Doarpen

Doarpen

Kies de begjinletter


Baaium is in terpdoarp. It hat net in kompakte bebouwing; it liket wol as binne buertsjes en buorkerijen om de lytse kearn mei de tsjerke hinne, hjir en dêr it lânskip ynstruid. Oan de trochgeande dyk tusken Winsum en Dronryp stiet wat losse bebouwing. Noardlik fan de tsjerke is in buertsje ûntstien, mar de meast gearhingjende hoeke fynt men oan in paad oan de westkant foar in grutte boerepleats oer. De huzen dêr ha de Baaiumer Opfeart nei de Frjentsjerter Feart yn ‘e rêch.

By de krusing fan de dyk en de dwerspaden stiet de opmerklike doarpstsjerke. By de bou hat men net sunichoan dien en it is dêrtroch in goed foarbyld wurden fan de oerdiedige mingstyl De toer is yn 1865 nei tekeningen fan B.J. Sitenga boud en de tsjerke is realisearre yn 1876 nei in ûntwerp fan S. van der Veen. Toer en tsjerke fertoane romaanske trekken, mei namme de rûnbôgefrieskes wize dêrop. By de yngong sjogge we let-klassicisistyske motiven. It stúkwurk fan it ynterieur troch D.J. Fast, biedt in feest fan stilen; alles mei elkoar makket lykwols in ymponearjende ienheid. It folgjende fers is yn de 17e ieu úthakke yn ien fan de siden fan it doopfont: Dit is Baiommer vondt / Die vergeeten lagh in de grondt / is 1668 / Wederom op gerecht / om dat daer veel van wert gesegt / Godt wil ons land en dorp bevrien / Voor bij Geloof en Afgoderien.

It grutte fjouwerkante font is fan rôze Bremer sânstien. De oare kanten ha goatyske trasearings nei 15e-ieusk model. It ferhaal giet dat se út de 12e of 13e ieu wêze soenen. Fanwege de omfang ûntstie de siswize ”Sa grut as de Baaiumer fonte.”

Even bûten it doarp, krekt net yn de eardere gritenij Baarderadiel, stie eartiids in frouljuskleaster, yn 1186 fan Kleaster Lidlum út stichte. It waard Sint Michaëlsberch neamd, mar faker kaam men it tsjin as Monnike-Baijum. Nei de Herfoarming is it yn 1580 opheft. Op it plak fan it kleaster stiet no, noardlik fan Winsum, de buorkerij Mountsjebaayum.

It terpdoarp Baard wie it eartiidse bestjoerssintrum fan de gemeente Baarderadiel, dy ‘t sadwaande de namme krige. Troch de ieuwen hinne hie de famylje Dekema hjir de hearskippij. De Dekema’s hienen yn Baard in stins. No tsjûget allinne de Dekemawei noch fan de famylje. It doarp wie goed ûntsletten troch de belangrike Boalserter Feart en waard yn 1830 tagonklik oer de dyk fan Frjentsjer nei it efterlân fan Jorwert en omkriten.

Op de hoeke by de brêge, de ienichste beweechbere brêge yn de lange Boalserter Feart, is yn 1877 in nije herberch boud nei in ûntwerp fan T. Spoelstra út Tsjummearum. Yn de doarpsstrjitte folgje oan beide kanten kompakt boude, ienfâldige, rintenierswenningen, soms mei neo- klassisistyske kenmerken. Se steane net echt yn in roailine, oan de noardkant fan de tsjerke steane dit soarte huzen ek. Op ‘e hoeke fan de dyk nei Easterlittens stiet in mânske kop-hals-rompbuorkerij mei sierlik mitselwurk út om-ende-by 1890. De buorkerij sjocht út op it iepen fjild yn de doarpskearn, dêr ‘t in frij nije basisskoalle siet. Efter de tsjerke lâns rint in buorren mei foar in part âlde bebouwing. De lytse Fermanje, dy ‘t net mear as tsjerke yn gebrûk is, heart der ek by, en wat húsfesting fan nei de oarloch. Dizze strook mei bebouwing foarmet oan de noardkant fan it doarp in sletten front oan de hjir lizzende opfeart, de doarpshaven. Fierder is oan wjerskanten fan de Fâdenserdyk rjochting Jorwert, fariearde bebouwing ûntstien.

De yn 1876 boude tsjerke stiet oan de doarpsstrjitte op in rom, heech hôf, beskerme troch in muorke mei in izeren stek en jonge linebeammen. It gebou hat brún muorrewurk mei rûnbôgefinsters. Der is in trijekantich koar mei pilasters. De goaten wurde droegen troch lytse konsoles en it tsjerkedak is belein mei blau glazuere Fryske weachfoarmige dakpannen. Yn de toer sit boppe de yngong in spitsbôgich finster mei in dûbele bolle list fan pleisterwurk. De trije toerûnderdielen binne fersierd mei friezen. Der binne spitsbôgige galmgatten, acanthusconsoles ûnder de kroanlist en in ynsnuorre achtkante spits mei laaien. De tsjerke hat in aardich oargeltsje en in dekorative kreake mei in iepen bewurke stek.

Bakhuzen is in komdoarp oan ‘e foet fan in rêch fan balstiensân, dy ‘t even eastlik fan it doarp oant mear as 11 meter heech is. Bakhuzen is sa om-ende-by 1200 ûntstien as buorskip dat oarspronklik hearde by it súdeastlik lizzende doarp Murns. Nei de Reformaasje bleau it in katolike enklave en makke it har yn de rin fan de 18e ieu los fan Murns.

Yn earder tiden wie Bakhuzen in streekdoarp by trochgeande wegen lâns sa as de Sint-Odulphusstraat en de Teeuwis de Boerstraat. Mar it hat him sûnt healwei de 19e ieu nei it suden ta útwreide ta in komdoarp mei frij losse bebouwing en in iepen kearn, wêr ‘t ek it tsjerkhôf leit.

Mei de nijbou is it mear fertichte wurden. By de earder neamde strjitten lâns stiet in tal fraaie middengonghuzen út it lêst fan de19e ieu, mar ek boargerwenten út de tuskenoarlochske perioade. Yn de Sint Odulphusstraat steane in aardich kafee en in winkel.

Nei de oarloch binne mei de tradisjonalistyske folkshúsfesting de iepen romten yn de wanden fan de Teeuwis de Boerstraat fertichte en noch net sa lang lyn kaam der in yn it byld passende post foar de brânwacht by. Al mei al levert dizze belangrike strjitte in evenwichtich byld op. Al gau hjirnei krige it doarp in entree oan ‘e eastkant mei bebouwing oan de Rysterdyk. Noardlik fan de tsjerke krigen even letter de bebouwingswanden om it Plantsoen hinne stâl. Yn it noardwesten stiet de roomskkatolike Sint Odulphustsjerke, boud yn 1913-1914 nei in ûntwerp fan arsjitekt Wolter te Riele, as ferfanging fan in tsjerkje út 1857. De tsjerke is in pseudobasilyk yn neoGoatyske styl mei in trijesidich sletten koar en in toer mei in ynsnuorre spits. It skip hat net-ferwulven en de sydbeuken krús-ferwulven. It meubilêr komt út it atelier fan F.W. Mengelberg en it oargel is fan de bruorren Adema. De brânskildere ruten binne yn 1914 makke troch F. Nicolas en de skilderingen op de muorren en ferwulven (1935-1941) troch Johannes Ydema. Yn de Nagelhoutstraat is yn 1938 it frouljuskleaster Mariahof boud. Yn 1987 waard it kleaster ferboud ta 19 apparteminten.

Bakkefean is in streekdoarp dat yn de lette Midsieuwen as doarp mei in brinkfoarmige romte ûntstien is by de kleastersúthôf Mariënhof. Dizze úthôf is dêr yn de13e ieu fan it grutte kleaster Mariëngaarde út, fêstige. It kleaster hie ferlet fan branje; dat koe yn dizze omkriten út de feanen wûn wurde. Âldere spoaren wize der op dat Bakkefean al yn de stientiid op in belangrike rûte lei.

Yn de twadde helte fan de 17e ieu waard de Bakkefeanseter Feart groeven. Der begûn in nij haadstik yn de skiednis fan de streek; de feangraverijen fan de Drachtster Kompenije. Yn de jierren om 1660 hinne wie men oan Bakkefean ta en yn 1685 wie de feart klear en kaam der op de krusing fan de dyk en de feart in ferlaat. Oan wjerskanten fêstigen arbeiders en wat nearingdwaanden har op de feanen en de heide, mar der wie noch gjin sprake fan in echte delsetting. Tjaerd van Aylva liet yn 1732 foar Bakkefean in achtkantige sintraalboutsjerke ûntwerpe. Der hat wol in model fan west, mar it is net ta it bouwen fan in tsjerke kommen. Wol krige dizze grietman en eigner fan in soad feanen it klear dat de útinoar lizzende bebouwing nei 1732 ferpleatst waard nei de feart ta.

Nei ‘t de grûnen ôffeane wienen waard it lân yn stroken fan sawat 400 meter djipte oan wjerskanten fan de Bakkefeanster Feart yn kultuer brocht. De gebieten dy ‘t fierder fan de feart ôfleinen feroaren wer yn heide. By de feart lâns steane noch inkele 18e-ieuske ûntginningsbuorkerijen mei in foarhûs dat fan in krimpe oergiet yn in skuorre mei trochsjittende dakskylden, sa as Weverswâl 13 (1753), en Foarwurkwei 5 (1784). Fierder it om 1900 hinne ferboude Boszicht en Weverswâl 32, dat nei alle gedachten ek in kearn hat út de 18e ieu.

Yn 1788 melde deTegenwoordige Staat van Friesland by it doarp Sigerswâld: ”Behalve de bouwlanden, behooren onder dit Dorp zeer uitgestrekte Veenen (...) Onder anderen behoort hiertoe de buurt Bakkeveen, geheel op de heide in ‘t Zuidoosten des Dorps en door dezelve loopt eene vaart met verscheiden Verlaaten en Zuidwyken naar de Zuidelijke Veenen, in welke de turfgraverij van tijd tot tijd toeneemt (...) In later tijd hebben deze Veenen, eerst aan de familie van Aylva en daarna aan die van Burmania toebehoord, doch voor enige jaaren zyn zy, door koop, in eigendom gekomen aan eenige Friesche en Groninger Heeren, die dezelve in Maatschappy bezitten, en hier omstreeks jaarlyks eene groote menigte turf doen graaven.”

Tjaerd van Aylva hat Bakkefean stâl jaan wollen en is oan it begjin fan de 18e ieu nei alle gedachten ek de bouhear fan it Blauwhuis, dat oan 1837 ta oan de Foarwurkerwei stien hat. Dêrfan út is it gebiet earst troch de Aylva’s en fan healwei de18e ieu ôf troch de Burmania’s eksploitearre en bestjoerd. Der waard begûn mei it oanplantsjen fan bosken en de Burmania’s ha der ek in oefenskâns oanlein om dêr kriichsferrjochtings te beöefenjen. Spoaren dêrfan by de Beakendyk joegen koartlyn oanlieding ta rekonstruksje.

Efter it Blauwhuis stie de Slotpleats, wêrfan yn 1818 de earste stien lein waard. De pleats wie oant de ferbouwing yn 1922 ta as sadanich yn gebrûk. Dêrnei waard de buorkerij foar it echtpear Van der Goes-Van Harinxma thoe Slooten ferboud ta in lânhûs, dat sûnt 1986 in hoareka-funksje hat, en hjoeddei mei de omlizzende gebieten, yn eigendom is by Natuermonuminten. Yn it koetshús binne de VVV en it argeologyske stipepunt húsfêste.

Yn 1856 krige Bakkefean op ‘e Tsjerkewâl in eigen herfoarme tsjerke, in ienfâldige sealtsjerke mei in houten dakruter mei spits op de foargevel. Even fierderop stiet de út de 19e ieu datearjende houten skieppekoai, de ienichste yn Fryslân.

It wie al yn 1919 dat Bakkefean de status krige fan selsstannich doarp. It stie doe oan it begjin fan in nije ûntjouwing. De fariearde bosk- en heidegebieten yn de omkriten waarden ûntdutsen foar rekreaasje en toerisme. Lykwols is dêrnei yn it sintrum it karakteristike ferlaat mei brêge noch ferfongen troch in daam. Nei de oarloch is Bakkefean oan de noardeastkant sterk útwreide.

Balk is fan oarsprong in streekdoarp oan it wetter dat him ta in komdoarp mei in wat stedsk karakter ûntwikkele hat, in soarte flekke. It is frij sekuer om 1300 hinne begûn by de brêge oer de Luts yn it belangrike lânpaad fan Wikel nei Harich.

Fanwege de suvel groeide Balk. Fan de 15e oant de 18e ieu wienen Balk en Sleat de sintrums fan de bûterhannel foar de hiele Súdwesthoeke. De krusing waard it brânpunt; dêr wei krige de bebouwing oan beide kanten fan de Luts stâl. Mei namme nei it súdwesten ta wreide de bebouwing him behoarlik út. De sintrale posysje krige yn 1615 op it skarnier fan de delsetting, by de brêge oansluting mei in fraai riedhûs yn renêssânsestyl. It histoaryske sintrum fan Balk is oanwiisd ta beskerme doarpsgesicht.

Fan de twadde helte fan de 19e ieu ôf wreide it doarp him út by de wegen nei Wikel en Harich lâns, wêrtroch ‘t Balk de foarm krige fan in bajonet. Nei de oarloch binne flinke wenwiken oanlein oan de noard-, mar foaral oan de súdkant. It riedhûs op de hoeke fan de Dubbelstraat hat in hichte fan twa folsleine ferdjippings. It krige in elegante dakruter mei liedklok en oerwurken en oan de Dubbelstraatkant in heech tagongsbordes mei liuwen mei skylden. It meast opfallende oan dit represintative gebou binne de ankers mei safolle krollige fersierings, dat de stichtingsdatum yn 1615 amper mear te lêzen is. Op de oare hoeke fan de Dubbelstraat, tsjin it riedhûs oer, stiet it yn 1878 boude postkantoar yn eklektyske foarmen en in ôfrûne hoeke, einliks in Ljouwerter spesjaliteit. Arsjitekt wie dan ek Jacob Douma út Ljouwert. It gebou is yn 1989 restaurearre en fiif jier neitiid makke it diel út fan it gemeentehûs. Foar it riedhûs stiet oan de Luts in byldsje fan de dichter Herman Gorter, dy ‘t him oan ’e ein fan de 19e ieu by it skriuwen fan syn ferneamde gedicht “Mei” ynspirearje liet troch Balk.

Oan de Luts bleau alles wat lytsskalich omdat dêr net safolle huzen en bedriuwsgebouwen kommen binne mei mear as ien folsleine ferdjipping. Útsûnderings binne bgl. twa deftige wenhuzen mei ynswinkte halsgevels, skean tsjin mekoar oer oan de Luts. Beide wurde se treflik beheard troch de feriening Hendrick de Keyser. Oan wjerskanten fan it wetter is in keur oan fersoarge pânen út alderhande stylperioaden te finen.

De herfoarme tsjerke út 1728 past moai yn it strjittebyld fan de sletten bebouwing, mar falt op troch syn grutte omfang en mei it tuorke op de foargevel. Neffens it brânskildere rút is de bou fan de tsjerke begelaat troch master timmerman Roelof Saegman. Oan de oare kant stiet it yn 1852 boude meniste tsjerkje en fierder nei it westen ta de roomsk katolike Sint Ludgerustsjerke, in neo-goatyske, trijebeukige basilikale tsjerke mei in hege toer, boud yn 1883 nei in ûntwerp fan Alfred Tepe. Yn ‘e tsjerke binne skilderings fan Johannes Ydema en it grutte alter komt út de sloopte Michaëlskerk yn Swol.

Om 1925 hinne is yn it midden fan Balk in smelle izeren flapbrêge foar fuotgongers oer de Luts lein, dy ‘t yn 1994 fernijd is. Yn it westen leit in like âlde izeren flapbrêge mei fakwurk, dy’t de Erasmusstraat en de Wilhelminastraat mei elkoar ferbynt.

Der stiet op ‘e hoeke fan de Van Swinderenstraat in hotelkafee mei in pei fan om-ende-by 1900, dêr ‘t yn de bôgetrommels boppe de ruten mei tegeltablo’s yn de sjarmante Jugendstil de namme: Garage-, Stalhouderij-Hotel Teernstra te lêzen is.

Oan de oare kant fan it âlde Balk is oan it begjin fan de Dubbelstraat ek noch in aardich etablissemint fan likernôch 1890. Oan de Lytse Side yn it noarden riist in stoere eardere “coöperatieve veevoederfabriek De Volharding” op. De Volharding datearret út ein19e ieu en dêrnjonken stiet in direkteurswenning yn eklektyske styl. De suvelfabryk yn it westen is koartlyn tichtgien. Nije bedriuwichheid fynt men oan de westkant fan Balk.

Ballum is in iesdoarp dat yn de folle Midsieuwen ûntstien is. Yn de earste helte fan de 15e ieu is dêr de Jelmerastate stichte, yn de 16e ieu útboud ta de represintative residinsje fan de Heren van Ameland, de Cammingha’s. It stie oant 1829 ta op in dún, westlik fan it tsjerkhôf, om-ende-by it plak dêr ‘t no it gemeentehûs út 1972, útwreide yn 1998, stiet. It wie in gebou fan twa fleugels mei in hege belvedêretoer en twa poartetagongen, dy ‘t mei fraai renêssânsebyldhouwurk omfette wienen. Inkeld ien spoar is oerbleaun: de enoarme, troch Vincent Lucas ekselint byldhoude grêfstien, wêrop Wytso van Cammingha (ferstoarn yn 1552) yn wapenrêsting yn reliëf portrettearre is. De stien leit no op de flier fan it barehokje, eartiids nei alle gedachten yn de slotkapel. De Camminghastraat fiert nei it noarden ta: in brede, troch hege beammen en brede gersstroken omseame strjitte. Nei de sobere meniste sealtsjerke iepent de romte him by de trijesprong nei de Gerrit Kosterweg ta in brinkeftich gebiet. Dêr stiet earst noch wat âlde bebouwing en fierders slute de strjitten fan de doarpsútwreiding har dêrby oan.

De Camminghastraat slút syn perspektyf troch de doarpstoer, dy ‘t los stiet op de gersseame. De ankers jouwe it jiertal 1755 oan. Yn dat jier is de tsjerke boud as ferfanger fan de klokkestoel en yn 1870 noch ris mei twa en in heale meter ferhege. De kreas yn de roailine steande sealtsjerke út1832 fan de herfoarmen past mei har ynbannige karakter yn it doarpsbyld. Dit yn tsjinstelling ta it ynterieur wêr ‘t ien fan de fraaiste renêssânse preekstuollen fan Fryslân yn te finen is. De preekstoel is yn 1604 mei nissen mei skulpemotiven, blomstikken en evangelisaasjeboeken útsnien troch Claes Jelles foar de tsjerke fan Harns. Doe ‘t dy fernijd waard is it preekmeubel yn 1771 oankocht. De bebouwing hat fierder foaral in agrarysk karakter mei lytse pleatskes en kenmerkjende Amelanner huzen mei flechtings yn de geveltoppen, friezen en oare fersierings. Alles mei-elkoar foarmet it ien en oar in byld dat nettsjinsteande de druk fan it toerisme, ridlik geef bleaun is.

Bantegea is in jong streekdoarp, dat om 1900 hinne yn de grutte ferfeane en yn kultuer brochte fjilden, súdlik fan Eastersee ûntstien is. Nei de oarloch krige it de doarpsstatus. De namme krige it fan in doarp, dat in ein súdwestliker lei, en dat om-ende-by 1700 ferdwûn is.

It belangrykste part fan dit jonge streekdoarp is winkelheakfoarmich. Dêr kamen de tsjerken en skoallen en nei de oarloch ek nochal wat arbeiderswenten. Oan ‘e eastkant strekt him it buorskip Bandsleat oan de Skoatter Uterdiken ta út, in lege polderstrook dy ‘t ea by de gemeente Skoatterlân (letter It Hearrefean) hearde. Noardlik fan de kearn lizze in pear buertsjes by de dwersdiken fan de haadrûte lâns: de Landmansweg en de Kommisjepôle, in buorskip by it feartsje by de Uitgangen en mei namme de Otterwei, dat as in apart buorskip beskôge wurde kin.

Súdlik fan Bantegea lizze útfeane en ta greidlannen yn kultuer brochte fjilden. Hjiryn binne restanten te finen fan “Het Huis te Velde”. In grut rjochthoekich bûten, dêr ‘t de Middenweg dwers troch hinne rint. Yn it midden dêr stean wer twa pleatsen rjocht tsjin elkoar oer. De eastlike dêrfan “De Koaipleats”, hat hjir en dêr noch wat monumintaliteit.

Opmerklik is dat it gebiet min of mear yn fjirdeparten dield wurdt troch flinke leanen mei struken en beammen. Se rinne elk net oer de folle lingte troch, wêrtroch ‘t it grutskalige, parkeftige kûlisselânskip alluere krijt. Op de gritenijkaarten yn de Schotanus-atlas (1718) stiet it bûten oanjûn. It karakter fan ieuwen her is noch goed te sjen. De Skoattersyl, neamd nei de gritenij dy ‘t de âlde útwetteringsslûs yn behear hie, wie oan 1580 ta in wichtige slûs yn de Tsjonger. Doe waard op de grins fan Weststellingwerf de nije Slikenboargersyl boud. Mar doe ‘t nei de dyktrochbraken yn 1702 it oanlizzen fan de Statendyk needsaaklik wie, moast fan de Nije Skoattersyl ek in skutslûs makke wurde. De slûs is fernijd yn 1902. Der is wat bebouwing by groeid, mei û.o. in kafee en in wat krappe kamping, dy ‘t mei namme yn trek is by fiskers.

It terpdoarp Bears leit in ein it lân yn en wie earder foaral ûntsletten troch de Jaanfeart, dy ‘t yn in bôge troch de greiden rint. No is Bears fan de eardere Middelseedyk ôf, de Hegedyk, mei twa smelle diken ûntsletten. Hjirtroch krige it doarp in U-foarm.

By de krusing fan de Hegedyk leit in ienfâldich buorrentsje oan beide kanten fan de noardlike earm fan de Bearsterdyk. Nei de kearn ta stean in pear flinke pleatsen en nei de bocht ta in rige, meast frij lege, frijsteande huzen, allinne oan de westkant.

Ek by de oare earm stiet wat bebouwing. Op ‘e hoeke, by in sydpaad stiet d ‘Âld Skoalle fan 1865, dy ‘t yn 1922 noch ris ferboud is en no tsjinnet as doarpshûs. It paad fiert nei de stinzepoarte fan Uniastate. De state is healwei de 19e ieu sloopt en yn 1998 op in eigensinnige wize rekonstruearre. Uniastate wie in L-foarmich gebou mei in slanke treptoer yn de oksel. It poartegebou is yn 1616 boud fan giele stientsjes. De topgevels krigen in rolwurk-silhûet en boppe de souderfinsters kamen dowegatten. Nei de sloop fan de state stie de sjarmante poarte wat ferlern yn it lânskip. De kontoeren fan de state binne okkerdeis, nei argeologysk ûndersyk, op it werynrjochte romme fjild as in stielen staketsel op ‘e nij delsetten om sjen te litten hoe as it gebou der destiids sawat útseach.

It twadde paad, it Tsjerkepaad, fiert nei de tsjerke op in net al te heech restant fan de terp. Om it hôf hinne sjogge we in stek fan getten izer, in seame mei iperen beammen en in grintpaad. De toer is yn 1858 oplutsen fan giele stientsjes en hat in ynsnuorre spits. De betiid-goatyske tsjerke datearret út de 13e ieu en krige yn de 14e ieu it koar. It oarspronklike muorrewurk fan giele moppen is oan de noardkant noch sichtber. De fraaie ynrjochting is foar it grutste part út de 18e ieu.

Beetstersweach is in streekdoarp, ûntstien op in sânrêch dy ‘t fan Âld Beets oer Beetstersweach rjochting Drachten rint. It is fan’t westen, fan Beets út útgroeid ta in delsetting dêr ‘t adel en patrisiaat harren bûtens bouwe lieten. Yn 1622 neamde Pier Winsemius it : “een clein dorp in zijn begrijp, tamelyck vruchtbaer, maer verciert met een schone wei behuysde ende bestrate gebuyrte “. Yn alle gefallen stienen dêr yn ‘e twadde helte fan de 17e ieu al fjouwer bûtens.

Oan it ein fan de 18e ieu is Beetstersweach it fernaamste doarp en dêr stekt deTegenwoordige Staat van Friesland de loftrompet oer : “Beetsterzwaag, een aangenaam en vermaaklyk Dorp, is van rondom met allerlei geboomte beplant en heeft een zeer schoone en bestraate buurt, waarin vercheiden treflyke huizen gevonden worden, onder welke nogthans uitmunt het schoone gebouw, dat is gesticht door wylen den Heere Martinus Fokkens, weleer Grietman van Opsterland, staande op het Westeinde ten Noorden van de buurt. Niet verre van daar zag men ook, in voorige dagen, een schoon huis, voorzien met een ruim Hornleger, beplant met voortreflyke Eiken boomen, doch die voor weinige jaaren zijn uitgeroeid, terwyl ook ‘t huis zelf thans van zyn voorig aanzien versteeken is, het draagt den naam van oud Fokkens en tegen over ‘t zelve staat ook nog een aanzienlyk en aangenaam gebouw, dat weleer bewoond werd door den Heere Saco van Teiens, in leeven Gedeputeerde Staat ten Landsdage. Wylen de Raadsheer Ayso van Boelens heeft hier ook veele jaaren gewoond op een schoone plaats”.

Yn 1788 stie de tsjerke al oan de noardkant fan de hjoeddeiske Hoofdstraat. Ek folle westliker, yn Ald Beets, stie in tsjerke. Der wurdt wol in reden neamd wêrom’ t de elite krekt foar dizze streek kiest : “ Men heeft hier omstreeks zeer vermaaklyke wandelwegen, onder den lommer van ‘t bladryk geboomte, alwaar men, op zynen tyd, door ‘t aangenaam geluid van allerlei gevogelte, en vooral door den helklinkenden Nachtegaal vervrolykt wordt.”

Leanen en fersprate boskjes fûn men doedestiids al yn Beetstersweach, mar fan it begjin fan de 18e ieu ôf, begûnen de grutgrûnbesitters bosken oan de plantsjen op de heide en mear rendearjende lânderijen. It doarp ûntwikkele him ta in deftich doarp foar de elite. By de âlde Heerenweg lâns wie yn de kearn sletten bebouwing ûntstien en oan de west- en eastkant stienen de bûtens yn farieard oanleine lânguodden.

Doe ‘t yn 1804 in nije tsjerke boud wurde koe, kaam dy wer op itselde plak, efter de bebouwing fan de Hoofdstraat. De tsjerke is in kloeke, ienfâldige sealtsjerke, mei in trijekantich koar en in toer mei in achtkantige spits en in liedklok út 1739. Yn de 20e ieu is der in konsistoarje bij oanboud.

Oan de westkant fan de Hoofdstraat stiet it út 1839 datearjende neoklassicistyske, eardere gritenijhûs dat yn 1909 ferhege is foar it kantongerjocht. Noch westliker stiet Fockensstate, in neitins oan de âldste fêstiging fan de elite. It âlde Fockensstate waard yn 1878 ôfbrutsen om dêrfoar yn it plak in foarein fan in buorkerij, nei in ûntwerp fan Luitje de Goed, del te setten. Dêr yn ‘e buert is yn 1822 Lyndenstein boud, dat letter in bernesikehûs waard en dêrta yn 1917 ferboud waard. It bûten hie in oertún fan Lucas Roodbaard.

Oan de eastlike flank fan de Hoofdstraat stiet it yn 1824 stichte Lycklamahuis mei in koetshús, dat ferskate kearen feroare is en no diel útmakket fan it gemeentehûs. Ek by dit aadlike hûs hearre tunen; yn de oertún steane kassen út de 19e ieu. Troch de frij sletten lintbebouwing fan de Hoofdstraat ha de útwreidings fan nei de oarloch – earst yn it suden en letter grutskaliger yn it noarden – ferbinings krigen dy ‘t in steech-karakter ha. Sa liket is dat de fariearde bebouwing amper ûnderbrutsen is.

Bûten de kom fan it doarp lizze, de eastkant út, Harinxmastate, dat noch altyd yn famyljebesit is en Huize Olterterp, it haadkantoar fan It Fryske Gea. Se lizze, krektlyk as Lauswold yn wrydske parken. Lauswold hat in fername, deftige hoarekafunksje krigen.

Berltsum is in terpdoarp mei in wat stedsk karakter. It is yn it begjin fan de jiertelling ûntstien op in wâl by de mûning fan de Ryd yn de Middelsee. De delsetting is in kombinaasje fan twa doarpen, dy ‘t ticht byelkoar lizze: Tutgum en Berltsum. It lêste ûntwikkele him ta in grutte hannelsdelsetting by de Ried lâns. Dêrtroch liet it in struktuer sjen lyk as ferskate oare stêden. Ek hat Berltsum in begin fan stêdsrjochten kend.

Berltsum is al lang in sintrum fan túnbou en hofkerij fan lytsskalige túnkersbedriuwen. Al yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1786 as karakteristyk beskreaun dat “er geen boerderijen in het dorp zijn” en “het Meerendeel der huizen maakt eene dubbele streek. Oost- en Westwaarts loopende, doch daarenboven zyn er eenige kleine bystraatjes, die, gelyk de Hoofdstraat, ten groote deele wel gevloerd zyn. Aan den Noordkant, achter de buurt, loopt de Ried of vaart van Franeker naar Berlikum te niete, tegen den ouden Zeedyk, en wordt daar nog heden de Haven genoemd, te gedachtenisse van de oude uitvaart in de Middelzee.”

De lange en yn hichte wikseljende streek, de Buorren, hat in frijwat fariearde en sletten bebouwing. Hjir en dêr wurdt it trochbrutsen troch iepenings nei sydgebieten, sa as it nijsgjirrige hoekje by It Dok, in dimpt haventsje mei loswâl. Parallel oan de Buorren is yn 1857 in keunstdyk oanlein fan Berltsum nei Frjentsjerteradiel, dy ‘t yn it doarp sels de Hofsleane hyt. Dêr is sûnt dy tiid sa stadichoan bebouwing oan groeid. Oan dizze Hofsleane – en oan de dwersstrjitte Nijebuorren - is yn 1917 en 1920 ek de earste folkshúsfesting ta stân kommen. Fuort nei de oarloch krige it buertsje fan de Molestrjitte stâl. Oan de súdkant fan de Hofsleane kaam nei de oarloch in flinke doarpsútwreiding. Yn it noarden waard op de eardere Middelseedyk, destiids de Hoogedyk neamd, yn 1853 in grintdyk nei Bitgum oanlein.

Yn de twadde helte fan de 19e en de earste tsientallen jierren fan de 20e ieu is oan wjerskanten fan dizze (Bitgumer)dyk lintbebouwing kommen, mei as resultaat in freonlike ynkomst oan dy kant fan it doarp. Op de krusing fan dizze dyk en de dyk nei St. Anne waard yn 1889 de molkfabryk boud. Noardlik dêrfan stie oant 1747 ta Hemmemastate fan de adelike famylje, dy ‘t net allinne grytmannen foar It Bilt levere, mar ek belangrike gesachsposysjes útoefenen. Oan it westlike ein fan de buorren stiet de herfoarme tsjerke op in heech hôf. It is in achtkantige sintraalbou mei fjouwer rjochte en fjouwer bol bûgde wanden, in koepeldak en in houten klokkekoepel. De tsjerke is yn 1777/79 boud yn Loadewyk XVI-styl, ûnder lieding fan Willem Douwes, stedsboumaster fan Harns. Fan binnen út wurdt de grutte koepel droegen troch in fjouwerkant fan slanke pylders. De tsjerke wurdt flankearre troch de út 1863 datearjende pastorije, in neoklassicistyske wenning mei middengong en de yn 1908 yn in aparte mingstyl fan neo renêssânse en fernijende styl boude konsistoarje.

De meniste tsjerke oan de oare kant fan it doarp is in neoklassicistyske sealtsjerke út 1841. Tichtby it doarp is de túnbou ûnmiskenber oanwêzich. Dêr waard yn1786 al melding fan makke : “Thans is Berlikum een der vermaaklykste kleidorpen, wegens de groote menigte van hovelingen, beplant met alleleye vruchtboomen, die de buurt van alle kanten omringen (...) : de menigvuldige appelen, peeren, bezijen en andere boom- en aardvruchten, die hier, by gunstige jaaren, in groote menigte wassen (...), verschaffen aan de inwooners van dit dorp een voornaam deel van hun bestaan, gelijk ook de aardappelteelt, die hier (...) voor dertig of veertig jaaren begonnen is en nog steeds aanwint.” Útsein it kweken fan fruit waarden op in soad túnkersbedriuwen winterwoartels, sipels en koalrapen ferboud. Letter ek noch tomaten, fijne griente, betide jirpels en poaters. Yn 1899 kaam der in feiling en waard der in feilinggebou boud oan de Berltsumer Feart. De feiling is saneard, mar de túnbou is noch altyd fan belang; de glêstúnbou is sels in groeisektor.

Bitgum is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is op en kwelderwâl, fuort westlik fan de Boarn of Bordine, dy ‘t him yn ‘e Midsieuwen ferbrede hat ta de Middelsee. It wie in grutte en frij hege terp dêr ‘t de bebouwing him ta healwei de 19e ieu konsintrearre, mar ek oan de westlike seame en oan de dyk oan de eastkant kaam wol wat bebouwing. Noch fierder nei it súdeasten ta groeide de buert by de mole út ta it streekdoarp Bitgummole.

Tusken it doarp en dizze buert hat oant 1879 ta it omgrêfte Groot Terhorne of Martenastate stien yn in grut tunenkompleks, ien fan de grutste staten fan Fryslân. Nei de Martena’s wenne dêr de adelike famylje Thoe Schwartzenberg en Hohelansberg. As neitins is der yn de tsjerke in fraaie epitaaf fan sânstien, oan de grûnlizzer fan de Fryske staach: Johan Onuphrius Schwarzenberg (ferstoarn yn 1584) en syn frou Maria von Grombach (ferstoarn yn 1564). It is in maniëristysk monumint dêr ‘t Dirck Lieuwes oan begûn en dat om 1615 hinne ôfmakke is troch Jelle Claesz. Op it plak fan de state binne no de sportfjilden en tunen.

Bitgum is in nochal deftich doarp, wat yn ‘e buorren te sjen is oan de rige notabele wenten út de twadde helte fan de 19e ieu, meastal mei in middengong. De fraaiste is de pastorije op nûmer 28; in folslein neoklassicistysk pân fan om-ende-by 1850, mei in doarrelistwurk flankearre troch komposite pilasters en in dakkajút mei in trijeliddich serlianafinster.

Op en oan de râne fan it doarp binne yn 1915 fierder ek al arbeidershuzen boud. Oan de Jonkersleane seis en oan de Frânskeleane sechtsjin tige kreas fersoarge twa-ûnder-ien- kapewenningen. Nei de oarloch waard dat fuortset mei rigen tradisjonalistyske huzen oan de Hillige Kamp en de Hemmemastrjitte (1948).

De oan de Sint-Martinus wijde tsjerke is yn goatyske styl yn 1669 ferboud en hat moai 17e-ieusk meubilêr. De toer is yn de 16e ieu oplutsen yn giele en reade bakstien en is foarsjoen fan rûnbôgenissen.

Bitgummole is in streekdoarp dat út in buorskip by Bitgum by de âlde Middelseedyk lâns ûntstien is. Yn de 17e ieu leinen der twa buerten eastlik fan Bitgum: “Bij de Molen” en even fierder “Dyksterhuzen”. Bitgum en syn buorskippen wienen ûntsletten troch in systeem fan fearten dy ‘t ek Ingelum en Marsum rjochting Harnzer Trekfeart oandienen. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1786 dat oan de eastkant fan Bitgum te finen binne: “Voorts eenige huizen, die de Hameren heeten. Nog wat Oostelyker vindt men de molenbuurt en koornmolen, die weleer ten zuiden van den Dyk stond, doch thans aan den Noordkant op Bildtgrond is verplaatst; de oostelyke huizen heeten de Dyksterhuizen (...). Alle deeze buurtjes vindt men aan den meergemelden Oude Zeedyk, die tot aan de Kerk toe, ter wederzyden, zeer vermaaklyk met geboomte is geboord”.

Yn de 19e ieu groeie de buertdoarpen út ta in streekdoarp, dat trouwens pas yn 1963 dizze selsstannige status krige.

Oan de J.H. van Aismawei steane inkele notabele wenningen mei middengong. Se binne yn it lêste part fan de 19e ieu yn in dekorative mingstyl styl boud. Herberch Groot Terhorne – de namme is ûntliend oan de yn 1876 sloopte, kastieleftige state tusken Bitgum en Bitgummole – is yn de earste helte fan de 19e ieu yn neoklassicistyske styl boud, mei as meast opfallend aspekt de mei Toskaanske pylders yndielde ûnderkant. Oan de noardkant fan de dyk stiet, even bûten de roailine, de yn 1925, nei in ûntwerp fan Ane Nauta boude grifformearde tsjerke. Ek is doe de pastorije boud. Oan de krústsjerke is in frijwat ekspressive foarm jûn en oan de súdkant is in flinke toer boud mei geveltoppen en in nullespits.

Yn Dyksterhuzen stiet op nûmer 32 in monumintale kop-hals-romppleats fan om-ende-by 1870. It foarhûs hat in omliste yngong mei Ioanyske pilasters. Nei de oarloch is de streek oan de súdkant, De Hammeringen en omjouwing, en yn it noarden, earst de Lytsedyk en dêrnei It String en omkriten, útwreide.

Blauhús is in jong streekdoarp oan de Himdyk dat earst yn 1950 de doarpsstatus krige. Doedestiids wie it al folle langer en grutter as in soad oare doarpen yn de omjouwing. De oarsprong is it mei blauwe pannen dutsen polderhûs fan de yn1632 droechleine Sensmar. Yn dit polderhûs kaam yn 1651 in preester te wenjen. Hy luts minsken oan, dy ‘t it âlde leauwen trou bleaun wienen. Sadwaande groeide dêr al gau in roomsk-katolike mienskip om it blauwe hûs hinne. Út de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 blykt dat him doe oan de westlike marzje fan Wymbritseradiel al in oansjenlik buorskip foarme hie. De droechleine Sensmar en Atzebuorster Mar súdlik fan de Himdyk binne ek yn de atlas oanjûn. Blauhús waard in katolike enklave, mar ek yn de buordoarpen Greonterp, Dedzjum en Hieslum wienen de roomsk-katoliken goed fertsjintwurdige.

Blauhús wie oan it ein fan de 18e ieu al in aardich grutte delsetting, wêrfan it noardlike part by Wolsum yn Wymbritseradiel hearde en it súdlike by Greonterp yn Wûnseradiel. Lykwols waard it yn de Tegenwoordige Staat van Friesland, nóch selsstannich, nóch by dizze doarpen neamd. By de beskriuwing fan de Himdyk wurdt it buorskip allinne neamd. Op de kaart fan Eekhoff út 1851blykt al dat de buert groeid wie en dat Blauhús in tsjerke hie.

De groei sette echt útein yn it lêst fan de 19e ieu. De Blauhústers lieten doe in triomfalistyske tsjerke bouwe. It waard in mânske krúsbasilyk mei in hege toer, dy ‘t in karakteristyk silhûet oan it doarp joech. It waard yn 1868/71 de earste neo-goatyske tsjerke dy ‘t de ferneamde boumaster Petrus Cuypers yn Fryslân boude. De tsjerke hat ûnder de krúsribbeferwulven op in alternearjend stelsel fan kolommen en pylders in kleurige, oarspronklike ynrjochting. Nei de bou fan de tsjerke ûntwikkele Blauhús him ta in folweardige delsetting mei û.o. in skoalle en in âldereinsintrum.

Blesdike is in streekdoarp dat yn de lette Midsieuwen ûntstien is op in sânrêch oan wjerskanten fan de dyk fan Oldemarkt nei Noardwâlde. Op de gritenijkaart fan Weststellingwerf fan Schotanus út 1716 is te sjen dat eastlik fan de tsjerke de huzen en pleatsen noardlik en yn it westen de gebouwen krekt súdlik fan de dyk by in fuotpaad lâns stean.

De Tegenwoordige Staat van Friesland meldt yn 1788 dat it grutte doarp oan de westkant oan Oerisel grinze mei in wetterskiedende dyk en oan de eastkant fan it doarp Pepergea ôfskieden wie troch it streamke Blesse. Op dat plak ûntstie in buert. “Verder Westwaarts vindt men de boereplaatsen deezes Dorps, alsook de Kerk met een dikken en stompen kloktoren, aan den reeds gemelden Buitenweg; alleen met dit onderscheid dat de huizen, behalven de gemelde buurt ten Oosten der Kerk aan den Zuidkant van dien weg, alle zeer aangenaam in ‘t geboomte gelegen zyn.”

Nei it suden ta lei de Blesserheide en yn it noarden rûnen de doarpslanderijen oan de Linde ta, dêr ‘t se “voor overstroomingen van dien vloed beveiligd worden door den Lindedyk”. In ôflitbrief út 1446 tsjûget derfan dat der in kleaster fan susters tertsiarissen bestien hat. Nei ‘t yn 1828 de rykswei fan Ljouwert nei Swolle oanlein wie, groeide de buorren fan Blesdike út ta in doarp.

De âlde tsjerke is wijd oan Sint-Nicolaas en is mei de “stompe toren” nei alle gedachten in sealdaktoer west. Nei de troch de biskop fan Utert opdroegen brânstichting is de tsjerke yn 1413 opnij boud. It gebou is yn 1836 fanwege de âlderdom ynstoarten. Yn 1843 is de hjoeddeiske tsjerke mei in trijekantich sletten koar en in houten geveltoer boud. Der lizze trije 17e-ieuske sarken fan de famylje Lycklama à Nijeholt. Oan de eastkant stiet oan de Markeweg in stjelpbuorkerij mei wenhûs yn treflik fersoarge ekspresjonistyske foarmen, nei in ûntwerp fan J. van Ommen. Oan deselde dyk is in boarch yn oanbou nei in (romantysk) model.

Blessum is in terpdoarp dat yn de betide Midsieuwen ûntstien is westlik fan de Middelsee. It doarp is troch de Blessumer Feart nei it noarden ta ûntsletten rjochting Harnzer Trekfeart, no Van Harinxmakanaal. Oer de dyk koe en kin it doarp allinne fan it easten út oer de Blessumer Feart berikt wurde.

Yn de moderne tiid is de isolearre en dus rêstige lizzing fan it doarp sterker wurden. Yn it noarden is yn 1863 it spoar Ljouwert-Harns oanlein en yn it lêste part fan de 20e ieu, eastlik fan it doarp, de Westergoawei mei ferkearspleinen.

By Blessum ha yn it ferline twa staten stien. Oan de súdkant de yn de 18e ieu ôfbrutsen Wissemastate, wêr ‘t de stinzepoarte fan oant 1809 noch bestie. Oan de westkant fan Blessum stie de 15e-ieuwske Ringiastate, in state yn de foarm fan in represintative buorkerij. Ek dizze state waard sloopt. Op beide plakken fan dizze staten binne nije pleatsen ferriisd. Op it terrein fan Ringiastate barde dat yn1823. Oan de kant fan de Buorren is in âld oantinken oan de state bewarre bleaun. It binne homeiepeallen út it begjin fan de 18e ieu. De fjouwerkante pylders binne cannelearre, mei groeven en se drage byldhoude fazen yn barokke foarmen. De skildereftige Buorren hat in seame fan linebeammen kend, dy ‘t letter ferfongen binne troch oare beammen, mar om it tsjerkhôf hinne steane se noch wol.

De oan Maria wijde tsjerke datearret gruttendiels út de 14e ieu. Dat is te sjen oan de noardmuorre mei betiid-goatyske spitsbôgefinsters en it koar mei in trijekantige sluting. De tsjerke is om 1500 hinne fernijd en doe kaam der in yngong mei in omlisting fan siermitselwurk, ferdraaide kolonetten en in lytse byltenis. De súdlike gevel is gruttendiels fernijd en foarsjoen fan grutte rûnbôgefinsters. De kloeke toer hat wierskynlik noch in kearn út de 13e of it begin fan de 14e ieu. Hy krige yn 1879 in ommitseling en der waard in ynsnuorre spits op oanbrocht. Yn it ynterieur falle de skildere draperieën om it oargelfront hinne op. It evenwichtige tsjerkemeubilêr is út de 19e ieu.

Blije is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar de jiertelling op in kwelderwâl ticht by de kust ûntstien is. It meast ier wurdt Blije neamd yn in libbensbeskriuwing fan abt Fredericus van Hallum út de 13e ieu. Lyk as de measte oare doarpen yn noardlik Ferwerderadiel en noardwestlik West Dongeradiel, is Blije nei it suden ta oer it wetter ûntsletten troch de lange Blijer Feart rjochting Dokkumer Ie, dy ‘t in letter dimpte haven tichtby de kearn hie. Dizze ferrûn winkelheakfoarmich en dat is oan it brede profyl fan de hast plein-eftige Hoofdstraat – mei de herberch – en it earste stik fan de Stationsstraat te erfaren. Boppedat leit Blije yn in opfallend web fan paden en wegen. By de doarpshaven en oan de Voorstraat kamen konsintraasjes fan bebouwing te stean. Frij wat mear nei it suden ta leit noch altyd it oansjenlike buorskip Farebuorren oan de Blijer Feart.

De terp is oan it ein fan de 19e ieu gruttendiels ôfgroeven. De tsjerke mei it hôf binne oan it ringfoarmige paad ta, dizze ûntmanteling besparre bleaun. Op dit net al te hege terprestant stekt de tsjerke no op in spannende posysje boppe de legere bebouwing fan de Voorstraat út en is allinne te berikken troch in pear smelle trochgongen. Út de struktuer fan no is amper te sjen hoe as de sitewaasje fan de terp yn de midsieuwen wie.

De mânske doarpstsjerke wie wijd oan Sint-Nicolaas. De toer mei sealdak en in oerwulve ûnderste romte is boud yn de 13e ieu; de bekroaning is wierskynlik yn 1741 oanbrocht of ferfongen. De letGoatyske tsjerke is ienbeukich en is om 1540 hinne as ferfanger fan in âldere tsjerke boud. It skip hat steunbearen en it koar hat in fiifkantige sluting. Yn de tsjerke fine we meubilêr út it begjin fan de 18e ieu en inkele besûndere sarken út de renêssânse, wêrby in portretsark troch Vincent Lucas.

Blije kaam te lizzen oan it lokaalspoar en oan de súdkant stiet, oan de râne fan de doarpsbebouwing it noch aardich geve stasjonsgebou út 1901.

It terpdoarp Boazum leit tusken de âlde Slachtedyk en de spoarbaan út 1883. Boazum is in middelgrut, kompakt en sfearfol doarp. It hat in moaie kolleksje notabele wenningen en in tradisjoneel doarpskafee. De huzen steane diels ferspraat om de doarpsterp hinne, mar ek rjochte by de noardeastlike útfalsdyk lâns. Dat is de Hegedyk dy ‘t foar in part Waltadyk neamd is en dêr ‘t ek it eardere skoallegebou en it ferboude doleânsjetsjerkje stean. Op de hoeke fan de Tanialeane stiet yn in romme tún in karakteristike notabele wenning út 1846.

De Hegedyk liket der al ieuwen te lizzen, mar is krekt yn it lêst fan de 19e ieu oanlein. De tsjerke is besûnder situearre oan de noardlike râne fan de doarpskearn efter in mei grien omfieme binneplein dat fan de trochgeande dyk neist de eardere doarpsskoalle ôf te berikken is troch in strjitsje mei oan beide kanten in sletten, skildereftige bebouwing. Njonken de tsjerke leit in flink grutte dobbe en eastliker bestiet de bebouwing út frijsteande huzen en in kop-hals-romppleats. It liket wol of ‘t dy hjir sûnder doel telâne kommen binne.

It tsjerkegebou is yn de twadde helte fan de 12e ieu yn ienfâldige romaanske styl fan dowestien boud. De sealdaktoer fan bakstien is in stik jonger. Hy hat twa rigen galmgatten boppe mekoar; hy is dus nei de bou noch ris in kear ferhege. Nei it skip sûnder fersierings mei lytse rûnbôgefinsters folget it nochal wat ynspringende koar. De faksinearjende oerwulving fan de koarsluting is it bêste yn de tsjerke te ûnderfinen; in prachtich detaillearre koepelferwulf. De bakstiennen rûnstaafribben hawwe steun fan kolonetten fan rôze sânstien en binne libbendich, yn ferskate kleurige patroanen dekorearre. Ek de finsters fan it koar wurde fraai flankearre troch kolonetten mei ringen fan rôze sânstien. Op de sluting fan it ferwulf sit in 13e-ieusk e skildering: de Kristusfiguer troant dêr mei fjouwer symboalen fan de evangelisten. Kristus hat op dizze ôfbylding gjin burd; de foarstelling giet werom nei gâns wat âldere Kristusfoarstellingen dan dy út de 13e ieu. Útsein dizze seldsume ferwulfskilderingen is der yn de tsjerke in opmerklike samling sarken út de iere renêssânsetiid.

Boelensloane is in jong heidedoarp by de kjersrjochte Boelenswei lâns, yn it ferline Heidelaan neamd. Oant healwei de 19e ieu bestie de delsetting út ferspraat op de ôffeane heide steande spitketen, heidehutten en sels hoalen dêr ‘t in oansjenlik oantal earme bewenners yn húsmanne. It doarp hearde by Surhústerfean en waard de Feansterheide neamd. De namme Boelensloane is ûntliend oan de wei, oant 1900 ta bleau it in sânpaad, dy ‘t de heide ûntslute en neamd waard nei de famylje Boelens. Leden fan dizze famylje binne yn de 17e ieu siktaris en grytman fan Achtkarspelen west en hienen nei alle gedachten belangen yn de ferfeanings.

Nei it stichtsjen fan in tsjerke healwei de 19e ieu krige it doarp sa stadichoan in komfoarm; dizze ûntwikkeling sette yn de 20e ieu sterk troch. Mar likegoed is it heideferline fan Boelensloane noch dúdlik te erfaren. Yn de hiele súdlike punt fan Achtkarspelen is by de wegen lâns, de eardere sânpaden, en yn de ferfeaningswiken noch fersprate bebouwing fan wenten en pleatskes, soms yn streekjes, te finen. Allinne it eastlike part fan dit gebiet, Wyldfjild en omkriten, wurdt administratyf by Surhústerfean rekkene, it oare is Boelensloane. Men soe it dêrtroch in doarps-archipel neame kinne fan in flinke kom en in grut tal bebouwings- eilantsjes, dy ‘t sels yn de 20e ieu noch ympulzen krigen troch fersprate folkshúsfesting út it lêst fan de tritiger jierren oan de Spekloane, De Trije Roeden, De Fjouwer Roeden en de Bethlehemsreed. It lêste delsettinkje fan fjouwer wenten tsjin de grinzen fan it doarp Houtigehage yn de gemeente Smellingerlân oan, soe útwreide wurde, mar dat is der troch it útbrekken fan de oarloch net fan kommen.

Yn 1851/1852 is de tsjerke boud en al gau dêrnei waard der ek ûnderwiis jûn. Der kamen sels twa skoallen. De tsjerke dy ‘t oan de súdlike râne fan de doarpskom op in rom hôf stiet, is in freonlik sealtsjerkje mei in dakruter op de foargevel. It gebou is net mear as tsjerke yn gebrûk, mar as aula. Tsjin de tsjerke oer stiet it karakteristike “Volksgebouw” út de tritiger jierren.

It terpdoarp Boer leit oardel kilometer fan Doanjum ôf en mei dit doarp en it mear eastlik lizzende doarp Ried op deselde kwelderwâl. In pear pleatsen en inkele huzen, û.o. in âlde pastorije, foarmje it doarp.

Boer leit even noardlik fan de Dongjumerweg dy ‘t de doarpen ferbynt. It doarp hat in eigen yn- en útreed. Efter it doarp lâns rint de Ryd, mei de eardere namme Riedstroom, in oerbliuwsel fan in slinke út de tiid dat Fryslân noch gjin bediking hie. It doarp leit midden tusken boulân en greiden yn. De kearn fan Boer is beskieden, mar der heart wol de eardere pastorije by, westlik fan de tsjerke en op de terp. De tsjerke is in bakstiennen gebou fan om it jier 1500 hinne mei in sydgevel mei dowegatten yn de top. Ynwindich hat de pastorije, dy ‘t no as wenhûs brûkt wurdt, âlde balken mei kaaistikken mei parkraalprofyl en oerwulve kelders. Fansels stiet de tsjerke noch yn it midden fan de losse bebouwing. De romaanske tsjerke, ea wijd oan de Hillige Maagd, liket yn har bepleistere gedaante noch hielendal net sa âld, mar troch de ruïneuze steat en it hieltyd wer oplaapjen, skimerje de âlde moppen hjir en dêr troch de mantel fan pleisterwurk hinne. Boppedat is it sealdak fan de westtoer letter ferfongen troch in spits. It gebou hat in wat ynspringend, rûnsletten koar, letter pleatste steunbearen en útkragings ûnder de goate. De tsjerke hat in preekstoel mei wrongen hoekpylderkes en in dekoratyf útsnijd kwabornamint fan ûngefear 1665. Op in kartouche stiet de namme I. v. Kingma, fermoedlik de skinker fan it meubel en mooglik deselde Ignatius van Kingma, dy ‘t ek yn Sweins spoaren efterliet. Út deselde tiid (1664) datearret it fraaie tagongspoartsje. It hat net altyd yn de tsjerke sitten, mar komt fan Elgersmastate, eastlik fan de tsjerke, dêr ‘t no in flinke pleats stiet. Pilasters mei slingers fan blommen, fruchten en skulpen steane oan wjerskanten fan de yngong en drage mei konsoles de kroanlist mei fronton en in pynappel yn top, op de skouders stean wapens dragende liuwen.

Boyl is in streekdoarp fan wierskynlik letmidsieuske oarsprong. It leit yn de úterste eastlike punt fan Weststellingwerf. Boyl hat tusken de doarpen Aldeberkeap en Nijeberkeap yn it noarden en Drinte yn it suden in frij útstrekt doarpsgebiet, dêr ‘t ek de buorskippen Boekelte en Riesberkaampen yn lizze. Ek bûten de nochal ticht beboude kearn stiet oan wjerskanten fan de Boylerweg frijwat bebouwing fan buorkerijen en wenningen. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet dizze dyk nei it easten ta noch net oanjûn; dêr wie doe noch heide. De buorskippen “Rijseberkamp”en “Boekholt” bestean dan al. Yn it lêste stean sawol in “Koorn molen” as in “Vul molen”oanjûn.

De Tegenwoordige Staat van Friesland meldt yn 1788”: “Boyl of Beuil, in ‘t Zuidoosten der Grietenij naast aan Ooststellingwerf gelegen, strekt zich Noordwaarts uit tot aan de landen van Olde- en Nije Berkoop en Oostwaarts tot aan die van Elslo; dit Dorp heeft een kerkje zonder toren aan den rydweg naar Dieveren, zynde de huizen ter wederzyden in ‘t geboomte verspreid. In ‘t Noorden en Noordoosten behooren hier onder de buurtjes Boekholt en Rysberkamp, in welke laatste een Korenmolen plag te staan.”

De tsjerke stiet net oan de dyk nei Diever, mar wol by de trijesprong oan de noardkant fan de Boylerweg. It godshûs is, oan de gevelankers te sjen, boud yn 1617. Oare boarnen jouwe 1641 oan, mar it gebou ferfangt in âldere tsjerke, dy’t oan Maria wijd wie. De sealtsjerke sûnder toer mei in trijekantige koarsluting en oerhoeks pleatste steunbearen stiet op in ferhege tsjerkhôf mei rûnom hagen. Ticht tsjin de tsjerke oan stiet in klokkestoel. Dizze hat in sealdak en draacht in klok út 1399. De klokkestoel stiet hjir yn elts gefal al fan 1696 ôf en is in pear kear fernijd.

Oant yn de tritiger jierren ta binne der oan wjerskanten fan de Boylerweg wenningen bykommen. Nei de Twadde Wrâldoarloch binne der by de tsjerke wenwykjes oan wjerskanten fan de haadstrjitte ûntstien.

Boksum is in terpdoarp dat op in wâl by de Middelsee inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is. De hege terp hat in dúdlike radiale struktuer.

Yn 1869 is de terp oan de noardwestkant ôfgroeven. Dêr by lâns leit no de drokke Westergoawei. Oan de beboude doarpskant is it oansicht fan de terp noch alhiel yn takt. Foar it oare trijefearn is sels de ringwei om de soal fan de terp oer it Blessumerpaad, de Oedsmawei en de Bourren der noch. Troch in ôfwikseling fan in sletten en healiepen bebouwing en sels mei wat kampkes lân, is dizze terp mei alderhande trochsichtsjes goed te erfaren. Boppedat helpt de pleats, mei de skuorre rjochte nei de ringwei ta, om de neitins op te roppen oan de mingde funksjes.

By Boksum hat yn it begjin fan de Tachtichjierrige oarloch de lêste slach fan dizze striid plakfûn, wêrby ‘t it bloed ryklik floeide. Yn 1586 ferlearen de Fryske troepen de slach fan de Spaanske soldaten. Dizze koene sa ticht by de haadstêd komme omdat alle sleatten en fearten beferzen wienen. De Spanjerts hienen nei de slach by Boksum in frije trochtocht nei Ljouwert hân, as it doe net teiwaar waard.

En oft dêr nea wat bard is steane der mear as in ieu âlde lielinebeammen om it tsjerkhôf hinne. Dêr riist de Margaretatsjerke op. De âldste dielen fan it skip datearje fan om-ende-by 1100 en binne boud fan dowestien. Yn it muorrewurk sjocht men spoaren fan romaanske rûnbôgefinsters. Om 1300 hinne is de tsjerke útwreide mei kleastermoppen en foarsjoen fan betiid-goatyske spitsbôgefinsters. Nei de tiid is de tsjerke noch in pear kear fernijd en kaam der in koar mei in fiifkantige sluting. De fjouwerkante bakstiennen toer mei ynsnuorre spits is nochal wat jonger: yn 1842 stoarte de âlde sealdaktoer yn en it jier dêrnei waard de toer opnij boud, wêr ‘t de âlde stiennen wer foar brûkt waarden. Yn 1879 is de toer nochris omklaaid, sa as stiet te lêzen op de tinkstien yn de súdmuorre fan de toer.

Bontebok is in streekdoarp by in eardere slûs yn de Skoatterlânske Kompanjonsfeart. It wie earst yn 1980 dat Bontebok de doarpsstatus krige. Foar dy tiid hearde it foar it grutste part by Nijhoarne en in wat lytser westliker diel waard by Boppeknipe rekkene. It doarp hat syn namme, dy ‘t al op kaarten fan it begjin fan de 18e ieu foarkomt, te tankjen oan in herberch, dy ‘t al sûnt lange tiid ferdwûn is. It graven fan de Kompanjonsfeart wie yn 1640 nammentlik foardere oan de “Bonte Bock” ta. Dizze herberch wie der dus al foardat der yn 1665 in ferlaat (in lytse skutslûs oanlein wie. Dizze waard yn 1931 fernijd. Der stiet noch in slûswachterswenning dy ‘t dan wol net fan1665 is, mar it pân oan de Eerste Compagnonsvaart 16 is neffens de gevelankers likegoed al út 1725.

De streek is fan healwei de 17e ieu ôf oan beide kanten fan de feart as gefolch fan de feanwinning ûntstien. It graven fan de feart en de wiken (dwersfearten) de winning fan en it ferfier fan it fean en it nei de tiid wer yn kultuer bringe fan de ôfgroeven gebieten joegen minsken in krap bestean. Reden foar wat ambachtslju en letter ek yndustry, om har yn dit gebiet te wenjen en wurkjen te setten.

Yn Bontebok kaam yn 1898 in koöperative molkfabryk, dêr ‘t letter ek in tsiismakkerij by kaam. Foar oare, soms gruttere doarpen út de omjouwing, wie sa ‘n fabryk faak net weilein. De fabryk hat it oan 1966 ta úthâlden; nei de tiid is it noch in skoft in konfytfabryk west, mar it stiet der no wat desolaat by. Fan 1923 ôf hat Bontebok in legere skoalle.

Tsjin de slûswachterswenning oer stiet oan de Eerste Compagnonsvaart nû. 1 in buorkerij mei in foarein yn mingstyl, boud yn 1876. Op nû. 5 stiet in wenhûs dat amper mear te werkennen is as it eardere kafee. Yn 1909 is der de earste stien foar lein, mar yn 1983 hat it kafee it definityf opjûn. In eintsje fierderop, op nû.11 de kop-hals-romppleats Oud-Hogeveen, dy ‘t nei in brân yn 1931in foar dy tiid modern foarein krige.

Boarnburgum is in streekdoarp dat yn alle gefallen al yn it lêst fan de 17e ieu bestie. It wie doe noch in beskieden delsetting fan in tsjerke en in pear fersprate buorkerijen en húskes oan de Boornbergumer Hooiweg - no Westerbuorren en Easterbuorren - en in paad súdlik dêrfan, op it plak dêr ‘t no it Suderom lâns giet. Yn it noarden lei de buert Middelgaast en eastlik Zandburen. It hiele leechfeangebiet súdlik fan de Zandingen en de Wide Ie oant en mei Goaijingahuzen waard by Boarnburgum rekkene.

Yn it lêst fan de 18e ieu waard it in belangryk doarp yn de gritenij neamd. De Tegenwoordige Staat van Friesland neamt it: “een der grootste dorpen van deeze Grietenij (...) en is voorzien met eene kerk en stompen toren. (...) De Boornbergumer landeryen bestaan, ten deele uit bouw- en weilanden, omtrent de boere plaatsen, doch ‘t meerendeel is hooiland. En daarin zit weer klyn, die tot baggelaar turf vergraaven wordt, konnende ‘t zelve daarna wederom tot goed hooiland worden gebruikt, mits het door polderdyken en molen werde boven water gehouden.”

It doarp lei op in hichte tusken de leechlizzende feanen yn it westen en de hege feanen yn it easten yn. De Boarnburgumer Petten binne oantinkens oan de ferfeaningen.

De doarpstsjerke is yn 1871 boud as ferfanger foar in tsjerke dy ‘t yn 1734 boud wie en dy ‘t ek al wer in âldere ferfong. De iken preekstoel datearret út de twadde helte fan de 17e ieu. De tsjerke dy ‘t der no stiet hat in trijekantich sletten koar en in houten geveltoer. Oan de Easterbuorren stiet de grifformearde tsjerke út 1911, in sealtsjerke mei in geveltoer. Oan de Galhoeke kaam yn 1893 in suvelfabryk, dy ‘t yn 1904 in koöperative ûndernimming waard. It gebou is doe ferfongen troch in nij fabrykskompleks yn in saaklike styl. Yn 1966 is it tichtgien en is it kompleks ferboud ta bedriuwsromten mei wenningen. Doarpsútwreidings kamen nei de oarloch oan wjerskanten fan de Nijewei, mei namme oan de eastkant.

Langwar (by Boarnsweach) is as agraryske streek-delsetting nei alle gedachten om 1100 hinne ûntstien op in sânrêch yn de streek fan feanmoerassen. Yn it tredde kwart fan de 13e ieu wurdt it foar it earst neamd yn de boarnen as Languerre. De Buorren foarme de ûntginningsas. It doarp lei geunstich oan de Langwarder Wielen en dêrmei foar alderhande wetterferbinings. Om 1600 hinne ûntwikkele it him ta hannels– en havenplak; foar 1600 wie der al in waach. De skipfeart foarme in belangrike boarne fan ynkomsten.

It waard it fernaamste doarp fan de gritenij. De grytman sette him yn Langwar te wenjen en ek belangrike famyljes as Osinga en Douma bouden dêr harren staten. De famylje Douma hie hjir oan de ferwoesting yn 1517 ta in stins. Oan de hannel- en havendelsetting ûntstie oan de Buorren en de sydstrjitsjes en sleatsjes in konsintraasje fan bebouwing. Mear westlik hie de buorren om de tsjerke hinne in iepen karakter. De gritenijkaart fan Schotanus út 1718 toant in lange delsetting, dy‘t yn it westen by de tsjerkebuorren ophâldt. De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788 dat Langwar: “door oudheid vermaard, is het voornaamste Dorp der Grieteny. ... Ten Oosten en ten Westen heeft men hier schoone weidlanden, benevens heerlyke plantagien, die geheel tot aan den algemeenen rydweg loopen, en schoon brandhout geven. ... Hier woonen derhalve veele Schippers, die met dit hout naar Holland en elders vaaren, en in dit Dorp een bekwaame haven hebben, om, geduurende den winter, hunne schepen op te leggen. Langweer bestaat uit eene schoone buurt huizen, versierd met twee ryen Lindeboomen”.

De earste tsjerke datearre wierskynlik út de 13e ieu; op itselde plak is yn 1777 in nije, royale tsjerke mei toer ferriisd. De trije toersegminten binne fersierd mei Doryske, Ioanyske en Korintyske pilasters. It 17e-ieuske meubilêr is hanthavene. Tsjin de tsjerke oer stiet Osingastate. It is yn likernôch 1940 boud yn foarmen fan de 18e-ieuske state. It op deselde ûntginningsas ûntstiene Boarnsweach wurdt tsjintwurdich ek by Langwar rekkene. It skildereftige Langwar is in favoryt wettersportdoarp.

Boarnwert is in sa goed as leech terpdoarp mei wat útinoar lizzende bebouwing it lân yn. Yn de boarnen komt it earst foar as Brunnenbuurt op in list fan parochy’s út 945. De tsjerke stiet op in altyd tinbefolke, sterk ôfgroeven en aardich hege terp. It opgeande tsjerkepaad jout in yndruk fan it profyl fan de oarspronklike terp. Der rint in net alhiel komplete ringwei om hinne, dêr ‘t in pear huzen en pleatsen oan stean. It is in romme ring en Boarnwert hat dan ek in grutte terp kend, te fergelykjen mei dy fan Ealsum en grutter as dy fan Foudgum en Brantgum. De pleats oan de noardkant stiet op in ferheging, in oerbliuwsel fan de soal fan de terp; oan de eastkant stie Minnoltsmastate. De beskieden groei fan Boarnwert hat him fan ein 19e ieu ôf alhiel ôfspile oan de dyk fan Dokkum nei Ferwert, oan de súdkant fan de terp.

Dêr is yn 1916 by it krúspunt de grifformearde tsjerke fan Boarnwert en Raard – nei in ûntwerp fan Ane Nauta – boud. Boarnwert hat ek noch in âld agrarysk buorskip: Boarnwerterhuzen, dat goed oardel kilometer eastliker leit, oan de Âlde Paezens. Inkele hústerpen wize der op dat dizze delsetting noch datearret fan foar de dikebou om 1100 hinne. Tusken de terp en de buorren yn hat de Boarnwerter Mar lein, in yn 1853 droechleine reidpoel.

De yn de Midsieuwen oan Maria wijde doarpstsjerke stiet ymposant yn syn tichte beammeseame op it hege oerbliuwsel fan de terp. De tsjerke sels, út de 13e ieu, is fanwege it ferlies fan koar en koarsluting de tiid net frij fan skea trochkommen. De súdmuorre hie eartiids rûnbôgefinsters, no binne dat lytse spitsbôgefinsters. It tsjerkje krige in houten tuorke op de westgevel. Ea hie it in oerwulving, de oansettings dêrta binne noch te sjen by de triomfbôge. Tsjin de noardgevel oan is in tagongspoarte, ôfkomstich fan de eardere pastorije út de Lytse Jouwer pleatst. De poarte hat in bekroaning út 1751 mei wapens en in fromme tekst.

Brantgum is in karakteristike radiale terp dy’t al inkele ieuwen foar de jiertelling op in kwelderwâl ûntstien is. It hie it ideale terpdoarp west as de trochgeande dyk tusken Dokkum en Holwert yn 1853 net oer dizze terp hinne lein wie, wêrtroch de struktuer fan de terp yn twa helten dield waard. Foar dy tiid gie it paad by de Heemstraweg noardlik fan it doarp lâns.

De bebouwing, ek dy fan nei de oarloch, leit hast alhiel rjochte op de ringwei. Foar dy tiid hie Brantgum in nochal wat lange en yngewikkelde wetterferbining oer Foudgum nei de Ie en it efterlân ta. De agraryske bebouwing is foar it grutste part oan de súdwestkant fan de yn de tiid breder makke en trochgeande rûte te finen. Oan dy kant is de terp yn it lêst fan de 19e ieu it meast ôfgroeven. De wenningen steane foaral yn it noardeasten fan it doarp, dêrtuskenyn inkele notabele wenten mei in middengong. Oan de Roosterwei stiet de om 1870 hinne boude doarpsskoalle met skoalhûs. By de Ringwei lâns hat sûnt it begjin fan de 20e ieu in tichtere bebouwing plak fûn, oant yn de perioade nei de oarloch ta mei folkshúsfesting oan de Ringwei en yn de jierren tachtich oan de Stimhûstrjitte.

De doarpstsjerke stiet sawat yn ‘e midden fan de rûne terp; hjoed de dei leit de dyk oan de eastkant. De romaanske tsjerke is yn de 12e ieu boud fan dowestien. Dizze dowestiennen muorren binne yn de westlike traveeën te sjen, oan de noardkant mei in frij komplete rûnbôgefries. Dit kaam foar it ljocht doe ‘t by in restauraasje de yn 1876-1877 oanbrochte pleisterlaach wer fuorthelle waard. Yn de 15e ieu is de tsjerke mei in travee útwreide en de eastlike koarpartij kaam krekt foar it midden fan de 16e ieu ta stân. Om dy tiid hinne sille nei alle gedachten ek de spitsbôgefinsters en de steunbearen oanbrocht wêze. De yn de westlike partij opnommen toer mei ynsnuorre spits kaam sawat tagelyk mei de bepleistering yn 1877 klear. Hy hat yn alle segminten útdjippe gevelfjilden dy ‘t by de heechste dêrfan mei keperfriezen dutsen wurde.

De Ôfslútdykdoarpen binne de jongste fan de gemeente Wûnseradiel. Mei in bytsje goede wil kin Koarnwertersân romtelik en maatskiplik noch wol in doarp neamd wurde. Breesândyk net, mar it koe om administrative reden dizze status better wol krije. De bewenners fan Koarnwertersân en Breesândyk binne wurksum oan de dyk en by de slûzen. Beide doarpen binne ûntstien op wurkeilannen fan wêr ‘t de Ôfslútdyk út oanlein is.

Op Koarnwertersân is in dûbele skutslûs mei binne- en foarhavens en in rige fan twa kear fiif spuislûzen mei spuihavens. Dit kompleks fan skut- en spuislûzen waard boud tusken 1928 en 1932. De slûzen binne neamd nei prof. Hendrik Antoon Lorentz. De spuislûzen binne boud nei in ûntwerp fan Dirk Roosenburg, estetysk adviseur fan Bureau Zuiderzeewerken. Se binne in geef foarbyld fan it bouwen yn wapene beton. Foar it ferdigenjen fan de dyk en de slûzen waarden fan maaie 1931 ôf ferskate kazematten boud, de saneamde stelling Kornwerderzand.

Doe’t de dyk oanlein waard ûntstie op it eilân fan om-ende-by 30 ha. In doarp fan in pear hûndert ynwenners. De measten hienen te krijen mei de Suderseewurken, mar der kamen ek minsken te wenjen dy ‘t bgl. nedich wienen foar de fersoarging. Sy setten har ek te wenjen yn de buert fan de slûs. It wie in isolearre mienskip, sûnder alderhande komfort. Stroom waard dan wol opwekt troch in âlde diselmotor, mar der wie gjin telefoanferkear mooglik, Der wie in sikebarak mei in dokter en in ferpleechster, in skoaltsje en in winkel (anneks postkantoar en kapper), dêr ‘t alle dagen itensguod en oare libbensmiddels oanfierd waarden. Der waarden in katolike en in protestantske tsjerke boud, in benzinestasjon en in houten hotel. Om 1928 hinne kamen der huzen foar it slûspersoniel.

Yn de besettingstiid waard de stelling troch de Dútsers útwreide mei in oantal kazematten. Koarnwertersân kaam de oarloch net skeafrij troch. Sa is it houten hotel y n 1940 ôfbrând en waarden inkele huzen fan it slûspersoniel ôfbrutsen omdat se yn it skoatsfjild stienen. De skea is letter ferholpen. Breesândyk is in wurkeilân mei in haven oan de kant fan de Iselmar; by ‘t simmerdei wurdt it op in grôtfolle kamping befolke mei sportfiskers.

Britsum is in terpdoarp dat yn de iere Midsieuwen ûntstien is op in kwelderwâl eastlik fan de Boarnstream, dy’t him ta Middelsee ferbrede hat. De terp hat in radiale struktuer, mar nei ôfgravings mei namme oan de súd- en eastkant om 1900 hinne, is dy net oeral mear werom te finen. Âlde doarpsbebouwing is foaral westlik en noardlik fan de tsjerke te finen, oan de Greate Buorren, de Lytsedyk en Efter de Wâl. Troch de Stienzer Feart noardlik fan Britsum bestie der in goede ûntsluting rjochting Dokkumer Ie.

By it doarp ha inkele fersterke huzen stien, sa as kastiel Britsenburg, dêr ‘t net sa folle oer bekend is, Jornsmastate en by de Middelseedyk Lettingastate, wêr ‘t yn 1641 festingbouwer en strateech Menno van Coehoorn berne is. Fan dizze âlde gloarje is neat mear oer, mar yn de omkriten fan Britsum steane wol monumintale pleatsen.

De tsjerke mei pleistere toer en in fiifkantich sletten koar hat it foar it uterlik it oansjen fan oerdadich dekorative foarmen út 1875. Yn de tsjerke binne de Midsieuwen te erfaren troch it romano-goatyske ynterieur. De Sint-Johannestsjerke hat in skip dat om-ende-by 1250 boud is efter in westwurk út it lêst fan de 12e ieu. Yn de ynboude toer fan Britsum ha ûnder en boppe rûnbôgige trochgongen yn ferbining stien mei de sydromten en it skip. Dit westwurk is op in soarchfâldige manier opmitsele fan grutte kleastermoppen. Binnenyn wurdt it skip oerdutsen troch koepelwulvings fan dowestien. Yn de koarsluting komme de ribben gear yn in knoop; de oare ferwulven wurde byinoar brocht mei in fergearring of mei in seispuntige stjer. Mei in resinte restauraasje binne muorreskilderingen fûn út ûngefear 1270: op it apsisferwulf in Maria mei Berntsje en op de muorren it byldferhaal fan de passy mei oerienkommende ôfbyldings út it Âlde Testamint.

Nei de oarloch is Britsum earst útwreide by de besteande wegen lâns, sa as de Menno van Coehoornwei en letter, doe ‘t forinzen út Ljouwert har dêr te wenjen setten, mei buorrens oan de east- en súdkant, dêr ‘t ek de grifformearde tsjerke út 1965 stiet.

Britswert is in terpdoarp dat oardel kilometer fan Wiuwert ôf leit. Mei Wiuwert is Britswert al jierren en jierren tsjerklik en kultureel ferbûn. Sa hat Wiuwert in keatsplein en Britswert in iisbaan. Britswert lei lange tiid tusken twa markes yn: súdlik de Swaanwerter Mar mei de Reidmar en noardwestlik de Britsumer Mar, dy ‘t yn 1885 droechlein is.

Op de terp stiet tsjin de tsjerke oer in rige gebouwen, dêr ‘t net allinne de brede pastorije opfalt, mar mei namme de geef bewarre bleaune skoalle mei seis grutte lokaalfinsters en grutte skoarstiennen. De Kleasterdyk laat it ferkear om Britswert hinne. Sadwaande hat de Buorren, westlik fan de tsjerketerp, gjin hinder fan it trochgeande ferkear. It is in smel, sfearfol strjitsje tusken hagen, dy ‘t de foartúntsjes fan de ticht op elkoar steande wennings omfetsje. Op de hoeken oan de terpkant steane gebouwen wêrfan ‘t it liket dat se twivelje tusken wenhûs en pakhús. It hege gebou hat in folsleine ferdjipping mei pakhúslûken, it lege in kapeferdjipping mei in rige lûkjes. Hjir ha hannelers yn suvelprodukten wenne. De bebouwing fan de Buorren hat in grut ferskaat oan wenningen, fan arbeidershúskes oan brede notabele wenningen.

Op it romme tsjerkhôf stiet de Sint-Joristsjerke út it lêst fan de 12e ieu. De tsjerke is boud fan kleurige giele kleastermoppen. De toer is yn 1889 fernijd yn de foar dy tiid kenmerkjende dekorative mingstyl. Hy hat trije segminten en in ynsnuorre spits. De súdlike yngong wurdt bekroand troch in wapenstien út 1753 fan Jonker Ernst van Aylva. De spitsbôgefinsters steane yn smelle, rûnbôgige kezinen. By it koar is in leech rûnbôchje te sjen, in spoar fan in hagioskoop. Dizze letromaanske tsjerke wurdt by ‘t simmer wol brûkt foar byldzjende keunstprojekten.

Westlik fan Britswert leit oan de Frentsjerterfeart it buorskip Kromwâl mei oan beide kanten fan it wetter bebouwing. Ieuwenlang wie dêr in skipswerf foar bedriuwsskippen en letter jachten. No wurde de gebouwen brûkt foar rekreaasje. Op Kromwâl hat oant 1863 ta in Fermanje stien; letter is dizze tsjerke oerbrocht nei it wat westliker lizzende doarp Itens.

Broek is in feartdoarp oan de Noardbroekster Feart dat foaral fan it wetter ôf goed te erfaren is, al binne der oan beide kanten fan de bebouwing folle letter wegen kommen foar de ferbiningen oer lân. De feart is fia de Sylroede en de feart Noarderâldewei mei de Jouwer en it wetterwegennet fan Fryslân ferbûn. It wie ieuwenlang, oant fier yn de 19e ieu, de ienige ûntsluting.

Op de gritenijkaart fan Doniawerstal yn de atlas fan Schotanus út 1718 is gjin inkele dyk-ferbining yntekene. Op de kaart yn de atlas fan Eekhoff fan healwei de 19e ieu jout in ûnregelmjittige stippelline by de eastlike bebouwing in paad oan nei de Jouwer yn Haskerlân.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788 net sas folle oer Broek: “een Dorp met eene Kerk en stompen toren, bestaande uit verscheiden plaatsen en huizen, gelegen ten oosten van de Jouwster vaart en ten Zuiden van Goingaryp. ... in ‘t zelve zyn in ‘t geheel maar zeventien boerehuisgezinnen.”

Oan de súdeastkant fan it doarp by de hoeke dêr‘t de feart yn de Sylroede útkomt stiet de doarpstsjerke op in wat heger lizzend tsjerkhôf. It is in sealtsjerkje dat yn 1913 yn in nochal saaklike styl boud is. De gevelstien út 1694 is nei alle gedachten ôfkomstich út in eardere tsjerke. It gebou hat finsters mei glês-yn-lead, in trijekantige sluting, portaal en in achtkantich geveltuorke mei in koepeldak. Efter de tsjerke stiet op it lytse en tige fersoarge hôf oan de feart in wyt skildere klokkestoel mei in helmdak. De liedklok is yn 1600 getten troch Hendrik Wegewaert.

Oan de westkant fan de Noardbroekster Feart binne meast royaal út elkoar steande boerepleatsen te finen. Oan de eastkant, mei direkte dyk-ferbining mei de Jouwer bestiet in ferskaat oan wenningen en (wen)buorkerijen. Oan dizze kant is in soad bebouwing fernijd en der binne nije huzen boud, wêrtroch’t in kompakte buert ûntstien is. Súdlik fan de Sylroede rint de agraryske bebouwing troch by de gruttendiels dimpte Broekster Kerkfeart lâns: Broek-Súd.

Lange tiid hearde de Broek, ek wol de Broekpollen neamd, by Ikkerwâld. Yn 1964 is Broeksterwâld selsstannich wurden. It is in betreklik jong ûntginningsdoarp dat ûntstien is op de ôf- en útfeane grûn. De meast betide fermelding, yn de tiid dat it feangebiet noch net bewenne wie, stiet yn in oarkonde út 1453. Dan is der sprake fan “de wey wr de fean to meckyen ende to halden twischen den Broek ende dae Swetta”, om it paad oer it fean te meitsjen en te ûnderhâlden tusken de Broek en de Swette. Dat binne no Singel, Schwartzenbergenlaan en de Goddeleaze Singel.

It doarp Broeksterwâld leit eastlik fan dizze dyk en bestiet út diels kompakte, mar gruttendiels fersprate bebouwing oan wegen en strjitten yn in rjochthoekich patroan. De spitketen fan de kolonisten binne sûnt it begjin fan de 20e ieu ferfongen troch stiennen huzen en buorkerijen.

Tusken 1917 en 1920 hat de wenningstichting Patrimonium oan de Willemstraat, Patrimoniumweg en Broekpollen wenningen en in winkel boud om dizze ûntwikkeling te stimulearjen. De rigele oan de Willemstraat foarmet noch in geve delsetting. De huzen bestean út in foarhûs en in oankape skuorke foar feestalling en it opslaan fan lânbou- produkten. De wenningen steane dan ek op rombemjitten kampen lân.

Op de krusing fan de Schwartzenberglaan en de Falomster Feart stie it “Goddeloaze Tolhús”, dúdlik sa neamd omdat it sa ‘n ein út ‘e bewenne wrâld lei. Letter kaam dêr in nije brêge as ferbining tusken de ferskate fytsrûtes. De súdlike pleats “It Goddeloas Tolhûs” is in ynformaasjesintrum fan Staatsbosbeheer oer de natoerewearden fan de omjouwing en mei namme fan it westlik lizzende Houtwiel. Yn it lânskip stean twa achtkante polder-mûnen, de Broekstermûne út 1876 en de Grutte Mûne út 1880. Westlik fan Broeksterwâld stiet oan de Singel tichteby de wetterrin de Lyts in fan giele stien boud asymmetrysk tinkstik oan de alderearste dopelingen yn Nederlân fan de Kerk van Jezus Christus van de Heiligen der Laatste Dagen.

Bûtenpost is in âld agrarysk dyksdoarp, it leit frij heech en wie goed te berikken oer lân. It doarp lei healwei Ljouwert-Grins en oan dy dyk, de Voorstraat, konsintrearre him de bebouwing. Dêr wienen ek de útspannings foar reizgers. Yn 1866 krige it ek noch in spoarferbining tusken de twa provinsjehaadstêden. Boppedat hie Bûtenpost, mooglik al sûnt de 16e ieu, mei de Bûtenpostmer Feart in ferbining mei it foar it ferkear sa belangrike Knillesdjip. Hoewol ‘t it gritenijbestjoer yn it begjin wol yn Stynsgea gearkaam en Bûtenpost bepaald net sintraal lei, waard it lykwols it haadplak fan de gritenij en letter gemeente. Yn 1827 waard oan de Voorstraat in nij gritenijhûs boud, dat yn 1892 as gemeentehûs mei in ferdjipping ferhege waard. Adel en patrisiërs hienen dêr harren deftige huzen, staten sels. Op de krusing fan de wegen Grins-Ljouwert en Kollum-Stynsgea ha fername wenningen stien. Net allinne de staten fan Herbranda en Jeltinga stienen by de krusing, mar skean dêrtsjinoer hienen de Scheltinga ‘s ek in kastieltsje, ek noch mei in grêft dêromhinne. Boelensstate lei westlik fan Bûtenpost, de Boelens-famylje levere yn de 17e ieu grytmannen foar Achtkarspelen. Op it plak dêr ‘t harren state stien hat is yn de jierren fuort nei de oarloch in doarpspark oanlein. In koartlyn boud appartemintenkompleks mei it útsicht op it park, hat de namme fan de eardere state oernommen. Doe ‘t dizze en ek de oare staten al lang wer ferdwûn wienen, waard yn 1877 as lêste Jeltingastate boud. Dizze state waard yn 1999 by in útwreiding fan it yn 1977 boude nije gemeentehûs as represintatyf elemint opnommen.

Begoedige boargers bouden fan ein 19e ieu ôf yn it kertier yn ‘e buert fan it stasjon en benammen yn de Stationsstraat harren notabele wenningen. Oan de noardeastkant boude de wenningstichting begjin 20e ieu in earste, flinke rige arbeidershuzen oan de Herbrandastraat, dy ‘t allegear ek al wer ferfongen binne troch nije, foaral bedoeld foar senioaren. Dêr yn it noarden waard it de earste doarpsútwreiding, want foar dy tiid wie de bebouwing oan alle kanten fan it wegenkrúspunt oanhâldend tichter en grutter wurden. En wat fierder fan it krúspunt ôf, wat agrarysker fan karakter, wat mear buorkerijen. Oan de westkant kaam yn 1927 in kazerne fan de maresjesee. Dy oardershâlders wienen dêr detasjearre om de betiden ûnrêstige en yn alle gefallen eigensinnige heidedoarpen yn it suden en westen fan de gemeente yn ‘e gaten te hâlden.

Fan de Voorstraat ôf rint, parallel oan de Kuipersweg, de útfalsdyk rjochting Stynsgea en Surhústerfean, de Kerkstraat nei de kloeke let-goatyske tsjerke, dy ‘t yn 1446 boud is. Sa as op in gevelstien te lêzen is, is dit godshûs yn 1613 nei in brân yn 1594 opnij boud. De toer is nochal wat âlder, dy moat om 1200 hinne ferriisd wêze en is yn de 16e ieu nochris ferhege. De tsjerke rekke ynboud yn de folle jongere doarpsbebouwing fan nei de oarloch, wêrtroch ‘t se op ôfstân it silhûet fan Bûtenpost bepaalt. Yn it doarp is de toer allinne fan betsjutting yn de neiste omjouwing. It gebou wie earder oan de bûtekant bepleistere, mar toant no wer har bakstienen hûd. De muorren binne iepene mei opfallend hege en brede finsters, wêrtroch ‘t de fraaie ynrjochting yn hear en fear útkomt. Der stiet in aardige rige hearebanken út de 17e ieu fan de famyljes dy ‘t de withoefolle staten en bûtens yn en om Bûtenpost bewennen. Ek de seis grutte roukassen en de rútfoarmige wapenbuorden binne harres. De preekstoel mei koperen lessener en hâlder foar de doopskaal datearret út 1769.

Yn 1945 krige Bûtenpost der in doarp by, der stienen yn dit Lytsepost destiids noch mar in pear huzen en buorkerijen, mar ea is it ien fan de acht karspelen west wêr ‘t de gemeente de namme oan te tankjen hat. De tsjerke en sels it klokhús binne der al lang net mear. Wol is hjir yn 1891 de suvelfabryk kommen, dy ‘t foar de oarloch al wer ticht gie. Yn 1947 waard der yn de gebouwen mei in timmerfabryk útein set.

Burdaard is in terpdoarp en in wetterstreekdoarp. Oan de gemeentlike weryndieling ta lei Burdaard yn twa gemeenten. It diel oan de súdkant fan de Ie hearde by Dantumadiel, it noardlike part – lange tiid Wânswert oan de Streek neamd – hearde by Ferwerderadiel. It doarp is al inkele jierren foar de jiertelling ûntstien op in terp mei in radiale ferkaveling. De terp leit krekt oan de súdkant fan de Ie.

De Ie waard al gau yn de 17e ieu in ferkearsier fan belang yn de sterk ferbettere wetterstruktuer yn it noardeasten, dêr ‘t nochal wat opfearten út de doarpen op oansletten waarden. It ferkear en hannel oer it wetter befoarderen dat der by Burdaard earst oan de súdkant en letter ek noardlik fan de Ie – dêr ‘t yn 1647 it jaachpaad foar de trekfeart kaam - in lintbebouwing groeide mei pânen mei hannels-, yndústry- en wenfunksjes. It waard in nije delsetting, wêrby ‘t mei namme oan de súdkant sletten bebouwingswanden kamen. Sa ûngefear yn it midden fan de bebouwing liet in partikulier in brêge oer de Ie slaan. In brêge, dêr ‘t reizgers oan ‘t yn de 20e ieu ta tol betelje moasten. De troch de skiednis bepaalde ferskillen fan de wâlskanten binne hjoed de dei noch te erfaren. Oan de kant fan it jaachpaad lizze kaden, oan de súdkant tunen, dy ‘t troch in paad fan de wenningen skieden binne.

De âlde doarpstsjerke is yn 1851 ferfongen troch in nij gebou mei spitsbôgefinsters en in mânske geveltoer mei in ynsnuorre spits. De pastorije is ek yn dat jier boud. De ôfskiedenen bouden yn 1861 in tsjerke. De hjoeddeiske grifformearde tsjerke kaam yn 1893 oan de Wânswerter kant ta stân.

It fan oarsprong warbere doarp hat op de flanken noch belangrike neitinzen. Yn it noardeasten is dat de grutte hout-, nôt- en pelmûne “De Zwaluw”út 1875, mei dêr omhinne 19e-ieuwske houten skuorren. Nei in brân is de mûne opnij opboud. Oan de oare kant fan Burdaard stiet it kloeke gebou fan de agraryske, koöperative oankeapferiening “De Eendracht” út 1916; it gebou is yn 2003 mar krekt fan de ûndergong rêden.

Buren is in streekdoarp mei in frijwat iepen struktuer. It doarp is net sa beamteryk en it hat in beskieden silhûet. Earder waard it doarp beskôge as in buorskip ûnder Nes. Ein 18e ieu waard oer Buren skreaun: “Even verre ten Oosten van het Kerkhof is eene groote buurt van meer dan zeventig huizen, onder Nes behoorende, en meest door Roomschgezinden bewoond die te Nes ter Kerke komen. Deeze buurt ligt in eene zeer aangenaame vruchtbaare landouwe, en is omringd van vruchtbaare akkers en bouwlanden.”

Administratyf is Buren no in selsstannich doarp. De âlde skoalle is nei 1950 ferboud ta Hotel De Klok en útwreide en dat is by it gemis fan in tsjerke, no it middelpunt fan Buren. It oarspronklike karakter fan dizze agraryske buert is feroare yn in doarp dat him rjochtet op tsjinstferliening oan rekreanten. De wat âldere bebouwing leit ferspraat by paden en wegen lâns.

Yn ‘e rin fan de 20e ieu is de bebouwing fierder útdijd. By de ferbreding oan it ein fan de Hoofdweg hat him in plein foarme, dat beskôge wurdt as doarpskearn. Oan it begjin fan de Hoofdweg stiet in buorkerij dêr ‘t it Landbouw- en Juttersmuseum Swartwoude yn ûnderbrocht is. Dizze pleats heart ta de karakteristike Amelanner buorkerijen, dy ‘t yn en om Buren te finen binne. Ien fan de geefste stiet oan de Strandweg 33. Hy is mei it boujier 1890 dan wol net echt âld, mar alhiel neffens de tradysje boud. It muorrewurk is fan de ferneamde Fryske giele stientsjes mitsele. Kenmerkjend is de hege syd-yngong fan de skuorre. It is in útboude houten yngong mei in sealdakje, dêr ‘t de heaweinen troch ynride koenen.

It doarp is nei de oarloch oan de noardkant útwreide mei wenningbou, earst oan de Strandweg, letter oan de Paasduinweg en de Hazeweg. Yn 1987 kamen der oan de Paasduinweg en de Meester Oudstraat rigen kloeke, houten huzen nei in Sweedsk ûntwerp ta stân, dy ‘t yn ferskate kleuren ek yn Nes en benammen yn Hollum boud binne.

Burgum is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen mei ferskillende kearnen ûntstien is yn ‘e buert fan it yn it lêst fan de12e ieu stichte Sint Nicolaasklooster of it Barraconvent. Burgum waard besûnder goed ûntsletten oer it wetter: by de Burgumer Mar, wêrop it Kolonelsdjip nei it easten ta oanslute en de Wide Ie mei de Langemar en it Langdeel nei it westen ta.

It doarp ûntwikkele him ta in merk- en hannelssintrum fan Eastergea en ta it haadplak fan de gritenij. Op de kaart fan Tytsjerksteradiel yn de Schotanus-atlas út 1716 bestiet Burgum út in grutte, útstrekte delsetting fan mei beammen beplante wegen. Der steane ek ferskate staten oanjûn. Yn it easten leit de buert Nieuwstad en noardlik dêrfan Noordermeer, dêr ‘t het Hooghuis stiet.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1787 dat Burgum wie: “een aanzienlyk dorp (...). De Kerk van dit dorp is een Kruiskerk, (...) naby dezelve was weleer gelegen in het ryke Bergumer Klooster, met naame Bergklooster, hetwelk, ten Noorden, met zyne aanzienlyke plantagien aan ‘t Kerkhof grensde. Niet verre van hier heeft men de buurt Nyestad, doch de voornaamste dichte buurt ligt in ‘t Westen en is met veele aanzienlyke huizen en welgevloerde straaten voorzien.”

Noardlik fan it doarp stie it Hooghuis, dat bewenne waard troch de famylje Coehoorn (fan de festingbouwer Menno baron van Coehoorn). Letter kaam it yn besit fan de steedhâlderlike famylje Oranje Nassau. “De grenzen van het dorp zijn zeer uitgestrekt, vooral aan den Noordkant, als bevattende Bergerveen, Meinsma bosch, ‘t Huis ter heide, een gedeelte van Kuikhorne en de geheele Bergumer heide.” Oan de oare kant fan it Kolonelsdjip lei doe noch de Burgumer Daam, dêr ‘t ea in houten brêge lei, dy ‘t letter ferfongen is troch in stiennen brêge. Op dat plak leit no in bedriuweterrein. It grutte, los beboude Burgum is sa stadichoan tichter beboud wurden. Yn de 20e ieu en mei namme nei de oarloch, is it doarp oan alle kanten sterk útwreide mei wenwiken.

De doarpstsjerke fan Burgum is koart nei 1100 boud en wijd oan Sint Martinus. Goed in ieu letter waard de tsjerke fan dowestien fergrutte en in ieu letter noch in kear. De skiednis fan de tsjerke is sterk ferweve mei dy fan it kleaster dat yn it begjin fan de 13e ieu, yn alle gefallen foar 1240, noardlik fan Burgum stichte waard. De besittings fan dit Barraconvent, ek wol Bergklooster neamd, grinzen oan dy fan de parochy en by de beneaming fan prysters hie it kleaster ynfloed. De dowestiennen tsjerke is noch werkenber yn ‘e toer en yn de leechste dielen fan dowestien fan de westlike gevel. Oan it begjin fan de 13e ieu is de tsjerke útwreide en yngripend feroare, nei alle gedachten ûnder ynfloed fan it kleaster. De tsjerke waard yn bakstien ferhege, der binne sidebeuken oanboud en se waard ferlinge mei in nij koar, alles yn romano-goatyske foarmen. Wer in ieu letter waard de tsjerke by in útwreiding in krústsjerke: tusken koar en skip yn kamen dwerspânen, dy ‘t allinne yn de hichte bûten de sidebeuken útstekke. Dizze sidebeuken binne yn it begjin fan de 17e ieu ôfbrutsen; se waarden opnij opboud by in yngripende restauraasje in de fyftiger jierren.

De Schoolstraat leit as haadstrjitte de ferbining fan de tsjerke oan de eastlike flank fan it doarp nei it sintrum ta. Dêr stiet, lykas oan de dwers dêrop rjochte Lageweg, in oantal opfallende gebouwen mei besûndere funksjes. Hielendal yn it easten fan de Schoolstraat stiet Glinstrastate, in pleistere lânhûs út 1855, oarspronklik fan de famylje Ferf. Dizze famylje boude yn 1866 in pleistere hearehûs oan Lageweg 20. “De Pleats”, Schoolstraat 82, it kulturele sintrum fan Burgum, is ûnderbrocht yn in monumintale buorkerij mei in oerdwers pleatst foarein yn Lodewijk-XV-styl. Oan dizze strjitte en oan de Lageweg binne flink wat brede wenningen mei middengong fan ien boulaach en in aksintuearre middenpartij yn ûnderskate stilen te finen. Oan de Lageweg riist ek it eardere postkantoar fan 1906 út de fierders beskieden bebouwing op. Tusken Schoolstraat en Lageweg yn is de Markt him de lêste tiid ta in nij sintrum oan it ûntwikkeljen mei moderne arsjitektuer.

Burchwert is sterk ferweve mei de Boalserter Feart en leit súdlik fan de Tjaard van Aylvapolder. Oan in diel fan de polderdyk, de Sjungadijk, hat him in nochal langhalige buert ûntwikkele. It buorskip Hemert westlik fan de provinsjale Westergoawei wurdt rekkene by Burchwert.

De doarpskearn fan Burchwert is mei kaaidiken en wâlskanten mei har bebouwing op de trekfeart rjochte. Oan de westlike kant stiet in rige huzen oan in dyk wêr ‘t in fytspaad op oanslút. Oan de eastlike kade is de bebouwing wat ôfwikseljender en mear iepen mei wenhuzen en pleatsen. Der steane ek in pear bedriuwsgebouwen fuort oan it wetter, de dyk giet der mei in bocht omhinne. Oan de súdlike marzje fan it doarp leit, njonken de Kloosterweg it oerbliuwsel fan de terp, wêr ‘t al sûnt de Midsieuwen de mânske doarpstsjerke op stiet mei oan de oare kant de grutte pastorije. Burchwert ûntwikkele him net om de tsjerke hinne; de feart is de spil wêr ‘t alles om draait. It doarp is yn ‘t earstoan, benammen oan de oare kant fan de feart groeid. De nei-oarlochske roomsk-katolike kapel, nei in ûntwerp fan Arjen Witteveen yn in tradisjonalistyske styl, is dêr ek telâne kommen.

De herfoarme tsjerke datearret oarspronklik út de twadde helte fan de 12e ieu. It is in goatyske tsjerke dy ‘t yn 1726 fernijd is troch Claes Bockes Balck, dy ‘t mei namme bekend is fanwege wettersteatswurken. Nei alle gedachten gie it yn dat jier om in ynterne ferbouwing, want yn de 17e ieu is de tsjerke al earder ommitsele. Oan de súdkant steane opfallend grutte steunbearen. De foarse toer fertroude men like min as de súdmuorre; it muorrewurk sit fol mei muorre-ankers. De tsjerke hat fraai meubilêr: in fakkundich snieën preekstoel, in doophek en in doopbekkenhâlder, in koperen hâlder foar it sânglês, in hearebank en ek in moai snieën oargelfront út 1735. Yn it koar leit in grutte sark fan de famylje Ockinga, dy ‘t yn1550 úthoud is troch Vincent Lucas, ien fan de grutmasters op dit mêd.

Boerum is in doarp dat yn de iere Midsieuwen ûntstien is op in kwelderwâl. As it doarp yn 1408 foar it earst yn de boarnen neamd wurdt, docht bliken dat de Boerumers harren tsjerke ôfstien ha oan it súdliker lizzende Gerkeskleaster. Dit kleaster hie yn it begjin fan de 14e ieu it hiele Boerumerlân yndike en dêr oan it kleaster ûnderhearrige buorkerijen bouwe litten. It kleaster wie de baas yn Boerum en beneamde der sels de doarpsrjochters. Mei de Herfoarming wie it dien mei it machtige kleaster.

Súdlik fan it doarp lei it cisterciënzer frouljuskleaster Galilea. Op dat plak stiet oan de Friesestraatweg no op nûmer 1 – 3 in kop-romppleats út om-ende-by 1905 as ien fan in rige monumintale buorkerijen. It doarp hat mei de Boerumer Feart in wetterferbining mei de Lauwers. Yn de doarpskom ha de ûntwikkelingen om de tsjerke hinne plak fûn; oan de Uithof en by de Herestraat lâns dy ‘t de trochgeande rûte fan súd nei noard oan it foarmjen wie en it doarp bûtenút in langhalich karakter joech.

De op de frijwat hege terp steande tsjerke is yn 1784 boud as ferfanger fan de midsieuske foargongster. It is in ienfâldige sealtsjerke mei in geveltoer mei in ynsnuorre spits en in trijekantich sletten koar. Yn tsjinstelling mei it eksterieur is it ynwindige fan de tsjerke ryk en foarsjoen fan fraai meubilêr fan kânsel, doophek en yn de lingte mar leafst njoggen dûbele hearebanken út de 17e en 18e ieu.

Om de tsjerke hinne stiet oan de Uithof in ferskaat oan wenningen, wêrfan de âlde pastorije mei in sûterrain en in oer in trapbordes berikbere haadferdjipping opfalt. De nije pastorije is yn 1878 boud yn in romme tún oan De Wendel, in grutte blokfoarmige middengongwenning mei in ferdjippe portyk. Ek oan de Herestraat stiet in oantal fan dit soarte huzen, inkele mei dekorative eleminten. De nôt- en pelmûne Windlust is in ferriking fan it silhûet fan Boerum. De mûne wurdt al yn 1694 op dit plak neamd. De hjoeddeiske mûne datearret út 1787en is gauris opknapt en restaurearre.


Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!