|

Tsjalbert

Tsjalbert
©: Hendrik van Kampen

Tsjalbert is in streekdoarp dat diel útmakket fan de doarpenrige – fan west nei east – Terbant, Lúnbert, Tsjalbert en Gersleat, dy’t De Streek fan it âlde Aengwirden foarmje. Se binne yn 1936 by Skoatterlân foege om de gemeente Heerenveen te foarmjen.

Tsjalbert wie it haadplak fan Aengwirden. De Tegenwoordige Staat van Friesland meldt hjiroer: ‘Tjalleberd is ’t grootste Dorp der Grieteny, ten Westen van Gersloot, ongemeen vermaakelyk in ’t geboomte en in de hooge bouwlanden gelegen. Hier vindt men eene kerk, doch ook zonder toren …. Ook is hier eene Herberg voor den reizenden man, en daar in eene Rechtkamer; hoewel het recht ’s Dingsdags wordt gehouden op ’t Heerenveen. ’

De âlde doarpen en harren landerijen by de Aengwirderwei lâns geane yn de 18e en 19e ieu hielendal oer de kop. Earst waard turf út de hege feanen súdlik fan de dyk wûn en letter binne de lege feanen noardlik fan de dyk oanpakt. Yn it midden fan de 19e ieu is de turfwinning ôfmakke. It hat in protte wurk brocht en net folle wolfeart. De ferfeaningen lieten in wetterich ûnlân efter wêrtusken De Streek as in raffelige kade oerbleau. It yn kultuer bringen fan ûnlân, it bouwen fan gemalen en de oanlis van wegen brochten opnij wurk en struktuer yn De Streek.

De doarpstsjerke wurdt al yn 1315 fermeld. Yn 1626 kaam der in nije tsjerke op it plak fan de âlde. Yn 1742 is yn opdracht fan grytman Martinus Bouricius opnij sprake fan weropbou en yn 1825/26 is de tsjerke oan de noardkant útwreide mei in dwerspân dat lykas de koarpartij trijekantich sletten waard. Yn de houten geveltoer hinget in yn 1670 troch Petrus Overney getten klok.

Troch nijbou nei de oarloch hat him om de tsjerke hinne hast in doarpskearn ûntwikkele. Westlik fan de tsjerke stiet in âlde stiennen loads foar de brânwacht. Resint is in nije brânwachtkazerne boud. Yn Tsjalbert stiet ek in minniste tsjerke, in ienfâldige sealtsjerke út 1871.

Colofon

Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel

© Foto voorblad: Hendrik van Kampen


Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!