Longerhou
Longerhou is in âld terpdoarp súdlik fan de eardere, âlde Marneslinke. Oan it navenant flinke oantal mânske boerepleatsen fan ferskillende typen oan de doarpsstrjitte en de sydstrjitsjes en –paadsjes is de hast hielendal agraryske skiednis fan dit lytse, frijwat isolearre doarp ôf te lêzen. It doarp hat noch syn âlde ferkearsferbining, de opfeart, de haven, nei de Makkumer Feart ta wêrtroch’t it mei de rest fan Fryslân ferbûn wie.
It Longerhou fan hjoed is mei in dyk en in fiadukt oer de autosneldyk A7mei Skettens ferbûn, dêr’t de skoalle ek stiet. Yn ‘e midden fan de kearn met wat lytse wenbuertsjes dêromhinne, stiet in mânske letmidsieuske toer dy‘t oan de spoaren te sjen, al hiel wat meimakke hat. De tsjerke is yn 1757 fernijd en eaget noch wat sober. Krektlyk as yn Skettens seit dat neat want sy hat in pear daverjende ferrassings. It fraai dekorearre gebodsboerd heart hjir eins net, mar yn it buordoarp Skettens: op de efterkant stiet nammentlik in tekst dy’t slacht op de fernijing fan de tsjerke dêr yn 1785. De kânsel út 1757 is sjarmant fersierd mei rococo-ornamint, mar it moaist binne de panelen mei foarstellings út de heilsskiednis, drokbefolke en mei in oandwaanlik each foar details: de berte fan Kristus, krusiging, Himelfeart en it lêste oardiel. De skrynmakker, dy’t dizze prachtich ferfine tafrielen útsnijd hat, moat in grut keunstner west ha, mar syn namme is nea bekend wurden.
By de restauraasje hat de tsjerke in âld geheim priisjûn: der waarden uterst seldsume, oansjenlike fragminten fan in 14e-ieuske mozaykflier fûn, besteande út tegels fan ierdewurk yn ferskate foarmen en ôfmjittingen en foarsjoen fan glazueren yn ferskillende kleuren. Sommige ha sels foarstellings fan giel slib: in portretkop, earnen, harten, ridders op it hynder, rozetten, Frânske leeljes en alderhande patroanen. Alles is restaurearre en de moaiste fragminten wurde, kreas beskerme troch glês, graach oan belangstellenden toand.
Colofon
Uitgeverij: NoordBoek - Auteur: Peter Karstkarel
FYP: Gemeente Sudwest Fryslân