Wynserdyk, It Steechje

Wynserdyk, It Steechje
©: Berend Santema

It Steechje ferbynt de Wynserdyk mei de Grieneleane. It grutste part fan de wenningen dy 't oan it Steechje boud binne, hearre by de Wynserdyk. In pear huzen tsjin de Grieneleane oan, hearre by de Grieneleane. Om't de huzen 7 oant 27  by de Wynserdyk hearre, komt de nûmering fan de huzen oan de linkerkant (fan it kafee ôf nei Hidaard) folle heger út as oan de rjochterkant. Links is húsnûmer 55 it heechst, rjochts is nûmer 30 it heechst. 

Krekt foarby hûsnûmer 7 stie begjin 1900 in stek as ôfsluting fan it paad. It Steechje hat oant 1960 ûnferhurde west. Yn de jierren 60 fan de foarige iuw is dat feroare. De Gemeente Hennaarderadiel makke de ôfspraak mei de bewenners, as sy de kosten fan it betegeljen op har nimme soene, de gemeente it ûnderhâld oernimme soe.

Paraplu

Healwei it Steechje stiet in bysûnder bouwurk. It wurdt yn de folksmûle de Paraplu neamd. Dat is te tankjen oan de foarm fan it dak. It binne 4 huzen ûnder ien dak.

Colofon

Boek Easterein

© Tekst: Jetske Santema © Foto voorblad: Berend Santema


|
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!