Alles oer Wûns
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.0000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Wûns


Deel:

-

-

Wûns

Wûns

Krekt boppe Makkum, op noch gjin fiif kilometer fan de Ôfslútdyk leit Wûns. Dy lokaasje, sa deunby de wichtichste tagongswei ta Noard-Hollân, soarge derfoar dat it doarp in wichtige rol spile yn de Twadde Wrâldoarloch. Wûns telt likernôch trijehûndert ynwenners.

Skiednis
It doarp komt ûnder ferskillende nammen foar yn de skiednisboeken. Yn in dokumint út 1270 hat de skriuwer it oer Wildinghe. In ieu letter wurdt de namme Woldens brûkt. Letter feroaret dy yn it hjoeddeistige Wûns. Yn it doarp stie eartiids it rjochthûs en sa waard Wûns it haadplak fan de eardere gemeente Wûnseradiel.
Tanksij it feit dat it doarpke oan de Ôfslútdyk lei, krige Wûns yn de tiid fan de mobilisaasje in wichtige rol tabedield. Yn Wûns en buordoarp Koarnwertersân boude it leger stellings om de Dútske soldaten sa lang mooglik tsjin te hâlden. De Wûnsstelling wie de lêste hindernis foardat de Dútske troepen de Ôfslútdyk berikten.
De stelling moast yn koarte tiid boud wurde. It slagge de Nederlânske soldaten net om goede loopgraven en kûlen te meitsjen. Dêrfandinne dat se ferburgen leine achter bulten fan grûn en hout. Dy bulten foelen fansels daliks op. De min boude stelling krige dan ek al gau de bynamme 'Wee ús'. Yn Koarnwertersân binne yn it kazemattenmuseum foto's en foarwerpen te finen dy`t de earste oarlochsdagen yn Fryslân wer yn it omtinken bringe.

Bysûnderheden
Midden yn it doarp stiet de herfoarme tsjerke. Troch de ynwenners wurdt it gebou ek wol de Wûnzer teebus neamd. Dy bynamme tanket it godshûs oan de opfallende foarmjouwing. De tsjerke út 1728 hat acht muorren en in tek as fan in tinte dêr`t as kroan in klokkekoepeltsje op stiet. Op it tuorke stiet net in hoanne, mar in hart dat ek yn it doarpswapen werom komt.
Yn ien fan de tsjerkemuorren is de tinkstien fan de Fryske dichter Jan Cornelis Pieter Salverda ynmitsele. Salverda wie neist dichter ek skoalmaster oan de basisskoalle yn it doarp. Hy wie in treflike master en brocht yn syn frije oeren in besite oan de bern op de pleatsen dy`t net op skoalle komme koene. Nettsjinsteande syn bodzjen fertsjinne er in hiel lyts bytsje. Hy stoar dan ek yn djippe earmoed. Syn begraffenis yn 1836 waard betelle troch in tal rike boeren. Op it hôf is syn grêfstien te besjen.

Wenje en libje
Yn it doarp stiet de J.C.P. Salverda Skoalle. De basisskoalle is nei de bekende skoalmaster ferneamd. Dêrneist hat it doarp in libben ferieningslibben. In koar, biljertklup, fuotbalferiening en reedridersklup binne mar in pear foarbylden. Boadskippen wurde dien by de SRV-man en ridende bakker, dy`t twa kear wyks it doarp besiket. Foar oare saken geane de ynwenners nei Makkum.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Wûns

Oan it terpdoarp Wûns tanket de gritenij har namme. Ek is it in doarp dat der ea mei it rjochthûs it middelpunt fan wie. No strielet it dy funksje net mear út. It leit tsjintwurdich hast wat ôfsidich sûnt it frij drokke ferkear rjochting Makkum om it doarp laat wurdt.

De bebouwing bestiet út beskieden, sfearfolle húzen en in stik as wat represintative rintenierswenten en foaral oan de súdkant lizze ek pleatsen. De tsjerke is dêrtroch it brânpunt by útstek. Dy stiet midden op in terp yn it selskip fan de pastorije links en de eardere skoalle rjochts oan de doarpsstrjitte mei in aardige kompakte bebouwing. De bebouwing stiet fierder oan de útfalswegen: de Noarderleane, Wildingheleane en Wearsterwei en der is in frij jong buertsje by de Molkfeart.

Yn it midden stiet proastich de sintraalboutsjerke, in selsum type, spesifyk ûntwikkele foar de protestantske earetsjinst. De tsjerke waard yn 1728 boud om in midsieuske tsjerke mei sealdaktoer te ferfangen. It gebou fertoant in aardige ôfwikseling fan acht brede en smellere muorren. Yn de brede steane grutte rûnbôgefinsters. It piramidedak wurdt bekroand troch in koepeltuorke mei balustraden, galmgatten en oerwurken. Yn de tsjerke in kânsel út 1681, in kreake tsjinoer it preekmeubel en in oargel yn pearsreade kleur mei lichte ornamintyk út 1891.

Wûns hat lang in belangrike grûnskat hân, mar nei’t dy yn 1941 en 1961 by argeologysk ûndersyk ûntdutsen waard, is se nei it tsjerkemuseum yn it fiere Jannum oan de oare kant fan Fryslân oer brocht. De skat bestiet út grutte fragminten byldhoude rôze Bremer sânstien dy’t yn de betide 14e ieu mooglik in koarstek foarmen. Se ha foarstellingen fan apostels, mar ek de berte fan Christus en it Laam fan God is der op te sjen. Wat de tsjerke noch wol hat is in grutte tinkstien foar J.C.P. Salverda (1783-1836), in romantysk Frysk dichter dy’t skoalmaster yn Wûns wie.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © Jan Dijkstra

Webshop

Mogelijk hebben de volgende producten uit onze webshop ook uw interesse. Deze producten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Gemeente Wonseradeel in de atlas van Eekhoff

Gemeente Wonseradeel in de atlas van Eekhoff

Wonseradeel in de atlas van Schotanus

Wonseradeel in de atlas van Schotanus