntsletten troch de Jelsumer Feart of Haskermar súdlik fan it doarp. Oan de Noardkant wie de Koarnjumer Feart like fier fan it doarp ôf. Jelsum lei mar in pear hûndert meter fan de seedyk fan de Middelsee ôf.

Yn it lêst fan de 19e ieu is de terp oan de noardkant ôfgroeven, it part fan de terp dêr‘t Harinxmastate op stie. Oan de lannen oan de binnenkant fan de noch altyd besteande ringdyk is te sjen hoe grut de omtrint dûbele terp west hat. It súdlike diel is noch op hichte. Dêr stiet no oan de noardkant de tsjerke en is de âlde bebouwingsrâne sichtber. Tusken de ringdyk, Op ‘e Terp en de tsjerke yn is in gersfjild foarme. It plak, dêr’t no Dekemastate stiet wie, te oardielen oan argeologyske spoaren, yn de 13e ieu al bewenne. De hjoeddeiske, omgrêfte sealstins is net sa maklik te datearjen, om‘t der withoefaak wat oan feroare is. Hy wurdt foar it earst neamd yn 1486, is yn 1498 troch brân fernield en al gau dêrnei opnij opboud. Mooglik is de oerwulve kelder noch âlder; der sitte spoaren yn fan smelle finsters of sjitsluven. Om 1540 hinne ferrize der in haadfleugel yn twa boulagen en in noardlike oanbou; in ieu letter in heaks dêrop steande súdfleugel. Yn 1814 binne de ferdjippings fan de haad- en dwersfleugel ôfbrutsen. De tagongsbrêge en de muorre by de doarpskearn binne yn 1905 oanlein. De doarpstsjerke is yn de 12e ieu oplutsen fan dowestien: it fiifkantige koar is yn de 15e ieu yn bakstien fernijd. De noardmuorre fan it skip fertoant sparfjilden en rûnbôgefriezen. De toer is ferriisd yn de 13e ieu. Yn it ynterieur binne de twa hearebanken, de preekstoel en inkele ier-renêssânse sarken fan betsjutting.

Jirnsum is fan oarsprong in ier midsieusk, agrarysk terpdoarp, mar dat karakter hat it alhiel ferlern. It is no in dykdoarp; it doarp is oan ‘e kuier gien.

Yn it lêst fan de 18e ieu, doe‘t de tsjerke noch op de terp stie en de bebouwing op ‘e tsjerkebuorren te finen wie, waard Jirnsum sa beskreaun: “Hier is een needrige buurt, door welke de meergemelde rydweg naar de Schouw loopt, en in het Oosten naby deeze buurt heeft men het algemeene vaarwater der Groote schepen, die van Leeuwarden, door de Lemmer of Stavoren, naar andere Provinciën willen.” It doarp leit westlik fan de Boarn en it hat dêrtroch rjochtstreekse ferbiningen nei alle rjochtingen. It doarp strekte him út by de kant fan de Boarn en de trochgeande rydwei lâns mei bebouwing oan beide kanten. Nei de ferbettering fan de dyk ta ryksstrjitwei yn 1826-1828 waard de bebouwing tichter en koe it doarp him fierder útstrekke. Dêr tuskenyn steane opfallend fraaie boargerhuzen út de desennia om 1900 hinne; de wolstân fan de Jirnsumers is derfan ôf te lêzen.

Yn dit bebouwingslint kamen sa healwei de godshuzen te stean fan de net geringe roomsk-katolike mienskip en de menisten. De fermanje stiet der noch, in ein efter de roailine. It is in ienfâldige sealtsjerke mei in aardige neoklassicistyske tagongspartij. De roomskkatolike Sint-Michaelstsjerke út 1709 wie uterst sober en is yn 1864 ferfongen troch in neo-goatyske tsjerke dy ‘t oan it noardein fan it doarp kaam te stean en yn 1966 ferfongen is troch de hjoeddeiske tsjerke. Wilens naam de betsjutting fan de Kerkebuert sterk ôf. De midsieuske terptsjerke, wijd oan de Hillige Marcus hie in sealdaktoer en is yn it lêst fan de 19e ieu fanwege (ûnderstelde) boufalligens. De nije tsjerke is, frjemd genôch net wer opnij op ‘e terp boud, mar kaam alhiel oan it súdlike ein fan de streek fan de Rijksweg telâne. It tsjerkhôf bleau, sûnder tsjerke, efter op ‘e tsjerkebuorren. Inkeld de strjitnamme Kerkebuurt is in neitins oan de âlde sitewaasje.

Jislum is in radiaal terpdoarp dat datearret fan inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling. It doarp wurdt foar it earst yn de boarnen neamd yn de 8e ieu as Gisleheim. Dat Jislum in terpdoarp is, falt amper mear op: de wenhichte is om 1910 gruttendiels ôfgroeven. Dat koe gebeure om‘t de terp troch de ieuwen hinne altyd tinbefolke bleaun is. Nettsjinsteande dat de terp fergroeven is, kin oan de yndieling fan de perselen it súdeastlike part noch wol werom kend wurde.

Even nei healwei de 19e ieu is de trochgeande ferhurde dyk fan Ferwert nei Burdaard oanlein. Dy waard yn Jislum lyk as by Ginnum oer de terp hinne lein. Opmerkliker is dat ek bûten de oarspronklike omfang fan de terp oan de súdkant, it radiale segmint trochrint yn it lânskip oan sels in part fan in ringfoarmich paad ta dat mooglik rom om de terp hinne lein hat. Der stiet wat bebouwing oan de trochrinnende dyk en fierder agraryske bebouwing ferspraat troch it lân hinne. Noardlik fan de tsjerke stiet op in restant fan ‘e terp in kop-hals-rompbuorkerij mei in oerdwers pleatste, legere stâl-fleugel. Op it folle súdliker lizzende stateterrein fan Groot Hickaerd stiet sûnt 1914 in stjelpbuorkerij. De Tegenwoordige Staat van Friesland besteget yn 1786 net sa folle wurden oan it doarp: “JESLUM, een klein dorp, welks toren eene spits heeft, terwyl alle de overige torens deezer Grieteny gemeente huisdaken hebben .” It wie dus de ienichste tsjerke dy‘t gjin sealdaktoer hie.

It tige sobere tsjerkje hie in simpel houten geveltuorke. Der stiet wilens in nije tsjerke dy‘t yn 1886 ien of twa foargangsters ferfangt. It is in ienfâldige sealtsjerke mei in rjochte koarsluting en yn bakstien omliste rûnbôgefinsters. De tsjerke krige in kloeke toer oan de westkant. Hy hat trije segminten en yn de rjochthoekige sparfjilden binne rûnbôgige nissen oanbrocht. Mei boppe de westlike yngong sels in roasfinster. Yn de toer hingje in yn 1445 troch Johannes van Wou getten klok en in klok út 1636 fan Jacob Noteman.

Jistrum is in doarp dat it midden hâldt tusken in lang útrekt streekdoarp en in iestdoarp omdat it in brink-eftige romte yn ‘e midden hat. It doarp is yn de Midsieuwen eastlik fan de Burgumer Mar op in sânrêch ûntstien. In sânrêch dy‘t fan de lege wâl ôf oer noch gjin kilometer oprint oant 3,7 m. boppe N.A.P. en dy‘t fan it noardwesten ôf – de Iest – mei in bûging nei it easten ta rint.

Op de gritenijkaart fan 1716 is de kom goed te sjen, lyk as de mei beammen omseame diken en paden dy‘t oer de rêch yn noardwestlike en eastlike rjochtingen ferbiningen lizze. Nei it suden ta leit in paad rjochting Knillesdjip dêr‘t de Bargetille by Skûlenboarch nei Eastermar ta fiert. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1786: “een dorp, in ‘t Noorden en Oosten, aan Achtkarspelen palende, en insgelyks zeer vermakeyk door de menigvuldige plantagien en bouwlanden. Verscheiden persoonen zyn hier ryk geworden door de heidevelden in goed bouwland te veranderen ....Zuidwaarts loopt dit dorp tot aan de zogenoemde Bargetille, en heeft Noord- en Noordwestwaarts, de buurtjes de Meeren en de Eest onder zich. De kerk heeft een stompen toren en eene goede buurt rondsom zich, door welke een rydweg naar de Kooten loopt; ook schiet eene vaart van dit dorp naar het Bergummer meer.”

Yn de haadstrjitte, de Schoolstraat, stiet foar it measte frijsteande fariearde bebouwing. In opfallende pleats fan likernôch 1800 stiet op nûmer 31. It foarein is oan de lange kant útboud foar mear wenromte en in grutte souder. Yn Jistrum binne mear pleatsen te finen mei útboude wenromten, sa as dy oan de Tillewei 1 út om-ende-by 1820.

De romano-goatyske tsjerke is healwei de 13e ieu op in hichte yn ‘e midden fan it doarp boud. Se hat in healrûn sletten koar, in toer mei sparfjilden en rûnbôgefriezen en mei in sealdak. It skip hat lytse rûnbôgefinsters en is fersierd mei in keperfries. Ynwindich wurdt it dutsen troch koepelferwulven mei elk acht rûnstêfribben .

It Jonkerslân is in jong streekdoarp, dat him yn de 20e ieu út in buorskip by Langsweagen ûntjûn hat. Yn dizze súdwestlike hoeke fan Opsterlân stie alles oant fier yn de 19e ieu yn it teken fan de turfwinning. Yn it noarden wie foar dat doel tusken Langsweagen en It Jonkerslân yn de Nije Feart groeven en wat mear nei it easten ta de Nijsleatster Feart, dy’t súdliker in Nijsleatster Dwersfeart krige.

Yn de omjouwing fan de lêste fearten bestie healwei de 19e ieu in beskieden delsetting fan in pear streekjes mei frij losse bebouwing. It buertsje dêr‘t de bebouwing wat tichter wie waard doe Nije Feart neamd. Yn it easten, oan de útrin fan it út it noarden wei groeven Jonkers Rak en de Alde Jonkersfeart dy‘t him wer fuortsette yn de Jonkerslânfeart, lei in oare buert: Dekema. Súdlik fan dit gebiet, krekt op it grûngebiet fan de gemeente Schoterland, no It Hearrenfean, lei de Skoatterslânske Kompanjonsfeart.

It Jonkerslân is oan de dyk tusken It Hearrenfean-Langsweagen en Koartsweagen-De Gordyk groeid nei‘t de ôffeane hege feanen fan it lêst fan ‘e 19e ieu ôf yn kultuer brocht waarden. Dat wie mooglik nei dat foar it ôffeane lân feanpolders mei in goede wetterbehearsking ynrjochte wienen. Der is yn It Jonkerslân nea in tsjerke ta stân kommen; de agraryske mienskip bleau tsjerkjen yn Langsweagen. Wol kaam der yn It Jonkerslân in iepenbiere legere skoalle. Súdlik fan It Jonkerslân heart it buorskip mei de nuveraardige namme Sing Sang no by dit doarp.

Geandewei de 20e ieu is it doarp stadichoan groeid: yn de nei-oarlochske jierren is dat proses noch wat fersterke. Sadwaande hat It Jonkerslân in fariearde bebouwing fan buorkerijen en wenningen út alderhande perioaden. Op de hoeke fan Fûgelsang en Feanborch is it wyt ferve doarpshûs it middelpunt fan it doarp. De measte buorkerijen binne beskieden; der stiet ek in oantal gruttere pleatsen mei foarein. Ferskate wenningen ha it karakter fan lânarbeidershúskes, mar der binne ek brede, oerdwers boude wenningen te finen. Oan de Jelle Beenenwei is fuort nei de oarloch in rige tradisjonalistyske dûbele wenningen boud.

Jorwert is in terpdoarp dat ûntsletten waard troch de Jaanfeart, dy‘t ek wol de Jorwerter Feart neamd waard en dy‘t mei grutte slingers troch it lân rint en Swette en Frjentsjerter Feart ferbynt en dêrby de westlike doarpsgrins fan Jorwert rekket. Oer de dyk binne der jongere ûntslutings oer de Arsumerdyk nei de Hegedyk, de dyk fan de eartiidske Middelsee en de Lucht en Veldsterdyk rjochting Baard.

De kearn fan Jorwert bestiet út de hege, promininte tsjerketerp mei dêromhinne in rom tsjerkhôf. Op it hôf in dûbele hage en seamen fan iperen beammen, bûken en linebeammen. De ringdyk om de tsjerketerp is oan de east- en noardkanten ferbrede ta in strjitte en oeral rjochtet de bebouwing him nei dizze kearn ta. Oan de tsjerkebuert, de Sluytermanwei, stean súdlik fan de tsjerke twa grutte notabele wenten yn mingstyl, de earste, de pastorije (1871) efter in djippe tún. Skean dêr tsjinoer riist it wyt ferve kafee op en dêrneist is, frijwat bûten de roailine, de ferneamde notariswenning te finen. Ferneamd, omdat elk jier yn augustus yn de tún it drok besochte iepenloftspul opfierd wurdt.

Tsjin de tsjerke oer strekt him lege, sletten bebouwing út, mei dêr tuskenyn opfallend in pân fan ienfâldige steatigens fanwege it stoepestek dat efteroer linet. Op alderhande plakken yn de tsjerkebuert binne steechjes mei efterbebouwing fan meastal beskieden, freonlik eagjende húskes fan giele stien te finen. De tsjerkebuert hoeket fierder om it noarden fan it tsjerkhôf hinne: de bebouwing wurdt rjochting brêge oer de Jaanfeart hinne ynformeler. By de feart is in lyts wetterbuertsje foarme. Oan de foarkant liedt de Master Fopmawei it doarp yn. Dêr stiet oan wjerskanten in ryk ferskaat oan huzen, diels mei brechjes oer de bermsleatten, fan wenningwet- ta notabele wenningen. Tsjerke en toer binne fan dowestien boud. De tsjerke is betiid-12e-ieusk en hat in ferlingd koar mei ûngelikense, lytse rûnbôgefinsters. De toer is út de lette 12e ieu mei sparfjilden, keperfriezen en keppele galmgatten mei diel-pylderkes. By de restauraasje yn 1951 stoarte de toer yn en waard wer opnij opboud.

De Jouwer is in delsetting mei in lytsstedsk karakter, in flekke. De flekke is as buorskip fan Westermar yn de 15e ieu ûntstien op in sânrêch. Westermar wie yn de Midsieuwen ien fan de doarpen fan it Hasker Fiifgea, de rige fan fiif tsjerkedoarpen op in heger lizzende sânrêch yn Haskerlân. Fan Westermar resteart allinne noch de 13e-ieuske toer: de tsjerke is, doe’t se yn ferfal rekke, yn de 18e ieu ôfbrutsen. De toer is fan kleastermoppen en lytsere roaswinkels boud en is foarsjoen fan sparfjilden mei rûnbôgefriezen. De toer is no de wachter op it grutte tsjerkhôf.

Even bûten Westermar lei it buorskip De Jouwer. Foar de ûntwikkeling fan hannel en bedriuwichheid lei it geunstich oan de rydwei nei Gaasterlân en oan in goed farwetter, de Sylroede en de feart mei de namme Aldewei. Oan it ein fan ‘e Sylroede waard yn 1614 in haven groeven, de Kolk en de Overspitting koenen no oan de efterkant de streek ûntslute. Joure oerfleugele yn de 17e ieu it memmedoarp Westermar yn in rap tempo. Nei de herfoarming is it net mear de muoite wurdich om de tsjerke fan Westermar foar de nije earetsjinst yn te rjochtsjen: yn De Jouwer bart dat nei 1580 wol.

De flekke hie neffens de Tegenwoordige Staat van Friesland al yn 1788 alluere: “Joure is allengs van een klein beginzel opgekomen: ‘t zelve was reeds in de zestiende eeuw vry aanzienlyk, doch is na dien tyd nog vergroot. Thans telt men daar ruim 330 huizen, alle voorzien met meer of minder groote tuinen, doorgaans van 130 tot 140 voeten lengte .... Het aanzienlykste deel deezes Vleks is eene dubbele en byne rechte streek huizen ..., evenredich gebouwd ter lengte vanongeveer 900 treden .... Ook zyn de straaten zeer net gevloerd met Keisteenen, in den jaare 1615, gelyk in ‘t midden des Dorps in eene straat met witte Keisteenen is afgebeeld. Langs de huizen zyn de straaten gevloerd met klinkerd steenen, zo net als in eenige Stad plaats heeft: ook worden ze niet minder zindelyk onderhouden.”

Dat De Jouwer yn dy tiid al in warber doarp wie waard ek opmurken: “Het ontbreekt de Joure aan geene Konstenaars en Ambachtslieden: men vindt ‘er vier Smeden, verscheiden Timmerlieden, Kast-, Kist- en Uurwerk maakers, welke laatste hunne huisklokken alom verzenden.Ook vindt men hier eene Lynbaan en twee vermaarde Scheepstimmerwerven .... Hier zyn insgelyks twee Pottenbakkeryen, welke eene inzonderheid een’ grooten naam heeft .... Insgelyks zyn er twee Brouweryen ... en daarenboven verscheiden bloeiende Winkels in allerhande waaren, die hunne goederen onmiddelyk van Amsterdam krygen, met den Beurtman, die alle weeken ... derwaarts vaart.”

De Jouwer is in plak fan ambacht en yndustry bleaun. Yn de Midstrjitte foarmet de yn 1628 boude mânske doarpstoer it hichtepunt. Hy wurdt bekroand troch in brede balustrade en in lantearnekoepel. Op de ferdjipping is de keamer fan de fjouwerskaar ûnderbrocht.

De twa-beukige tsjerke is yn 1644 efter de toer oplutsen yn giele stien. Grytman Hobbe Baerdt wie de inisjatyfnimmer, sa as it poartsje oan de Midstrjitte fertelt. Tusken de grutte, troch reade stien omliste finsters yn stean steunbearen yn de foarm fan pilasters. De twa ûngelikense, ynwindich troch fiif kolommen en skiedingsbôgen yndielde beuken wurde mei elkoar troch ien mearsidich koar sletten. De menisten bouden yn 1824 bûten de roailine, in sealtsjerke yn in ynbannich neoklassisisme.

Mear nei it easten ta kaam de roomskkatolike tsjerke krekt yn 1952-1953 ta stân efter in toer út 1866-1867. Se is in trijebeukige basilyk mei kenmerken dy‘t ferwize nei de ier-kristlike tsjerkebou. It haadgebou fan it âldereinhûs De Vlekke, ea wenning en letter ek riedshûs, is in deftich neoklassicistysk pân mei in balkon en in fronton op pylders. De Midstrjitte wurdt oan de iene kant flankearre troch de Merk en it parkje fan Ter Huivra mei meastal resinte bebouwing, oan de oare kant troch it park fan it ferskate kearen fernijde Heremastate, no it gemeentehûs. De flekke is yn it earstoan benammen oan de súdwestlike kant útwreide, letter ek oan de noardeastkant.

Jouswier is in terpdoarp dat troch de ieuwen hinne it lytste doarp fan Eastdongeradiel wie en dat is it ek bleaun. Om de terp hinne ha altyd mar inkele huzen en boerepleatsen stien. Yn de omjouwing leit noch wat fersprate agraryske bebouwing. De terp is gruttendiels ôfgroeven en der is gjin patroan yn de struktuer mear te werkennen. Lykwols liket it der op dat de terp in rjochthoekige blokferkaveling kend hat. Dat soe betsjutte kinne dat it in relatyf jonge terp is. Mar it feit dat it terprestant frij heech is - benammen goed te sjen oan de westlike kant – wiist wer op in hege âlderdom.

Jouswier leit frij ticht by de Suder Ie, in foar dit gebiet belangrike ûntsluting. Eastlik fan it doarp leit de Jouswierster Tille, ek wol de Grutte Tille neamd, oer dit wetter. Dizze brêge ferbynt it noarden en suden fan de gritenij mei elkoar. De Bergsmaweg fiert nei dizze dyk dy‘t Mitselwier mei Ie ferbynt.

De tsjerketoer mei sealdak is ferriisd yn 1752 en krige yn 1915 in klampe. Der hinget in âlde klok yn: yn 1395 getten troch Hermanus. De tsjerke, oarspronklik wijd oan Petrus, is in ienbeukich gebou mei in fjouwerkantige sluting, dat yn 1557 ta stân kaam. Yn de 19e ieu is der fan alles feroare: in 1823 binne de finsters fernijd, yn 1858 is it gebou wat ferhege en waard der in nije kape mei in tonferwulf oanbrocht. Yn 1876 is it tsjerkeskip bepleistere. Dizze bepleistering is by de restauraasje fan 1978 wer ferwidere, op de rânen fan de deikanten fan de finsters nei. Yn 1987 is de tsjerke opnij restaurearre. Yn it ynterieur falle de blakers op de banken en de kearsekroanen op. De tsjerke hat ntl. gjin elektryske ferljochting. Trije 18e-ieuske, ryk snieëne roubuorden dominearje dit ynterieur. Se binne fan Willem Bergsma. Bergsma hat it troch handich manûvrearjen mei stimmen brocht ta grytman fan Eastdongeradiel.

Jobbegea is in dûbeld streekdoarp dat yn ‘e rin fan de 17e ieu ûntstien is. Earst as agrarysk doarp oan de ferbiningswei fan Aldskoat nei Donkerbroek yn Eaststellingwerf dy‘t eartiids de Binnenweg neamd waard en no de namme Schoterlandseweg hat. It wie de ûntsluting foar de ferspraat steande bebouwing. Súdlik fan dizze as leit ek noch de bûtenwei, mar dy wie healwei de 19e ieu al wer ferfallen.

Yn it suden strekke har healannen nei de fallei fan de Tsjonger út. Dit part fan it doarp hjit Jubbega-Schurega. Dêr hat yn it easten de tsjerke stien, mar dy is al gau ferfallen en ôfbrutsen sadat it tsjerkhôf oer bleau. By de trijesprong fan de frij nije dyk nei de Gordyk is yn de 20e ieu fertichting yn de bebouwing groeid. Der waard yn opdracht fan grytman Martinus van Scheltinga yn 1713 oan de Kerklaan in nije tsjerke boud: in ienfâldige sealtsjerke mei in trijekantige koarsluting. It houten tuorke is krekt yn 1910 op de foargevel kommen. Fuort yn ‘e buert stiet de kloeke pastorije yn in opmerklike mingstyl fan tradisjonalisme en ekspressionisme, yn 1920 boud nei it ûntwerp fan P.H. van Lonkhuyzen. Oan de Schoterlandseweg 55 stiet de lange legere skoalle mei in skoallehûs út 1917 dy’t yn de details sierlikheden fertoant fan Jugendstil. Oan it begjin fan de P.W. Janssenweg is yn 1933 in ambachtsskoalle mei masterswenning boud. Oan de Schoterlandseweg stean fierder ûnder mear freonlik eagjende boargerswenten út de tusken-oarlochske jierren, bgl. in rychje mei brutsen kapen. Dêr njonken stiet op nûmer 93 in blokfoarmige wenning, nei alle gedachten ea in winkel, út ûngefear 1930 mei opfallend útkragend read mitselwurk en in brutsen kape. By de krusing foarmje oan de Gorredijksterweg twa rigen fan tradisjonalistyske dûbele wenningen út om-ende-by 1948 in freonlik oandwaande begelieding. Dit type wenningen is ek fierderop oan dizze dyk, de nûmers 60-66 en 75-77, te finen, by de krusing mei de Skoatterslânske Kompanjonsfeart dêr‘t ek de suvelfabryk, dy‘t wylst net mear yn gebrûk is, boud waard. Yn de lânerijen súdlik fan Jubbega-Schurega stean inkele buorkerijen.

Oan de Nijeberkoperweg stiet by de in de jierren 1886-1888 kanalisearre Tsjonger in wyt ferve slûswachtershûs yn de sjaletstyl. It is ien fan de rige fan soksoarte wachtershuzen dy‘t om 1890 hinne oan de Tsjonger boud binne. It wachtershûs leit by de twadde slûs yn de Tsjonger, dy‘t wol feroarings ûndergie, mar mei wenning en in slanke, izeren flapbrêge in fraai ensemble foarmet. Noardlik fan de dyk leinen hege feanen en dêr kaam yn ‘e rin fan de 18e ieu as gefolch fan de turfwinning in twadde wenkearn ta ûntwikkeling by de yn 1774 boude tredde slûs yn de Skoatterslânske Kompanjonsfeart.

Oan de wiken dy‘t it fean yngroeven waarden om foar ûntwettering en ferfiers-ynfrastruktuer te soargjen, setten de feanarbeiders har te wenjen yn heidehutten. Dêrtroch waard it gebiet tusken de Binnenweg en de Skoatterslânske Kompanjonsfeart, de saneamde Kompenije, in streek fan sprekwurdlike earmoede. Hjir hat de P.W. Janssen’s Friesche Stichting om 1900 hinne goed wurk dien troch arbeidershuzen en lytse boerespultsjes foar de lânarbeiders te bouwen. Der stean ek noch in pear oan de P.W. Janssenweg by de krusing Luxemburg. Nei de aktiviteiten fan dizze filantropyske stichting namen de wenningbouferienings nei it yngean fan de Wenningwet inisjativen. Ek de spoaren fan de iere organisearre folkshúsfesting waarden geandewei minder. In fraaie rige folkswenten út om-ende-by 1930 stiet noch oan de Belgyske wyk. Oan de Skoatterslânske Kompanjonsfeart is yn de tusken-oarlochske jierren bebouwing ta stân kommen. Oan de súdkant frij sletten bebouwing fan benammen wenhuzen, oan de noardkant losser en mei in tal buorkerijen. Nei de Twadde Wrâldoarloch, doe‘t dizze streek in streekrjochte ferbining mei de Gorredijksterweg krigen hie, binne oan de súdkant fan de streek flinke útwreidings groeid. Dit wie foar in grut part te tankjen oan de wenningbouferiening dy‘t hjir grutte oantallen wenningen boud hat. Yn de Kompanjonsfeart binne dammen lein en mei it omseamjen fan beammen is it al mei al in sfearfolle wengrêft wurden.

Jutryp is in lang útrekt streekdoarp dat yn de lette Midsieuwen súdlik fan Snits ûntstien is as in wetterdoarp. De bebouwing fan de streek kaam foaral oan de westkant fan de feart it Far. Sûnt de oanlis yn 1843 fan de ryksstrjitwei fan Snits nei De Lemmer oan ‘e eastkant fan it wetter, makke in part fan it doarp geandewei in draai fan 180 graden en hat it him ûntjûn ta in dyksdoarp en groeide sadwaande ek fêst oan it buordoarp Hommerts. Mar it noardlike part leit by de Binnenwei lâns, fierder fan de drokke strjitwei ôf en fertoant noch altyd de âlde struktuer.

Op de gritenijkaarten yn de atlassen fan Schotanus en Eekhoff út 1716 en 1851 is dit proses te sjen. Begjin 18e ieu is alle, benammen agraryske bebouwing mei opfearten noch rjochte op it ûnregelmjittich meänderjende Far. Dizze hat ek fearten nei it easten ta as ferbinings mei de Easter Wimerts foar de ferbining mei Snits yn it noarden en it marregebiet yn it suden. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “Jortryp, doorgaans genaamd Jutryp, en het volgende dorp Hommerts zyn gelegen tusschen de beide Wymertsen aan eene oude moerige vaart, van ‘t eene dorp naar ‘t andere loopende: aan den Oostkant deezer vaart ziet men de Kerk, hebbende een’stompen toren, en ook de meeste huizen en plaatsen. ... Ten Noorden en ten Westen strekken de landen des Dorps zich uit tot aan de Stads Gerechtigheid van Ylst, ten Oosten aan Oppenhuizen, en ten Zuiden aan Hommerts.”

De âlde stompe toer waard yn alle gefallen oant healwei de 19e ieu ta hanthavene, mar de âlde tsjerke mei moai skilder- en snijwurk, is om 1819 hinne ferfongen troch in nij gebou mei opnij in toer mei spits. Ek dizze tsjerke koe net bestean bliuwe en is yn it begjin fan de santiger jierren sloopt.

Yn Jutryp stiet in oantal monumintale pleatsen. Dy oan Binnenpaed 46 hat in deftich foarein en de kop-rompbuorkerij op nûmer 12 fertoant ekspresjonistyske trekken út de tritiger jierren.

Ketlik is in streekdoarp fan ferskate streken, dat yn de lette Midsieuwen noardlik fan de Tsjonger ûntstien is. Folle letter, yn de rin fan de 17e en 18e ieu is noardlik fan it doarp, likernôch op de grins fan Skoatterlân en Opsterlân de Skoatterslânske Kompanjonsfeart groeven. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland stiet yn 1788 te lêzen dat Ketlik: “bestaat uit drie buurten. De eerste en Oostelykste ligt ten Noordwesten van Nieuw-Horrne, onder den naam van Groot Katlyk; nog Noordwestelyker heeft men Klein Katlyk. De beide eerste buurten liggen zeer aangenaam in ‘t geboomte en bouwlanden; doch ‘t laatste ligt aan de Knype vaart, en is als een vervolg van de Knype. “

Nieuw Katlijk oan de Kompanjonsfeart is as namme ferdwûn, it wurdt al lange tiid Bontebok neamd en krige yn 1980 de status fan selsstannich doarp. De streken fan Groot Katlijk, dy‘t ek wol de ‘boerenstreek’ neamd wurdt en dat is de W.A. Nijenhuisweg en omjouwing, en Klein Katlijk, de Weversbuert en omjouwing, bestean noch. Mear nei it suden ta is der dan ek noch bebouwing te finen oan de Schoterlandseweg. De buerten binne mei elkoar ferbûn troch de Kerkelaan dêr‘t de tsjerke mei klokkestoel stiet.

De letgaoatyske tsjerke is ien fan de âldste tsjerken út de wide omkriten en it gebou is mooglik om 1525 hinne oprjochte. Se is in ienbeukige sealtsjerke dy‘t ritmearre is mei flinke steunbearen. Yn de gevelfekken stean om en om rûnbôgige finsters dy‘t yn de 18e ieu oanbrocht binne en de tsjerke hat in trijekantige koarsluting. De westlike gevel mei lytse skouders is yn de 17e ieu fernijd. De tsjerke besit in 17e-ieuske preekstoel.

Njonken de tsjerke stiet in foarse dûbele klokkestoel mei in sealdak. Der hingje twa frij jonge klokken yn. Krektlyk as yn Aldhoarne hâldt men de tradysje fan it ‘Thomasluiden’ hjir noch yn eare. Fan 21 desimber oant nijjier ta liede doarpsbewenners de klokken op elke wurkdei oant acht oere jûns ta.

It terpdoarp Kimswert hat in skildereftige kearn mei karakteristike wetterbuerten by de Harnzer Feart lâns. De noardeastlikste wetterbuert hat in binnepleintsje mei bebouwing fan húskes fan giele stientsjes. De Duivengracht oan de feart bestiet út in rige fan skean en bryk steande huzen fan dat type. De oare kant is te berikken oer in hege houten fuotgongersbrêge, in heechhout.

Tsjin de tsjerke oer lizze it eardere skoaltsje en in yn it beamtegrien ferskûle karakteristike pastorijewenning. Tusken de tsjerke en de brêge yn stiet kafee Greate Pier mei in oerstekkende ferdjipping op pylderkes. It kafee is neamd nei de ferneamdste Kimswerter. De houdegen Grutte Pier is berne yn Kimswert, de terge boer dy‘t yn de 16e ieu Bourgondiërs, Saksers en Hollanders bestride. Op de hoeke by de tsjerke stiet syn stoere stânbyld, makke troch Anne Woudwijk.

De nei-oarlochske doarpsútwreiding is oan de súdwestlike kant fan de trochgeande dyk oanlein en de sportfjilden lizze oan ‘e oare kant. Oan de eastkant leit Heemstra State, no in kop-hals-romppleats.

Kimswert is grutsk op de romaanske tsjerke mei toer út om-ende-by 1100. De noardgevel fan dowestien is fersierd mei in rûnbôgefries en rûnbôgenissen mei tichtsetten lytse rûnbôgefinsters. De noardlike yngong wurdt bekroand troch in 12e-ieusk mysterieus reliëf: in masker mei ranken. It bakstiennen koar mei lichte steunbearen datearret út de 13e ieu en de súdmuorre is beklampe mei giele stientsjes. De toer fan dowestien eaget libbendich mei sparfjilden mei rûnbôgefriezen. De tsjerke hat in ryk 17e-ieusk ynterieur. Ut dy tiid datearje de lambrisearring, de koarsluting, banken mei útsnijde wangstikken en fansels de dooptún mei de preekstoel yn ‘e midden. Fierders binne belangrike spoaren te finen fan de aadlike famylje Heemstra: in famyljebank mei oerkapping, foarsjoen fan wapens, twa memoarjebuorden, ien fan de Heemstra’s-froulju is sels mei in portret yn ‘e tsjerke oanwêzich. Ien fan de grêfsarken fan de Heemstra’s, yn 1614 troch de Harnzer boumaster en stienhouwer Jacob Lous makke, hat op in sintraal punt in eksellint perspektivysk útsicht op in paleistún.

Even eastlik fan Easterbierrum hat Kleaster Lidlum of Mariëndal stien. It wie tige ier, yn 1182, stichte troch de norbertijnen fan út it memmekleaster Mariëngaarde by Hallum. Yn it earstoan stie it tichteby de kust, mar fanwege de risiko‘s fan heech seewetter is it kleaster yn 1234 mear it lân yn ferpleatst.

Yn de hichten by de Kleasterwei en Westerbuorren is it plak fan it grutte kleaster noch te werkennen. It hat in grutte bloei kind; in ieu nei de stichting hat it sa wat 600 bewenners. Mariëndal stichte ferskate úthôven, in nonnekleaster yn Baaium en op it hichtepunt wienen der achttsjin parochy’s ûnderhearrich oan dit kleaster. It hie in refugy-hûs yn Frjentsjer. Mar lykwols, de bloeiperioade hie ek misstannen fan gefolgen, wat yn 1322 sels útrûn op de moard op abt Eelco Liauckama dy‘t ôfkomstich wie út in aadlike famylje út it oanbuorjende Seisbierrum. Yn 1572 is it kleaster troch de geuzen gruttendiels ferwoeste. Nei de herfoarming yn 1580 is it opheft.

It kleaster hat mooglik in feart rjochting Waadsee hân, rjochting de buert Koehoal, dêr‘t ek noch in slûs lein hat. Yn it ferline binne dêr spoaren fan opmurken, mar no is der neat mear fan te finen.

It doarp Kleaster Lidlum, besteande út in oantal ferspraat steande buorkerijen oan de Mûntsewei, bewarret de namme. It begjin fan de Mûntsewei wurdt markearre troch in grut bedriuw dat jirpels ferwurket, in belangryk agrarysk produkt út dizze omkriten. Fuort dêrnei folget in buorkerij mei de namme Kloosterhoeve. De lannerijen wurde foar de lânbou, mar ek foar de feehâlderij brûkt. Hoewol‘t it kleaster earder by it doarp Tsjummearum hearde, is it administratyf in selsstannich doarp en binne de hjoeddeiske bewenners maatskiplik mear rjochte op Easterbierrum.

Kollum is in flekke, in doarp mei in lytsstedsk karakter, dat yn de iere Midsieuwen ûntstien is op de râne fan in sânplato as in delsetting by de fuort mei see in ferbining steande Dwersried.

Yn ‘e rin fan de 11e oant de 13e ieu ta binne de lannerijen bedike, de omlizzende feangrûnen yn kultuer brocht en koe Kollum him ta in sintrum ûntjaan. It waard it haadplak fan Kollumerlân en yn it sintrum kaam dan ek in rjochtshûs. De ûntwikkelingen barden yn it earstoan op de krusing fan de yn de 16e ieu ferbettere Dwersried, de Sylsterried, mei de Wester- en de Easterdjipswâl, en de âlde ferbiningswei fan Dokkum nei Grins, de Voorstraat. Oan dy wei wie westliker in lytse kearn om de tsjerke hinne ûntstien.

Yn de 15e ieu bestie Kollum út twa buerten, de ‘Torpmacluft’ en de ‘Kerkburencluft‘, dy‘t letter nei mekoar tagroeiden. Fan it lêst fan de 16e ieu ôf koe Kollum twa ‘stêdlike’ ynstellings: In Latynske skoalle, in gasthús (1695-1960) en letter ek in waach, Westerdiepswal 4, dy‘t dêr yn de 17 ieu stichte waard en yn 1779 troch it gebou dat der no stiet ferfongen waard en noch in ieu foar dat doel funksjonearje koe. Mei de waach wie noch wat nijsgjirrichs te rêden. Nei de tsjerkebrân fan 1661 mocht de tsjerke de waachrjochten útoefenje om mei de opbringsten de weropbou te finansieren. De 17e en de 18e ieu wienen foar Kollum tiden fan groei en bloei, te tankjen oan hannel en skipfeart. Healwei de 17e ieu kaam op kosten fan de stêd Dokkum de Strobosser Trekfeart ta stân, mei as gefolch dat Kollum oer de koarte Kollumer Trekfeart in goede ferbining krige nei it suden ta.

Geandewei is Kollum benammen oan de Voorstraat en oan inkele sydstrjitten útwreide. Yn ‘e rin fan de 19e ieu kaam der yn it suden en westen fan de trekwei nochal wat bebouwing by. Yn de 20e ieu en foaral nei de oarloch is Kollum sterk útwreide. Earst yn it súdwesten en ek oan de oare kant fan de trekfeart, letter oan de noardeastlike kant en as lêste yn it noarden en westen.

Fan de kloeke letgoatyske tsjerke datearret it koar út it twadde kwart fan de 15e ieu en fuort dêrnei is it tsjerkeskip mei twa beuken mei brede spitsbôgefinsters tusken steunbearen yn boud. De toer, diels fan dowestien datearret út de iere13e ieu, mar is nei de tiid ferhege en ferskate kearen reparearre. De tsjerke is ien fan de seldsume noch hielendal mei krúsribbeferwulven oerspande tsjerken fan Fryslân. Tusken de beide beuken yn stean foarse kolommen mei smelle list- kapitelen. By de restauraasje binne der op de ferwulven fragminten fan ferwulfskilderings fûn. It ynterieur besit in preekstoel en in doopstek út 1692 en in rige hearebanken út de 17e en 18e ieu mei wapens fan de patrisyske famyljes út Kollum en omkriten en de rektorsbank fan de eardere Latynske skoalle. Fierder is der in preekstoel út 1692 mei doopstek en in grut rouboerd foar Eyso de Wendt (1780).

Wat besiden it sintrum is yn 1924 yn de Oostenburgstraat in opmerklike, troch Egbert Reitsma ûntwurpen grifformearde tsjerke boud neffens de romtlike útgongspunten dy‘t dr. Abraham Kuyper dellein hat yn syn boek ‘Onze Eredienst ‘ (1911). It is in sintraalboutsjerke mei trije earms en in yndruk meitsjende, nei boppen ta gearende toer. Yn ‘e tsjerke binne alle ynterieurûnderdielen, sa as it doopfont, de plafondbeskildering, de geometryske hinglampe en it glês-yn-lead mei soarch yn de ‘Amsterdamse School’-styl foarme. Yn ‘e selde strjitte stiet it wurkhûs Oostenburg, yn 1838 oplutsen op it plak dêr ‘t in bûtenhûs stien hat.

Yn 1895 beslute it gemeentebestjoer it hearehûs yn empire-styl tsjin de Sint-Maartenstsjerke oer oan te keapjen. It wie yn 1805 boud yn opdracht fan riedshear Willem van Sijtzama en hie mei syn bordes mei fleugeltrappen de represintative útstrieling fan in gemeentehûs. Der hoegde allinne mar it gemeentewapen opskroefd te wurden. It gemeentehûs ferhuze yn 2003 nei de filla Westenstein dy‘t yn 1879 nei in ûntwerp fan Hendrik Kramer yn neorenêssânsestyl oan de westflank fan Kollum boud wie foar de fername famylje Eskes. It romme park is diels opoffere oan in oansjenlik, kontrastrike útwreiding.

Kollumerpomp is in streekdoarp oan de om-ende-by 1315 oanleine âlde dyk dy’t yn 1529 slieperdyk waard doe‘t om it Nieuwkruisland in nije dyk oanlein waard. Nei dy tiid is de bebouwing kommen yn de buert fan de yn de 15e ieu pleatste dûker yn de dyk (de pomp).

Kollumerpomp is lange tiid in buorskip west by Kollum, mar hat no de doarpsstatus. De bebouwing kaam tenearsten benammen oan de súdkant fan de dyk, de Foyingaweg. Yn eastlike rjochting binne it foaral boerepleatsen, bgl. dy op nûmer 138 mei in kreas fersoarge los foarein fan it middengongtype, op nûmer 108 in frij geve kop-hals-romppleats út om-ende-by 1880 en op nûmer 106 in nije ekspresjonistyske stjelp út 1937 mei in útboud simmerhûs. Oan de noardkant fan de Foyingaweg stiet parallel oan de âlde dyk in kop-hals-romp út likernôch 1880 yn in goede hiembeplanting en fierder it lân yn de yn ûngefear 1830 boude stjelppleats Groot Kabel. Dizze buorkerij mei in frij heech opmitsele foargevel stiet op in omgrêfte hústerp en de delsetting bestiet dus al út de tiid foardat yn 1529 de dyk oanlein is.

Nei de oarloch kaam der oan de noardkant in flinke doarpsútwreiding. De grifformearde tsjerke sûnder toer kaam yn 1906 oan de Foyingaweg ta stân. It jiertal is te lêzen yn de bekroaning fan de geveltop. Se is in sealtsjerke mei in detaillearing dy’t in nijsgjirrige ferminging fan stilen fertoant. De rûnbôgefinsters binne omfette mei spitsbôgen en de geveltop hat in klimmende rûnbôgefries.

Noardlik fan it doarp stean oan de dyk Wester Nieuw Kruisland grutte pleatsen. Op de Nieuwe Zee- of Buitendijk stiet it kontribúsjehúske dat it wetterskip Zeedijken Contributie Kollumer-land en Nieuw Kruisland yn 1828 bouwe liet. It waard brûkt as stoarmwachtershúske en romte foar gearkomsten. It húske hat in tintedak mei in opfallende wynfean. In spil is ferbûn mei in wynroas ûnder it plafond om sadwaande binnenyn it heger wurden of krimpen fan de wyn ôflêze te kinnen. Om it geboutsje hinne rint in houten stelling.

Kollumersweach is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is op de noardlike râne fan in rêch fan balstienliem dy‘t yn de 11e en 12e ieu in ûntginnings-as foarme. De lange Foarwei tsjûget der noch fan. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788 dat it doarp: “in ‘t Zuiden van dit deel gelegen, en zeer vermaakelyk wegens het geboomte, waar mede de huizen en bouwlanden omringd, en de wegen beplant zijn ... en onder ‘t zelve liggen ten Noorden de watertjes ‘t Wydwater, ‘t Merrygat en de Gauw.”

Yn it Aardrijkskundig Woordenboek van Van der Aa út healwei de 19e ieu wurdt nei it melden fan de earmoede in aardige sosjale beskriuwing fan de befolking jûn: “die meest hun bestaan vinden in den landbouw, alsmede in het snijden en verkoopen van dekriet (Phragmites Communis), het verkoopen van jonge stoppel-, els- en berkenboompjes, het maken van roop of strootouw, van roggestroo gedraaid, hetwelk zij bij de bind verkoopen en op hunne hoofden, gelijk heidenbezems en schrobbers, door geheel Groningerland dragen; ook wonen hier vele handelaren in grove Friesche kaas, welke zij op wagens, veelal met oude afgeleefde paarden bespannen, in de prov. Groningen verkoopen, waar zij tevens oude paarden opkoopen of voor kaas inruilen, die in het najaar te Kollumer-Zwaag gedood en gevild worden, waarom de Kollumer-Zwaagsters, in vroeger tijden van vooroordeel, als paardenvillers en roopendraaijers in minachting waren; de kinderen loopen hier des zomers meest allen barrevoets.”

Der is net folle mear oer fan dizze eartiidske earmoede. De beskieden wenninkjes en boerespultsjes binne frijwol allegearre opromme. Tsjin de tsjerke oer is op nûmer 120, mei in soad ynspannings, ‘Willems Húske’ bewarre bleaun. It foldocht abslút net mear oan bou- en bewenningsfoarskriften, mar as belangrike tsjûgenis fan hoe as hjir troch kreas en himmel folk op in beskieden manier libbe waard, is it stean bleaun en restaurearre. Yn dit húske wennen generaasjes lang de klokkelieders fan de tsjerke.

Oan de oare kant fan de Foarwei, justjes westlik fan de tsjerke stean twa wâldpleatsen, op 145 in lyts spultsje út 1788 en op nûmer 149 in gruttere buorkerij út 1724. Fierders is der net in soad âlde bebouwing te finen. Sels fan de wenningen út de iere skiednis fan de organisearre folkshúsfesting is hast neat mear oerbleaun. Oan de alhiel westlik lizzende Feartwei steane noch twa út om-ende-by 1930.

Yn it lêst fan de 19e ieu, mar noch mear oan it begjin fan de 20e ieu hat de âlde bebouwing plak makke foar kreaze boargerwenten mei hjir en dêr in winkel of in filla. In moai foarbyld fan de lêste is yn it easten oan de Foarwei nûmer 70 de filla Zwagerveen. De wenning is oplutsen yn kalksânstien mei kontrastearjende kleure-aksinten en yn foarmen fan de fernijingsstyl. Dêrnjonken stiet in wenning út 1911, dy‘t nei alle gedachten earder in winkelbestimming hân hat, en yn de fernijingsstyl. Oan de oare kant riist de grifformearde tsjerke op dy‘t yn 1925 boud is ta ferfanging fan in foargongster út 1894. It gebou is foarsjoen fan in portaal en hat in dakruter op de foargevel.

Oan de Tsjerkestrjiite en de Koarteloane hat him om 1950 hinne in flinke buert ûntwikkele fan 27 huzen, 24 âlderenwenningen en in Griene Krúsgebou yn de tradisjonalistyske foarmen fan de Delftse School. Nei de tiid is der frijwat sosjale wenningbou yn Kollumersweach ta stân brocht, wêrtroch‘t it doarp nei de oarloch yn it noarden en yn it suden sterk groeid is.

Middelpunt fan it doarp is de âlde doarpstsjerke dy‘t oan in slinger yn de Foarwei op in ferheging stiet. Tsjerke en sealdaktoer datearje út de 12e ieu; it koar is yn de 15e ieu fernijd en doe binne der ek nije finsters oanbrocht. De tsjerke is yn 1888 fan de ûndergong rêden omdat de ’útfiner‘ fan de monumintesoarch Jhr. Victor de Stuers fan it kueroard Marienbad út wei in rapport oer de werstelplannen fan it tsjerkje skreau: “Deze kerk ... verdient in zijn oorspronkelijke karakter hersteld en onderhouden te worden, iets wat zonder veel moeite noch kosten kan geschieden.”

Offisjeel bestiet it komdoarp Koatstertille noch mar sûnt 1959. Foar dy tiid wie it in gedielte fan it doarp, of better sein de streek Koten (of Koaten), it part dat yn it suden lei by in hege, beweechbere brêge oer it Knillesdjip, in stik fan it Prinses Margrietkanaal. In tille is in brêge. Koaten is ieuwenlang in agrarysk dyksdoarp west en bleaun, mar yn ‘e 20e ieu hat Koatstertille it memmedoarp alhiel oerfleugele. Yn Koaten stienen de buorkerijen foar it meast oan de westkant fan de dyk dy‘t fan de rykswei fan Ljouwert nei Grins (1830) ôf nei it suden rjochting Rottefalle en fierder nei Drachten ta liedt.

Hjoeddei is oan beide kanten fan ‘e dyk, yn in frij losse struktuer bebouwing fan boerepleatsen en huzen te finen. Der binne kapitale pânen by, mar sels de lytsere buorkerijen en de huzen steane op rom bemjitten, beplante hiemen. By dizze trijesprong stie de Koatstermûne, in roggemûne, dêr‘t dizze hoeke krekt foar it dyksdoarp Twizel, syn namme oan tanket.

De heidestreek westlik fan Koatstermûne hearde oan de Kûkhernster Feart ta ek by Koaten. De heide wie yn it lêst fan de 18e ieu al foar in grut part feroare yn boulân. De streek kaam letter te hearren by Twizelerheide doe‘t dat losmakke waard fan Twizel. Even westliker fan de mûne leit noch in buert mei in paad, letter in wei, dy‘t nei it súdwesten ta liedt mei ek agraryske bebouwing, dy‘t as buert Opperkoaten neamd wurdt. Omdat dy streek net oan in trochgeande rûte leit, liket it der op as hat de tiid dêr stil stien.

By it Knillesdjip wie dat net it gefal. Dêr wienen healwei de 19e ieu by de brêge op beide kanten al buerten ûntstien. Op de noardlike kant en by de dyk stienen yn dy tiid de measte huzen. By de ferbettering fan it Knillesdjip ta Prinses Margrietkanaal om 1952 hinne is it kanaal by Koatstertille wat nei it suden ta ferlein, sa dat alle bebouwing oan ‘e noardkant fan it kanaal kaam te lizzen en it eastlike restant fan it âlde Knillesdjip in ynstekhaven waard. Westlik derfan besit de him nei de oarloch ûntwikkele wenwyk oan de Mounewei in breed plansoen op it trasee fan it âlde djip.

Súdlik derfan rint de Caspar di Roblesstraat, neamd nei de kolonel dy‘t it skipsfarwetter yn it lêst fan de 16e ieu ferbettere. Yn Koatstertille kaam alderhande bedriuwichheid. Al frij gau stienen der in pear yndustrymûnen en der wienen in skûtmakkerij en jeneverstokerij. Yn 1890 waard der in partikuliere suvelfabryk stichte. In pear jier nei de ferbettering fan it kanaal wie der ek skipsbou te finen en fierder fabriken fan semintstien, fan pedalen en fan skoallemeubels. Letter festigen har dêr in betonfabryk en in masinefabryk. Westlik fan de dyk waard der in yndustrygebiet ûntwikkele. De bou-yndustry krige yn de sechstiger jierren in ympuls doe’t ‘t de grutste wenwyk ea yn Fryslân ta stân kaam: Bilgaard yn Ljouwert. Dizze wyk waard foar in grut part yn elkoar setten mei yn Koatstertille produsearre flierren, wanden en oare bou-eleminten. De groei fan Koatstertille gie lyk op mei dy fan Bilgaard.

De tsjerke fan Koaten stie fan âlds tichteby de brêge, by de tille, alhiel yn it suden fan it lang útstrekt doarpsgebiet. It wie in toerleaze tsjerke; de klok hie in plak krigen yn de klokkestoel. Yn ‘e tsjerke wie ek gjin oargel. It tsjerkhôf fan de âlde tsjerke leit eastlik fan de dyk en dêr tsjinoer stiet de nije yn 1882 boude tsjerke. Mar der kaam spul, men wie it net mei elkoar iens. Doe‘t yn 1882 in nije tsjerke op it âlde plak boud wie, wêr‘t net it krekte formele paad foar bewannele wie, hellen de lju, dy ‘t it rjocht hienen ta it nimmen fan beslissings, harren gelyk troch it slopen fan dizze nije tsjerke en dêr tsjinoer daliks wer in oare te bouwen. It is in sealtsjerke mei grutte rûnbôgefinsters. De frijwat hege toer besit steunbearen op de hoeken dy’t de romp fan de toer oan it dak ta begeliede. Dêr is it mitselwurk ta geveltopkes foarme, wêrnei‘t in mei laaien dutsen, achtkantige spits it gehiel bekroant.

De Ofslútdykdoarpen binne de jongste fan de gemeente Wûnseradiel. Mei in bytsje goede wil kin Koarnwertersân romtelik en maatskiplik noch wol in doarp neamd wurde. Breesândyk net, mar it koe om administrative reden dizze status better wol krije. De bewenners fan Koarnwertersân en Breesândyk binne wurksum oan de dyk en by de slûzen. Beide doarpen binne ûntstien op wurkeilannen fan wêrút de Ofslútdyk oanlein is.

Op Koarnwertersân is in dûbele skutslûs mei binne- en foarhavens en in rige fan twa kear fiif spuislûzen mei spuihavens. Dit kompleks fan skut- en spuislûzen waard boud tusken 1928 en 1932. De slûzen binne neamd nei prof. Hendrik Antoon Lorentz. De spuislûzen binne boud nei in ûntwerp fan Dirk Roosenburg, estetysk adviseur fan Bureau Zuiderzeewerken. Se binne in geef foarbyld fan it bouwen yn wapene beton. Foar it ferdigenjen fan de dyk en de slûzen waarden fan maaie 1931 ôf ferskate kazematten boud, de saneamde stelling Kornwerderzand.

Doe’t de dyk oanlein waard ûntstie op it eilân fan om-ende-by 30 ha. in doarp fan in pear hûndert ynwenners. De measten hienen te krijen mei de Suderseewurken, mar der kamen ek minsken te wenjen dy ‘t bgl. nedich wienen foar de fersoarging. Sy setten har ek te wenjen yn de buert fan de slûs. It wie in isolearre mienskip, sûnder alderhande komfort. Stroom waard dan wol opwekt troch in âlde diselmotor, mar der wie gjin telefoanferkear mooglik, Der wie in sikebarak mei in dokter en in ferpleechster, in skoaltsje en in winkel (anneks postkantoar en kapper), dêr‘t alle dagen itensguod en oare libbensmiddels oanfierd waarden. Der wurden in katolike en in protestantske tsjerke boud, in benzinestasjon en in houten hotel. Om 1928 hinne kamen der huzen foar it slûspersoniel.

Yn de besettingstiid waard de stelling troch de Dútsers útwreide mei in oantal kazematten. Koarnwertersân kaam de oarloch net skeafrij troch. Sa is it houten hotel yn 1940 ôfbrând en waarden inkele huzen fan it slûspersoniel ôfbrutsen omdat se yn it skoatsfjild stienen. De skea is letter ferholpen. Breesândyk is in wurkeilân mei in haven oan de kant fan de Iselmar; by ‘t simmerdei wurdt it op in grôtfolle kamping befolke mei sportfiskers.

Koartehimmen is in streekdoarp fan midsieuske oarsprong dat op de âldste kaarten foarkomt as in agraryske delsetting yn in tizeboel oan leanen tusken de ekers yn. De buorskippen Sânbuorren en de Galhoeke hearre oarspronklik by it doarp, mar binne der sûnt it oanlizzen fan de autosneldyk – wol mei in fiadukt – fan ôfsnien.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “dit dorp is klein van omtrek, heeft eene kerk zonder toren. ... Onder ‘t zeelve behoort de Zandbuuren. De landeryen deezes dorps zyn bouwakkers, behalve eenige veenen, aan het watertje ‘t Drait, waar door ‘t overtollige water der landen naar de Smallen Eester zanding geleid, en dit dorp van de Zuiderdrachten gescheiden wordt. De rydweg van Boornbergum naar Smalle Ee loopt hier, in ‘t Noordwesten voorby.”

Van der Aa meldt yn syn Aardrijkskundig Woordenboek noch dat de tsjerklike gemeente “hier eene oude, doch zeer goed onderhouden kerk heeft, zonder toren of orgel, doch met een klokkenhuis.” De fraai yn it grien steande toerleaze tsjerke is om 1300 hinne fan grutte kleastermoppen yn goatyske styl boud. De sydmuorren binne ferdield yn troch fan de grûn ôf opgeande spitsbôgige sparfjilden; in pear dêrfan mei siermitselwurk. De rjochte koarsluting datearret fan 1620 en ek de frontgevel oan de westkant is fan lettere tiid doe‘t it tsjerkje oan dy kant ynkoarten is. Yn de tsjerke stiet ûnder mear in preekstoel mei doopstek en in lessener út de earste helte fan de 17e ieu. De tsjerke hat ûnderwilens ek in oargel, yn 1935 boud troch Bakker & Timmenga. Op it wat ferhege hôf stiet noardlik fan ‘e tsjerke in yn 1950 fernijde klokkestoel mei in liedklok dy‘t yn 1750 getten is troch Johan Borchhardt.

Oan de Boerestreek stean inkele opmerklike buorkerijen, in moai boerespultsje út 1718 en in fraaie lytse kop-rompbuorkerij út healwei de 19e ieu. De ‘Arbeidersgemeenschap der Woodbrookers’ stichte yn 1937 hjir in konferinsje-oard, dat foar de arbeidersemansipaasje en folksedukaasje fan grutte betsjutting west hat.

It komdoarp Koudum wie oan de gemeentlike weryndieling yn 1984 ta it haadplak fan Hemelumer Oldeferd en leit op in lange, hege sânrêch dy’t op it heechste punt mear as seis meter heech is. En of‘t dat net genôch wie, boude men der yn it begjin fan de 17e ieu op inisjatyf fan de grytman in toer by de âlde tsjerke, dêr‘t de romp fan hast tritich en de spits noch ris mear as tritich meter heech wie. Yn de gânse Súdwesthoeke moat it silhûet fan Koudum te sjen west ha. De toer wie in beaken foar de skippers op de Sudersee. Dat wie sa, want healwei de 19e ieu binne tsjerke en toer ferfongen troch de hjoeddeiske.

It doarp lei – en dat is opmerklik – yn de 17e ieu al breed útstrekt op de sânrêch, oan trije likernôch parallel rinnende strjitten. Dat binne no de Bovenweg, de Onderweg en de Onderweg dy‘t fan it westen nei it easten ta sawat in kilometer lang binne. Koudum is lange tiid fierwei it tichtst befolke plak in de wide omkriten. Der soenen om 1620 hinne al ûngefear hûndert huzen stean en : “Ook liggen deeze huizen zeer vermaaklyk in eene zaverige, vruchtbaare en lommerryke landouwe.” It nijsgjirrige doarp luts deftige persoanen oan, sa as de Galama’s, Epema’s, Donia’s dy‘t dêr harren stinzen en staten bouden.

De tsjerke stiet op de súdwestlike flank fan de sânrêch. Se is yn 1857 boud op it plak fan de âlde tsjerke, dy ‘t wijd wie oan de H. Martinus. De nije tsjerke is robúst, mar fan arsjitektuer net besûnder. De ferrassing is yn it ynwindige te finen, want it besûndere meubilêr is der opnij pleatst. Benammen de kânsel is opfallend omdat it preekmeubel mei snijwurk fan pylders, friezen en panelen mei blomme- en fruchteguirlandes, rêst op sân pylders fan moarmer yn in foarm dy‘t ek bekend is út de Amsterdamske Westertsjerke. Men ornearret dan ek dat de preekstoel út Hollân ôfkomstich is.

Mids yn it doarpspatroan fan strjitsjes stiet oan de Vermaningseweg de beskieden meniste fermanjetsjerke. Se is net folle grutter as de huzen der omhinne, mar fuortendaliks werkenber oan de rûnbôgen fan finsters en doar en in grut rûn finster yn de geveltop. Yn de nei-oarlochske perioade is Koudum flink yn omfang groeid. Oan alle rânen kaam wol wat wenningbou, mar kloeke doarpsútwreidings binne oan de súdeastlike en súdwestlike kanten ûntwikkele. Om de kom fan it doarp fan drok ferkear te ûntlêsten is de autodyk mei in bôge om de bebouwing hinne lein.

Mear as trije kilometer noardlik fan Koudum lei eartiids de by it doarp hearrende buert Terwisga, dy ‘t fanâlds Kolderwiske neamd waard. De buert lei foar de yndiking fan it Warkumer Nijlân oan see. Hjoeddei fine we dêr noch twa groepen flinke boerepleatsen mei de nammen Grutte en Lytse Wiske.

Fan Hylpen oant Himmelum hat oer Koudum ienris de Koudumer Slieperdyk (1732) fan de ferneamde wettersteatkundige Willem Loré rûn. By de ôfslach nei Hylpen leit by de Grutte Wiske noch in stikje. It grutste trasee fan dy krusing ôf nei Koudum ta is koartlyn ferbrede ta autodyk, sadat der net mear fan it besûndere profyl fan de ieuwenâlde Koudumer Slieperdyk geniete wurde kin. By it heechlizzende Koudum wie de dyk net needsaaklik, mar súdliker waard de wetterferdigening wer opnaam, fan Galamadammen ôf oan it ek wer heechlizzende Himmelum ta. Tusken de Moarre en de Fluezen yn mei yn ‘e buert markes en puollen kaam yn 1732 in trochfeart foar it wetterferkear tusken Starum en Snits. Dat barde op kosten fan in riedshear foar it Hof van Friesland, dy‘t der dêrnei foar ivich tol heffe mocht. Der kaam in robúst slûzekompleks: de Galamadammen. Der leit no in brêge. By de wetterwurken stie in bûtenpleats en, sa as in boarne út it lêst fan de 18e ieu meldt: “Ook is hier eene aangenaame Herberg, alwaar in den Zomer veel lieden komen om meervisch te eeten, die hier in overvloed te vinden is.“ It kloeke tolhûs is yn 1945 troch brân ferwoeste, mar der stiet no wer in nij hotelrestaurant.

Koufurderrige is in tige jong agrarysk streekdoarp, dat krekt nei de Twadde Wrâldoarloch as doarp beskôge waard. It hearde doedestiids noch by Doniawerstal, in gemeente dy‘t fierder oan de oare kant fan de Kûfurd lei. By de gemeentlike weryndieling yn 1984 is de streek by Wymbritseradiel yndield, dêr ‘t it foar de foarsjennings ek alhiel op rjochte wie.

Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 is de streek westlik fan ‘e mar sa goed as leech. Yn it noarden stiet allinne it buorskip Sand Buiren oanjûn, trije buorkerijen en in fûgelkoai en folle súdliker, oan ‘e súdkant fan de feart de Welle, is noch in fûgelkoai yntekene.

De streek hat gjin selsstannige status, mar hearde yn parten oan de oare kant fan de Kûfurd. It lytste, noardlike part hearde mei Sand Buiren by Langwar. It middelste, grutste, mar wol lege gedielte hearde ûnder Diken en it súdlike part by Teroele. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland, dy‘t yn it lêst fan de 18e ieu opmakke waard, wurdt gjin oandacht oan dizze lege streek jûn.

Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1850 stiet de ryksstrjitwei, dy‘t yn 1848 fan Snits nei de Lemmer oanlein is, oanjûn. Dizze is foar de ûntwikkeling fan it gebiet fan grutte betsjutting wurden. Yn it Langwarder gebiet leit de buert Sânbuorren of Sângaast noch altyd en fuortby de nije dyk en de Jeltesleat is der in pleats by kaam. Oan ‘e igge fan ‘e mar is op it gebiet fan Diken de buorkerij Koesprong kaam en yn it súdlike Teroelster gebiet kaam by de ferfallen fûgelkoai oan ‘e kant fan ‘e mar ek in boerepleats.

De streek is echt goed ûntwikkele fan de twadde helte fan de 19e ieu ôf. Doe is der yn in koart tiidskoft yn de perioade 1870-1890, in flinke rige meastal grutte pleatsen boud. Foar it grutste part oan de eastkant fan de rykswei, mar ek in trijetal oan de westkant.

It terpdoarp Kûbaard kin allinne berikt wurde oer kronkeldykjes, as binne de tagongsdiken op effekt oanlein. Yn ‘e tsjerke is yn it begjin fan de 16e ieu dan ek Sint-Christoffel ôfbylde, de patroan fan de reizgers en it transport.

Kûbaard hat in kompakte doarpskearn: oan dykjes en fearten waaiert de bebouwing beskieden it lânskip yn. Nijbou is foaral oan de súdkant kommen. Oan de eastkant fan de kearn stiet de tsjerke op in rom hôf en tusken in troch hege linebeammen omseame tsjerkebuert yn. Tsjin de toer oer stiet it doarpshûs, ea it doarpskafee, en skean dêr tsjinoer in boargerhûs dat yn it ferline de skoalle húsfêste.

Yn it sintrum stiet in tsiispakhús dat net sa’n lange tiid as sadanich funksjonearre, omdat de suvelhannel him konsintrearre yn grutte plakken. It eardere doleânsjetsjerkje is ien fan de lytste yn de provinsje. De strjitte, rjochting de Swarte Beyen oan de âlde monumintale Slachtedyk, is oan ien kant beboud mei karakteristike frijsteande doarpswenningen út de perioade om 1900 hinne.

De bepleistere tsjerke docht net âld oan, mar de djippe finsternissen yn it dikke muorrewurk jouwe oan dat it gebou út de Midsieuwen stammet. De mantel fan de bepleistering sit op muorrewurk fan dowestien, in oanwizing dat de tsjerke datearret út de tiid fan foar 1200.Yn de 19e ieu is der fan alles mei de tsjerke bard. Der kaam in oargel yn en rjocht dêr tsjinoer kaam in gigantyske kreake. Oargel en kreake binne twa poalen mei de Gouden Ieu dêr tusken yn: prachtich renêssânsemeubilêr fan preekstoel mei dooptún en hearebanken. Dêr sjocht Christoffel mei nocht op út. Ek oan de bûtekant is frijwat út de 19e ieu te belibjen: de bepleistering is út de earste, de toer út de twadde helte fan de ieu, lyk as de deftige pastorije dy‘t eastlik fan de tsjerke yn in romme tún mei âlde beammen stiet. Dêr efter, fierder nei it easten en noardeasten ta, lizze noch twa leechlizzende buertsjes ferskûle.

Skarl is hast neat, in doarpke fan in pear húskes en buorkerijen om in mei flinke beammen omseame tsjerkhôf hinne, dêr‘t gjin tsjerke (mear) op stiet, mar in klokkestoel. De klok is yn 1597 getten troch Hendrik Wegewaert út Kampen. Oan de soal fan de rêch fan balstienliem dêr’t it Reade Klif fan ta op in hichte fan njoggen meter en mei in lingte fan 200 meter opdreaun is, liket it wol dat it doarpke yn in griene fallei dellein is. Dizze fallei giet nei in betreklik lege dyk oer yn de folslein lege en oardel meter djippe Suderpolder fan Starum. Oan de súdkant fan de Staverske Sudermarpolder moat it yn de tiid foar it droechlizzen (even nei 1620) al hielendal yndruk makke ha: de hege gaasten, dy‘t rap oergean yn in flinke wetterflakte. Oan de kust wie it Reade Klif oan it lêst fan de 19e ieu ta yndie read fanwege de reade balstienliem. Yn dy tiid is de steile seekant ta in mei gersseadden dutsen gloaiïng makke. Yn 1952 is op it klif in monumint fan balstiennen oprjochte, nei ‘t dêr sûnt 1945 jierliks de Slach by Warns betocht wurdt, wêrby‘t yn 1345 de Hollânske graaf Willem IV mei syn troepen troch de Friezen ferslein waard.

It buorskip Laaksum bestiet út in pear fiskershúskes en in buorkerij. De sfear wurdt sterk bepaald troch de dyk, mar Laaksum is benammen bekend as de lytste haven oan de eardere Sudersee. De buert wie yn de 18e ieu al wat ferneamd fanwege de goede kwaliteit bot dy‘t troch de fiskers ynhelle waard. De haven fan Laaksum is in kultuerhistoarysk monumint: de sfear fan de oarspronklike Suderseefiskerij is der noch te priuwen. De haven waard yn 1912 oanlein as flechthaven foar de pleatslike fiskers. Letter gie de beropsfiskerij fanwege de oanlis fan de Ofslútdyk hast hielendal ferlern. De haven rekke yn ferfal. Yn 1998 krige it kompleks har âlde gloarje wer werom. Ekstra neidruk wurdt lein op it histoaryske karakter fan de haven troch de mei de hân bakte klinkerkes op de pier en de letter wer pleatste âlde pikeltonnen. Yn dy tonnen waarden eartiids de fisknetten konservearre.

Formearum is in agrarysk streekdoarp dat him yn de 17e ieu ûntwikkele hat op in strânwâl tusken Midslân en Hoarne yn. It bestiet út in fersprate bebouwing fan boerepleatsen en wenhuzen. Westlik is oan de kant fan Midslân op ienselde manier it buorskip Landerum ûntstien. Yn it doarp, sels, lange tiid beskôge as in buorskip, hat nea in tsjerke stien. It doarpsgesicht wurdt dominearre troch in koarnmûne. De mûne wie yn 1838 boud op de Dellewâl yn West, mar is yn 1876 nei Formearum oerbrocht. De bedriuwsweardige mûne hat al lange tiid in hoarekabestimming. It is in achtkante houten stellingmûne, dutsen mei reid, en op in potdeksele ûnderbou fan hout. It wjukkenkrús hat in flecht fan tweintich meter.

Yn Formearum en omjouwing is in oantal buorkerijen fan it eilanner type te finen. De measten binne net alhiel geef mear, mar de oarspronklike yndieling is faak noch wol ôf te lieden. It och sa eigen type fan de Skylger buorkerij is in fariant op de langhûsbuorkerij. Mei it wendiel en de skuorre mei stâlen en heafekken ûnder in trochrinnende, net dielde kape. It wendiel – de foarein – bestie oarspronklik út in foarkeamer en in binnekeamer mei bêdsteden. Dêrefter kaam de skuorre mei stâlromte, dy‘t oan de sydkant foar de dwersreed iepen is mei in houten útbou, in saneamd ‘skúntsje’ dêr‘t de haaiweinen troch ride koenen.

Ien fan de bêst bewarre boerepleatsen fan dit type stiet yn Formearum Súd, it ‘Spylske Huus’ út 1759, sa neamd omdat yn de boppekant fan it dak troch fersakkings wat bochten sichtber binne. De foarein hat in topgevel, fersierd mei flechtings en siermitselwurk. De buorkerij is al lange tiid net mear yn bedriuw en binnenyn is de wenfunksje frijwat oanpast. De lizzing, de sterke haadfoarm en de moaie detaillearing meitsje dizze restaurearre boerepleats ta in tsjûgenis fan it agraryske ferline fan de polders fan it eilân. Oan it Súd fan Formearum en yn Landerum stean mear frij geve 19e-ieuske boerehuzings; inkele derfan binne ynrjochte foar rekreaasje.

Langedike is in âld streekdoarp dat him by de dyk fan Makkingea nei Groot Wateren yn Drinte ta útstrekt. It is fierwei it lytste doarp fan Eaststellingwerf. Om it jier 1500 hinne wurdt it doarp fermeld as in parochy dy‘t by it dekanaat Drenthe hearde. De Tegenwoordige Staat van Friesland neamde it yn 1788: “een klein Dorpje aan den rydweg van Makkinga naar Appelsche, waaronder maar 12 stemmen behooren; ‘Kerkje zonder toren staat ten Westen van dien rydweg, en verder Zuidwaards vindt men eenige boeren huizen, in ‘t geboomte aan de Bouwlanden, loopende tot digt aan Appelsche.”

Folle boerepleatsen stienen der net, allegear op rjochthoekige, opstrekkende kavels yn in regelmjittich patroan. Op de gritenijkaart yn de Eekhoff-atlas (1849) kinne net mear as tsien boerepleatsen teld wurde. De lytse mienskip hat syn tsjerke dan ek net behâlde kinnen, yn it noarden leit it tsjerkhôf der noch wol. Nei it ferdwinen fan de tsjerke waard der in klokkestoel oprjochte, dêr’t de âldst datearre liedklok – mar leafst út 1300 – út Fryslân yn hinget. Tsjerklik is it al sûnt ieuwen kombinearre mei Makkingea en Elslo.

De frijwol útslutend op dizze wei rjochte agraryske bebouwing lei frijwat ferspraat. Yn it suden rûn de doarpsstreek út op de sândunen fan Appelskea, dêr ‘t letter bosken oanlein binne. Likernôch 700 meter eastlik fan de oarspronklike streek oan de wei lei in paralelle agraryske streek tusken Boekhorst ûnder Easterwâlde en Terwischa ûnder Appelskea yn dy‘t ek by Langedike hearde. Tusken dizze twa streken yn is in ferbiningswei oanlein, de Stokdijk, wêroan‘t yn 1864 de skoalle boud is en trije jier letter ek it skoallehûs. Yn ‘e buert fan de skoalle hat nei de oarloch sprake west fan in soarte fan komfoarming. Dêr kaam oan de Weidewijk de nije skoalle en ek it doarpshûs ‘Oons Dörpshuus’ dat noch net sa lang lyn útwreide is. By it krúspunt fan de Klokhuisdijk en de Stokdijk is ek wat konsintraasje, mar foar it oare bestean de streken fan Langedike noch altyd út in frijwat losse bebouwing.

Langelille is in jong streekdoarp tichteby de Tsjonger, dy’t yn de Stellingwerven de Kúnder neamd wurdt. De streek fan fersprate bebouwing leit oan de súdeastlike kant fan de âlde rivier fan de Skoattersyl ôf oan de ôftakking fan de Pier Christiaanssleat ta. De streek waard by Skerpenseel en Munnikebuorren rekkene en it noardlike part by Aldlemmer.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788 by Skerpenseel meld: “Aan de Kuinder behoort onder dit Dorp gedeeltelyk eene lange streek huizen, die by Schooterzyl begint, en tot aan de scheiding van Monnikebuuren en Oude Lemmer voort loopt, onder den naam van Lange lille. By it doarp Munnikebuorren stiet skreaun dat it grutste part fan Lange lille by dit doarp hearde. De namme komt op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 al foar.

De bebouwing by de Tsjonger lâns stie doe foaral yn it súdlike part. Op de hichte fan Aldlemmer stiet mar ien hûs oanjûn. Op de kaart yn de Eekhoff-atlas út 1850 is it noardlikste gedielte fan de streek Langelille folop yn ferfeaning en de yn 1748 groeven Jonkers- of Helomafeart is in nije ûntsluting oer it wetter. Ek by de oare doarpen wie de ferfeaning yn dy tiid yn folle gong. Benammen westlik fan Munnikebuorren leinen rigen lange petgatten.

Yn ‘e buert fan de dyk fan de Tsjonger is de bewenning bestean bleaun. Noardlik leit noch altyd frijwat ûnlân. Súdliker is tusken de âlde Lindedijk en de Scheen de Grote Veenpolder yn Weststellingwerf ynpoldere en yn kultuer brocht. It om-ende-by 1930 boude gemaal oan de Langelillerweg 51 is dêr noch in spoar fan.

Op de Eekhoff-kaart stiet de Kerkeweg as ‘nieuw’ oanjûn en oan dy wei hat yn de 20e ieu de bebouwing him konsintrearre. Yn Langelille is nea in tsjerke kommen, wol in skoalle. Oan ‘e Langelillerweg by de krusing mei de Kerkeweg kaam in grutte suvelfabryk dy‘t yn 1971 ticht gie. De gebouwen jouwe sûnt 1986 ûnderdak oan in bedriuw fan tankferfier en in hannel yn dong.

Langsweagen is in âld streekdoarp mei al in midsieuske oarsprong. De hjoeddeiske, yn 1781oan ‘t Hou boude tsjerke, ferfong nammentlik in midsieuske dy‘t oan de Hillige Mattheus wijd wie. It doarp wie yn it begjin fan de 18e ieu, doe‘t de ferfeanings súdlik fan it doarp al yn gong setten wienen, noch beskieden fan omfang. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “dit Dorp bevat eene goede uitgebreidheid van landeryen, doch weinig huizen by de kerk .... De Noordelyke landen zyn schoone Weid- en Miedlanden, en de Zuidelyke bouwlanden.”

Langsweagen wie wol it sintrum fan in rige buerten yn it súdwesten fan Opsterlân: Wijngaarden – dat ein 18e ieu “een schoone buurt” neamd waard – yn it westen en Jonkerslân en Sing Sang yn it easten. Healwei de 19e ieu wienen dêr in skipswerf en ek in kalkbrânerij yn it doarp en yn it lêst fan dy ieu waard oan de Nije Feart in suvelfabryk stichte.

De let18e-ieuske tsjerke, hjir en dêr ûnderferdield mei muorrepenanten mar foar it oare ienfâldich, hat in trijekantich sletten koar en in foarse, ynboude toer mei achtkantige spits dêr‘t de oerwurken foar montearre binne. De tsjerke besit in nachtmielstafel út de 17e ieu en de preekstoel is nei alle gedachten út de twadde helte fan de 18e ieu; de trep is yn Lodewijk XVI-styl makke. Yn de tsjerkeflier lizze byldhoude 17e- en 18e-ieuske sarken. Njonken de tsjerke stiet op de hoeke fan ‘t Hou en de Tsjerkeleane in opfallend ferieningsgebou út begjin 20e ieu mei in freonlike trepgevel dy‘t yn keunststien en mei siersmeiwurk fersierd is.

Noardlik fan it doarp stiet oan de Hegedyk it eardere om-ende-by 1880 boude, sobere diakonij earmhûs. Yn ‘e rin fan de 20e ieu is it doarp noardlik fan ‘t Hou útwreide, foaral nei de oarloch. Ek oan de mear noardlik lizzende Hegedyk kaam mear bebouwing en oan De Plasse is in rige boere-arbeidershuzen boud, dy‘t yn 1988 yn tradisjonalistyske styl fernijd is.

Langwar is as agraryske streekdelsetting nei alle gedachten om 1100 hinne ûntstien op in sânrêch yn in streek fan feanmoerassen. Yn it tredde kwart fan de 13e ieu komt it foar it earst foar yn de boarnen as Languerre. De Buorren foarme de ûntginningas. It doarp lei geunstich oan de Langwarder Wiellen en dêrmei foar alle wetterferbinings. It ûntjoech him om 1600 hinne ta merk- en havenplak: foar 1600 wie der al in waach. De skipfeart wie in belangrike boarne fan ynkomsten.

It waard it fernaamste doarp fan de gritenij. De grietman sette him yn Langwar te wenjen en ek oare foaroansteande famyljes as Osinga en Douma fêstigen der harren staten. De famylje Douma hie hjir in stins oan de ferwoesting yn 1517 ta. Der ûntwikkele him by de hannels- en havendelsetting oan de Buorren en de sydstrjitten en sleatsjes in konsintraasje fan bebouwing. Mear westlik hie de buorren om de tsjerke hinne in iepen karakter. De gritenijkaart fan Schotanus út 1718 lit de langsútstrekte delsetting sjen dy‘t yn it westen ophâldt by de tsjerkebuorren. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788 dat Langwar: “door oudheid vermaard, is het voornaamste Dorp der Grieteny. ... Ten oosten en Westen heeft men hier schoone weidlanden, benevens heerlyke plantagien, die geheel tot aan den algemeenen rydweg loopen, en schoon brandhout geeven. ... Hier woonen derhalve veele Schippers, die met dit hout naar Holland en elders vaaren, en in dit Dorp een bekwaame haven hebben, om, geduurende den winter, hunne schepen op te leggen. Langweer bestaat uit eene schoone buurt huizen, versierd met twee ryeen Lindenboomen.”

De earste tsjerke datearre wierskynlik út de 13e ieu; op itselde plak is yn 1777 in nije, romme tsjerke mei toer ferriisd. De trije toersegminten binne fersierd mei doaryske, ioanyske en korintyske pilasters. It 17e-ieuske meubilêr is hanthavene. Dêr tsjinoer stiet Osingastate. It is om-ende-by 1940 boud yn de foarmen fan de 18e-ieuske state. It op deselde ûntginningsas ûntstiene Boarnsweach wurdt tsjintwurdich ek by Langwar rekkene. It skildereftige Langwar is in favoryt wettersportdoarp.

Legemar is in tinbefolke streekdoarp fan midsieuske oarsprong tusken St. Nyk en Langwar yn. It leit frij heech en de namme Legemar is dan ek in riedsel. De boulannen fan Legemar wienen omjûn troch in dyk dy‘t op de gritenijkaart fan Schotanus dúdlik oanjûn is. Oan de eastkant leinen útstrekte heidefjilden.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “Legemeer ... is, ten grooten deele, beslooten binnen een zeshoekigen dyk, en hoog land, dat veelal dor is, en echter beboud en beplant wordt, ... De kerk is zonder toren. Buiten den Dyk, ten Oosten, behoort hier onder een zandig heidveld, dat tot bosch is aangelegd, en zich uitstrekt tot aan den Lemster rydweg, alwaar, in ‘t buurtje de Ryl, het zogenoemde Huis ter heide staat, eene bekende Herberg, alwaar ‘s Zomers eene menigte rydtuigen stil houden. Dit huis is meest nieuw opgebouwd, ... staande met den Voorgevel recht tegen over de groote Allee die naar Langweer leidt.”

De oanplante bosken wienen in attraksje foar boargers út de omkriten om har dêr te ferpoazjen. Der waard destiids sels in kolfbaan oanlein. De rekreaasje yn de Vegilin-bosken is bleaun, mar herberch Huis ter Heide en kolfbaan binne ferdwûn. It buorskip Hústerheide kaam by St. Nyk en fan Legemar bleau net folle mear oer dan in streek fan fersprate buorkerijen, dêr‘t sels gjin buert falt te bespeuren. By de hoeke mei de Bredyk rjochting Langwar stiet in grutte stjelppleats út it begjin fan de 20e ieu mei in opfallend oranjeread pannedak. Even fierderop stiet in stjelp mei flink wat nijbou, omjûn troch golffjilden.

Yn ‘e midden fan in stik boulân even fierder riist in grien eilân op. It is it frijwat hege tsjerkhôf mei klokkestoel, ryklik omseame troch strewel en beammen. Der fiert in smel betonpaad hinne en in daam mei stek en foarstek beweitsje de tagong. De klokkestoel fan begjin 18e ieu hat in helmdak en in klok dy‘t yn 1722 getten is troch Jan Crans.

Lekkum is in terpdoarp dat foar de Midsieuwen ûntstien is op de wâlskant fan de Ie, in delsetting mei in agrarysk karakter. Healwei de 19e ieu stelde it doarp net sa folle foar mei seis huzen yn de tsjerkebuert, mar wol mei in oaljemûne en in stienbakkerij. De by it doarp hearrende wetterbuert oan de Ie, Snakkerbuorren, telde destiids 31 wenningen. Yn de twadde helte fan de 19e ieu is de terp gruttendiels ôfgroeven en wol sa djip dat it doarp der in djiplizzende iisbaan oan oerhâlden hat. De hichte fan de terp is oer it Michaëlspaed en Weme noch it meast te fernimmen.

Sûnt dy tiid is Lekkum groeid, nei de oarloch sels flink en sa waard it in forinzedoarp foar Ljouwerters, al ferleagenet it syn ôfkomst net, ek al fanwege de buorkerijen om it doarp hinne. De âlde tsjerke dy‘t yn 1606 en 1657 opknapt wie, is yn 1778 ferfongen troch in nij godshûs. De sealdaktoer mei in elegant bûgde ojyfgevel moast it yn 1896 ûntjilde. Sûnt dy tiid foarmje se in sober gehiel. It skip hat fjouwer troch lisenen ferdielde traveeën en in trijekantich sletten koar. Yn de earste skipstravee stiet de rûnbôgige tagong en de tsjerkeromte is mei grutte rûnbôgige finsters iepene. De toer krige, lyk as de tsjerke lisenen, dy’t op de hoeken as slanke steunbearen trije kear fersnien binne en in achtkantige, ynsnuorre spits. De preekstoel hat op de kûp wat ornaminten fan blommen en blêden yn de Lodewijk XV-styl. De oerkape hearebank datearret wierskynlik ek út dy boutiid. Op de hoeke fan it tsjerkepaad en Weme stiet de bepleistere eardere pastorije út likernôch 1875.

Eastlik fan it doarp stiet oan de Canterlânswei de mânske kop-hals-rompbuorkerij Eeburgh Zathe út 1871. Oan de râne fan de bebouwing stiet Sjoerdsmastate út 1933, in buorkerij fan it type slak, nei in ûntwerp fan M.O. Meek yn ekspresjonistyske foarmen. Oan de oare kant fan it doarp stiet de buorkerij Mearsterpaed; it dwershûs hat in 17e-ieuske kearn.

De Lemmer is in grut doarp, in flekke mei stedske alluere en fierwei de grutste delsetting fan de gemeente, dêr‘t it altyd it haadplak fan west hat. De delsetting in ûntstien by in flauwe baai fan de eardere Sudersee. Dat hat plak fûn yn de iere Midsieuwen by de útgong fan de Lemster Rien en de Sylroede. It ûntwikke him yn de 16e en foaral de 17e ieu ta in belangryk havenplak. De struktuer waard dêrby bepaald troch de lange, frijwol parallel by de kust lâns rinnende Sylroede – dêr‘t in binnehaven foar oanlein waard – en de heaks dêrop geande Lemster Rien.

Benammen oan de Sylroede ûntwikkele him in fariearde bebouwing fan represintative wenhuzen en bedriuwsgebouwen. Yn 1887 is der in bûtehaven mei in slûzekompleks oanlein, dêr’t ek in haveneftige ferbining makke waard mei de Lemster Rien. It ymposante slûzekompleks waard ûntwurpen troch S.J. Vermaas, haadyngenieur fan de Provinsjale Wettersteat. It slûswachtershûs, peilskaalhúske en de tsjinstwenningen, alles yn neorenêssânsestyl, foarmje mei de slûzen in ymposant en tagelyk sierlik ensemble. Slûs en havens jouwe de Lemmer in stevige ympuls. De fiskerij waard fan belang en ek kamen der fiskferwurkjende bedriuwen. Al gau waard de Lemmer as knooppunt yn it ferkear oer it wetter nei Amsterdam belangryk en it krige in tramferbining mei it Fryske efterlân.

By de binnehaven en de Sylroede steane de measte monumintale gebouwen. Dêrfan foarmet de herfoarme tsjerke it hichtepunt. De tsjerke stiet wat skean yn in skildereftige posysje by in flauwe bocht yn de Sylroede. It is in sealtsjerke út 1716 dy’t in âldere tsjerke út de 16e ieu ferfong. Se hat in trijekantige sluting en oan de noardkant is der yn 1759 in dwersbeuk oan boud, dy’t ek trijekantich sletten is. De toer is ferwurke yn de westlike partij fan de tsjerke en hat in achtkantige houten lantearne, mei dêrop in iepen bewurke paviljoen mei koepel. Ynwindich is it houten tonferwulf fersierd mei in skildere foarstelling fan de stjerrehimel, fûgels en wolken. De barokke preekstoel is fan Gerben Nauta (1745). Der binne noch twa tsjerketuorren yn de Lemmer. Oan de eastkant riist oan de Schans de roomsk-katolike neogoatyske Willibrordustsjerke op. De tsjerke – mei troch meubels en glês-yn-lead ryk ynterieur – en toer binne yn 1897-1901 boud nei ûntwerp fan de út Snits ôfkomstige Nicolaas Molenaar. Yn it noarden stiet oan de Nieuwburen – de yntree fan De Lemmer mei frijwat represintative bebouwing – de yn 1889 nei ûntwerp fan de út De Gordyk ôfkomstige Tjeerd Kuipers boude grifformearde tsjerke. Molenaar en Kuipers wienen spesjalisten, dy’t elk foar harren tsjerke oeral yn Nederlân tsjerken ûntwurpen.

De doarpsútwreidings fûnen fan de tritiger jierren ôf benammen oan de noardkant fan de Sylroede plak. Fan de jierren sechstich ôf ek yn it easten en oan ’e oare kant fan it restant fan de Lemster Rien sels yn it súdeasten, bûten de eardere seedyk. Nei’t de Sudersee mei it oanlizzen fan de Ofslútdyk bedimme wie, naam de betsjutting fan de fiskerij ôf, sûnder hielendal te ferdwinen. Der kaam yndustry foar yn it plak mei resint in grutte skipswerf. Ek it toerisme fan wetter- en kustrekreaasje bloeide nei de oarloch op en krige de ôfrûne desennia in nije ympuls, omdat de wetterrekreaasje him útwreide nei de Iselmar ta. Westlik fan de havens is in strân oanlein dat by’t simmer gâns besikers krijt. Oan de westkant kamen net allinne wenwiken, mar ek grutte jachthavens en rekreaasjedelsettings.

Westlik fan De Lemmer stiet oer it streamkanaal hinne it D.F. Woudagemaal, it grutste stoomgemaal fan ‘e wrâld. It is op de wrâlderfguodlist fan de Unesco pleatst. It stoomgemaal is boud yn 1917-1918 nei plannen fan de haadyngenieur fan Provinsjale Wettersteat, de nammejouwer. De lange masinehal yn fersoarge, rasjonalistyske arsjitektuer stiet op de wetterkearing mei acht tunnels. Heaks hjirop stiet it tsjettelhûs, wêryn’t de koale-ynstallaasje ferfongen is troch oaljestook. Dêrby riist de skoarstienpiip op dy‘t op it lân en ek fan de Iselmar ôf in karakteristyk beaken is. It is bûtengewoan om de masinery yn wurking te sjen: wat sûzje en tikje is alles wat de gigantyske sintrifugaalpompen mei harren driuwtsjillen hearre litte.

Leons is in terpdoarp súdlik fan de Boalserter Trekfeart, dêr‘t it in opfeart hinne hie. Oan ‘e oare kant fan de Panwurksbrêge oer de feart leit in buertsje dat by it twillingdoarp Húns heart. Dat Leons in terpdoarp is kin nettsjinsteande de uterst tinne bebouwing goed yn it lânskip werkend wurde. De ringstruktuer is te erfaren en de measte fan de fiif pleatsen en trije wenningen lizze noch oan dy ring. Hoewol ‘t de ring frij útstrekt is en de terp dat wierskynlik ek west hat, is Leons kwa bebouwing en bewenning ien fan de lytste doarpen yn Fryslân.

Leons is âld: der is in Romeinsk brûnzen byldsje fûn fan de goadin Fortuna. De terp is fierhinne ôfgroeven, mar de tsjerke stiet noch yn ‘e midden op de keunstmjittige hichte. Oan de soal stiet de yn 1878 boude pastorije, in karakteristike middengongwenning. Fan de ûntslutingswei ôf rint in dwersdyk nei it ‘sintrum’.Om de pastorije hinne rint in betonreed fan de eastlike buorkerij. Ek de súdlik lizzende en de noardeastlike pleats en it dêrneist steande hûs ha eigen, net ferhurde ûntslutingspaden, Oan de posysje fan de bouwurken is de histoaryske ringfoarmige struktuer mei radiale paden noch te ûnderfinen. Der slingerje ek in pear feartsjes troch it doarpsgebiet hinne.

It doarpslânskip fan Leons is ôfwikseljend en eaget libbendich. De tsjerke is noch fan Romaanske oarsprong en oplutsen fan benammen giele moppen. Binnenyn hat de noardmuorre in nissestruktuer en der sitte lytse, rûnsletten finsters mei kraalprofilen yn. Yn dizze muorre sitte twa yngongen dy’t mei lytse reade stientsjes ticht set binne, de westlike’korf’bôgich mei in rûnstaafprofyl, de oare flak mei in rûnbôge. De tsjerke sil likernôch datearje út it begjin fan de 13e ieu en hat in trijekantich sletten koar dat ea oerwulve west hat. De súdmuorre is yn de 19e ieu fernijd en yn dyselde tiid is de oer ommitsele en foarsjoen fan in spits. De toer is mei alderhande rûnpasfakken fersierd en de tagongspartij stiet yn it ûnderste segmint.

Lichtaard is in lyts terpdoarp dat inkele jierren foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is. Der wurdt fan út gien dat Lihdanfurth, neamd yn in list fan kleasterbesittingen fan Fulda út de 10e ieu, de oantsjutting fan Lichtaard is. It is mei Ginnum, Jislum en Reitsum ien fan de fjouwer saneamde Flierterpen. It is in radiale terp, dy’t amper mear as terp werkend wurde kin. Om 1900 hinne is de krap beboude terp nammentlik sterk ôfgroeven. Dêrtroch liket it ek oft de tsjerke op it terprestant, fan de trochgeande rûte ôf sjoen, omheech riist en it tsjerkepaad oan de noardkant as in oprinnende dyk nei de tsjerke. Oan dizze noardkant is de ringwei mei in ûnregelmjittich beloop en noch wol te werkennen.

Lichtaard wie oer it wetter ûntsletten troch de eastlik rinnende Holwerter Feart dêr’t even noardlik fan Lichtaard ek de feart út Blije op útkomt. Der wie ek al ier in lânpaad nei Ferwert ta, dat by Lichtaard troch it lân kronkele, mar even fierder nei it noardwesten ta, frijwol streekrjocht op it haadplak ta rûn. De trochgeande rûte fan Dokkum oer Lichtaard en Ginnum nei Ferwert is om 1867 hinne rjocht lutsen, ferhurde en ferbrede. Dizze dyk leit krekt bûten de súdlike râne fan de oarspronklike terp. Oan dizze dyk is sûnt dy tiid de measte, uterst ienfâldige bebouwing ta stân kaam.

It ienbeukige sealtsjerkje is healwei de 16e ieu mei it opnij brûken fan âlder boumateriaal oplutsen op it plak fan in foargongster en is yn 1642 omklampe wurden. Se hat in fiifkantige koarsluting. De sealdaktoer is ynboud en ferskate kearen op gâns plakken mei lytse stiennen reparearre en fernijd. Dat is ek bard yn 1851. De toer is oan de noard- en súdkant mei houten dielen beklaaid. Faaks omdat de djippe nissen, dy‘t te sjen binne op ien fan de histoaryske portretten, swierrichheden feroarsaken. Yn de toer hingje in mooglik 14e-ieuske klok en in klok út 1404. De yn 1973 restaurearre tsjerke hat in preekstoel út 1642, dy’t oerienkomsten fertoant mei dy fan Reitsum.

Hoarne is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is op in âlde strânwâl. Op deselde wâl ûntwikkele him de agraryske streek Lies. De Dorpsstraat rekke ynearsten foaral oan de kant fan de polder, de súdkant beboud. Fan it lêst fan de 19e ieu ôf kaam der ek bebouwing oan de oare kant.

Noardlik fan de streek stiet de doarpstsjerke, fierwei it âldste gebou fan it eilân. It oan Sint-Johannes wijde romaanske tsjerkje sil sawat yn it lêste kwart fan de 12e ieu ta stân kommen wêze. Yn de ieuwen dêrnei is se gauris fergrutte en feroare. Om 1270 hinne kaam it koar ta stân en inkele tsientallen jierren letter waard ek it skip fernijd. De noardmuorre dêrfan is frij geef troch de ieuwen hinne kaam. It skip krige koepelferwulven dy’t yn it begjin fan de 15e ieu wer fuorthelle binne. Oan it begjin fan de 16e ieu binne yn de súdgevel goatyske finsters oanbrocht en kaam der in fraai omliste yngongspartij yn deselde styl. Om-ende-by 1330 waard der in hege toer foar de tsjerke boud, dy‘t ek tsjinne as beaken foar de skipfeart. Yn 1848 is de troch de tiid hinne boufallich wurden toer ûngefear de helte ynkoart en foarsjoen fan in tintedakje. Yn 1875 waard it kapke ferfongen troch in ynsnuorre nullespits. De tsjerke waard yn 1903 útwindich bepleistere, mar by de yngeande restauraasje fan 1963-1969 is de pleisterlaach der wer ôfhelle. De wanden oan de binnekant binne ek as skjin mitselwurk behannele. De tsjerke is troch alderhande spoaren in spannend ferhaal yn stien. It ynterieur hat fraai meubilêr, dêr’t tuskenyn foaral de beskildere nachtmielstafel mei spreuken, út it begjin fan de 17e ieu opfalt.

Oan de Dorpsstraat stiet de yn 1907 boude kloeke pastorije. Dêrneist stiet in boerepleats mei foarein en in frij lege skuorre dy’t oan de sydkant dan ek foarjoen is fan in ‘schúntsje’. Hoarne hat noch in tal boerepleatsen út it lêste kwart fan de 19e ieu. Lies hat noch inkele karakteristike eilanner buorkerijen, sa as nûmer 42 út 1721 en nûmer 13 út 1738.

Ljussens is in doarp mei in lytse terp yn it easten dat him foaral yn westlike rjochting nei in splitsing fan wegen ûntjûn hat. De twillingdoarpen Moarre en Ljussens binne sosjaal en maatskiplik mei-elkoar ferbûn, mar se ferskille histoarysk, geografysk en stêdeboukundich sterk. De lânskiplike romte tusken de doarpen yn, in ôfstân fan sa wat 500 meter, toant in opmerklike oergong fan it leechlizzende greidegebiet om Moarre hinne yn it suden nei it goed in meter heger lizzende boulângebiet om Ljussens hinne. De ta Dyksterfeart bedimme kwelderslinke foarmet ûngefear de grins.

Oan de westkant fan de Skyligerwei/Moarsterwei tusken de doarpen yn stiet it gebou fan it stopplak 3e klasse (1909) fan de Noord Friesche Lokaal Spoorweg. It trasee, dat rom nei de sluting fan de spoarwei noch as in heale moannebôge noardlik fan Moarre rûn, is ûnderhân fuort ferkavele. Oan ‘e oare kant fan ‘e dyk steane de fronten fan kantoar en direkteurswenning fan it dêr efter lizzende en yn 1915 stichte suvelfabryk Dongeradelen. It fabryk kaam by de feart, de spoarwei en tusken de doarpen yn op in útsocht plak te lizzen. It fabryk is yn ‘e rin fan de 20e ieu ferskate kearen útwreide, wêrtroch’t it kompleks fertichte is ta in rommelige kleaune fan bou-eleminten. De direkteurswenning en it kantoarfront krigen mei soarch stâl. It fabryk is yn 1973 sletten.

De âlde doarpstsjerke is ienbeukich mei in trijekantige koarsluting. Op de westlike partij stiet in flinke houten toer út 1827, doe’t de tsjerke ek foarsjoen waard fan steunbearen. Yn de westlike toergevel sit muorrewurk fan dowestien ferskûle. De 13e-ieuske tsjerke is noch te erfaren oan de noardkant dêr‘t it muorrewurk fan kleastermoppen mei lisenen en in beskeadige list sichtber binne. Yn it lêst fan de 15e ieu is de tsjerke ferbrede en ferhege yn goatyske foarmen. De grifformearde tsjerke is yn 1927 nei in ûntwerp fan Ane Nauta yn ekspresjonistyske trant boud oan de westlike útgongsdyk.

Lippenhuzen is in streekdoarp dat al yn de Midsieuwen ûntstien is – mei destiids de namme Kobunderhuzen – op in sânrêch dy ‘t fanDe Gordyk nei De Himrik en fierder rint. De delsetting lei tusken de heide yn it noarden en de feanen yn it suden yn. De kaart fan Schotanus (begjin 18e ieu) lit de buert fan Lippenhuzen as sletten bebouwing sjen. Súdlik fan it doarp leinen “boekweiten ackers”en fierder feanen. Noardlik lei der nei in stikje kultuerlân fierder heide.

Tweintich jier letter waard de Opsterlânske Kompanjonsfeart groeven, wêrnei‘t de turfwinning útein sette. In oantinken is it ferlaat by Foksebuorren, de twadde slûs yn de feart dy’t yn 1736 oanlein waard. De slûs is yn 1858 fernijd yn stien, wat yn 1902 nochris barde. Mei de út om-ende-by 1880 datearjende slûswachterswenning is it mei-elkoar in fraai ensemble. Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland stie yn 1788 fermeld dat Lippenhuzen bestiet út: “een dubbele buurt huizen aan den rydweg. De Noordelyke landen, waar eertijds de Kerk gestaan heeft, loopen tot aan ‘t Konings Diept, en zyn gedeeltelyk bouwlanden, gelijk de Zuidelyke, dewyl het Veen onder dit Dorp vergraaven is.”

De hjoeddeiske tsjerke stiet oan De Buorren en is it resultaat fan it yn 1860 opnij bouwen fan de yn 1743 op in ferhege tsjerkhôf boude tsjerke. De 17e-ieuske preekstoel datearret noch út de âlde tsjerke. De tsjerke hat in trijekantige koarsluting en in houten, mei laaien beklaaide geveltoer mei nullespits.

Noardwestlik fan it doarp stiet oan de ferbiningswei mei Beetstersweach, de Sweachsterwei, in út likernôch 1860 datearjend tolhûs. Oan de eastkant fan De Buorren foarmet de út 1932 datearjende wettertoer it hichtepunt fan it doarp, in yn ekspresjonistyske styl boud mânsk bouwurk. By de ûnderkant fan de ommanteling fan it reservoir kraget it mitselwurk fan de skacht der yn in dûbele beweging út om de hoeken op te fangen. De foarm fan de toer feroaret dan yn in achtkantich systeem. De lizzende finsters krigen op de hoeken mitsele silinderkes: art déko- ornamintyk.


0 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 |
Archivering van erfgoedinformatie met het ErfgoedCMS™

Bent u geïnteresseerd in erfgoedinformatie en hoe u dit op een professionele en duurzame manier kunt ontsluiten op het internet, dan is het volgende voor u van belang.

Sinds kort is er namelijk het ErfgoedCMS™ van DeeEnAa. Met dit op maat gemaakte ErfgoedCMS™ kan ieder dorp of iedere stad haar erfgoedinformatie registreren, rubriceren en ontsluiten. Daarnaast kan het ErfgoedCMS™ worden ingezet als webshop voor lokale producten en kan het de basis vormen voor dorps- of stadswandelingen compleet met QR-code bordjes.

Voor meer informatie over dit onderwerp verwijzen wij u graag naar de pagina over het ErfgoedCMS™ op de ErfgoedCMS-website via onderstaande knop.