Rottefalle
De Rottefalle is in doarp wêrfan de namme foar it earst foarkomt yn 1622 en dat yn it midden fan de 17e ieu oan de Lyts stal krige. Der stie in herberch, in bierbrouwerij en in mole. De ferfeaningen fan de omjouwing op’ e grins fan de gritenijen Smellingerlân, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel siet gong yn. Oan wjerskanten fan de Lyts en it Benedenverlaat kaam bebouwing ta stân. Dizze slûs lei yn de wetterferbining oer de Lyts nei de Burgumer Mar.
Oan it ein fan de 18e ieu murk de Tegenwoordige Staat van Friesland de Rottefalle amper op:’Daarenboven zyn hier, in ‘t Oosten, op de wal van de vaart de Lits, veele huizen gebouwd’; de zuidelijke bebouwing aan de Lits was nog een buurschap bij Opeinde. In het Aardrijkskundig Woordenboek van Van der Aa uit het midden van de 19e eeuw: ‘Aan de noordzijde des dorps Opeinde heeft eene groote uitgestrektheid laag klijnland gelegen, dat in de zeventiende eeuw, door verveening, veranderd is in een water, de Leijen genaamd.... Ten Oosten van het Zwartveen zijn, op den wal van het riviertje de Lits, ook vele huizen gebouwd, die hoewel burgerlijk onder Opeinde, mbehooren tot het kerkdorp Rottevalle. ’ Foar kollektive saken fan bygelyks skoalle en tsjerke, mar ek foar it hâlden fan in jiermerk wie de lizzing yn trije gemeenten ûnhâldber. Nei’t de ynwenners yn 1821 al besocht hienen om dit te ferienigjen, duorre it noch rom in ieu. Yn 1943 is de hiele Rottefalle troch grinsferoaringen by de gemeente Smellingerlân kommen.
Yn 1724 is in ienfâldige sealtsjerke mei geveltoer boud en dêr tsjinoer kaam yn 1890 de twa boulagen hege pastorije ta stân. De menisten bouden yn 1838 in ienfâldige sealtsjerke en de grifformearden yn 1937 in ekspresjonistyske tsjerke. Beide ferfongen âldere eksimplaren. De Herberg van Smallingerland oan it yn 1958 oandamme stik fan de Lyts is in mânsk gebou út 1791 mei bysûndere ynterieurs. De doarpsútwreidingen nei de oarloch ha foaral oan de noardkant plak fûn.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel