Deel:

|


Easterein fanút de loft.

Hjirby in tal foto's, dy't nommen binne fanút de toer. Jan Hiemstra hat de bylden oer in lang tiidrek fêstlein. It is bysûnder om te sjen hoe 't in foto yn de simmer sa ferskille kin mei in wintersk tafriel. Ek de feroaringen yn de bebouwing is fanút dit perspektyf moai te sjen is. Hokker huzen binne der by kaam. En hokker binne ferdwûn. It doarp is yn beweging. Dat is foaral te sjen. De nijste foto's binne fan 2015. De feroarings binne dan op it mêd fan enerzjy te finen yn de foarm fan sinnepanielen en wynmûnen. Njonken de foto's dy't fanút de tsjerketoer makke binne, binne ek foto's makke fanút in oar perspektyf "fan boppen".


© Tekst: Jetske Santema - © Foto voorblad: Jetske Santema

Easterein fanút de loft.
©: Jetske Santema


In ansichtkaart
Om it tsjerkhôf hinne leit it tsjerkepaad. In feroardering fan Karel de Grutte (om 800 hinne) skriuwt foar dat it paad sa breed wêze moat dat fjouwer manlju in fiifde drage kinne. By in begraffenis
Plattegrûn
De sitewaasje sa't de fearten ienris west ha yn Easterein. Stadichoan binne ferskate sleatten dimpt. Lokkich is der ek noch in protte oerbliuwn. Easterein as lyts Venetië.
Pastorij
Yn 1934 is dizze foto makke fan de tsjerketoer ôf. Links yn byld de piip fan it suvelfabryk. Efter de pastorije is noch gjin bebouwing. No Stittenserleane ensfh.
Rjochting Reahús 1983
De pleats fan Sjaarda
Fan ôf de toer 1934
Rjochtsûnder in part fan de pastorij. Fanôf links rint de dyk nei Itens. It waard de Itenserdyk neamd. No is it de Sibadawei. Rjochtsboppe de piip fan it suvelfabryk.
Rjochting Wommels
Foto J. Guitard
Fan de toer 1930
De Foarbuorren
Skoallestritte 1961
Wat auto's oanbelanget, in populêre V.W. Kever en in lytse frachtauto.
Skoallestrjitte 1961
In prachtich útsicht op de skoallestrjitte. Foaroan rjochts de âlde huzen. Dêrnei it blokje fan 2 huzen boud om 1954 hinne. Dêrachter de 8 keamerwenten en yn fierderop de nije skoalle.
Skoallestrjitte 1961
Tsjinoer de skoalle de earste nijbou. Foar de Sjaardaleane de Andries Joustrastrjitte
Rjochting Wommels 1963
Kening Joekelburd hold Easterein wikenlang yn de besnijing.
Strange winter 1963
De Skippersbuorren leit lang tichtferzen. It liket krekt as ride der minsken op, minsken mei goede eagen kinne dit miskien sjen, sykje :)
Skippersbuorren 1964
Linksmidden de eardere âlde skoalle, dy't brûkt wurdt as loads.
Rjochting Skrok 1963
Op de foargrûn stiet de pastorij, der efter is noch gjin bebouwing. Yn 'e fierte leit de gersdrûgerij en links stekt de piip fan it suvelfabryk omheech
Rjochting Skippersbuorren 1963
As alles wyt is, liket alles oars.
Winters tafriel 1961
Fanôf de tsjerketoer it útsjoch op de Wynserdyk yn 1961. Rjochts de Gravere pleats. Mear lofts de Grifformearde tsjerke en dêrefter it stik lân dêr 't letter de beukerskoalle boud is. Yn de midd
Utsjoch op Griene Leane 1961
De Griene leane en Foarbuorrenen sûnder muzyktinte.
Graverepleats 1961
Yn it midden stiet oan de Wynserdyk de Graverepleats en op de achtergrûn leit it appelhôf fan Rienk v.d. Valk. Links fan de pleats is in loads foar opslach fan de appels.
Winters tafriel 1961
Yn it midden de grifformearde tsjerke oan de Wynserdyk. De beukerskoalle is noch net boud. Op 'e foargrûn de Paraplu, fjouwer huzen ûnder ien dak.
Loftfoto 1950
Dizze foto moat fanút in fleantúch wei nommen wêze. Kaffee Bergma, prachtich sintraal op de krusing nei Wommels, Hidaard en Itens. Der stiet midden op 'e wei in ANWB peal om dat oan te jaan. De muz
Fan ôf de toer, 1940
De Skippersbuorren leit as in moai lint yn it lânskip. Yn de fierte de beammen dy 't steane rûnom de pleatsen fan no Kuiper en Hiemstra.
Panorama 1940
Rjochts ûnder stiet de muzyktinte, links derfan in part fan de Grieneleane, dan rjochts boppe de van Eijsingaleane, foar in part noch net mei wenningen beboud. Wat ek spesjaal is, links boppe-oan sti
Skippersbuorren
Op de eftergrûn de mûnen dy 't enerzjy leverje. Links by de pleats fan Sipke Hiemstra en rjochts by de maatskip Kuiper.
Fan ôf de toer, 1940
Links de Griene leane, rjochts de Foarbuorren mei de muzyktinte, En fierderop de dyk nei Wommels ta, de fan Eijsingaleane,
Simmer 1966
Rjochting Skrok
Skippersbuorren 1966
It falt op dat er noch gjin auto's stean.
1961
de Skoallestritte
Fan ôf de toer 1934
Utsjoch op de Foarbuorren en de van Eijsingaleane. Wat opfalt is dat der gjin auto's op stean.
Rjochting Skrok 2015
De sinne enerzjy docht syn entree.
Van Eijsingaleane , Grieneleane en Foarbuorren 2015
Wat in ferskil mei earder, allegear auto's.
Skippersbuorren 2015
Yn it midden de sporthal en rjochts de sportfjilden.
Skippersbuorren 2015
Simmer 2015
Links boppe de sporthal.
Kleuterschool 2015
It Bekoar, de beukerskoalle yn folle glory.

Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!