|

Fan Feankleaster nei Feanwâlden

Fan Feankleaster nei Feanwâlden
©: FrieslandWonderland

De streek tusken Feankleaster en Feanwâlden is in hiel eigen stikje Fryslân. Nearne net yn Fryslân komt men yn sa`n lyts gebiet safolle doarps- en streeknammen tsjin dy`t ferwize nei it (oarspronklike) lânskip. It gebiet leit foar in grut part op de ’sweach’ fan Kollum (Kollumer-sweach), in rêch fan balstienliem op de grins fan in heger lizzend gebiet en legere feangebieten noardlik en westlik derfan. Yn dat feangebiet is, op in heger lizzende sânrêch, Fean-wâlden ûntstien. De Westereen (yn it Nederlânsk Zwaag-westeinde) leit op de westlike ein fan de sweach. In bytsje súdeastlik derfan leit Sweager-bosk en súdlik dérfan Twizeler-heide. De namme Sânbulten is ek al sa dúdlik as mar kin. Hielendal yn it easten leit as lêste Fean-kleaster.

De namme Feankleaster ferwiist nei in frouljuskleaster dat dêr yn de trettjinde ieu fan Dokkum út stifte waard: de Oliifberch. Yn de santjinde ieu is op it kleasterterrein Fogelsanghstate boud en in grut park oanlein. De pleatsen en tsjinstwenten om de state hinne hearden fanâlds ek by de bûtenpleats. It doarp is íén fan de hiel inkelde yn Fryslân sûnder tsjerke. De struktuer fan it doarp is yn Fryslân ek nochal seldsum: men tinkt jin suver yn in Drintsk brinkdoarp. Al met al is dizze, noch net ûntdutsen, toeristyske pearel in besite sûnder mear de muoite wurdich.

Bewesten it boskrike Feankleaster leit it foar de Noardlike Fryske Wâlden karakteristike beamwâllânskip: in lytsskalich, heal iepen lânskip dêr`t om de stikken lân elzesingels en saneamde ’dykswâlen’ lizze. Hjir en dêr steane noch de karakteristike, hiel lytse ’wâldhúskes’, dy`t ein njoggentjinde, begjin tweintichste ieu stadichoan yn `t plak kamen fan de spitketen fan de turfstekkers.

Troch it gebiet rint it spoar fan Grins nei Ljouwert, dat yn 1866 yn gebrûk nommen waard. De trein stoppet ûnder mear yn Feanwâlden, dat ek in lytse besite wurdich is. Dêr stiet de om 1300 hinne boude Skierstins, in fersterke stiennen wentoer. It is de iennige midsieuske toerstins yn Fryslân dy`t bewarre bleaun is.

En as jo dan dochs yn de buert binne, sjoch dan ek efkes yn it skildereftige Feanwâldsterwâl, dat krekt súdwestlik fan Feanwâlden ûntstien is as feankoloanje. Dêr is de sfear fan de njoggentjinde ieu noch bewarre bleaun. De feart troch it doarp is de grins tusken de gemeenten Dantumadiel en Tytsjerksteradiel. It doarpke is in hiel goede útfalsbasis foar kanotochten yn it feangebiet benoarden Feanwâlden.

Colofon

FrieslandWonderland

© Foto voorblad: FrieslandWonderland


Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!