Deel:

|


Burgum

Burgum is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen mei ferskillende kearnen ûntstien is yn ‘e buert fan it yn it lêst fan de12e ieu stichte Sint Nicolaasklooster of it Barraconvent. Burgum waard besûnder goed ûntsletten oer it wetter: by de Burgumer Mar, wêrop it Kolonelsdjip nei it easten ta oanslute en de Wide Ie mei de Langemar en it Langdeel nei it westen ta.


It doarp ûntwikkele him ta in merk- en hannelssintrum fan Eastergea en ta it haadplak fan de gritenij. Op de kaart fan Tytsjerksteradiel yn de Schotanus-atlas út 1716 bestiet Burgum út in grutte, útstrekte delsetting fan mei beammen beplante wegen. Der steane ek ferskate staten oanjûn. Yn it easten leit de buert Nieuwstad en noardlik dêrfan Noordermeer, dêr ‘t het Hooghuis stiet.


De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1787 dat Burgum wie: “een aanzienlyk dorp (...). De Kerk van dit dorp is een Kruiskerk, (...) naby dezelve was weleer gelegen in het ryke Bergumer Klooster, met naame Bergklooster, hetwelk, ten Noorden, met zyne aanzienlyke plantagien aan ‘t Kerkhof grensde. Niet verre van hier heeft men de buurt Nyestad, doch de voornaamste dichte buurt ligt in ‘t Westen en is met veele aanzienlyke huizen en welgevloerde straaten voorzien.”


Noardlik fan it doarp stie it Hooghuis, dat bewenne waard troch de famylje Coehoorn (fan de festingbouwer Menno baron van Coehoorn). Letter kaam it yn besit fan de steedhâlderlike famylje Oranje Nassau. “De grenzen van het dorp zijn zeer uitgestrekt, vooral aan den Noordkant, als bevattende Bergerveen, Meinsma bosch, ‘t Huis ter heide, een gedeelte van Kuikhorne en de geheele Bergumer heide.”
Oan de oare kant fan it Kolonelsdjip lei doe noch de Burgumer Daam, dêr ‘t ea in houten brêge lei, dy ‘t letter ferfongen is troch in stiennen brêge. Op dat plak leit no in bedriuweterrein. It grutte, los beboude Burgum is sa stadichoan tichter beboud wurden. Yn de 20e ieu en mei namme nei de oarloch, is it doarp oan alle kanten sterk útwreide mei wenwiken.


De doarpstsjerke fan Burgum is koart nei 1100 boud en wijd oan Sint Martinus. Goed in ieu letter waard de tsjerke fan dowestien fergrutte en in ieu letter noch in kear. De skiednis fan de tsjerke is sterk ferweve mei dy fan it kleaster dat yn it begjin fan de 13e ieu, yn alle gefallen foar 1240, noardlik fan Burgum stichte waard. De besittings fan dit Barraconvent, ek wol Bergklooster neamd, grinzen oan dy fan de parochy en by de beneaming fan prysters hie it kleaster ynfloed. De dowestiennen tsjerke is noch werkenber yn ‘e toer en yn de leechste dielen fan dowestien fan de westlike gevel. Oan it begjin fan de 13e ieu is de tsjerke útwreide en yngripend feroare, nei alle gedachten ûnder ynfloed fan it kleaster. De tsjerke waard yn bakstien ferhege, der binne sidebeuken oanboud en se waard ferlinge mei in nij koar, alles yn romano-goatyske foarmen. Wer in ieu letter waard de tsjerke by in útwreiding in krústsjerke: tusken koar en skip yn kamen dwerspânen, dy ‘t allinne yn de hichte bûten de sidebeuken útstekke. Dizze sidebeuken binne yn it begjin fan de 17e ieu ôfbrutsen; se waarden opnij opboud by in yngripende restauraasje in de fyftiger jierren.


De Schoolstraat leit as haadstrjitte de ferbining fan de tsjerke oan de eastlike flank fan it doarp nei it sintrum ta. Dêr stiet, lykas oan de dwers dêrop rjochte Lageweg, in oantal opfallende gebouwen mei besûndere funksjes.
Hielendal yn it easten fan de Schoolstraat stiet Glinstrastate, in pleistere lânhûs út 1855, oarspronklik fan de famylje Ferf. Dizze famylje boude yn 1866 in pleistere hearehûs oan Lageweg 20. “De Pleats”, Schoolstraat 82, it kulturele sintrum fan Burgum, is ûnderbrocht yn in monumintale buorkerij mei in oerdwers pleatst foarein yn Lodewijk-XV-styl. Oan dizze strjitte en oan de Lageweg binne flink wat brede wenningen mei middengong fan ien boulaach en in aksintuearre middenpartij yn ûnderskate stilen te finen. Oan de Lageweg riist ek it eardere postkantoar fan 1906 út de fierders beskieden bebouwing op. Tusken Schoolstraat en Lageweg yn is de Markt him de lêste tiid ta in nij sintrum oan it ûntwikkeljen mei moderne arsjitektuer.

Colofon

Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel


© Tekst: - © Foto voorblad: FrieslandWonderland

Burgum
©: FrieslandWonderland



Ook interessant


Fierljeppen, het wordt tegenwoordig veel gedaan als teambuilding, maar in Friesland doen ze het al eeuwen. Vooral boeren, om zich makkelijk door de landerijen te bewegen die veelal door sloten en slootjes van elkaar worden gescheiden. Zodat de koeien niet naar het land van de concurrent overlopen.

Het schijnt dat op 24 augustus 1767 de eerste officiële fierljepwedstrijd gehouden is in het dorpje Baard. Of het toen ook al fierljeppen genoemd werd is trouwens niet bekend.

Hoe dan ook, boeren gebruiken de polsstok niet meer voor hun boerenwerk, maar de sport is sinds 1767 niet meer verdwenen en alleen maar gegroeid. Jaarlijks worden nu tientallen wedstrijden georganiseerd. Gesprongen wordt van een houten springschans. Sloten en slootjes zijn verruild voor serieuze waterpartijen van soms wel 20 meter breed. Polsstokken zijn uitgegroeid tot enorme lengtes van soms wel twaalf en een halve meter, dit is ook de maximale lengte volgens de voorschriften. Deelnemers, zowel dames als heren, springen tot wel 20 meter ver. Om blessures te voorkomen wordt gelandt in een  zorgvuldig aangeharkt zandbed.

Het fierljeprecord staat op een kleine 22 meter. 21.68 meter om precies te zijn. Het staat sinds 11 augustus 2019 op naam van Nard Brandsma. Op de foto ziet u de toen onttroonde recordhouder Bart Helmholt.

De belangrijkste wedstrijdlocaties in Friesland zijn in de dorpen Winsum, It Heidenskip, Burgum, Buitenpost en de Friese stad IJlst.

Iedere fierljepwedstrijd is een genot om bij te wonen. Niet alleen vanwege het spektakel zelf maar ook omdat je voelt dat je deel uitmaakt van een lange traditie, eentje die teruggaat tot 1767.

Voor een compleet overzicht van de wedstrijddagen en tijden gaat u naar de website van de Frysk Ljeppers Boun (bond van Friese Fierljeppers).

Het dorp Eastermar ligt ten noorden van Drachten in een prachtig gebied te midden van twee, voor het gebied bijzondere waterpartijen, het Bergumermeer en De Leien. Deze relatief kleine en ondiepe meren zijn grotendeels ontstaan door veenafgravingen en afkalving. Het gebied draagt met trots het predicaat “Nationaal Landschap De Noardlike Fryske Wâlden” (De Noordelijke Friese Wouden).

Toch zal een bezoeker die van de meren heeft genoten zich wellicht afvragen, waar zijn de wouden gebleven? Inderdaad, wouden in de zin van uitgestrekte bossen vind je er niet. In de plaats daarvan vind je een eeuwenoud coulisselandschap. Dit wordt gevormd door talloze boom- en houtwallen die kleinschalige boerenpercelen van elkaar scheiden. Hier en daar kijk je dwars door een aantal van deze boom- en houtwallen heen, de dieptewerking is subliem. Tussen deze coulissen zie je telkens weer een andere voorstelling. Akkerland, graanvelden, weilanden met koeien, paarden, schapen, of misschien wel het mooist, een wisselend kleurenpalet van veldbloemen. De analogie met coulissen en voorstellingen in een theater kan bijna niet treffender.

De boom- en houtwallen worden met regelmaat teruggesnoeid en groeien in enkele jaren daarna weer terug. Aan de oudste exemplaren zie je dit onderhoud terug in decenniaoude grillige stronken en stobben. Ruilverkaveling is aan het gebied voorbijgegaan en dat is maar goed ook. De hout- en boomwallen zijn onaangetast en volgen de oorspronkelijke zandpaden die dorpen als Eastermar, Sumar, Harkema en Drogeham aan elkaar verbonden en nog steeds verbinden. De gemeente heeft zich erbij neergelegd en doet het onderhoud met zorg, verharding is uitgesloten. 

Het enige dat in het historische beeld ontbreekt zijn de karresporen die er ooit in grote hoeveelheden moeten hebben gelegen. Ook verdwenen zijn de talloze plaggenhutten die er moeten hebben gestaan. Het is moeilijk voor te stellen maar tot voor slechts honderd jaar geleden werden plaggenhutten in het gebied gebouwd om in te wonen, ook met grote gezinnen. De bijzondere  geschiedenis van de plaggenhut wordt verteld in Themapark de Spitkeet in Harkema, een aanrader.

Ik heb er een middag doorgebracht en kom snel terug want "Theater" Nationaal landschap de Noardlike Fryske Wâlden is 7 dagen per week open en de entree is ook nog eens helemaal gratis!


Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!