Ysbrechtum is in komdoarp mei mooglik in terpferline. It tsjerkhôf leit nammentlik frij heech. It doarp leit tichtby Snits, wêrmei it yn 1844 in ferbiningsdyk krige, de mei pún ferhurde dyk fan Snits nei Boalsert. Tusken Ysbrechtum en Tsjalhuzum kaam in tolhûs dat der noch altyd stiet. Tsjalhuzum is oarspronklik in terpdoarp en is tsjinwurdich in agraryske delsetting fan in stik as wat buorkerijen en in tsjerkhôf mei in toer út 1871. Ear’t de wei nei Snits der kaam wie Ysbrechtum fia de Frjentsjerter Feart nei it wetternetwurk fan Fryslân ûntsletten. De kom fan it doarp is foarme oan wjerskanten fan de Epemawei, by de ôfslach nei Skearnegoutum, de Kleasterwei. De kroniken sprekke fan in kreaze buert en in mei beammen omseame skadige yntree fan it doarp. De yntree út Snits wei is breed, mar in protte alluere is der net mear. De kreaze buert is bleaun want de Epemawei is foaral oan de noardkant omseame troch in rige notabele wenten, de brede middengongwenten, dy’t foar de twadde helte fan de 19e ieu sa tekenjend binne foar de Fryske doarpen fan wat betsjutting. Alhoewol de tsjerke op it hege en mei in izeren stek fan de dyk ôfgrinze tsjerkhôf oan it ein fan de 18e ieu mei lof neamd wurdt, wurdt se yn 1865 ferfongen troch de tsjintwurdige, wêrfan it ûntwerp troch de Snitser stedsarsjitekt Meinse Molenaar makke is. It is in gebou yn in mingde styl dat út in romme tsjerkeseal mei grutte rûnbôgefinsters en in gâns leger en smeller oanboud koar bestiet. De toer hat in nullespits. In prielgrêf út 1696 fan de bewenners fan Epemastate siert de tsjerke. Epemastate leit yn in rom park mei bosk en is ieuwenlang de residinsje west fan aadlike famyljes. De state datearret út de earste helte fan de 17e ieu en is faak ferboud: de lêste kear yngripend oan it ein fan de 19e ieu. In poartegebou mei wenferdjipping markearret de opleane.

Op het moment van schrijven loopt in Friesland het Tsjerkepaad evenement. Ieder jaar in de maanden juli tot september openen honderden monumentale kerken in Friesland hun deuren voor toeristen en belangstellenden. Omdat ik in de buurt ben loop ik even binnen bij de kerken in Ysbrechtum en Folsgeare. Deze dorpen liggen noordwestelijk van Sneek aan weerskanten van de A7. Het is bijzonder hoe deze kerken ten opzichte van elkaar verschillen. De kerk in Ysbrechtum is rijk versierd met rouwborden en wat dies meer zij en in de kerk is Folsgeare staat soberheid voorop. In Ysbrechtum staat Epemastate, dat verklaart het een en ander. Door de soberheid van de kerk in Folsgeare ga je daar wat meer op zoek naar details. Ik zie prachtige eeuwenoude statenbijbels, een vaas met plastic Hedera. Deze staat in de vensterbank en baadt in het zonlicht dat door het venster naar binnen valt. Ik zie bodemvondsten zoals potscherven een flesjes die op een tafel zijn uitgestald. Ik lees in gouden letters "Zingt Godes Eer" als ondertitel van het orgel en ik zie vier fluwelen collectepongen aan een stok die strak tegen de muur in het gelid staan. Ze dateren uit 1825 staat op een kaartje! Deze "pongen" brengen me direct terug naar mijn jeugd. Hoe vaak heb ik geld gegooid in soortgelijke pongen, of net gedaan alsof. Op de pongen van Folsgeare ontbreken de D's en K's die er in mijn geboortedorp in gouddraad op geborduurd waren. Ze stonden voor kerkvoogdij en diaconie. Dat weet ik nu. Toen wist ik dat niet en waren ze voor gewoon het kwartje en het dubbeltje.

Abbegea is in terpdoarp, dat yn ’e Midsieuwen ûntstien is. It doarp wie oer it wetter goed ûntsletten. De Abbegeaster Opfeart ferbûn it doarp mei de Boalserter Sylfeart. Oer lân wie it minder goed te berikken. Nei de dykebou kaam Abbegea noardlik fan de Himdyk te lizzen. Op de gritenijkaart yn de Schotanusatlas (1716) fine we gjin inkele dyk of paad. Wol is sichtber dat der bûten de lytse tsjerkebuorren in tal buerten en staten yn it bûtengebied fan it doarp lizze; ek oan ’e noardkant fan de Wymerts of Boalserterfeart. Yn de “Tegenwoordige Staat van Friesland” (1788) wurdt dat befêstige: een dorp van middelbaaren omtrek (…). Hetzelve ligt ten westen van Oosthem en nader aan den Hemdyk. De kerk deezes Dorps pronkt insgelyks met een fraai Orgel. Weleer had men hier verscheiden Adelyke Staten, met naame Attema, Sytinga, en Bonninga in het buurtje de Morra, naar ’t welk ook een watertje ten Noorden des dorps, waaronder de Bolswerdervaart naar de Nieuwezyl loopt, den naam van Morra- of Morwieltje draagt. In de buurt, die niet groot is, en de Abbegaster-Ryge genaamd wordt, lagen oudtyds Wigmana en Heeringa, en in de Oosterbuuren Bangama. De Abbegasterrige en Oosterburen binne ek noardlik fan de feart oanjûn op de kaart yn de Eekhoff-atlas (1851). By it buorskip Abbegeasterketting leit in draai oer de feart. De kearn fan de tsjerke, fan âlds wijd oan Sint Gertrudis, is noch midsieusk, mar it gebou mei in trijekantige sluting is yn 1809 hielendal ommitsele. Nei alle gedachten hat de toer yn dat jier in houten boppebou krigen. Yn ’e toer hinget in klok dy’t yn 1647 getten is troch Jacob Noordmans. De trochgeande dyk rint no strak om de súdwestlike flank hinne. De tsjerkebuorren oan de oare kant hat in fariearre bebouwing, wêryn de eardere skoalle, it skoallehûs of pastorije en boarger- en arbeiderswenten mekoar ôfwikselje. Noardlik fan de âlde kearn binne de nije skoalle en resint in nijbouwyk oan ’e westkant fan de opfeart ta stân kommen.

Folsgeare is in terpdoarp dat ûntstien is yn de Midsieuwen. Lange tiid hat it doarp allinne in lytse tsjerkebuorren hân. By de Tsjaerddyk lâns, dy‘t nei Nijlân rûn stie al lange tiid lyn in flinke rige buorkerijen. Súdlik fan it doarp lei ek in groep boerepleatsen, mar dy wienen net op it doarp rjochte. De Folsgeaster Opfeart joech in ûntsluting yn súdlike rjochting om fia de Alde Rien ferbûn te wêzen mei de Wimerts of Boalserter Feart oan de iene en mei De Geau tusken Snits en Drylts oan de oare kant. Mei dit stelsel fan wetterwegen wienen de súdlike pleatsen, elts mei in eigen opfeart, sadwaande ek ûntsletten. Op de kaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet dat oanjûn. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788 net folle: “een Dorp van middelbaaren omtrek en landerijen, doch gering van buurt, hetzelve bevat 20 stemdraagende plaatsen, en ligt in den hoek van gemelden Tjaarddyk, tusschen Nieuwland en Sneek. Weleer lag hier de State Walma. In 1498 werd hier den Kerk met den toren afgebrand door de Soldaaten, die de Vetkooper Tjerk Walta had in ‘t land gebragt; ook kwamen daarby twee huislieden om, die op den toren gevlugt waren.” De midsieuske tsjerke is yn 1875 troch de hjoeddeiske sealtsjerke mei in trijkantige koarsluting ferfongen, mar de sealdaktoer is mooglik noch 13e-ieusk. De measte âlde doarpsbebouwing is te finen oan de Tsjaerddyk. It doarp is nei de Twadde Wrâldoarloch frijwat útwreide, yn it begjin mei in eastlik kwartier, letter mei in wyk oan de súdkant. Yn de lannen om Folsgeare hinne, stean grutte, soms monumintale buorkerijen. Noardlik fan Folsgeare leit Tsjalhuzum, in buorskip fan inkele huzen en in toer op in terp. It hat in ferline as midsieusk terpdoarp. De tsjerke is yn 1823 ôfbrutsen, mar de toer waard yn 1871 noch hielendal fernijd, in toer fan trije segminten en in ynsnuorre spits. Tusken Folsgeare en Tsjalhuzum yn is healwei de fyftiger jierren in fersetsmonumint fan Wymbritseradiel oprjochte: in wekkere hoanne op in hege piloan.

Feanwâldsterwal is een prachtig klein dorpje zuidwestelijk van Feanwâlden. De schoonheid van het dorp wordt vooral gekenmerkt door de smalle vaart die naast de hoofdstraat van het dorp "De Wâl" loopt. De aanliggende woningen hebben allemaal een eigen bruggetje. Waar "De Wâl" overgaat in "It Oare Ein" ligt de kern van het dorp gemarkeerd door een fraaie brug en hotel en eetcafé 't Dûke Lûk. Hier kun je bootjes en kano's huren en dat is niet onlogisch. Feanwâldsterwal ligt namelijk aan de rand van een van de mooiste aaneengesloten kleine natuurgebieden in Friesland, It Butenfjild, De Looden Hel en De Houtwiel. Het laatste natuurgebied is de laatste jaren naar een hoger niveau getild vanwege de aanleg van de Centrale As (N356), de voor het gebied enigszins "oversized" maar o zo gewaardeerde autoweg tussen Nijega en Dokkum. Bij het dorp De Falom is notabene een "luxe" flyover gebouwd zodat flora en fauna ongestoord  kan doorgroeien en doorlopen tot aan het dorp De Westereen. De aaneengesloten natuurgebieden verklappen het ontstaan van Feanwâldsterwal. Het zijn laagveengebieden en Feanwâldsterwal dankt haar bestaan aan de ontginning van dit laagveen. Al in de 15e eeuw werd dit ontgonnen door de Schiere Monniken afkomstig van de Schierstins in buurdorp Feanwâlden, behorende bij het klooster Claerkamp in Rinsumageest. In latere tijden werd dit zware werk op meer industriële schaal voortgezet door doorgewinterde veenarbeiders uit Giethoorn die naar de Friese veenkolonie kwamen. Zij wisten wel raad met het laagveen en lieten een duidelijk stempel achter op het gebied, én het dorp. Daarom wordt Feanwâldsterwal nu ook wel het "Giethoorn van Friesland" genoemd. Beide dorpen hebben trouwens nog iets opmerkelijks gemeen, de verdwenen melkfabrieken. In beide dorpen zijn ze ten prooi gevallen aan het toerisme zou je kunnen zeggen. Die van Giethoorn is gesloopt of onherkenbaar tussen restaurants en bootverhuurders. Die van Feanwâldsterwal, genaamd Zuivelfabriek Freia, is steen voor steen afgebroken en opnieuw opgebouwd in het Nederlands Openluchtmuseum in Arnhem. Ik zie het als de verloren zoon van Feanwâldsterwal, gelet op de naam Freia zou je wellicht van dochter moeten spreken maar dat onderscheid laat ik aan de lezer.

Het dorp Eastermar ligt ten noorden van Drachten in een prachtig gebied te midden van twee, voor het gebied bijzondere waterpartijen, het Bergumermeer en De Leien. Deze relatief kleine en ondiepe meren zijn grotendeels ontstaan door veenafgravingen en afkalving. Het gebied draagt met trots het predicaat “Nationaal Landschap De Noardlike Fryske Wâlden” (De Noordelijke Friese Wouden). Toch zal een bezoeker die van de meren heeft genoten zich wellicht afvragen, waar zijn de wouden gebleven? Inderdaad, wouden in de zin van uitgestrekte bossen vind je er niet. In de plaats daarvan vind je een eeuwenoud coulisselandschap. Dit wordt gevormd door talloze boom- en houtwallen die kleinschalige boerenpercelen van elkaar scheiden. Hier en daar kijk je dwars door een aantal van deze boom- en houtwallen heen, de dieptewerking is subliem. Tussen deze coulissen zie je telkens weer een andere voorstelling. Akkerland, graanvelden, weilanden met koeien, paarden, schapen, of misschien wel het mooist, een wisselend kleurenpalet van veldbloemen. De analogie met coulissen en voorstellingen in een theater kan bijna niet treffender. De boom- en houtwallen worden met regelmaat teruggesnoeid en groeien in enkele jaren daarna weer terug. Aan de oudste exemplaren zie je dit onderhoud terug in decenniaoude grillige stronken en stobben. Ruilverkaveling is aan het gebied voorbijgegaan en dat is maar goed ook. De hout- en boomwallen zijn onaangetast en volgen de oorspronkelijke zandpaden die dorpen als Eastermar, Sumar, Harkema en Drogeham aan elkaar verbonden en nog steeds verbinden. De gemeente heeft zich erbij neergelegd en doet het onderhoud met zorg, verharding is uitgesloten.  Het enige dat in het historische beeld ontbreekt zijn de karresporen die er ooit in grote hoeveelheden moeten hebben gelegen. Ook verdwenen zijn de talloze plaggenhutten die er moeten hebben gestaan. Het is moeilijk voor te stellen maar tot voor slechts honderd jaar geleden werden plaggenhutten in het gebied gebouwd om in te wonen, ook met grote gezinnen. De bijzondere  geschiedenis van de plaggenhut wordt verteld in Themapark de Spitkeet in Harkema, een aanrader. Ik heb er een middag doorgebracht en kom snel terug want "Theater" Nationaal landschap de Noardlike Fryske Wâlden is 7 dagen per week open en de entree is ook nog eens helemaal gratis!

In Gaasterland heb je aan de IJsselmeerkust een aantal plekken waar je een optimaal uitzicht hebt over het IJsselmeer. Ik denk aan het Mirnserklif bij Mirns, het Oudemirdumerklif bij Oudemirdum en het meest beroemde, het Reaklif bij Warns. Hier vochten de Friezen een legendarische strijd tegen de Hollanders in 1345. Je vraagt je af waarom je juist hier het mooiste uitzicht hebt over het IJsselmeer. Volgens mij komt dat doordat je bij helder weer nog net de overkant kunt zien. Je ziet de kerktoren van Enkhuizen duidelijk aan de horizon temidden vaag trillende silhouetten van windturbines, bomen en bebouwing. Daarnaast heb je als je naar links kijkt uitzicht op windturbines die de dijk van de Noordoostpolder en Flevopolder aangeven, helemaal tot aan de Maximacentrale bij Lelystad. Aan de rechterkant zie je de windturbines die het einde van de Afsluitdijk markeren, de Afsluitdijk begint wat mij betreft in Friesland maar wellicht zag de geestelijk vader Cornelis Lely dat anders. Dit panorama heb je vooral omdat het klif je net voldoende meters boven het waterpeil van het IJsselmeer uittilt. Hierdoor kun je over de kromming van de aarde en dus het IJsselmeer heen kijken. Als je de tijd neemt ga je bijna automatisch mijmeren over wat er allemaal nog meer achter de horizon schuil gaat en achter de toren van Enkhuizen. En juist op dat moment raak je in gesprek met een toevallige voorbijganger. Hij vertelt dat tijdens de tweede wereldoorlog V2’s werden gelanceerd vanuit de bossen van Rijs, bestemming Londen. Deze bossen bevinden zich in Mirns recht achter je.  Veel V2's zouden dienst hebben geweigerd en in het IJsselmeer zijn geplonst. Ik heb het nagezocht op de kaart. Ze moeten rechts van de Enkhuizer toren zijn gevlogen onderweg naar de Britse hoofdstad. Mijn bezoekjes aan het IJsselmeerpanorama krijgen vanaf nu een extra dimensie.

Beetsterzwaag ligt tussen Heerenveen en Drachten, pal naast de A7 naar Groningen. Het ligt in een bosrijk gebied. Het is er goed wonen, zeker voor welgestelden die zich een bosperceel kunnen veroorloven. In het buurdorp Olterterp woonde tot voor kort onze meest geliefde acteur Rutger Hauer (1944-2019). Daar staat ook het vijfsterrenhotel Lauswolt met golfbaan. Maar terug naar Beetsterzwaag. Ik ben van de generatie die "Kopstukken" (1947) moest lezen voor school. Dit is een boekje geschreven door Godfried Bomans (1913-1971). In de jaren zestig en begin zeventig was hij een graag geziene gast op de nationale radio en televisie. Niet alleen als erudiet literair schijver maar ook vanwege zijn onnavolgbare humor. In het boekje schrijft hij over Beetsterzwaag. Hij is er op bezoek en wordt getroffen door de lokale interesse in literatuur. De Gijsbrecht van Aemstel van Joost van den Vondel om precies te zijn. In mijn herinnering schetst hij een sfeer waarin het hele dorp tijdens een "Vondelweek" meedoet aan het eren van dit taaie stuk vaderlandse literatuur. Het ligt op de toonbank bij de slager en de bakker en Beetsterzwagers lezen enthousiast voor uit het werk. Dit is het beeld dat ik heb overgehouden van Beetsterzwaag. Ik was er van de week toevallig en werd prompt bevestigd in dit beeld. De snackbar heeft bibliotheekbehang en in de Hoofdstraat staat een schattig houten mini-biebje waar je gratis boeken kunt lenen. Kopstukken ontbreekt in de bescheiden collectie. Ik zal het erin leggen. Mijn bescheiden bijdrage aan het literaire imago van Beetsterzwaag. Leen het gerust!

Ik woon in Joure en dat ligt midden in het Friese Merengebied. Vanuit Joure kun je een paar leuke korte vaarroutes doen per sloep. De leukste vind ik persoonlijk de route die gaat via Broek, Goiïngaryp, de Goiïngarypsterpuollen, de Gudzekop en de Jentsjemar naar Langweer en dan weer via de Langweerder Wielen terug naar Joure. Als je rustig vaart doe je er zo'n twee uurtjes over. Het huisje op het Jentsjemar intrigeert me. Het blijkt, na enig zoekwerk, eigendom van de vereniging Jentjemeer. De vereniging heeft een eenvoudige website waar je kunt lezen dat het eilandje niet te huur is. Helaas, maar misschien maar goed ook, want er zou direct een ellenlange wachtlijst ontstaan. Wie wil er tenslotte niet slapen op een dergelijk "onbewoond" eiland. Er staat in grote zwarte letters "In bliere moarn" te lezen op de gepotdekselde gevel van het huisje. Dit betekent "een blije morgen". Dit kun je zowel in het Fries als in het Nederlands op twee manieren uitleggen. "Moarn" betekent zowel ochtend als morgen, in de zin van "de volgende dag". Beide passen perfect. Als je na een goede nachtrust op het eilandje zou genieten van een verse kop koffie met croissant terwijl je staart over het kalme water naar een opgaande zon, dan denk ik dat je daar zeker blij van wordt. Als je na een verblijf bent onthaast en nieuwe energie hebt opgedaan voor de komende dagen en weken, dan past de tweede uitleg. Maar, genoeg gemijmerd en gefantaseerd over de tekst op de gevel, het is niet te huur. We moeten het doen met het uitzicht. Daar kun je ieder uur van de dag blij van worden, toch?

Makkum hat fan alle Fryske doarpen dy’t hast stêd wurden binne de measte stedske alluere. De skiednis hat Makkum ûnrjocht oandien. It begûn by de tsjerketerp yn it noarden, wat mear nei it suden ta groeide der in delsetting by in slûs: Statum. Letter is der ek súdliker in slûs kommen, it gebiet by de Grutte Sylroede mei de Voorstraat en Vallaat as wetterfronten mei gâns foarname bebouwing. Oan de diels dimpte Markt stiet it hege waachgebou, it pronkstik fan it warbere en bedriuwige plak. Makkum hat as gjin oar doarp yn Fryslân in stedske struktuer, mar boppedat ek in dêrta hearrende differinsearre maatskiplike gearstalling en ekonomyske opbou. Makkum komt om-ende-by it jier 1000 foar it earst yn de boarnen foar. It hjit dan Maggenheim. Op de list fan Fryske parochy’s út 1270 stiet Makkum fermeld as Mackingum. Yn 1379 is de namme Macking-he. Makkum is begûn as in boeredoarp op in terp. Dy fynt men no werom yn it noarden, by de hjoeddeiske Tsjerkebuorren. Folle mear nei it suden ta, op it plak dêr’t de Grutte Sylroede útkaam yn de Sudersee, groeide in flinke hannesldelsetting. Nei ferrin fan tiid ferienige dizze delsetting him mei Statum en it oarspronklike terpdoarp ta it Makkum fan hjoeddei. Twa farwegen hawwe beslissend west foar de groei en bloei fan dit seeplak. De Grutte Sylroede dy’t by de kust yn twa earmen útinoar foarke, wêrtroch’t der gâns wâlromte skept wurde koe en de súdliker streamende Lytse Sylroede. De Grutte Sylroede ferbûn Makkum mei it efterlân fan it westen fan Fryslân, benammen mei Boalsert. Yn de súdlike mûning fan de Sylroede waard yn de 13e ieu al in syl boud, in slûs (dêrom sylroede en net seilroede). De skutslûs wie belangryk foar it ferkear oer it wetter. Boppedat, it wie in spuislûs om it oerstallige wetter út it efterlân spuie te kinnen. Geandewei waard it belang fan de haven by de mûning fan de Grutte Sylroede grutter. Boalserter keaplju keazen foar de ferbining oer Makkum en brûkten de haven foar harren hannel op lannen om de Noardsee en Skandinavië hinne. Fan de 17e ieu ôf rekken de kaden oan de Grutte Sylroede beboud mei hearehuzen en represintative pakhuzen. Mear it lân yn kamen de bedriuwen: in tichelwurk of stienbakkerij, in pottebakker, in glêsblazerij, in papierfabryk, tsientallen kalkbrânerijen en skipstimmerbedriuwen en gâns in rige yndustrymûnen. Nei’t Makkum yn de rin fan de 17e ieu ferskate stêden yn ‘e Súdwesthoeke al foarby stribbe wie, ferriisde yn 1698 it waachgebou. It hege, toerfoarmige bouwurk dominearret de kearn fan it plak. De selsbewuste Makkumer boargerij hat yn de Waach represintaasje en dekoarum sjen litten, sa as dat yn ferskate stêden en doarpen by de stedhuzen barde. By de waach waarden de wyk- en jiermerken hâlden: bûter, fleis en tsiis waarden keurd en woegen. Op de kaden fan de ôfdamme noardlike earm fan de Grutte Sylroede kaam in merk foar keapwaar ta ûntwikkeling foar de hannel yn agraryske produkten . Makkum is ferneamd om syn ierdewurk. De Koninklijke Aardewerkfabriek fan de famylje Tichelaar is it âldste noch besteande yndustriële bedriuw yn Nederlân. De produksje fan dit ierdewurk datearret al út de 16e ieu. De beropsfiskerij hat wat fan syn glâns ferlern, al is Makkum noch altyd de thúshaven fan in lytse fiskersfloat. Der lizze noch sa ‘n tsien kotters yn de bûtehaven. Troch de Makkumer Waard is in slinke groeven sadat de haven better berikber waard. Bûten it trasee fan de dyk koe sadwaande bedriuwichheid komme. Skipswerf Amels boude dêr in gigantyske skipsbouhal, dy’t no it silhûet bepaalt. Troch al dizze ûntwikkelingen is Makkum geandewei groeid, yn it earstoan tusken en tichteby de âlde kearnen, nei de oarloch oan de eastkant en de lêste tsientallen jierren benammen yn it noarden. Makkum is al lange tiid in favoryt plak foar de wetterrekreaasje. De slûs wurdt no frijwol útslutend foar de rekreaasjefeart brûkt. Boppedat hat him de lêste tsientallen jierren op de Makkumer Súdwaard kustrekreaasje fan in hiel eigen sfear ûntwikkele, mei in echte bûlevaar mei in pier de see yn. De Makkumer Noardwaard is natuerreservaat.

Dokkum is ien fan de âldste stêden fan Fryslân. Yn 754 waard de Angelsaksyske misjonaris Bonifatius by Dokkum fermoarde. Al gau kamen der beafeartsgongers nei dit martlersplak. De terpedelsetting hie troch it Djip in iepen ferbining nei see en ûntwikkele him yn in flot tempo as hannelsplak. Yn de 11e ieu mocht Dokkum sels munt slaan. Oan it ein fan de 13e ieu hie it in eigen stedsbestjoer. Yn de 15e ieu kamen der wâlen om de stêd hinne en ein 16e ieu wie it in regelmjittige bastionearre festing. De festingwâlen wurde al sûnt lange tiid brûkt as kuierpaden om Dokkum hinne. De frijwol regelmjittige seishoeke mei op de hoeken dwingers is foar in grut part rekonstruearre. Oan de eastkant binne de wâlen leech, mar it Noorder-, Parkster- en foaral it Westerbolwurk hawwe hege wâlen, dêr ‘t de Dokkumers har feilich efter fielden. Op de westlike dwinger en Zuiderdwinger ferheffe har mûnen. It binne achtkante boppekruiers op hege ûnderbouwen mei stellingen. Zeldenrust, in nôt- en pelmûne, datearret út 1862 en nôtmûne De Hoop is fan 1849. De Zijl midden yn Dokkum is in brêgeplein; der hat in slûs lein út 1583 dy ‘t yn 1757 noch ris fernijd is. Oan de Zijl stiet it âlde stedshûs oan de Suupmarkt. De kelders dogge noch tinken oan in eardere stins. Yn 1608 is hjir in ryk foarmjûn stedhûs boud. Om 1800 hinne is it ferboud ta it gebou mei it strange hjoeddeiske uterlik. Út de renêssânsetiid restearret in skitterende skou en it ferware Justitiabyld. De riedsealfleugel kaam yn 1763 ta stân. Útwindich ienfâldich, mar ynwindich yn sjarmante rokokostyl mei grutte allegoaryske skilderingen. Oan de súdwestkant fan de Zijl stiet in trijetal prachtige pânen út 1622. It hoekpân hat oan beide kanten in treptop. Dêrnjonken in hûs mei ferdjippe finsternissen en it tredde, it smelste, hat de fraaiste fersierings boppe de finsters: akkoladefoarmen yn maniëristyske styl. It Admiraliteitshûs, no museum, stiet wat ferskûle tusken Diepswal en Oosterstraat yn. De Fryske admiraliteit waard yn 1597 húsfeste yn in stins en yn 1618 waard der nij boud. It is ûnderwilens wol feroare. De fan reade stien mitsele gevels binne wat libbener makke mei sânstiennen details en sierankers. Oan de túnkant stiet de oarspronklike tagongspartij. It waachgebou stiet midden op de Grote Breedstraat, in frijsteand bouwurk fan twa lagen heech en fersierd mei pilasters en kúfstikken mei de wapens fan Dokkum en Fryslân. Fan het Diep ôf is yn de Hoogstraat it hichteferskil fan de terp goed te fernimmen. Healwei stiet de yn 1869 troch P.J.H. Cuypers ûntwurpen neogotyske roomsk-katolike Sint-Martinustsjerke, ek noch tawijd oan Bonefatius en Gezellen. Oan de súdeastkant fan de Markt stiet de Herfoarme tsjerke. Sy is yn de 15e ieu ta ferfanging fan in âldere tsjerke boud. Skip en beuk binne ynwindich mei rûne kolommen fan elkoar skieden. It tsjerklik meubilêr is oerdadich fersierd mei rokoko snijwurk. Oan de oare kant fan de wjerynrjochte Markt steane twa ynstellings foar woldiedigens njonken elkoar. It eardere Weeshûs falt troch syn eigensinnige neoklassicistyske uterlik it meast op. It yn 1839 stichte Sint-Laurentiusgasthús hat in wat rêstiger arsjitektuer. Oan de Legeweg stiet efter de roailine it plechtige neoklassicistyske front fan de tsjerke (1852) fan de Verenigde Christelijke Gemeente, in bruorskip fan menisten en remonstranten. De foarnaamste huzen steane oan de kaden fan Grootdiep en Kleindiep, mar ek oan de Grote Breedstraat, Hogepol, Legeweg en Koornmarkt binne kreas fersoarge wenningen te finen. Fuort súdlik fan de binnestêd leit – fol mei leginden – de Bonifatiusboarne, dy ‘t yn 1884 in pomp mei in sierfaas krige. Yn 1925 waard by de boarne in útstrekt prosessypark oanlein en der kaam yn 1934 in diels oerkape kapel ta stân yn neoromaanske styl. Dokkum siet oan it begjin fan de 20e ieu klem tusken syn wâlen. De earste folkshúsfesting kaam yn ‘e binnestêd. Nei wat anneksaasje koe de súdlike útfalsdyk Woudweg, stâl krije mei rigen fariearde filla’s en boargerswenten mei ek it fraaie folkshúsfestingskompleks fan it Bonefatiusplein en omjouwing. Nei de oarloch is Dokkum oan alle kanten flink wat útwreide, benammen oan de noard-, súdeast- en eastkant.

Ljouwert is ûntstien op in terp út de iere Midsieuwen mei in agrarysk karakter tichtby de Middelsee, Oldehove, en yn de 9e ieu oan wjerskanten fan de mûning fan de Ie opsmiten terpen mei in hannelsdelsetting. Terpen, dy’t yn de Hoogstraten noch altyd goed te erfaren binne. De âldste fermelding fan Ljouwert is yn de 11e ieu. De houten tsjerke fan Sint-Vitus waard doe ferfongen troch in (dowe)stiennen gebou en yn dy tiid fûn ek de earste dikebou plak. Nei‘t de Middelsee tichtslike wie, wreide de delsetting him yn westlike rjochting út. It swiertepunt bleau op de terpen fan Nijehove en dêr waard yn de 12e ieu de Mariatsjerke boud en healwei de 13e ieu tsjin de soal fan de terp oan it kleaster fan de Dominikanen. De kleastertsjerke, de Jacobijnertsjerke, is yn de 13e ieu boud en ferskate kearen útwreide. Oan de noardkant stean de oantinkens oan it kleaster mei in part fan de prachtich oerwulve kleastergong. Yn it koar binne de leden fan de stedhâldersfamylje begroeven. Yn it easten en súdwesten wreide de stêd út en alles waard yn 1435 ûnder in stêdsrjocht brocht. Omdat Ljouwert yn in net fan wetterlopen lei, koe de stedsstruktuer trochriuwen wurde troch grêften. Troch hannel en oare aktiviteiten groeide de stêd foarspoedich en doe‘t Albrecht van Saksen Hear fan Fryslân waard, keas hy yn 1504 foar Ljouwert as sit fan de bestjoersynstellings en dus as haadstêd. De letGoatyske Aldehou, it symboal fan de stêd, bliuwt as skeane en kromme toer it ferhaal fertelle fan de mislearre ambysjes fan tsjerke- en stedsbestjoer. Yn 1529 koe men begjinne mei de bou fan in hege toer. Hy begûn te sakjen en bleau sakjen en it wurk waard yn 1533 stillein. De sintrale oerheid slagge wol. It bestjoerspaleis, de Kânselarij, is fan 1566 oant 1571 boud troch de boumaster fan kening Filips II. It ryk detaillearre gebou tsjinne as húsfesting fan het ‘Hof van Friesland’, it belangrykste bestjoersorgaan. De boustyl is noch hielendal letGoatysk, mar tagongspoarte, kraachstiennen en oare details binne al yn de nije styl fan de renêssânse. It gebou drukt it kenterjen fan de tiid út: Opstân en Herfoarming wienen yn in tiidsbestek fan tsien jier in feit. De Kânselarij is no ûnderdiel fan it Frysk Museum. Nei‘t der al earder in grêft om de stêd hinne groeven wie en in begin fan in omwâling, krige de stêd yn de tsientallen jierren om 1600 hinne in frijwol folslein bastionearre fêsting. Ljouwert is in deftige stêd wurden, want se is ek ieuwenlang residinsje west fan Nassause stedhâlders. Dy wennen mei har húshâldings en hofhâlding yn it sintrum fan Ljouwert. Dit ‘Stadhouderlijke Hof’ bestie oarspronklik út twa yn styl ferskillende staten, dy‘t tegearre wol in foarplein foarmen. De ferskate generaasjes Nassaus ha it skildereftige gehiel sa faak ferboud dat in ienriedich mar lykwols in strang fleugelgebou it resultaat waard. De stedhâlders ha hjir oan 1747 ta residearre. Tsjin it Hof oer stiet it stedshûs. It haadgebou is yn 1715 yn sober klassisisme boud op keldersferwulven fan in midsieuske stins. De middenpartij krige de measte oandacht. Boppe de yngong binne frede en gerjochtichheid útbylde. Yn de koepel hinget in kariljon út 1687. Yn 1760 is efter it haadgebou in riedsealfleugel yn rococostyl boud. Ljouwert wie let mei in represintatyf stedshûs, ynfestearre yn de waach, in steatlik gebou yn renêssânsestyl dat it belang fan de suvelhannel ta útdrukking bringt. It waachgebou kaam ta stân yn 1595 en is oan de ûnderkant iepen mei grutte bôgen en in hingjende luif deromhinne. Boppe de luif binne op de hoeken wapenshâldende liuwen en in prachtich bewurke fries te sjen. Yn de iere 19e ieu is de fêsting ûntmantele en krige de stêd in râne fan plantsoenen, wêrfan‘t no mei de Prinsetún, allinne de noardlike gedielten noch bestean. Yn de 20e ieu is de stêd nei alle kanten útwreide, nei de oarloch, doe’t in part fan Ljouwerteradiel anneksearre wie, ek nei it suden ta. Der kamen oan ‘e bûtekant fan in yn rap tempo foltôge rûnwei bûtenwiken fan grutte omfang.

Snits is oant 1984 ta in karakteristike stedsgemeente bleaun. De stêd krige troch de gemeentlike weryndieling yn 1984 lanlik gebiet mei de doarpen Ysbrechtum, Offenwier en Loaiingea der by. Dat gebiet rikt no ek oant by de Snitser Mar, wêr’t de stêd mei syn wettersportaktiviteiten sterk op rjochte is. De stêd is oant yn de twadde helte fan de 19e ieu fêst sitten bleaun binnen de stedsgrêften út de 16e ieu dy’t in hertfoarmige plattegrûn foarmen. Dêryn is it noardwestlike part it âldst, in terp wêr’t noch altyd de Martinitsjerke op stiet en even noardliker in hannelsdelsetting tichtby in slûs yn de Himdyk. Dizze delsetting hat him yn súdlike rjochting útwreide mei it Grutsân, de Wip en de Suupmerk as grêften. Dêr omhinne kaam al yn de 13e ieu in omgrêfting dy’t foar in part binnengrêften waarden doe’t de stêd letter oan de eastkant noch in oansjenlike ‘Nyestadt’ fan Easterdyk en Lytssân krige. Snits soe yn 1294 ta stêd ferheven wêze. De stêd wie as iennige fan de alve stêden – sa waard beweard – troch muorren omfêste. It wienen gjin muorren dy’t yn it twadde kwart fan de 16e ieu mitsele waarden, mar de Snitsers smieten wallen op en beklaaiden dy mei bakstien. In kostbere ynvestearring, dy’t troch ferkeap fan stien fan de 18e ieu ôf wer wat werom fertsjinne waard. Snits hat as glorieus oantinken syn Wetterpoarte noch: alle Snitsers binne der grutsk op. De poarte mei in poartershûs op in loggia tusken twa elegante tuorren markearret de tagong ta de stêd fan de brede Geau ôf. Doe’t de poarte yn 1613 yn bewurke renêssânse styl ferriisde, bedarre it kriichsgeweld en tsjinne se noch om it ferkear te kontrolearjen en om op de reizgers yndruk te meitsjen. Efter it romme Martiniplein, krige it Ald Tsjerkhôf okkerdeis in frisse ynrjochting. De Martinitsjerke riist der omheech; in grutte let goatyske tsjerke dy’t faak en yngripend feroare is. Yn 1681 stoarte it front fan de toer yn en der kaam in sluting dy’t op in twadde koar liket. Op it dak is yn 1771 in sierlike klokkekoepel pleatst en it kariljon struit op fêste tiden muzyk oer de stêd út. Oan de súdkant stiet in prachtige 16eieuske sakristy. Even noardliker strekt de Merkstrjitte him út, omseame troch in kar oan gebouwen dy’t in protte te fertellen ha. Haantje de foarste is it stedshûs yn sjarmante rokoko styl út 1760. Der leit in monumintaal bordes mei dûbele trep yn swiere barokfoarmen foar en binnen is de riedsseal fan goudlearbehingsel mei Sjineeske patroanen foarsjoen. Oan de eastkant fan de Merkstrjitte iepent, nei in knik, de romte him opnij om in dearinnende grêft hinne, de Wip. Om even fierder de grêften fan Grutsân en Suupmerk / Lytssân tsjin te kommen en oan de oare kant it skildereftige Schaepmansplein te begelieden. By de grêften lâns steane deftige huzen wêrfan in protte út de 18e en 19e ieu datearje. It Schaepmerkplein liedt nei de Nauwe en Wide Boarchstrjitte en fierder nei de Easterdyk, wêr’t in protte winkels te finen binne. Snits is it keapsintrum fan de Fryske Súdeasthoeke. Tusken gebrûklike winkels binne oan neamde grêften en strjitten opfallende eksimplaren te finen út de perioade om 1900 hinne wêr’t in protte soarch oan bestege is. Dat binne gebouwen fan ûnder mear de Brenninkmeijers, Stockmanns, Lampes en oare út Westfalen ôfkomstige ûndernimmers dy’t doe de wyn yn de seilen krigen. Want sile moast yn Snits. Hoewol’t resint de stedsrûnwei klear is, bleau de Houkesleat rjochting Snitser Mar sûnder hindernis troch in fraai akwadukt. De rûnwei is foar in grut part om de bûtenwiken lein. De groei bûten de âlde binnestêd is oan it ein fan de 19e ieu mei wat bûterânen begûn en fan it begjin fan de 20e ieu ôf trochgien mei earst de Noardeasthoek en it Sperkhem. Yn de tuskentiid hat de stêd in omfang krigen dy’t rom tolve kear grutter is as dy fan it stedshert, dat ieuwenlang de befolking herberge hat.

De stêd Drylts is sûnt 1984 it haadplak fan Wymbritseradiel. It lei oan it begjin fan de folle Midsieuwen, in bloeiperioade, tsjin de súdkant fan de Middelsee oan. De delsetting wie ûntstien oan de mûning fan de Ie, in wichtich wetter foar it ferkear fan súdwest Fryslân. Nei it oanlizzen fan de Himdyk waard it in plak fan oerslach, bedriuwichheid en hannel. Yn 1739 krige it merkrjocht en al gau makke it him as stêd los fan it omlizzende gebiet. Drylts bleau in belangryk plak mei syn ambachten fan benammen skipsbou en oare houtprodukten. Fan de stêd ôf rint yn eastlike rjochting de Geau, it brede wetter yn ‘e rjochting nei Snits ta. Nei it westen ta liedt it wetter nei de Wiiddraai mei in skerpe bocht nei it suden ta: de Wide Wimerts, de farrûte nei Heech en fierder nei Wâldsein en Sleat. Eartiids, doe‘t der noch gjin fêste brêgen oer de Steds-Ie leinen, gie it wetterferkear troch de stêd hinne nei it suden ta, om dêr yn de Wide Wimerts út te kommen. Fan Zevenpelsen ôf, neamd nei sân arbeidershuzen dy‘t hjir ea by in pelmole stienen, is te sjen dat oan de Wiiddraai de bedriuwichheid fan Drylts konsintrearre west hat. Oan dizze wâl wienen houtferwurkjende bedriuwen en oan de oare kant, it no yn grut ferskaat boude Uilenburg, leinen fan de 16e ieu ôf de nije skipstimmerwerven. Der sille nei alle gedachten noch earder soksoarte skipswerven west ha. By‘t simmer is de brêge in drok plak foar wettersporters en beskerme Drylts ea tsjin fijânen. De stêd is nea befeilige en beskerme west mei festingswâlen; it is sels net ûntstien op in terp. Yn it leechlizzende lân wie der beskerming fan ringgrêften, de Dij-grêften en men hoegde yn it noarden de brêge mar op te heljen om de stêd ôf te sluten. De Overkluizing wurdt dominearre troch de restanten fan de Nooitgedagtfabryk. Jan Jarings Nooitgedagt wie yn 1865 begûn mei it meitsjen fan redens. Al gau groeide it út ta in yndustrieel bedriuw dat neist redens ek ark en degelik houten boartersguod makke. It bedriuw is ferhuze en it âlde fabryk wurdt yn in fernijingsplan, dêr‘t de Overkluizing ek yn meinaam wurdt, as histoarysk monumint diels hanthavene. Oan de Iegrêft folget de meniste tsjerke, dy‘t yn 1857 boud is nei in ûntwerp fan Meinse Molenaar yn in aparte mingstyl: de klokgevel nei 18e-ieusk model is fersierd mei neoklassicistyske eleminten. Tradisjoneel foar de menisten leit de Fermanje bûten de roailine. Even fierder oan de Eegracht stiet in foarname wenning yn renêssânsestyl dêr‘t hiel wat oare stêden jaloersk op wêze kinne. It hûs wurdt de Messingklopper neamd omdat der ea in koperslagger wenne en wurke. It is in lykwichtich en navenant breed renêssânsepân út 1669 mei in trepgevel. De bebouwing oan de Eegracht is fierder frijwat farieard mei meastal 19e-ieuske huzen en in inkeld eksimplaar út de 17e ieu. Opfallend dêrby binne in pear knap fersoarge brede notabele wenten. It meast skildereftige aspekt fan de Eegracht is de struktuer. De huzen ha oertunen oan de grêftskant, oan ‘e oare kant fan de strjitte. Oan wjerskanten wurdt dat aksintuearre troch in seame linebeammen tusken de dyk en de oertunen yn. Midden yn Drylts stean de herfoarme tsjerke en it stedshûs tsjin elkoar oer. De herfoarme tsjerke mei flinke toer datearret út 1830 en hat in fraaie preekstoel út 1672. It stedshûs is boud yn 1859 yn in dekorative mingstyl. De middenpartij en de gevelbekroaning eagje neogoatysk. Yn de lytse ruter op it dak hinget noch in 15e-ieusk klokje, ôfkomstich út it lytse Dryltser karmelytkleaster. De riedseal is yn in sjarmante biedermeierstyl ynrjochte. Houtseachmole De Rat leit prachtich oan de Geau. Hy waard op dit plak opboud yn 1828, mar is folle âlder en oerbrocht út de Zaanstreek. Oant 1955 ta hat in houthannel der gebrûk fan makke. Nei de restauraasje waard de monnikmole mei stelling wer yn gebrûk nommen. Nei de oarloch is it stedsje eksplosyf groeid, earst mei in wyk yn it noardwesten, letter oan ‘e eastkant fan ‘e stêd, oant en mei de wyk ‘De Iendracht ‘ : de earste wyk yn Fryslân op basis fan in byldkwaliteitsplan.

Foar in soad minsken is Harns de moaiste fan de Fryske alve stêden. Oer smaak kinst fansels tsiere, mar de stêd fan de ’Ouwe Seunen’ hat yn alle gefallen wat dat de oare tsien net hawwe: de unike sfear fan in havenstêd. Yn it wettersportseizoen is Harns in libbene, brûzjende stêd. Mar ek yn de winter soargje de ferskillende havens foar ’libben yn de brouwerij’. De earste haven waard al om 1500 hinne oanlein. Tanksij de bloeiende hannel en seefeart groeide de stêd yn de twadde helte fan de sechstjinde ieu oermjittich. doe`t de Fryske Admiraliteit yn 1645 fan Dokkum nei Harns ferpleatst waard, waard de stêd tagelyk ek noch marinehaven. It rike ferline is ôf te lêzen oan de goed 500 (!) monuminten dy`t de stêd hat. Yn íén derfan, it Hannemahuis, sit it gemeentemuseum, dêr`t de skiednis fan de stêd op in boeiende wize ta libben brocht wurdt. Jo kinne dêr ferskillende stedskuiers krije. In oar nijsgjirrich museum is it Harlinger Aardewerkmuseum oan de Sâltsleat. Dy fraaie lytse grêft is winterdeis it prachtige dekôr foar in krystmerk dy`t útgroeid is ta ien fan de meast orizjinele en sfearfolle fan Nederlân. Twa oare jierlikse eveneminten dy`t in lytse besite wurdich binne, binne it saneamde ’Leanekeatsen’ (tredde wike fan juny) en de fiskerijdagen (ein augustus). Keunstleafhawwers ferwize wy graach nei ’Kunst aan de kust’ It kontrast tusken it libbene Harns en it ’efterlân’ is grut. De rêst en stilte yn it westlike part fan de ’Bouhoeke’, it boulângebiet noardlik fan de line Harns Ljouwert, wurdt allinnich sa út en troch fersteurd troch it lûd fan lânboumasines. Yn de earste trije desennia fan de tweintichste ieu wie ek geregeld noch in stoomtrein te hearren: troch it gebiet rûn it spoar Stiens-Harns fan de ’Noord Friesche Lokaalspoorweg Maatschappij’. De ’Staatsspoorwegen’ hienen yn 1863 al it spoar Harns-Ljouwert iepene, it earste spoar fan Fryslân. De nammen fan alle doarpen yn dizze regio einigje op -um, dat ôflaat is fan it Germaanske heem, dat ’wenstee’ betsjut (yn it Frysk noch oerlevere yn it wurd hiem). In dit gebiet, dat oant fier nei it begjin fan de jiertelling net beskerme wie tsjin de see, leinen dy wensteeën needsaaklikerwize op keunstmjittige ferhegings yn it kwelderlân: terpen. Dy wenhichten waarden gauris opsmiten op al besteande natuerlike ferhegings yn it lân, de kwelderwâlen. In ferneamde terp is dy fan Winaam. Dêr binne yn it ferline bysûndere argeologyske fynsten dien. In lytse besite oan it archeologysk stipepunt is tige de muoite wurdich. Fan likernôch it jier 1000 ôf waard begûn mei it oanlizzen fan diken. Ién dêrfan is de Slachtedyk, dy`t goed 42 kilometer lang is. Yn 2000 wie de dyk foar it earst it parkoers foar de Slachtemarathon, dy`t sûnt dy tiid ienris yn de fjouwer jier organisearre wurdt. Mar jo hoege net oant de folgjende te wachtsjen: de dyk is frij tagonklik. En as jo op eigen manneboet op paad geane, ûnderfine jo it prachtige lânskip, de rêst en de stilte nammerste mear! En fansels meie jo dan ek bêst in lyts stikje fan it trajekt rinne... De tsjintwurdige seedyk hat ek op in soad in ûnwjersteanbere oanlûkingskrêft. Bij moai waar is it útsjoch oer it Waad én it lân wier magistraal! En by ’rûch’ waar, as de funksje fan de dyk te fernimmen en te sjen is, kin men der hearlik ’útwaaie’. Oan de binnenkant fan de dyk lizze hjir en dêr saneamde ’dyksputten’, dy`t meiïnoar natuergebiet de Bjirmen foarmje. De ûntsteansskiednis fan it gebiet wurdt op in dúdlike en byldzjende wize út de doeken dien op it webstee fan it doarp Seisbierrum. Mar net foardat earst efkes yngien wurdt op de yntrigearjende Nederlânske namme fan it doarp Sexbierum... Trochdat Seisbierrum en it oanbuorjende Pitersbierrum nochal wat monumintale pleatsen en statige wenningen fan notabelen en rinteniers hawwe, striele se in beskate grandeur út. It sil dúdlik wêze: Harns is mear as allinne it plak dêr`t de boat nei Flylân of Skylge fuortgiet en oankomt en de omkriten sille jo oangenaam ferrasse. Nim ris in pear dagen de tiid om de monumintale, gesellige stêd en de skitterjende, rêstjaande omkriten te ferkennen. In trijetal unike oernachtingsmooglikheden soargje dêrby foar it ’ultime havengefoel’

De ’Skieding’ is de tapaslike namme foar de wei dy`t fan Surhústerfean nei it suden rint. Dy wei is nammentlik de provinsjale grins tusken Grinslân en Fryslân. It lânskip is oan wjerskanten is it risseltaat fan fean- en heide-ûntginnings. It tichte patroan fan lytse weikes, in hiel soad fersprate bebouwing by dy weikes lâns en de karakteristike beamwâlen en elzesingels jouwe it gebiet in lytsskalich, besletten karakter. De kavels binne oer it generaal lang en smel; allinne om de heidedoarpen Boelensloane en Houtigehage hinne is de ferkaveling mear blokfoarmich. De doarpen yn dit gebiet binne yn ferhâlding jong en hawwe troch har ûntsteansskiednis as ûntginningsdoarpen gauris gjin dúdlik te werkennen kearn. Drachten, wilens útgroeid ta de twadde stêd fan Fryslân, bestie oant fier yn de santjinde ieu ek noch net as kearn. De oantrún foar de groei kaam troch it kontrakt dat de ’Drachtster Compagnons’ yn 1641 sleaten om it heechfean noardlik en eastlik fan it hjoeddeiske sintrum fan de stêd of te graven. Dat it hjir om in grinsgebiet giet, docht ûnder mear bliken út it feit dat in grut part fan de ynwenners fan it Grinslânske doarp ’Opende’ (yn it Frysk De Grinzer Pein) Frysktalich is. Net allinnich kultureel besjoen mar ek lânskiplik besjoen rinne de beide provinsjes ’yn elkoar oer’. Dat jildt ek foar it grinsgebiet besuden de A7. Dêr lizze ûnder mear Fryske Peallen en De Wylp: doarpen dêr`t de ’útrinners’ fan yn de oanbuorjende provinsjes lizze. It gebiet om de Skieding hinne biedt in freonlik, karakteristyk en ôfwikseljend lânskip. It lient him by útstek om mei de fyts of te gean te ferkennen. By moai waar is ’Strandheem’ in prachtich plak: in rekreaasjedobbe dêr`t men swimme, surfe en op it strân lizze kin. En wolle jo in dei te winkeljen? Drachten leit nêst de doar!

De streek besuden Dokkum stiet bekend as De Dokkumer Wâlden. Dêr leit in sânrêch dêr`t him yn de rin fan de ieuwen in bysûnder lânskip ûntwikkele hat. Karakteristyk binne de elzesingels dy`t de ôfskieding foarmje tusken de stikken lân. Foar it romme, iepen lânskip fan it seeklaaigebiet noardlik fan Dokkum komt hjir in heal ticht, saneamd beamwâlelânskip foar yn it plak. De ôfwikseling tusken iepen stikken lân, beamwâlen en lytse stikjes bosk jout it gebiet in hiel eigen sjarme. It makket net om `e nocht diel út fan it ’Nationaal Landschap ’De Noordelijke Friese Wouden’’. Op de heger lizzende sânrêch wie al om 4000 foar Kristus hinne sprake fan bewenning. Troch it heger wurden fan de seespegel feroare it gebiet yn de rin fan de ieuwen lykwols yn in ûntagonklik heechfeangebiet. Fan sawat it jier 1100 ôf waard dat fan de noardlike klaaistreek út ûntgonnen. Dwers op de noard-súdrjochte ferkaveling ûntstie sa op de oarspronklike sânrêch in rige doarpen: Driezum, Wâlterswâld, Damwâld (Nedl.: Dantumawoude), Moarrewâld (Nedl.: Murmerwoude), Ikkerwâld (Nedl.: Akkerwoude) en Rinsumageast. De lêste trije binne yn 1971 gearfoege ta Damwâld. ’Dam’ betsjut dêrby neat oars as de earste letters fan de trije oarspronklike doarpen, yn in maklik te lêzen folchoarder, útgeande fan de Nederlânske beneamings. De Dokkumer Wâlden binne in paradys foar eltsenien dy`t hâldt fan rêst, natuer en moaie lânskippen. Likegoed binne alle foarsjennings foar in noflik ferbliuw oanwêzich. Yn kultuerhistoarysk opsicht hat it gebiet ek it nedige te bieden: tsjerken, mûnen, de tichteby lizzende fêstingstêd Dokkum, it Cichoreimuseum De Sûkerei ensfh. De Dokkumer Wâlden liene har by útstek om mei de fyts of te gean ferkend te wurden. Kanoleafhawwers kinne terjochte op de Falomster Feart, dy`t de súdlike grins fan it gebiet is en tagong jout ta it feangebiet bewesten De Dokkumer Wâlden.

It meast súdwestlike puntsje fan it fêstelân fan Fryslân is in nijsgjirrige hoeke. Mei de auto is it in úthoeke dêr’tst net gau komst. En it boemeltsje Snits – Starum: dêr sitte net grutte kloften minsken yn.... It is dan ek in prachtich, stil gebiet. De woldiedige rêst fan hjoed is in grut ferskil mei it drokke en warbere ferline. Yn 991 waard Starum plondere troch de Wytsingen (Noarmannen). Blykber wie it yn dy tiid al in woltierige, rike stêd. Tanksij de strategyske lizzing oan de Sudersee wie Starum yn de trettjinde ieu sels útgroeid ta de wichtichste stêd fan Fryslân. doe`t de Hollânske greve Willem IV yn 1345 Starum feroverje woe, liet er in part fan syn float noardlik fan de stêd oan lân gean. De rest fan it leger gie by Laaksum oan lân en soe oer Warns nei Starum optsjen. De fjildslach dy`t dêrnei kaam, is letter ferneamd wurden as de Slach by Warns, dy’t einige yn in jammerdearlike nederlaach foar de Hollanners en de dea fan greve Willem. De dyk fan Skarl nei Warns, dêr`t de Hollânske ridders harren ûndergong temjitte gienen, hiet oant fier yn de tweintichste ieu noch ’de ferkearde wei’ en wurdt yn de folksmûle noch altyd sa neamd. By it monumint op it Reaklif, in swerfstien mei de tekst ’Leaver dea as slaaf’, wurdt de slach alle jierren op de lêste sneon fan septimber betocht. Starum koe tiden fan grutte bloei, mar ek fan delgong en ferfal. Dat is ek it ûnderwerp fan de prachtige sêge fan It Frouke fan Starum. By de âlde haven stiet in byld fan dizze heechhertige, rike widdo dy’t, sa wol it ferhaal, it ûntstean fan it Frouwesân feroarsake hat: in ûndjipte foar de kust dy`t de skipfeart hindere en sa de oarsaak wêze soe foar de delgong fan de stêd. Oan it begjin fan de njoggentjinde ieu wie Starum net folle mear as in neatich fiskersdoarpke. In nije ympuls wie de spoarferbining mei Snits (1885) en benammen de feartsjinst op Inkhuzen dy`t in jier letter út ein sette. Yn 1888 wie der in botsing tusken de twa stoomrêdboaten ’Friesland’ en ’Holland’. Dý ’slach’ wie foar Hollân: de ’Friesland’ ferdwûn spitigernôch ûnder wetter. Yn 1899 waard de earste fan trije stoomponten yn gebrûk nommen, dêr`t treinwagons op riden wurde koene. Yn 1916, it topjier, waarden mar leafst 340.000 passazjiers en 43.000 goederewagons oerset. Hjoed de dei is Starum in slommerjend, prachtich Iselmarstedsje dat benammen yn de simmer ta libben komt tanksij it wettersporttoerisme. Mar ek foar net-boatsjeminsken is it stedsje in besite mear as wurdich. Priuw al kuierjend de unike sfear. Stap ris binnen by Atelier Basalt, Kunsthuis Stavoren, Galerie De Staverse Jol. Of sjoch ris yn Toankamer ’t Ponthûs. En wolle jo dochs it wetter op, meitsje dan mei de hjoeddeiske, toeristyske feartsjinst in oertocht nei Inkhuzen. Molkwar en Warns wienen earder ek, tanksij de hannel en seefeart, woltierige plakken. Om de eilantsjes dêr`t it op boud waard, stie Molkwar lang bekend as it ’Friese Doolhof’ of ’Venetië van het Noorden’. In oare bynamme wie ’Heksenhol’, dêr`t mei ferwiisd waard nei de froulju waans manlju faak lang op see bleaunen. It doarp stie bekend om de hannel yn swannepikelfleis en hie in eigen fertsjintwurdiging yn Amsterdam. Sûnt 1916 wurdt yn it doarp de ferneamde Molkwarder Koeke makke, in spesifike Fryske lekkernij. Yn de oarspronklike bakkerij sit hjoed de dei in Oudheidkamer met teeskinkerij. Warns hat noch in tal saneamde ’grutskipperswenningen’. Tsjintwurdich binne it benammen skippers fan plesierboaten dy`t it doarp as thúshaven hawwe. Der binne ferskillende toeristyske oernachtingsmooglikheden en in tal ateliers en galeryen. It gebiet is net allinne om de rike en rûzige skiednis en de hjoeddeiske toeristyske fasiliteiten de muoite fan in besite wurdich, mar ek en faaks wol benammen om it prachtige lânskip, de natuer en de rêst. It hege Reaklif, it skildereftige haventsje fan Laaksum, de leech lizzende Sudermarpolder, de eardere seedyk, de bûtendykse natuergebieten Mokkebank en Bocht van Molkwar en de wide Iselmar, dat troch de pleatselike befolking net om ’e nocht noch altyd "de See" neamd wurdt Dat is allegear it skitterjende dekôr dêr`t men hearlik yn fytse kin, kuierje of gewoon genietsje!

Skiermûntseach In oerke mei de boat, en men is yn in hiel oare wrâld. Dat is Skiermûntseach. It is it meast eastlike (bewenne) Nederlânske waadeilân en hat sûnt 1989 yn syn gehiel de status fan Nasjonaal Park. In walhalla foar de natuerleafhawwer sadwaande. Mar ek foar dejinge dy`t om de rêst komt: auto’s binne net tastien op it eilân, útsein foar de eilanners sels. En kin men yn it heechseizoen by de ôfreis fan Lauwerseach ôf noch wolris it idee hawwe dat it drok wurdt op it eilân, in heal oerke nei oankomst hat eltsenien him oer it eilân ferspraat. Njonken de prachtige natuer en it ôfwikseljende lânskip hat it eilân ek yn kultuerhistoarysk opsicht it nedige te bieden. Yn de Midsieuwen wie it eilân yn besit fan de ‘skiere’ (grize) muontsen fan it kleaster Claercamp by Dokkum. Yn de sechtjinde ieu waard de provinsje Fryslân eigner fan alle kleastergoed en dêrmei ek fan it eilân. Fanwegen jildkrapte ferkocht de provinsje it eilân yn 1638. Net folle letter kaam Skiermûntseach yn hannen fan de famylje Stachouwer, dy`t sa’n 200 jier eigner bleau. De lêste privee-eigner wie de aadlike Dútske famylje Bernstorff, dy`t it eilân yn 1893 kocht. Yn 1945 waard it eilân as fermogen fan de fijân yn beslach nommen en kaam it yn hannen fan de Nederlânske Steat. Mei it oanlizzen fan it hjoeddeiske doarp Skiermûntseach, ek wol Oosterburen neamd (yn it Skiermûntseager Frysk Aisterbun), waard om 1720 útein set. It doarp kaam yn it plak fan it fierder nei it westen lizzende doarp Westerburen (Wåsterbun). Trochdat it eilân stadich mar hoe dan ek yn eastlike rjochting ‘kuieret’, ferdwûn dat doarp stadichoan yn de see. Mei help fan de famylje Stachouwer krige it nije doarp in hiel regelmjittige opset. Ieuwenlang wienen de seefeart en fiskerij de wichtichste middels fan bestean op Skiermûntseach. Fan 1872 oant 1934 wie der op it eilân in seefeartskoalle. Nei de Twadde Wrâldoarloch kamen in soad eilanners terjochte yn de walfiskfeart. De walfisktsjeaken yn it doarp dogge tinken oan dy tiid. Tsjintwurdich is it toerisme de wichtichste boarne fan ynkomsten. De likernôch 1000 ynwenners ferwolkomje alle jierren sa’n 300.000 toeristen op it eilân, dat hja sels beskieden har Lytje Pole (lytse pôle) neame. Mear ynformaasje oer Skiermûntseach kinne jo fine op www.schierweb.nl

Flylân Flylân: in Frysk waadeilân mei in ‘Hollânske ynslach’. Neidat it ynearsten ta it foech hearde fan de Fryske Steaten, is it ieuwen lyn bestjoerd troch de Steaten fan Hollân en letter de provinsje Noard-Hollân. It eilân wie dêrtroch lang sterk rjochte op Hollân, en oarsom. Sa wie der er op it eilân in ‘dependance’ fan de admiraliteit fan Amsterdam (it hjoeddeiske museum 'Trompshuys'). En de post waard bygelyks besoarge fia it neistlizzende eilân Teksel. Troch de relaasje mei it (rike) Hollân kaam it toerisme nei Flylân al betiid op gong. Yn 1906 al waard op it eilân in VVV oprjochte! De Hollânske ynfloed docht fierders bliken út it feit dat it dialekt fan Flylân mear besibbe is oan it Nederlânsk as oan it Frysk. Yn 1942 kaam Flylân (wer) by Fryslân. Lânskiplik sjoen is Flylân ek oars as de oare Fryske waadeilannen. De eastlike parten fan Skylge, It Amelân en Skiermûntseach binne leech, net kultivearre en ûnbewenne, mar op Flylân dêrfoaroer leit júst oan de eastkant it iennige doarp. Dêr is ek de heechste dún fan de waadeilannen ûntstien: de hast 40 meter hege Fjoerboetsdún, dêr`t de fjoertoer op boud is. Neigeraden dat men fierder nei it westen giet, wurdt it eilân leger en ûnherberchsumer, as leit it der foar wyld hinne. De Flyhors, it meast westlike part fan it eilân, is in grutte sânflakte dy`t foar in part brûkt wurdt as militêr oefenterrein. Noardwestlik dêrfan moatte yn see noch de resten lizze fan it doarp West-Flylân, dat yn de achttjinde ieu definityf yn de weagen ûnder gie. In oar ferskil mei de oare waadeilannen is dat Flylân sawat folslein bestiet út dunen, bosk en strân. Der is dan ek hast gjin sprake (mear) fan lânbou. It iennige fee op it eilân binne geiten, Skotske Heechlanners en hynders, dy`t benammen in funksje hawwe yn it ramt fan it natuerbehear. Flylân: oars as de oare waadeilannen. Mar yn in soad opsichten ek wer net: de rêst, de natuer, it ljocht, de see, it strân, de dunen, de wolkeloften, it ûnûntkombere fakânsjegefoel...

Skylge Skylge is fansels bekend om Oerol, it teaterfestival dat sûnt 1981 alle jierren yn juny op it eilân holden wurdt. It is útgroeid ta íén fan de grutste festivals foar strjit- en lokaasjeteater yn Europa en lûkt alle jierren tûzenen besikers.Mar Skylge is mear as allinne Oerol. Folle mear! It grutste Fryske waadeilân biedt yn alle tiden fan it jier alles foar in koarter of langer ferbliuw. It fakânsjegefoel begjint al by de ôfreis út Harns. En dat gefoel groeit neigeraden it silhûet fan it eilân, mei de ieuwenâlde Brandaris, him hieltyd skerper tsjin de hoarizon begjint ôf te tekenjen. De boat leit oan yn it libbene West. Fan dêrút rint, by in grut tal doarpen en buorskippen lâns, de dyk dy`t foar auto’s de iennige ferbining is mei it rêstige en it net kultivearre eastlike part fan it eilân. Fanâlds wurde op it eilân mar leafst trije Skylger Fryske dialekten praat: it ‘Westerschylgers’ yn West, it ‘Meslônzers’ yn Midslân en it ‘Aasters’ yn de doarpen eastlik dêrfan. It eilân hat in grut ferskaat fan lânskippen. Grutte strannen, smoute bosken, it hieltyd wikseljende dúnlânskip, de agraryske polder en it skildereftige waad. Tachtich prosint fan it eilân bestiet út natuer. De ‘topper’ op dat mêd is de Boschplaat, in unyk natuergebiet dat bestiet út strânflakten, dunen en kwelders dêr`t slinken trochhinne rinne. As íén fan de inkelde gebieten yn Nederlân hat de Boschplaat al sûnt 1970 it predikaat ‘Europeesk Natuerreservaat’. Yn de leech lizzende, wiete dúndellings, de saneamde ‘plakken’, groeit de cranberry. Dy plant dy`t út Amearika komt is op it eilân telâne kommen nei't yn 1845 in fet mei beien fan de plant oanspield wie. De cranberry wurdt brûkt by it meitsjen fan ferskillende produkten, dêrûnder sjem, wyn en jittik. Foar elk wat te kiezen. Dat is Skylge. Natuer, kultuer, kultuerhistoarie, rêst, fertier. It neamen fan in pear highlights soe de rest tekoart dwaan. Dat dogge we dus net. Boppedat is it folle aardiger om it eilân séls te ûntdekken en jins eigen, persoanlike highlights te besjen.

It Amelân It Amelân hat in soad te bieden. In moaie natuerlike omjouwing dêr`t men alle kanten út fytse en kuierje kin. Meitsje ris in tocht nei It Oerd of noch fierder, De Hon, en ûndergean de romte, de leechte en de stilte. Besytsje de doarpkes en priuw de rike histoarje en eigensinnige Amelanner kultuer. Beklim de fjoertoer fan Hollum en genietsje fan it geweldige útsicht. Of sykje it nóch heger op en meitsje fan it fleanfjild fan Ballum ôf in rûnflecht boppe it eilân. In parasjutesprong heart ek ta de mooglikheden. En mei beide fuotten wer op de grûn kin men dêrnei op de golfbaan in baltsje slaan. Of men kin kitesurfe, of hynsteride, of gewoan lekker op it strân lizze. Op It Amelân hoecht men jin net te ferfelen! De Amelanners sels ferfele har ek net: der is gjin eilân dêr`t safolle eveneminten organisearre wurde. Op kultureel mêd bygelyks: it 'Midzomerfeest', it 'Rôggefeest', Zydeco at Sea, de de Horizontoer en de Kunstmaand. Dêrneist mei It Amelân him mei rjocht it sportyfste waadeilân neame. Alle jierren is der in nasjonaal 'beachvolleybal'-toernoai, in ynternasjonaal strânrugby-toernoai, de 'Advent-Ure Run' en de 'Tri Ambla', Nederlân syn moaiste cross-triatlon (yn 2008 it offisjele ETU Europeesk Kampioenskip!). It Amelân yn in nutedop: der bart fan alles, der kín fan alles, mar der móat neat! Alhoewol... Wat jo eins net misse méie, is de tewetterlitting fan de hynsterêdingsboat. Trochinoar íén kear yn 'e moanne wurdt sjen litten hoe`t earder by ‘skip yn need' de rêdingsboat troch tsien hynders oer it strân en troch de brâning ‘lansearre’ waard. In spektakulêr gesicht! Ea, oan de ein fan de njoggentjinde ieu, wie it eilân mei in daam ferbûn mei it fêstelân. Mar de see besleat doedestiids dat It Amelân in eilân bliuwe moast: de daam ferdwûn foar it grutste part yn de weagen. It earste part wie de basis foar de tsjintwurdige feardaam by Holwert. By eb binne de restanten fan it fierdere part noch te sjen. Yn de tweintichste ieu binne plannen makke om It Amelân troch twa diken te ferbinen mei it fêstelân en it gebiet tusken dy diken yn te polderjen. Dy kear wie it de minske sels dy`t besleat dat it eilân in eilân bliuwe moast. Gelokkich mar...

Fryslân: sûnder mis de meast eigensinnige provinsje fan Nederlân. En neffens mannichien ek de moaiste. Net foar neat wurdt Fryslân alle jierren troch hûnderttûzenen toeristen besocht. Hoewol it yn’e simmer op guon plakken bêst drok wêze kin, stiet Fryslân yn it algemien synonym foar romte en rêst. Nearne yn Nederlân treffe jo sa’n grutte ôfwikseling yn lânskippen oan as krekt yn Fryslân. It ymposante Waadgebiet, de Waadeilannen, mei har einleaze strân, it skitterjende, foar in grut part ûnûntdutsen terpengebiet, it unike beamtegrien fan de noardlike Fryske Wâlden, de bosken yn it súdeasten fan’e provinsje, de prachtige gloaiing fan Gaasterlân, de skitterjende Iselmarkust en fansels de ferneamde Fryske Marren. It prachtige, ôfwikseljende lânskip giet hân yn hân mei in rike en farieerde natuer. Fjouwer fan de yn totaal tweintich Nasjonale Parken lizze yn Fryslân: Skiermuontseach, it Lauwersmargebiet, de âlde Feanen en it Drints-Fryske Wold. Boppedat hat de Unesco yn 2009 it hiele Waadgebiet oanwiist as wrâlderfguod. Utsein dy grutte parken telt Fryslân ek in heap lytste lânskiplike plakjes dy’t beheard wurde troch It Fryske Gea en Natuermonuminten. Omtrint oeral yn Fryslân is de rike kultuerhistoarje sichtber en fielber yn ieuwenâlde tsjerkjes, âlde diken, mûnen, fearten, feanôfgravings, kanalen en fansels de ferneamde Fryske Alvestêden. Dêrnjonken telt Fryslân in soad fan lytsskalige en faak tige nijskjirrige musea dy’t de lokale skiednis op in orizjinele wize beljochtsje. Mar Fryslân hat mear te bieden dan allinne it ferline! Sjoch mar: muzyk, teater, sjongspullen.... Eveneminten yn Fryslân? Wa kin net de Alvestêdentocht, de Snitswike, it Skûtsjesilen of de P.C., it Wimbledon fan it keatsen. Mar der binne yn Fryslân noch tal fan oare eveneminten, sawol grut as lyts. Fryslân: de meast folsleine provinsje fan ús lân. Fryslân hat elkenien wat te bieden: jong, âld, húshâldings mei bern, leafhawwers fan rêst en romte, mar ek dyjingen dy’t wat mear aksje wolle. Fryslân is alles: skitterjende lânskippen, in prachtige natuer, in rike kultuer, by’t soad aktiviteit en in gemoedlike sfear. En yn Fryslân kin men fan alles: fytse, kuierje, winkelje, lekker ite, einleas farre, sile, skielerje of hynsteride, op it strân lizze, draakje fleane, strânsile en swimme, reedride, iissile, ijsko ite, op in terras sitte... Wolkom yn Fryslân!

Hylpen is in opmerklike stêd, dy‘t har rykdom tanket oan de seehannel. Dat is noch altyd ôf te lêzen oan de eksellinte ynterieurkeunst. Lykwols hat de stêd gjin haven. De delsetting hat him ta stêd ûntjûn fanwege de keapfardij foar benammen Amsterdamske keaplju. Hylpen die mei oan it Hanze-ferbûn en yn de 14e ieu bestie der al in bloeiende hannel mei Skandinavië, de Baltyske lannen en Ingelân. Hylpen wurdt foar in belangryk diel omfette troch de âlde Suderseedyk. By de lytse foarhaven fan hjoeddei mei in havenljocht op it havenhaad stiet in rêdingsloads fan de KNRM. By de slûs is yn 1619 it slûshús boud: it sylhues. De iepen dakruter kaam der krekt yn de 19e ieu op, de Oostertoren foar de Hylpers. Oan de kant fan dyk en haven is in leugenbank pleatst. De luif datearret út 1785. Dêr boppe sit in gevelstien mei in foarstelling fan Petrus’ fiskfangst. Dôchs wie it earder in skippers- dan in fiskersstêd. Fan de slûsbrêge, de Sylsbrêge ôf, is der nei it suden ta in goed sicht op de dûbele wipbrêge mei de namme Skoelebrêge. It is in brêge mei in eargat, in ynventive slûf tusken de twa flappen yn, om aken en botters mei steande mêst trochgong te ferlienen sûnder dat de brêge ‘wipt’ hoegde te wurden. Fierderop leit de ûnregelmjittige bebouwing oan in tizeboel fan strjitten, stegen en wetterkes. De Hylper kommandeurswenningen besitte sierlike tutegevels mei yn de geveltop meastal twa horizontale friezen mei frissels, siermitselwurk fan giele en reade stien. Yn dy geveltop steane ien of mear ovale finsters. De omlisting fan de doar is ek besûnder: de doar stiet yn in swier kezyn en it kalf dat de doariepening ôfdekt is útsnijd mei in akkoladefoarm en as de fersiering kompleet is: mei noch twa rozetten. Het moaiste kommandeurshûs stiet op ‘e hoeke fan de Buren en it grêftsje fan de Nieuwe Weg. Oan de Nieuwstad en oare strjitten binne ek soksoarte wenningen te finen. Bgl. op ‘e hoeke fan de Nieuwstad en de Meenscharsteeg: gebou Irene dat yn 1714 boud is en yn de jierren tritich renovearre. Oan de Meenscharswiken steane noch inkele ‘likhuzen‘, lytse simmerhuzen op it efterterrein dêr‘t de húsgesinnen yn wennen as de kapteins en skippers op see wienen. Op ferskate plakken kin men de Hylper ynterieurskilderkeunst bewûnderje. Op Nieuwe Weide 14 bgl., dêr‘t yn de winkel in âlde betimmering op oerdiedige wize beskildere is mei ûnder mear de deugden yn de Hylper klaaiïnge. It is ien stik tradysje yn Hylpen. De stêd wie oan it lêst fan de 18e ieu ta mear rjochte op de see dan op it Fryske efterlân. De ynwenners ha in eigen taal mei ynfloeden fan it Frysk, mar ek mei in eigen wurdeskat. Der binne dus twatalige strjitnammebuordsjes. De Hylper klaaiïnge wurdt noch droegen by spesjale gelegenheden. De deftige, ynbannige manljusklaaiïng en de kleurige sitsen klean fan de froulju. De kultuer fan Hylpen kin benammen yn it Hidde Nijland Museum yn it eardere stedshûs út 1682 bewûndere wurde. De tradysje fan snij- en foaral skilderkeunst is hjir bewarre bleaun. Nettsjinsteande dat de krollerige aspekten hjiryn net frjemd binne fan bûtelânske ynspiraasje, is de styl benammen basearre op dekorative renêssânsepatroanen. De herfoarme tsjerke stiet oan de westlike râne fan de stêd, in gefolch fan de ôfslach fan lân oan de seekant. Se is yn 1593 boud en makke yn 1632 al wer plak foar in grutter gebou. Yn de 17e ieu groeide it ynwennertal fan Hylpen sa rap, dat der in folslein nije beuk needsaaklik wie. Dy nije oanbou ferdwûn yn it jier1892; de Hylper befolking wie doe al wer krompen. Tsjin de westkant fan it skip oan stiet in markante toer, de moaiste fan de Fryske Iselmarkust. It moaiste hûs fan Hylpen stiet oan de Nieuwe Weide op in hoeke fan twa grêften: in earder stedshûs. It steatlike hûs is as wenning boud yn de Lodewijk XVI-styl yn de lette 18e ieu. De stedsútwreidings fan nei de oarloch ha yn it suden plak fûn, yn it noarden is in grutte rekreaasjehaven oanlein

De stêd Harns hat syn groei en bloei te tankjen oan de see. It wie ynearsten in buorskip fan fiskers en skippers, dat by it tsjerkedoarp Almenum hearde. Yn 1234 moat Harns stedsprivileezjes krigen ha. Hannel op Ingelân, Hamburg, Skandinavië en oare Eastseelannen brocht wolfeart. Yn 1500 waard der in earste haven groeven. Healwei de 16e ieu groeide de stêd eksplosyf: sy ferfjouwerfâldige yn oerflakte, der kaam in festing omhinne en waard foarsjoen fan twa romme binnehavens. De rykdom drukte de stêd út yn fraaie stedspoarten yn renêssânsestyl en in stedshûs. De poarten binne yn de 18e ieu sloopt. Dêrfoar yn it plak kaam in rige ek yndruk meitsjende izeren brêgen. Oan de Voorstraat stiet de 16e-ieuske riedhûstoer, dy‘t faak fernijd is. Hy draacht de patroanhillige fan de stêd, Sint-Michaël. De ierdsingel stiet ek yn de foargevel fan it stêdshûs oan de Noorderhaven dat yn 1730 troch stêdsboumaster Hendrik Norel yn barokstyl ferboud is. Oan de súdkant fan de Noorderhaven stiet in oantal pakhuzen, sa as it oarspronklik 17e-ieuske pakhús Java, mei in fraaie tutegevel út de17e ieu en in hûs mei in trepgevel út 1694. In pronkje is it pakhús by de Roepersteeg mei in trepgevel en gevelstiennen mei Venus, Ceres, Bacchus en Aeolus. Oan it ein fan de Noorderhaven leit de Grote Sluis dy‘t oarspronklik út 1524 datearret, mar nei de tiid ferskillende kearen fernijd is. Op de lânhaden binne fjouwer skylddragende liuwen mei stedswapen pleatst. Oan de noardkant fan de Noorderhaven stean gâns wat foarname wenhuzen en ymposante pakhuzen. Ien pân hat in ferrassing op it dak, want de dakkajút wurdt flankearre troch Neptunus en Mercurius. Fierder stiet der in pân mei in bekroaning mei in gevelbreed fronton mei dêrop foarstellings fan hannel en skipfeart. Noardlik fan de Noorderhaven leit de lytse Zoutsloot as wetterier fan de regelmjittige stedsútwreiding út it lêst fan de 16e ieu. De skildereftige grêftehuzen út de 17e ieu en foaral de 18e ieu binne systematysk restaurearre, ek de wat minder ymposante eksimplaren. Oan de eastlike râne fan de binnestêd leit de Engelse Tuin, it stedspark dat fan1843 ôf oanlein waard op de diels ôfgroeven festingwâlen, want dy wienen as wurkferskaffingsprojekt ûntmantele. It Franekerend hie op de kaden in keur oan fariearde monumintale pânen, sa as it Heerenlogement en it hoekepân oan de William Boothstraat mei in 18e-ieuske yngongspartij, de fraaiste fan Harns. De âldste toer fan Harns, dy fan de Grote Kerk of de Dom van Almenum datearret al út it lêst fan de 12e ieu. It is in toer fan dowestien fan it âlde doarp Almenum. De tsjerke waard yn de 18e ieu op inisjatyf fan it stedsbestjoer ôfbrutsen. Der kaam yn 1772-1775 in nije tsjerke efter de toer, in tige hege krústsjerke. It ienfâldige gebou is mitsele fan giele stientsjes, sûnder mis út in Harnzer stienbakkerij. Ynwindich is yn in ymposant fersieringsskema yn Lodewijk XVI-styl, de ekselinte kânsel- en oargelpartij fan A.A. Hinsch mei snijwurk fan J.G. Hempel it hichtepunt. Foarby de âlde (dimpte) wetterlopen Lanen en Schritsen strekt him de yn 1597 groeven Zuiderhaven út. Oan de súdkant leinen ea de werven fan de Fryske admiraliteit. De noardkant wurdt dominearre troch de Sint-Michaëlstsjerke, in grutte neo-goatyske krúsbasilyk (1881) mei in hege toer, dy ‘t it silhûet tegearre mei dy fan de Grote Kerk fierhinne bepaalt. Oan de Grote Bredeplaats stiet ien fan de moaiste pakhuzen te pronk: ‘De Blauwe Hand’. Oan de Voorstraat stiet ek in ferskaat oan monumintale pânen, sa as dat fan museum it Hannemahuis, dêr‘t de skiednis fan de stêd presintearre wurdt. Harns siet lange tiid opsletten tusken de stedsgrêften yn, mar yn de 20e ieu kamen der stedsútwreidings. Earst yn it easten (begjin fan de 20e ieu) en noardeasten (fan de tweintiger jierren ôf) en letter (fuort nei de oarloch) yn it suden, al gau folge mei grutte wiken oan ‘e oare kant fan de autodyk N31. Oan de seekant kamen stik foar stik de Voorhaven, Nieuwe Willemshaven, Visserijhaven en Industriehaven ta stân. Resint koe in twadde, grutte yndustryhaven yn de Riedpolder groeven wurde.

Frjentsjer wie yn de Midsieuwen de belangrykste stêd fan noardlik Westergoa. Frijwat fername aadlike lju bouden dêr harren stinzen en staten. Albrecht fan Saksen fêstige yn 1498 syn gesach fan Frjentsjer út wei. Op de Voorstraat tuorret it Martenahûs boppe de oare bebouwing út. Dizze stedsstate bestiet út twa fleugels, mitsele fan ôfwikseljende lagen reade en giele bakstien mei yn de oksel in hege achtkantige treptoer. It Martenahûs hat altyd deftich bewenne west en lange tiid wie it ek yn gebrûk as riedhûs fan de gritenij en plattelânsgemeente Frjentsjerteradiel, dy‘t om de stêd hinne lei. De Martenatún is foaral yn de betide maitiid, as de stinzefloara bloeit, in besite wurdich. Krapoan in ieu letter (1585) stichte stêdhâlder Willem Lodewijk van Nassau in universiteit yn Frjentsjer, nei Leiden de twadde yn de Republyk. Dat Frjentsjer ek in gewoane stêd is toant it Waachgebou út 1657. It ienfâldige wyt pleistere gebou is no de publyksyngong fan Museum ‘t Coopmanshûs, dat festige is yn de twa represintative professoarehuzen njonken de Waach. Dêryn wurdt ek de skiednis fan de stêd en fan de Akadeemje presintearre. Frjentsjer wie de earste Fryske stêd dy‘t nei de Opstân in nij stedshûs boude en dêrmei de toan sette foar de represintative oerheidsbou. It liket der op dat Frjentsjer tusken 1591 en 1594 de erudysje fan de akadeemjestêd yn dit gebou sjen litte woe. Op de hoeke kamen oan beide kanten hege trepgevels. Op it plak dêr‘t de fleugels mekoar snije ferriisde in hege achtkantige lantearnetoer. It ryk fersierde stêdshûs is it wurk fan Frjentsjerter boumasters en stienhouwers. Fierders binne der oan de strjitten en grêften tal fan bysûndere gebouwen te finen. Yn de Eise Eisingastraat is yn 1910 in winkel yn elegante Jugendstil ûnderbrocht yn in pân mei in halsgevel út 1745. Efter it fuort hjirneist steande ienfâldige klokgeveltsje fynt men in wier wûnder: it Planetarium fan Eise Eisinga. De Frjentsjerter wolkjimmer, knap op ‘e hichte fan de wis- en stjerrekunde, hie de gongen fan de stjerren fan de planeten fan ús sinnestelsel oanskôglik makke. Yn 1781 wie Eise mei syn hielal oan de soudering fan syn wenkeamer klear. By de brêgen fan de Eise Eisingastraat en Zilverstraat stiet it lytse, út 1634 datearjende Koarndragershúske. It Noarderbolwurk toant oan hoe‘t Frjentsjer fan sawat 1600 ôf mei hege bolwurken beskerme waard. Dêr bouden de gegoedigde ynwenners harren simmer- of teehuzen. De Martinitsjerke kaam yn de 11e ieu ta stân mar is fan 1421 ôf fernijd en fergrutte. It is in pseudo-basilyk mei in breed en heech skip en oankape sydbeuken, dy ‘t om it heger lizzende koar fierder liede ta in omgong. De grutte toer hat in ynsnuorre nullespits. Ynwindich is de Martinitsjerke tige ryk bedield, foaral mei in skat oan manjefike sarkeboukeunst. Skean tsjin de tsjerke oer stiet it Klein Botniahûs oan de Bredeplaats, in sealstins út de 15e ieu. Dêr stiet ek noch it wyt pleistere Dekemahûs. Fóár de tsjerketoer stiet it Cammingahûs, in tredde sealtsjerke en de âldste, mei muorrewurk út de 14e ieu. Efter de Academiestraat steane de oantinkens oan de universiteit fan Frjentsjer. Om it binneplein hinne, ea de ‘hortus botanicus’, steane ymposante gebouwen. It restant fan it Kruisherenkleaster, letter ferboud ta haadgebou fan de Akadeemje en tsjin de fraaie orânzjery oer, it botanysk laboratoarium. De hillige grûn fan de Fryske keatssport, it Sjûkelân, leit yn it westen fan ‘e stêd en is sûnt 2003 aksintuearre troch twa slanke tuorren. Op it Sjûkelân wurde de wichtichste wedstriden fan dit âlde balspul spile. Njonken dit goed ûnderhâlden sportfjild stiet de âldste studintekroech fan it lân, de ferneamde Bogt fen Guné. Tsjin de súdlike râne fan de binnestêd oan rûn fanâlds de belangrykste ferkearsier, de Harnzer Trekfeart, no Van Harinxmakanaal. De stêd hat dêr altyd profyt fan hân, want by it kanaal lâns kaam in soad bedriuwichheid. Lykwols is de stêd der ek troch belemmere by syn stêdsútwreidings. Dy kamen yn in waaier om de noardlike âlde stêdsrânen hinne.


0 | 1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | 32 | 33 | 34 | 35 | 36 | 37 | 38 | 39 | 40 | 41 | 42 | 43 | 44 | 45 | 46 | 47 | 48 | 49 | 50 | 51 | 52 | 53 | 54 | 55 | 56 | 57 | 58 | 59 | 60 | 61 | 62 | 63 | 64 | 65 | 66 | 67 | 68 | 69 | 70 | 71 | 72 | 73 | 74 | 75 | 76 | 77 | 78 | 79 | 80 | 81 | 82 | 83 | 84 | 85 | 86 | 87 | 88 | 89 | 90 | 91 | 92 | 93 | 94 | 95 | 96 | 97 | 98 | 99 | 100 | 101 | 102 | 103 | 104 | 105 | 106 | 107 | 108 | 109 | 110 | 111 | 112 | 113 | 114 | 115 | 116 | 117 | 118 | 119 | 120 | 121 | 122 | 123 | 124 | 125 | 126 | 127 | 128 | 129 | 130 | 131 | 132 | 133 | 134 | 135 | 136 | 137 | 138 | 139 | 140 | 141 | 142 | 143 | 144 | 145 | 146 | 147 | 148 | 149 | 150 | 151 | 152 | 153 | 154 | 155 | 156 | 157 | 158 | 159 | 160 | 161 | 162 | 163 | 164 | 165 | 166 | 167 | 168 | 169 | 170 | 171 | 172 | 173 | 174 | 175 | 176 | 177 | 178 | 179 | 180 | 181 | 182 | 183 | 184 | 185 | 186 | 187 | 188 | 189 | 190 | 191 | 192 | 193 | 194 | 195 | 196 | 197 | 198 | 199 | 200 | 201 | 202 | 203 | 204 | 205 | 206 | 207 | 208 | 209 | 210 | 211 | 212 | 213 | 214 | 215 | 216 | 217 | 218 | 219 | 220 | 221 | 222 | 223 | 224 | 225 | 226 | 227 | 228 | 229 | 230 | 231 | 232 | 233 | 234 | 235 | 236 | 237 | 238 | 239 | 240 | 241 | 242 | 243 | 244 | 245 | 246 | 247 | 248 | 249 | 250 | 251 | 252 | 253 | 254 | 255 | 256 | 257 | 258 | 259 | 260 | 261 | 262 | 263 | 264 | 265 | 266 | 267 | 268 | 269 | 270 | 271 | 272 | 273 | 274 | 275 | 276 | 277 | 278 | 279 | 280 | 281 | 282 | 283 | 284 | 285 | 286 | 287 | 288 | 289 | 290 | 291 | 292 | 293 | 294 | 295 | 296 | 297 | 298 |