Alles oer Westhim
FrieslandWonderland
NederlandsFriesDuitsEngels

Alles oer Westhim


Deel:

-

-

Westhim

Westhim

It terpdoarp Westhim leit op noch gjin twa kilometer fan Blauhús. De smelle klinkertdyk De Kat jout tagong ta it doarp. Oer in syddyk fan de haaddyk komt men yn it deunby lizzende buorskip Feytebuorren. Dêr stiet op de terp de herfoarme tsjerke. Westhim en Feytebuorren telle tegearre wat minder as hûndert ynwenners.

Skiednis
Westhim waard eartiids droech holden troch de Himdyk. Dy dyk beskerme it doarp tsjin it wetter fan de eardere Atsebuertstermar. Lange tiid koene de ynwenners allinne rinnend oer dy dyk it doarp berikke. De dyk is hjoed-de-dei in klinkertdyk. By it doarp lâns streamt de Opfeart nei de Wymerts. It wetter streamt fan de Westhimmermar, troch it doarp, by de tsjerke yn Feytebuorren lâns en komt úteinlik út op de feart.

Bysûnderheden
De tsjerke fan Westhim is nei alle gedachten yn de 14e ieu boud. De tekst op ien fan de grutte klokken fertelt dat dêr yn elk gefal yn 1353 al in godshûs stie. Op dy klok stiet de namme fan de hillige Bartolomeüs. Dêrneist stiet in twadde namme, dy fan Luidrufus. Dat wie eartiids de pastoar fan Westhim. De tsjerke wurdt hjoed-de-dei net mear brûkt foar tsjinsten.

Wenje en libje
Foar basisûnderwiis, boadskippen, in besite oan de tsjerke of oan de sportferiening binne de ynwenners foaral op Blauhús rjochte. Wol hat it doarp in eigen kafee.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Westhim

Westhim is in lyts kompakt terpdoarp fan midsieuske oarsprong mei in buert tichtby de Himdyk. Dizze dykstreek wurdt de Kat neamd en de terp Feytebuorren. Op de gritenijkaart fan Wymbritseradiel yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet it doarp tekene mei in fjouwertal buorkerijen om de tsjerke hinne mei de Westhimster Opfeart nei de Wimerts . In opfeart dy’t yn it suden by de Kat in slûs, in syl, yn de Himdyk hat, wêr’t ek noch twa huzen steane. De Himdyk leit noardlik fan de yn 1633 droechmealde Atsebuorster mar. De polder hat in merkber leech nivo.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: ‘Westhem, een klein dorp […] in ’t Westen tegen den Hemdyk gelegen, gelyk Oosthem in ’t Oosten: hier onder behoort het droog gemaalen Atsebuurster meer, liggende samen met Sensmeer, tot Wonzeradeel behoorende, in den zelfden Dyk, als ook het buertsje de Graauwe Kat, alwaar men een Sluisje in de Hemdyk heeft, waar door men te scheep uit de Buitendykster landen, door dit Dorp, in de Bolswerder vaart kan komen. Ook ziet men hier twee Wieren, overblyfzels van oude Staten.’ It buertsje heart koartsein de Kat neamd te wurden, Grauwe Kat leit ûnder Arum.

De dykbuert mei yn de rêch de opfeart is ûnderwilens mânsker as it oarspronklike terpdoarp útgroeid. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff yn 1851 is dy ûntwikkeling te sjen, al is de groei minder sterk dan dy fan Blauhûs, even westliker, eartiids in buorskip dat ûnder Westhim hearde. It buertsje by de slûs wurdt De Kat neamd en de syl Katsyl. It kafee midden yn de dykbuert fan Westhim hjit De Kot, wêrby de stavering de útspraak folget. Noardlik fan de tsjerke, bûten de terp steane in pear huzen en buorkerijen.

De tsjerke is in trijekantige sletten sealtsjerke dy’t yn 1708 boud is om in midsieuske foargonger te ferfangen. De sealdaktoer is 13eieusk. Der hingje klokken yn wêrfan de iene út 1353 is en de oare yn 1639 troch Jacob Noteman getten is.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Categorie: historische-kaarten

Wymbritseradeel in de atlas van Eekhoff

Wymbritseradeel in de atlas van Eekhoff


Categorie: historische-kaarten

Wymbritseradeel in de atlas van Schotanus

Wymbritseradeel in de atlas van Schotanus


Categorie: historische-kaarten

Kaart van de Groote en provinciale Communicatien met dedaar op zich bevindende B

Kaart van de Groote en provinciale Communicatien met dedaar op zich bevindende B


Categorie: historische-kaarten

Kaart van de provincie Friesland uit 1847

Kaart van de provincie Friesland uit 1847


Categorie:

Nieuwe encyclopedie van Fryslân

Nieuwe encyclopedie van Fryslân

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vier

... lees meer

Prijs: € 125,00