Alles oer Starum
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Starum


Deel:

-

-

Starum

Starum

Wy hjitte jo fan herte wolkom yn Starum, it âldste en miskien wol meast yntrigearjend fan de Fryske Alvestêden. Mear as 1000 jier ferlyn wie it al in rike, bloeiende stêd: yn 991 waard se plundere troch de Noarmannen. As earste fan de Fryske Alvestêden krige Starum om-ende-by 1060 stedsrjochten. Ek waard de stêd lid fan het Hânzeferbûn, in groep fan stêden dy`t de hannel om de Noard- en Eastsee hinne lange tiid dominearre.

Yn 1345 probearre de Hollânse graaf Willem IV de stêd, destiids de belangrykste fan Fryslân, te feroverjen. Fergees: yn de ferneamde Slach bij Warns binne de Hollanners ferpletterjend ferslein. Mar Starum koe ek mindere tiden. Oer de oarsaak dêrfan giet de sage fan 'It Froutsje fan Starum', fan wa`t by de âlde haven in byld stiet.

Tsjintwurdich is Starum in grut diel fan it jier in slommerjend, prachtich autentyk Iselmarstedsje. Yn de simmer soarget foaral de wettersport foar in enoarme libbenens: foar de plezierfeart is Starum noch hieltyd in hiel belangrike tagongspoarte en útfalshaven.

Ek as jo gjin boat ha, hat it stedsje yn syn omjouwing jo fan alles te bieden. De prachtige lizzing oan it Iselmar, de histoaryske ambiânse, bysûndere winkeltsjes, ferskillende galerys en in museum. Starum hat boppedat in toeristyske boatferbining mei Inkhuzen, in stoomtreinferbining met Snits en der binne ferskillende mooglikheden foar orizjinele boat- en bustochten en kombinaasjes dêrfan rjochting it prachtige Gaasterlân.

Fansels kinne jo de regio ek hiel goed sélf ûntdekke, kuierjend, fytsend, op de motor of mei de auto. Jo sille fersteld stean fan it skitterjende, fariearre lânskip, de prachtige fiersichten, de natuer en de rike kultuerhistoarje.

It súdwestlike puntsje fan Fryslân: je moatte wat muoite dwaan om der te kommen, mar it is dy muoite mear as wurdich!

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Starum

Starum heart ta de âldste fan de Fryske alve stêden. De delsetting lei geunstich oan inkele wetterwegen, mar wetter is Starum ek needlottich wurden. Nei’t de Sudersee foarme wie, waard it plak kwetsber: stoarmen sloegen stikken fan de stêd fuort, slokten sels it wichtige Odulphuskleaster op.

Al fan de 9e ieu ôf naam Starum diel oan de handelsfeart by de Noardseekust lâns en al gau dêrnei waard it plundere troch de Noarmannen. Starum waard Hanzestêd, krige yn de 12e ieu it tolprivileezje fan de keizer en koe al gau in stêd neamd wurde. foaral oan de seehannel hie Starum har bloei te tankjen.

Mei fallen en opstean binne de havens it brânpunt fan de bedriuwichheid bleaun. It is in skoft stil west ear’t Starum de kânsen fan de rekreaasjefeart pakte. Op de kade tusken de âlde Bûtenhaven, de haven foar de “brune float” mei drokke charters, en de Spoarhaven, wêr’t de feartsjinst op Enkhuizen en it halteplak fan it spoar te finen binne, stiet it VVV kantoar. It havengebiet is fernijd. Der is noch sfear te priuwen út de tiid dat dit noch in echte seehaven wie.

De wite slûsbrêge jout tagong ta de stêd. De slûs datearret fan 1576 en is ieuwenlang fan belang west foar de grutte skipfeart út it efterlân. De slûs waard dan ek troch de stêd en omlizzende plattelânsgemeenten ûnderhâlden. Troch it oanlizzen fan de Johan Frisoslûs (1966) oan de súdkant fan de stêd ferlear de âlde slûs har funksje. It wettersteatkundige monumint is yn 1979 restaurearre. De flapbrêge nei âld model draacht it stedswapen. Njonken de slûs stiet it havengebou foar de bûtenhaven. Tichtby de brêge stiet it byld fan it Frouke van Starum, de frou dy’t de fal fan de heechmoed ferpersoanlikt. Fierder nei see ta leit de Fiskerijhaven mei eigentiidske, kleurige nijbou dy’t yn syn foarmen ferwiist nei histoaryske havenfronten.

Wêr’t ea de float fan Staverske jollen lei, is it no de thúshaven fan fiskkotters. Op de fiskôfslach wurdt noch geregeld fisk feild. Oan it ein fan de Havenwei stiet in leugenbank njonken in taantsjettel wêryn seilen, trossen en netten foar konservearring bewurke waarden. Op it havenhaad stiet it reade havenljocht (1884) en oan de oare kant it oare, griene, ljocht.

Op it grutte iepen gersfjild njonken de Havenwei stie eartiids it blokhûs of it kastiel fan Starum. It blokhûs wie koart nei 1500 troch Albrecht van Saksen boud as in festing fan ûngefear 100 by 100 m. Yn 1996 binne de grûnfesten argeologysk ûndersocht.

De Smidsstrjitte is de winkelstrjitte fan Starum en dizze liedt nei de Foarstrjitte, de strjitte oan wjerskanten fan de Voordelft, de wichtichste grêft fan de stêd. No in grien omseame en troch beammen oerwelve, rêstige grêft, wêr’t eartiids redershuzen en pakhuzen stienen. It is foar it grutste part lege, ienfâldige bebouwing út de 19e ieu. Op’ e hoeke fan de Boargemaster Albertsstrjitte stiet it uterst ienfâldige tsjerkje fan de menisten. Yn it midden riist oan de westkant it eardere stedshûs op. It is in heech, blokfoarmich en fraai detaillearre gebou út 1880. Earder ferskafte de linkerkant hûsfesting oan de boargemaster en syn húshâlding. De rjochterkant wie foar de sekretary, boargemasterskeamer en riedsseal, mei beskildere behangpapier. By de gemeentlike weryndieling yn 1984 kamen de stêden Starum, Hylpen en Warkum yn de nij foarme gemeente Nijefurd te lizzen en ferlear it stedshûs syn funksje. Tsjinoer it stedshûs leit de herfoarme tsjerke efter de bebouwing, in sealtsjerke mei in fraaie neoclassicistische yngongspartij en in elegant tuorke út 1860.

Oan de eastkant fan de âlde stêd rint de Skâns, tsjintwurdich in kade by de brede bûtengrêft lâns, earder de festingwâl. Op nûmer 23 is stedsherberch Aldgillis te finen: in brún kafee mei muorreskilderingen. Oan de oare kant fan de Skâns leit de beskieden stedsútwreiding. Hielendal súdlik fan de stêd leit de Johan Frisoslûs. Even fierderop binne de karakteristike kontoeren fan it Ir. Hoogland gemaal te sjen, yn 1968 ûntwurpen troch arsjitekt Piet de Vries as spannende wettertrochgong troch in dyk hinne.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende producten uit onze webshop ook uw interesse. Deze producten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Hemelumer Oldeferd en Noordwolde in de atlas van Eekhoff

Hemelumer Oldeferd en Noordwolde in de atlas van Eekhoff

Hemelumer Oldeferd en Noordwolde in de atlas van Schotanus

Hemelumer Oldeferd en Noordwolde in de atlas van Schotanus

Kaart van Stavoren door Blaeu

Kaart van Stavoren door Blaeu

Kaart van Stavoren door Van Geelkercken

Kaart van Stavoren door Van Geelkercken

Tekening van de haven van Stavoren met uit te voeren werkzaamheden

Tekening van de haven van Stavoren met uit te voeren werkzaamheden

Kruiend ijs bij stavoren

Kruiend ijs bij stavoren

Surfen bij harde wind bij Stavoren

Surfen bij harde wind bij Stavoren

Categorie: boeken

De wandeltocht der wandeltochten

De wandeltocht der wandeltochten

Elfstedenpad 283 km

Gebruikmakend van voormalige jaagpaden en kerkenpaden, van eeuwenoude grasdijken, van veelbetreden handelswegen, zijn routemakers Johan Vellinga en Broer Adema erin geslaagd de

... lees meer

Prijs: € 18,70


Categorie: boeken

Elf steden 11 verhalen

Elf steden 11 verhalen

Frisian Colorists & Restorers ziet het als hun missie om de mooie, oude tradities van hun vak door te geven aan een nieuwe generatie. In het kader van LF2018 maakten zij daarom een uniek prentenboek

... lees meer

Prijs: € 16,00


Categorie: boeken

Pake syn wein - leverber nei 26 oktober 2019

Pake syn wein - leverber nei 26 oktober 2019

Tussen 1906 tot 1951 hadden alle motorvoertuigen een provinciaal kenteken. In Friesland begonnen die met de letter B. Tresoar maakte een website rond alle deze ruim 41.000 uitgegeven B-nummers. Het pu

... lees meer

Prijs: € 19,50