|

Gerkeskleaster

Gerkeskleaster
©: FrieslandWonderland

Gerkeskleaster is oarspronklik in komdoarp dat ea de namme Wigerathorp hie en de namme fan no erfd hat fan it premonstratinzer kleaster. Dit waard stichte om 1240 hinne troch Gerke Harkema út Stynsgea. De delsetting lei krekt eastlik fan de kleasterterp oan de Alde Feart of it Alde Knillesdjip. Mei in buert om de Voorstreek hinne en even fierder noch de Poorthoek oan de westlike en de Flaphoek oan de eastlike kant. De Alde Feart meändert nei it noarden en it easten om dêr yn de Lauwers út te kommen. Sa healwei de 19e ieu wurdt it sa karakterisearre: “dit stille en afgelegene dorpje ligt een kwartier gaans van de vrolijke en welvarende buurt Stroobos. ”

Súdwestlik fan de kleasterterp komt de Strobosser Trekfeart yn it Knillesdjip út. De stêd Dokkum hat de feart yn 1654-1656 oanlizze litten. Dêr kamen bedriuwen oan it kanaal: in kalkbrânerij, in stienfabryk en yn 1900 it suvelfabryk Welgelegen. Dit fabryk hat de fúzjes yn de suvelwrâld oerlibbe.

It doarp hat him yn de 20e ieu geandewei nei it suden, rjochting Kanaal útwreide. Tagelyk groeide it buorskip Strobos yn westlike rjochting, sadat de beide doarpen om sa mar te sizzen, yn elkoar oergienen.

Der is in opfallend kontrast tusken de midsieuske rêst en de moderne bedriuwichheid. Oan it kanaal hawwe har inkele grutskalige, yndústriële bedriuwen festige. Middenyn leit de lytse kearn fan it doarp. Oan de noardwestlike kant leit bûten de bebouwing it gebiet, no in rom en heech lizzend tsjerkhôf, fan it eardere kleaster. De tsjerke is dêr noch in nijsgjirrich spoar fan. It kleaster gie al gau nei it stichtsjen oer nei de cisterciënzers en is yn 1580 opheft. De gebouwen binne sloopt mei útsûndering fan it 16e-ieuske brouhûs. Dat waard yn 1629 diels ta tsjerke omboud. Yn de eastlike partij kaam in wenhûs. Feroaringen ha in muorrewurk mei in bûnt patroan makke. Yn de 19e ieu is de toer oprjochte.

Colofon

Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel

© Foto voorblad: FrieslandWonderland


Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!