Doarpen

Doarpen

Kies de begjinletter


Gaast komt op in list fan tsjerkedoarpen fan Wûnseradiel út likernôch 1270 foar as Lutkegast, lytse gaast dus. Gaast betsjut sânige hichte. It is in echt kustdoarp, it linet tsjin de eardere Suderseedyk oan, it leit relatyf heech en de Dykfeart rint efter de lytse kearn fan it doarp lâns. Sa ticht by see hat Gaast altyd de driging by stoarmwaar field; yn 1643 bruts fuortby de tsjerke de dyk troch en yn it jier 1703 hâlde de dyk it mar krekt, mar doe fergienen 23, meast Hylper skippen by Gaast.

It doarp leit no midden yn de greiden, dêr‘t earder, lyk as by de buordoarpen, frijwat lytsskalige lânbou op de savelgrûn bedreaun waard. Efter de relatyf heech lizzende âlde kearn dy‘t tsjin de âlde seedyk linet, is in beboude rânewei ûntstien. Bûten de beboude kom wenje al seker sûnt de 18e ieu behoarlik wat minsken oan wjerskanten fan de fraaie rûte fan de Boerestreek en de dêrnjonken lizzende Gaaster Nije Feart. It is in prachtige rûte dy‘t yn eastlike rjochting nei en troch de yn 1876-1879 droechleine Parregeaster Mar rint.

Yn âlde tiden waard hie Gaast in befolking fan jagers, skippers en matroazen. Sa healwei de 18e ieu wienen dat in galjoateskipper, twa kofskippers, twa smakskippers en in eigner fan in ‘gering schip’. No fertsjinje de measte ynwenners de kost yn de agraryske sektor.

De herfoarme tsjerke datearret nei alle gedachten út de 14e ieu, mar is yn 1906 alhiel ommitsele, sadat se sawat fan deselde leeftyd liket as de grifformearde tsjerke yn it doarp, dy‘t in ferboude skoalle is. De herfoarme tsjerke hat in sober houten tuorke út 1763 op de westgevel. Binnenyn hat it ienfâldich ikehouten meubilêr út de 18e ieu. Yn it begjin fan de 17e ieu stie yn Gaast de ‘seemansdûmny’ Adam Westerman. Yn syn stichtlike boek foar seelju warskôge hy de lêzers foar frjemde froulju, drank en tabak. Ien fan syn opfolgers, Petrus Vomelius, waard dêrtsjinoer in heale ieu letter fuortstjoerd fanwege oanstjitlike sûnden en dranksucht.

De Gaastmar is in frijwat isolearre lizzend wetterdoarp fan midsieuske oarsprong mei in nochal fersprate bebouwing dat leit tusken de Fluezen, mei de ynham it Piel en de Grutte Gaastmar yn. It doarp is mei alle kanten goed oer it wetter ûntsluten, mar op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 stiet gjin dyk, sels gjin paad oanjûn nei doarpen yn ‘e buert. Op dy kaart stiet op de igge fan de Fluezen de buert Westerend, no Vissersburen, neamd, en noardlik Oosterend, no Kleine Gaastmeer. Dêr tuskenyn noch de Woudburen.

De Tegenwoordige Staat van Friesland melde yn 1788: “een klein Dorp in ‘t Westen van Heeg, aan het Piel, een inham der Fluyssen. Onder dit Dorp behooren de buurtjes Oosterend, de Woudburen en Westerend aan de Fluyssen, alwaar veele Visschers woonen, en de aaken liggen, met welke de opgekochte meervisch naar Holland wordt verzonden.” Yn de 18e en 19e ieu hienen de ielfiskers en –handelslju fan de Gaastmar en Heech yn Londen in eigen lisplak.

Yn it sintrum is oer de feart in middelhege bôgebrêge slein. Dêr wurdt de romte markearre troch fjouwer gebouwen. Noard it kafee, in breed pân fan ien boulaach, yn it easten in opmerklike, mei stúkwurk fersierde stjelppleats, yn 1875 boud nei in ûntwerp fan A. Breunissen Troost en no it ûnderkommen fan de havenmaster. Yn súd de flinke kop-romppleats Attemastate út 1772 mei in ûnderkeldere foarein út 1869 en west in boerepleats mei in oerdwers pleatst foarein yn neorenêssânsestyl. De herfoarme tsjerke stiet wat efterôf oan in strjitsje mei fariearde bebouwing mei ûnder mear in notabele wenning. De tsjerke is in ynbannich, trijekantich sletten sealtsjerke út it begjin fan de 19e ieu mei in houten geveltoer.

Foar it noardwesten fan de doarpskearn wienen der yn 1962 plannen foar in wetterrekreaasjedelsetting oan de kant fan de Grutte Gaastmar. It wie al tsien jier letter dat dizze earste delsetting yn syn soarte yn Fryslân útfierd waard nei in stêdeboukundich plan fan Buro Bügel/Van de Dijk. Arsjitekt Hans Swanborn út Kedichem ûntwurp 56 rekreaasjewenten: uterst ienfâldige, grutte houten tinten.

Garyp is in lang útstrekt streekdoarp dat yn de Midsieuwen op in sânrêch ûntstien is tusken feangebieten yn it noarden en heidefjilden yn it suden yn. Stadichoan waarden de buerten Greate Buorren en Lytse Buorren ien gehiel en rekken se yn de 20e ieu sa mei elkoar ferflochten en tichter beboud, dat it der op like dat it in komdoarp wurden wie. Easterein en Westerein ha noch hielendal it karakter fan agraryske streken.

Yn it lêst fan de 18e ieu melde de Tegenwoordige Staat van Friesland: “dit dorp heeft een spitsen toren, en wel beplanten rydweg naar Zumeer: rondsom hetzelve liggen veele bouwlanden, uitgezonderd aan den Noordkant, daar men voorheen veele laage veenen had, voorzien met goede zwaare klyn, die, tot turf gemaakt, door de vaart des dorps, gemakkelyk naar de wyde Ee vervoerd kon worden. De Zuidelykste landeryen, uit heidveld, klyn, of zandgronden bestaande, loopen tot aan Smallingerland, terwyl de laage hooilanden, in ‘t Westen en Zuidwesten, geheel aan Wartena grenzen. Weleer lag hier ‘t Klooster Sigerswolde.” Dizze beskriuwing makket ek gewach fan de bewearing dat hjir “veertien versterkte sloten, stinsen genaamd “ stienen. Dat is oerdreaun, mar der hat yn alle gefallen ien, fan in tekening út 1721bekende, âlde toerstins stien. De Stinswei yn it Westerein docht dêr noch oan tinken. De Garypster Feart wie foar de turfwinning in goede ferfiersrûte en waard yn it lêst fan de 19e ieu ek de ûntsluting fan it yn 1893 stichte suvelfabryk.

Om 1100 hinne moat hjir al in earste tsjerke stien ha. It hjoeddeiske tsjerkegebou is fan 1838. Fan bûten is de sealtsjerke mei trijekantich sletten koar uterst ienfâldich. Se krige in flinke geveltoer mei in ynsnuorre spits. Binnenyn hat de tsjerke âldere eleminten: twa hearebanken, ien dêrfan út 1672 en de preekstoel út 1782. It âldste spoar is in 14e-ieuske prystersark fan sânstien.

Sawol oan de Greate as de Lytse Buorren binne boargerhuzen mei in middengong en in sierlike middenpartij te finen. Boppedat stiet oan de Greate Buorren in neorenêssânse kafee mei dêrnjonken in wenhûs yn de fernijingsstyl.

It terpdoarp Gau heart by de ‘Sneker-Vijfga’ omdat it mei Offenwier, Skearnegoutum, Goaiïngea en Loaiïngea de groep Wymbritseradielster doarpen foarmet dy’t noardlik fan Snits leinen. Gau heart as ienichst plak fan Wymbritseradiel ek by de doarperige fan de Legean. De oare doarpen lizze yn it noardliker lizzende eardere Raerderhim. Gau hat, lyk as de oare Legeandoarpen it karakter fan in kombinaasje fan terpen en in streekdoarp. Yn it ferline lei it frijwat isolearre, inkeld ûntsletten troch in opfeart nei de Snitser Aldfeart en nei it suden ta mei de Rollumerfeart en de Kipsleat, rjochting de Snitser Mar. Dêr yn it suden strekke de landerijen fan Gau har út oan de Snitser Mar ta.

De measte huzen stean oan de trochgeande doarpsstrjitte, de Boeijengastrjitte. Der stiet fariearde bebouwing fan pastorije (in eklektysk bouwurk fan om-ende-by 1900) oant âlderenwenningen ta. Yn it suden is tsjin it buertsje de Eker oer nei de Gauster Feart op, de grifformearde tsjerke boud. Súdlik fan de feart is in buert ûntstien dy‘t yn de tachtiger jierren mei de Kamp en de Skalter fierder stâl krigen hat. De sechtsjin kavels foar wenningen yn it nije ‘It Tsjemlân’ wienen gau ferkocht. De huzen op dat plak steane keal yn it lânskip.

Fan de midsieuske doarpstsjerke, wijd oan de yn dizze streek kenlik tige populêre hillige Nicolaas, bleau neat oer. Dy is yn1685 alhiel fernijd, mar ek dizze nije tsjerke is likemin de tiid trochkommen, want se is yn de 19e ieu wer ferfongen troch it hjoeddeiske ienfâldige tsjerke yn min of mear neogotyske foarmen. De foar dizze streek opfallend swiere toer, út wierskynlik de 13e ieu, is yn deselde ieu ommantele. Yn it lêst fan de 20e ieu is de yn de tuskentiid boufallich wurden mantel fuorthelle en de sealdaktoer restaurearre. Yn de toer hinget in klok dy‘t yn 1698 getten is troch Petrus Overney út Ljouwert. De tsjerke hat in preekstoel fan foar it midden fan de 17e ieu.

Gerkeskleaster is oarspronklik in komdoarp dat ea de namme Wigerathorp hie en de namme fan no erfd hat fan it premonstratinzer kleaster. Dit waard stichte om 1240 hinne troch Gerke Harkema út Stynsgea. De delsetting lei krekt eastlik fan de kleasterterp oan de Alde Feart of it Alde Knillesdjip. Mei in buert om de Voorstreek hinne en even fierder noch de Poorthoek oan de westlike en de Flaphoek oan de eastlike kant. De Alde Feart meändert nei it noarden en it easten om dêr yn de Lauwers út te kommen. Sa healwei de 19e ieu wurdt it sa karakterisearre: “dit stille en afgelegene dorpje ligt een kwartier gaans van de vrolijke en welvarende buurt Stroobos.”

Súdwestlik fan de kleasterterp komt de Strobosser Trekfeart yn it Knillesdjip út. De stêd Dokkum hat de feart yn 1654-1656 oanlizze litten. Dêr kamen bedriuwen oan it kanaal: in kalkbrânerij, in stienfabryk en yn 1900 it suvelfabryk Welgelegen. Dit fabryk hat de fúzjes yn de suvelwrâld oerlibbe.

It doarp hat him yn de 20e ieu geandewei nei it suden, rjochting Kanaal útwreide. Tagelyk groeide it buorskip Strobos yn westlike rjochting, sadat de beide doarpen om sa mar te sizzen, yn elkoar oergienen.

Der is in opfallend kontrast tusken de midsieuske rêst en de moderne bedriuwichheid. Oan it kanaal hawwe har inkele grutskalige, yndústriële bedriuwen festige. Middenyn leit de lytse kearn fan it doarp. Oan de noardwestlike kant leit bûten de bebouwing it gebiet, no in rom en heech lizzend tsjerkhôf, fan it eardere kleaster. De tsjerke is dêr noch in nijsgjirrich spoar fan. It kleaster gie al gau nei it stichtsjen oer nei de cisterciënzers en is yn 1580 opheft. De gebouwen binne sloopt mei útsûndering fan it 16e-ieuske brouhûs. Dat waard yn 1629 diels ta tsjerke omboud. Yn de eastlike partij kaam in wenhûs. Feroaringen ha in muorrewurk mei in bûnt patroan makke. Yn de 19e ieu is de toer oprjochte.

Gersleat is in streekdoarp dat diel útmakket fan de doarperigeTerbant, Lúnbert, Tsjalbert en Gersleat, dy‘t De Streek fan it âlde Aengwirden foarmet. Se binne mei it noardeastlike gedielte fan It Hearrenfean yn 1936 by Skoatterlân foege om sa de gemeente It Hearrenfean te foarmjen.

Gersleat foarmet it meast eastlike gedielte fan de oan de Aenwirderweg frijwol ûnûnderbrutsen trochrinnende bebouwing fan de fjouwer doarpen. Oan it ein fan Gersleat is de bebouwing tinner. Mei ek omdat der nei de oarloch net folle mear boud is, is hjir de sfear te priuwen fan in wenmienskip midden yn it útfeane lân dat wer yn kultuer brocht is.

Ek de streken noardeastlik by de Aldeweisterfeart en dy oan de Hegedyk, dy‘t nei it suden ta, rjochting Lúkswâld rint, hearre ûnder Gersleat.

It doarp wie yn ‘e tiid fan de 18e en de 19e ieu in sintrum fan de ferfeaning. Op de gritenijkaart fan de atlas fan Eekhoff út it midden fan de 19e ieu docht bliken dat hast de hiele omjouwing fergroeven wie en ûnder wetter lei. Allinne de ûnder Gersleat fallende Aldeweisterpolder is yn 1776 droechmeald en wer yn kultuer brocht. Itselde wie doe krekt (yn 1851-1852) bard mei de wat gruttere polder súdlik dêrfan.

Op it âlde tsjerkhôf waard de letGoatyske tsjerke yn 1736 fernijd, mar yn 1832 al wer sloopt. Der stiet in klokkestoel dy‘t yn 1939 ferfongen is troch in eksimplaar fan wapene beton, krektlyk as yn ûnder mear Lúnbert, Aldhoarne en Rottum. Dizze jout romte oan in 15e-ieuske liedklok en ien dy ‘t yn 1618 getten is troch Hans Falck.

Oan it noardlike útein fan it Streamkanaal dat fan de Aldeweisterfeart nei De Deelen rint stiet it Tripgemaal. It gebou, dat no as galery en wenhûs brûkt wurdt is yn 1876 nei in ûntwerp fan W.C. en K. de Wit stichte as fizelgemaal. It is yn 1905 ferboud en yn dy tiid is nei alle gedachten ek de yn fernijingsstyl útfierde masinistewenning ta stân kommen. Oant 1976 ta is it gemaal yn bedriuw bleaun.

Ginnum is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is. It is ien fan de saneamde Flieterpen. Ginnum wie in radiale terp dêr‘t de spoaren, nettsjinsteande de sterke ôfgraving fan om-ende-by 1900, hjir en dêr noch nei te gean binne. Allinne it diel fan de terp fan tsjerke mei tsjerkhôf is sparre bleaun en oan ‘e east- en noardkant fan de tsjerke leit noch in stik ringdyk.

Ginnum wie mei de Ginnumer Opfeart oer it wetter ûntsletten yn súdwestlike rjochting nei de Ferwerter Feart en Alde Feart fan dit doarp nei de Ie. De ferkearsrûte oer lân fan Dokkum nei Ferwert ta rûn yn ‘t earstoan om de noardeastlike terpflank hinne, mar yn 1856 is de dyk fan Ferwert yn ‘e rjochting Jislum ferhurde, oer de terp fan Ginnum en dêr krekt by de tsjerketoer lâns lein. Alve jier letter is dat bard mei de dyk fan Dokkum oer Reitsum. Sadwaande ûntstie der in nije trijesprong rom súdlik fan de tsjerke en bleau it noardeastlike kwart fan de ringdyk yn autentike foarm bestean. Yn de parsellearing is de radiale struktuer net mear werom te sjen.

De bebouwing fan Ginnum hat altyd tin beboud west. No bestiet it doarp út inkele buertsjes dy ‘t sa as it liket, tafallich rom om ‘e tsjerke hinne groepearre binne. De ienbeukige doarpstsjerke datearret oarspronklik út de 12e ieu. Dat is benammen te sjen oan de noardmuorre, dêr‘t de sparfjilden mei rûnbôgefriezen, útfierd yn dowestien, noch oanwêzich binne. De tsjerke is yn de 13e ieu oan de westkant fergrutte en de trijekantige koarsluting is oanbrocht yn de 15e ieu. De sealdaktoer ferriisde yn de earste helte fan de 15e ieu. Dizze hat op de begeane grûn in koepelferwulf, nei alle gedachten in oerbliuwsel fan de oerwulving dy‘t de tsjerke yn de 13e ieu krige, mar yn de 17e ieu wer fuorthelle waard. It grutte, ryk bewurke doopfont út de 16e ieu is yn 1878 troch in partikulier skonken oan it Frysk Museum yn Ljouwert.

Goaiïngea is in terpdoarp yn in leechlizzend gebiet eastlik fan de eardere Middelsee. De doarpsstrjitte, de Hegewier en de Aldfeartsdyk, rint frij rjochtút fan it súdwesten nei it noardeasten en makket in flauwe knik om de tsjerketerp hinne. De trochgeande strjitte, eagenskynlik in dyk, makket súdlik fan it doarp by de stjelppleats de Hege Wier, in heakse bocht nei it westen ta en noardlik by de buorkerij de Sinnehôf in heakse bocht nei it easten ta.

Oan wjerskanten fan de doarpsstrjitte steane no ris wat frijsteande wenningen of (oantinkens oan) pleatskes, dan wer rychjes huzen. De bebouwing út de 19e en de iere 20e ieu eaget freonlik, sûnder monumintale eleminten dy‘t it neamen wurdich binne. Efter de bebouwing fan de Hegewier befine har frij âlde, lytsskalige buertsjes, as hôfkes. Yn ‘e midden leit de frij hege tsjerketerp mei it hast rjochthoekige tsjerkhôf mei in stek derom hinne. Oan de strjittekant fan it hôf knikt it perspektyf fan it doarp; it is ien fan de moaiste plakjes.

De ienfâldige sealtsjerke mei rûnbôgefinsters is yn 1758 op it plak fan de midsieuske tsjerke boud. It lytse houten tuorke mei spits datearret út 1787. Tsjin de tsjerke oer strekt oan de noardwestkant de eardere pastorije him yn de breedte út en dêromhinne befynt him konsintrearre bebouwing. In stjelppleats siet der wat tuskenyn klamt. Eastlik fan de tsjerketerp leit it keatsfjild.

Oan de noard- en súdkant fan terp binne soksoarte konsintrearre buerten krekt oan de súdeastkant fan de strjitte te finen. It súdeastlike buertsje hat kwa bebouwing in agrarysk karakter. It noardeastlike buertsje by de Kerksloot nei de Snitser Aldfeart ta, bestiet út lytse en middelgrutte wenningen en yn de bebouwing binne wat oantinkens oan eardere ambachtlike bedriuwen. Oan de kant fan de tsjerke leit it paad Pôllehout mei in groep wenningen en (ek wer oantinkens oan) bedriuwen. De brêge oer de Kerksloot foarmet mei de omlizzende wetterbuertsjes in oar boeiend plak yn it doarp. Oan de noardwestkant fan de Sickengawei leit in lytse buert dêr’t in leanbedriuw efter ûntwikkele is.

Goaijingahuzen is in nochal isolearre boerestreek fan útslutend ferspraat lizzende boerebedriuwen, hielendal yn de westlike punt fan Smellingerlân. De streek stiet al op de gritenijkaart út 1718 yn de atlas fan Schotanus oanjûn; der wienen doe minder dan tsien boerehôven. Súdeastlik fan de buorkerijen stiet in turfgraverij oanjûn. De Tegenwoordige Staat van Friesland wurdearret it net as in doarp mar as in buorskip by Boarnburgum: “In ‘Westen, aan de wyde Ee, ligt Goingahuizen, en wat Oostelyker ‘t Vlierbosch, alwaar men weleer een Klooster had, waarvan ‘t Kerkhof nog te zien is.”

Op de kaart fan 1718 stean súdlik fan de fjouwer buorkerijen fan ‘t Vlierbosch by in ferheging yn it lân ‘Vernietigt Klooster’ en ’Oude Kerkhof’ oanjûn, mar op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1848 is dêr neat mear fan te bespeuren. Yn it Aardrijkskundig Woordenboek fan Van der Aa, dat healwei de 19e ieu útkaam, heart Goaijingahuzen noch by Boarnburgum. De Flearbosk bestie doedestiids út mar twa pleatsen. Noardlik fan de Flearbosk leit no in natuergebiet fan op ‘e nij ferwyldere petgatten.

Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1848 is Goaijingahuzen in streek mei wat losse en agraryske bebouwing. Goaijingahuzen leit oan en tusken marren en puollen yn. Inkele pleatsen en wenningen op It Eilân tusken de Kromme Ie en de Goaijingahústersleat yn binne allinne oer it wetter te berikken. De measte pleatsen yn polder De Flearbosk datearje fan nei de oarloch; it binne wol tradisjonele stjelpen, kop-rompen of kop-hals-romppleatsen. By de yngong fan de Modderige Bol stiet in fraaie kop-hals-romp út 1883.

Goaijingahuzen is in opmerklik oarde fan mûnen. Der steane trije houten spinnekopmûnen út de 19e ieu. It binne mûnen mei piramidefoarmige en mei pannen dutsen rompen en se binne foarsjoen fan fizels. Alle trije ha se in namme: Jansmolen, De Modderige Bol en it Heechhiem. Se binne yn 1990, 1992-1993 en 1995 restaurearre en yn eigendom fan en beheard troch de Stichting De Fryske Mole.

Goaiïngaryp is in midsieusk feartdoarp súdeastlik fan de Snitser Mar en de Goaiïngarypster Puollen. It doarp is by de Lykfeart lâns groeid en hat oer de súdkant ûntsluting oer it wetter oer de Noarderbroekster Feart nei de Jouwer en nei de Snitser Mar. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Schotanus yn 1718 stiet it doarp mei de súdlike buert Ballingbuer as in lang útstrekte delsetting yn it lân oanjûn.

Yn it lêst fan dy ieu waard yn de Tegenwoordige Staat van Friesland meld: “dit Dorpje is gelegen in ‘t Noordoosten der Grieteny, niet verre van den Slagtedyk, en voorzien met een klein kerkje zonder toren, nieuw opgeboud in 1770. De landeryen zijn in een zeer goeden staat, doch verliezen jaarlyks meer of min, door het afschuurend vermogen der nabuurige groote wateren, van welken ‘t Sneeker meer, byna geheel tot dit Dorp behoorende, het voornaamste is.”

De neamde ôfslach fan lân is op it kaartbyld yn de atlas fan Eekhoff goed te sjen, want der is in fikse strook lân ferdwûn en Goaiingaryp liket hast op in doarp oan de igge van de mar. It ferline as doarp oan de feart is te ûnderfinen oan de oriïntaasje fan de bebouwing.

Op it wat ferhege en skildereftige tsjerkhôf stiet de toerleaze tsjerke, dy’t neffens de stichtingsstien út 1770 datearret. It is in sealtsjerkje mei in trijekantige koarsluting . De yn 1527 troch Geert van Wou getten liedklok hinget yn de krekt foar de tsjerke pleatste klokkestoel mei helmdak. De klokkestoel komt yn 1543 al yn de boarnen foar, mar it hjoeddeiske eksimplaar datearret út de boutiid fan de tsjerke. Yn dy tiid binne ek de brânskildere ruten, nei in ûntwerp fan Ype Staak yn de seis finsters pleatst. Se toane de wapens fan prins Willem V, grytman Vegelin van Claerbergen en de Fryske regearingskolleezjes.

It doarp liket ynearsten allinne mar te groeien, mar yn de lêste tsientallen jierren fan de 20e ieu waard it ûntdutsen troch wettersporttoeristen en kaam der ûnder mear in wykje om in nije havenkom hinne.

De Gordyk is in flekke, fan 1630 ôf as krúsdelsetting oan wjerskanten van dyk en feart groeid. De Gordyk ûntstie op it grûngebiet fan it súdliker lizzende Koartsweagen. Fan Koartsweagen út waard de feart trochlutsen. Dêr waard turf wûn en de feart wie needsaaklik om it fean te ûntwetterjen en de turf mei it skip ôf te fieren. By wat destiids de Trimbeets neamd waard, waarden op it plak dêr‘t de feart de Hereweg – no Hegedyk en Hoofdstraat – krúste, in brêge en in slûs lein.

De Compagnie fan Koartsweagen, dy’t letter de Opsterlandse Compagnie hiet, gie fierder mei de turfwinning út it heechfean. By de brêge en slûs fêstigen har ambachtslju, nearingdwaanden en keaplju. Healwei de 17e ieu waard it dêr al de Gorre Dijck neamd.

Yn 1672-1673 wienen it strategysk belang op de dyk fan Assen nei It Hearrenfean en de ekonomyske betsjutting fan de Gordyk al sa grut dat der in skâns opsmiten waard. It wie mear in festing dan in skâns mei nei alle fjouwer kanten twa heale bastions, dy‘t sa in soarte hoarnwurken foarmen. Yn 1683 lieten de hearen kompanjons dêr in earste tsjerke bouwe nei‘t de leauwigen it sa ‘n tweintich jier mei in skuorre dwaan moasten.

Yn de 18e ieu groeide de Gordyk út ta in fersoargingssintrum foar de ferfeanings yn de wide omkriten en boppedat ta in handelssintrum yn hout en granen, foaral fan boekweit. Fierders wennen der ek nochal wat skippers en net allinne foar it ferfier fan turf, mar ek grutskippers dy‘t de seeën befearen.

Yn it lêst fan de 18e ieu stiet yn de Tegenwoordige Staat van Friesland: “De meeste huizen van dit Vlek zijn gebouwd in de gedaante eener dubbele Kruisbuurt, welke eene streeek, ter wederzyden der vaart geplaatst, in ‘t midden recht hoekig gesneeden wordt door een tweede, die aan den rydweg gebouwd is, en met eene brug over de gemelde vaart loopt.” En der is: “eens ter week eene weekmarkt, te weeten des Woensdags, wanneer hier veel handel in Rogge, Boekweit, enz. gedreeven wordt; hebbende deeze handel hier niet weinig toegenomen, na dat, in ‘t jaar 1758 een nieuwe brug over de Kompagnons vaart, en daar over een rydweg van ‘t Heerenveen herwaards was aangelegd. Waar op niet alleen de handel met die van Schooterland en Stellingwerf Oosteinde, maar ook met de inwooners van Drenthe zeer in bloei heeft toegenomen.” Oan de Brouwerswal, de Kerkewal en yn de Hoofdstraat binne noch ferskate pânen te finen út de 18e en de iere 19e ieu, mei ûnder oaren ynswinkte halsgevels.

Om 1800 hinne draaide yn de Gordyk in trijetal yndustrymûnen. Yn 1758 waard de brêge fernijd en dy is bekend fan âlde topografyske gesichten, in monumintale flapbrêge mei in homeie. Yn 1862 is de brêge noch in kear ferfongen. Yn 1945 is de brêge ferwoeste.

Yn 1821 waard de slûs foar it earst fernijd (yn 1891 en 1949 folgen feroarings) en yn 1850 is de dyk nei It Hearrenfean ferhurde. By de brêge op en by de hoeke fan de Kerkwal en de Hoofdstraat binne yn 1876 sawol it eardere postkantoar as de eardere bûterwaach boud nei in ûntwerp fan A.J. van Beek en útfierd troch de Gordykster oannimmer Egbert Roels Kuipers. Even letter, yn 1888 kaam der in rizich skoallegebou nei in ûntwerp fan gemeente-arsjitekt H.P.N. Halbertsma ta stân, dat sûnt 1961 it ûnderkommen is fan it streekmuseum.

Yn de earste helte fan de 20e ieu wreide de Gordyk benammen út oan en yn ‘e buert fan it feart- en wegenkrús, oan de wâlskanten en ûnder mear de Stationsweg en de Marktstraat. Nei de oarloch is de flekke sterk groeid, ek al omdat de wenningbouferiening gâns aktiviteiten út de wei sette, yn it begjin yn en by de Schoolstraat en op oare plakken. Fierder liede de Companonsstraat in nije bebouwingsas mei syd- en parallelstrjitten it nije Gordyk yn, dat foaral oan de noard- en eastkant yn inkele tsientallen jierren sterk groeide. Hjirby waard ek gâns romte reservearre foar parkeftige grienstroken.

Goutum is in terpdoarp dat yn de iere midsieuwen ûntstien is op in noard-súd rinnende kwelderwâl dêr‘t mear (hús)terpen opsmiten binne, bgl. de dúdlik oan ‘e súdkant fan it doarp werom te kennen terp Techum, dêr‘t in fraaie kop-hals-romppleats út 1904 op stiet. Op inkele terpen ha staten stien. Op de terp fan Goutum sels, westlik fan de tsjerke, stie oant 1882 ta Wiardastate, ien fan de grutste staten fan Fryslân. De terp is ein 19e ieu diels ôfgroeven, oan de noardkant oan it Fjildpaad is dat goed te fernimmen.

De Middelsee, westlik fan Goutum is yn de 11e ieu bedike, mar wie yn ‘e rin fan de 13e ieu op ‘e hichte fan Goutum ek al wer tichtslike. Oan en yn ‘e buert fan de dyk, no de Oeriselskestrjitwei, steane inkele opmerklike pleatsen yn it Goutumer Nijlân. De stjelpbuorkerij op nûmer 16 datearret út om-ende-by 1890 en in segminten ferdielde buorkerij, destiids in eksperimint foar in nije bedriuwsfiering, is yn 1908 yn fernijingsstyl ûntwurpen troch W.C. de Groot. Oan de súdlike seame fan it doarp stiet de grutte stjelppleats Heechhiem út 1889 mei in útboude molkenkelder. Fierderop steane oan de Wergeasterdyk in pear fraaie stjelpen.

De Middelseedyk is in ferbiningsdyk wurden, dy‘t yn 1827 ta ryksstrjitwei nei Swol ferbettere waard. Yn ‘e rin fan de 19e ieu groeide dêr de lintbebouwing bylâns. Ek de ferbiningswei fan de terpbuert mei dizze dykbuert krige yn de 20e ieu lintbebouwing. Op de westlike flank fan de doarpstsjerke wie Wiardastate de represintative kastielwenning mei grutte en hege fleugels en in hege toer op in omgrêfte terrein en in poartegebou. Eage de state oan de bûtenkant troch syn robúste foarkommen dreech en steech, binnenyn wie it ien en al renêssânsepracht. Oan de oare kant fan de mei bermsleatten flankearre dyk leine grutte tunen dy ‘t by de state hearden.

Yn 1880 waard skean tsjin de doe noch besteande Wiardastate oer in pastorije boud, in twa boulagen heech, blank bestukadoare hearehûs mei in koetshús. De wenning kaam ta stân fuort westlik fan de al gau dêrnei roaide oertunen fan Wiardastate. Doe waard de mei beammen omseame en wilens dimpte sleatten begrinze tagongsdyk nei de doarpsterp ta, de Singel neamd. De dyk krige letter de namme Buorren.

Op de terp is yn de 11e of 12e ieu de Agnestsjerke boud, wêrfan yn it muorrewurk fan dowestien noch grutte stikken yn alderhande patroanen sichtber binne. Yn de 15e ieu binne it koar en de súdlike muorre fan it skip fernijd en nei de tiid faak opknapt. De finsters bgl. binne yn de 19e ieu noch lytser makke. De sealdaktoer, ferdield yn trije segminten en dekorative nissegroepen datearje ek út dy ieu en is ek in pear kear reparearre, sa as te lêzen is op de jierstiennen út 1631 en 1737. De toer draacht in liedklok dy ‘t yn 1511 getten is troch Geert van Wou en Johan Schonenborch. Yn it ynterieur fan de tsjerke hingje twa wapenbuorden en acht leaden platen fan lykkisten fan de famylje Cammingha. De preekstoel en it doopstek binne út de 19e ieu. It oargel is yn 1894 boud troch de firma L. van Dam & Zn. Oan ‘e súdkant fan de tsjerke stiet in trijetal yn leeftyd en toai ûnderskieden middengongwenningen heech op ‘e terp. Ien dêrfan út ûngefear 1870 hat in front mei in djippe tún nei de Buorren ta en in twadde front nei it tsjerkepaad. In oare wenning út 1894 yn neorenêssânsefoarmen is de kosterswenning mei in romte foar tsjerklike gearkomsten. Oan it tsjerkepaad is om 1900 hinne in hynstestâl bijboud. Yn de santiger jierren is it doarp oan de súdwest- en eastkant sterk útwreide mei wenwiken.

Yn it lêst fan de 20e ieu krige Goutum-Noard oan it Van Harinxmakanaal stâl, wêrtroch’t it doarp der yn in koarte tiid sawat 1000 ynwenners by krige. It is in brede strook, ynklamme tusken in iepen heechspanningstrasee en it kanaal, ûnderferdield yn in sa‘n sân stikhinne rjochthoekige gebieten. In helder gehiel, ûntsletten troch in rjochte dyk en by it kanaal lâns in autonome fytsrûte.

Greonterp is in terpdoarp fan oarsprong út de betide midsieuwen, dat isolearre lei yn it lege lân mei marren en puollen. Sels nei‘t de grutte Sinsmar oan de noardkant yn 1633 droechmeald is, bleau Greonterp in efterôfdoarp. By it benaderjen oer de ienichste dyk liket it dat it doarp op in eilân yn ‘e griene see leit. It hie destiids allinne ferbinings oer it wetter. Letter kaam der in smel dykje nei Blauhûs, dêr‘t it wat foarsjennings oanbelanget alhiel op oanwiisd is. Yn beide doarpen is de befolking it âlde leauwen trou bleaun.

Op de gritenijkaart fan Wûnseradiel yn de atlas fan Schotanus út 1716 is de wetterrike posysje yn de uterste súdeasthoeke fan de gritenij te sjen. De Tegenwoordige Staat van Friesland hie yn 1788 net al te folle te melden: “een klein dorp ... met eene kerk zonder toren, even ten Zuiden van den Sensmeerder Dyk, aangelegd in 1633. Voorts behooren hier onder Senshuizen en ‘t buurtje Kie, wel in ‘t Sensmeer en binnen den dyk, doch op hoog land gelegen; zynde het overige land, hier onder behoorende, ten grooten deels laag.”

Der binne tekeningen út 1722 bewarre bleaun fan staten yn de buert fan Greonterp, mar op de kaart yn de Schotanus-atlas wurdt Elingastate net fermeld en is Hoytemastate ûnder Tsjerkwert wol oanjûn. Nei de Herfoarming is de tsjerke yn gebrûk nommen troch de oanhingers fan de nije lear. De hiele doarpsbefolking bleau roomsk-katolyk; der waard frijwol nea preke. De tsjerke rekke yn ferfal en is yn 1780 sloopt.

Op it omgrêfte tsjerkhôf stiet in klokkestoel út 1822, mei in fjouwerkante stiennen ûnderbou, in mei laaien dutsen piramidedak en in bekroaning mei in achtkantige spits. De klok út 1465 is getten troch Steven Butendiic. Hy draacht it opskrift: Dum trahor audite, voce vos ad guadia vite (Hoor als ik geluid word, ik roep tot de vreugden van het leven). De bebouwing fan in groep huzen en inkele boerepleatsen is opmerklik kompakt en soarget foar in skildereftich gehiel.

Grou is fan oarsprong in ier midsieusk terpdoarp yn it Lege Midden mei in agrarysk karakter. Fanwege de sintrale lizzing tusken talrike wetterferbinings yn koe Grou him fan de 15e ieu ôf ûntjaan ta in delsetting fan hannel en skipfeart. Ein 18e ieu wurdt oer it doarp skreaun: “Grouw is een groot en vermogend dorp, liggende byna rondsom in het water; waarom men hier voorheen met geene rydtuigen af of aan kon komen. Doch voor niet veele jaaren heeft men van hier, midden door moerassige gronden, eenen rydweg aangelegd, die van eene genoegzaame hoogte is en op den Irnzumer Rydweg uitkomt.”

Grou wurdt dan ek in flekke neamd. It doarp leit net allinne oan en tusken it wetter yn, mar mei alderhande sleatsjes wurdt it ek trochsnien troch wetter. It âldste diel tusken de Pikmar en de Rjochte Grou is dan ek wol in archipeldoarp neamd. De wetterkes binne sa stadichoan allegearre dimpt mar troch de wirwar fan strjitsjes en steechjes is dat archipelkarakter noch goed te erfaren. Nettsjinsteande dat it doarp yn de uterste súdwestlike hoeke fan Idaarderadiel lei, waard it wol it haadplak fan de gritenij en letter gemeente. Dat bleau it, doe‘t yn 1984 de gemeenten Idaarderadiel, Utingeradiel en Raerderhim mei de gemeentlike weryndieling gearfoege waarden.

Doe‘t it belang fan de wetterwegen oan it ôfnimmen wie, kaam Grou net oan, mar wol by de Oeriselskestrjitwei (1826-1827) en noch tichter by it spoar Ljouwert-Swol (1868) te lizzen. Dêrnei ûntwikkele him wat ambachtlike en yndustriële bedriuwichheid – skipswerven, in grutte houtbewurkingsyndústry, in suvelfabryk en in fabryk foar suvelynstallaasjes – en boppedat waard Grou in favoryt wenplak. It plak oan ‘e Pikmar en wetterwegen dy‘t nei Ljouwert en it marregebiet yn it súdwesten liede, jouwe Grou alle kânsen om him yn ‘e 20e ieu te ûntwikkeljen ta in gesellich wettersportsintrum.

De doarpsútwreiding fûn plak yn it begjin fan de 20e ieu, yn it earstoan fuort eastlik fan de âlde kearn, benammen mei folkswenningen. It is in gebiet dat frij geef bleaun is. Datselde jildt ek foar de daliks nei de oarloch realisearre útwreiding dêr eastlik fan. Ek dat waard in karakteristike arbeiderswyk. De oare befolkingsgroepen bouden harren faak represintative wenten yn of yn ‘e buert fan de doarpskearn. Earst dernei is Grou nei it westen en it suden ta útwreide. Oan de autosneldyk A32 waarden fan de jierren njoggentich ôf bedriuweterreinen ûntwikkele.

Yn it noardlikste diel fan Grou riist de mânske midsieuske tsjerke op. Se is wijd oan Sint Piter en gruttendiels boud fan dowestien yn it begjin fan de 12e ieu, mar de súdmuorre is folle letter mei bakstien fernijd. It rûnsletten koar fan de wat ynspringende absis is ferrike mei prachtige, amper steurende klimmende bôgefriezen en sparfjilden. It skip is op romaanske wize fersierd mei brede sparfjilden mei rûnbôgen, foarsjoen fan flauwe spitsbôgige finsters en ferhege yn bakstien. Yn itselde materiaal krige it in rûbôgefries as ôfsluting. De noardgevel foarmet sadwaande in boeiend histoarysk patroan. De sealdaktoer is yn de 15e ieu oplutsen. De koarpartij is nei de Reformaasje fan de tsjerkeromte ôfskerme. Op dat plak setele lange tiid it gritenijbestjoer. De tsjerke wie doedestiids it religieuze en maatskiplik-politike brânpunt fan Idaarderadiel. It ynterieur hat iken meubels, sa as twa 17e-ieuske hearebanken mei famyljewapens en inkele banken mei útsnijde wangstikken út de 18e ieu. Yn de tsjerke hingje koperen kroanen. Om de tsjerke hinne is in libbendich ferskaat oan histoaryske bebouwing te finen.

Sa om healwei de 19e ieu hinne waard oan it sintrale plein in riedhûs boud. It krige in rêstige neoklassisicistyske foargevel mei in troch groeve, Ioanyske pilasters flankearre yngongspartij en in kroanlist op klossen.

It doarpspark oan de Parkstrjitte is yn 1893 yn opdracht fan de herfoarme gemeente nei in ûntwerp fan Gerrit Vlaskamp ta stân kommen efter it yn 1858 oanleine begraafplak. By de yngong stiet in boarstbyld fan Eeltsje Halbertsma, nei in ûntwerp fan J.H. Schröder. Even westlik hjirfan stiet it yn 1942, yn Delftse School-styl boude nije riedhûs. De ûntwerper wie J.H. Kropholler. It nije riedhûs is ek al net mear foar dat doel yn gebrûk.

Gytsjerk is in streekdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is op de sânrêch dêr‘t ek de oare doarpen fan de Trynwâlden – Oentsjerk en Aldtsjerk en dêr ‘t Mûnein en Readtsjerk ek wol ris ta rekkene wurde – op lizze. Fanâlds bestie it doarp út ferskillende buerten en foar it oare út fersprate bebouwing. Op de gritenijkaart fan Tytsjerksteradiel yn de Schotanus-atlas út 1716 bestiet Gytsjerk sels noch hielendal út fersprate agraryske bebouwing. Alhiel yn it westen, bûten de eigentlike streek, stiet de tsjerke.

Súdlik fan it doarp leit it ûnregelmjittige puollengebiet fan de Rijd wêrtroch’t it doarp fan Ryptsjerk ôfsnien is. Sawat tsien jier letter waard de ferbining mei brêgen lein, wêrtroch’t troch dizze doarpen in ferbining oer de dyk fan Ljouwert en Dokkum ta stân kommen wie. Mei de Gytsjerker Feart kaam der fierders ek in wetterferbining mei de Murk en it oare Fryske wetterwegennet. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff fan healwei de 19e ieu bestiet Gytsjerk noch altyd út fersprate bebouwing en is der by de trochgeande dyk ek noch gjin buorren. Wol is der mei de Kanterlandseweg ek in ferbining ta stân kommen nei it westen ta, nei Wyns en Lekkum.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland wurdt skreaun: “een dorp benoorden ‘t watertje de Ryd, door welke, omtrent het jaar 1727, op twee plaatsen een rydweg, met bruggen voorzien, is gelegd. Dit dorp is grooter dan de voorige (Oenkerk...). De kerk heeft hier den toren niet ten Westen, maar, gelyk Wirdum, aan den Zuidkant. De landeryen komen nagenoeg overeen met die der voorige dorpen, en zyn van eene groote uitgestrektheid; ten Oosten liggen de bouwlanden (...) westwaarts, heeft men weidlanden, en by de laatste ook eenige vogelkooien, aan het water de Wielen, in welke veel watergevogelte gevangen wordt. Hier ziet men ook de overblyfselen van verscheiden oude staten, en een korenmolen aan den rydweg, die vanhier over de Ryd, voorby Ryperkerk, loopt naar de Zwarteweg. (...) De Kerkvoogdy van dit dorp is zeer vermogend.”

Op it earste gesicht liket it derop dat de tsjerke net út in al te romme beurs betelle is, om‘t it oan alle kanten in histoarysk patroan fertoant fan oanpassingen en ferbouwingen. Foar dyjinge wa‘t it sjen wól dy sjocht krekt in grutte rykdom. De tsjerke datearret út it lêst fan de 12e ieu en hat in houten geveltoer út de earste helte fan de 19e ieu en in útwindich fiifkantich sletten koar dat oan ‘e bûtekant healrûn is. Yn de noardgevel en it koar binne grutte stikken fan de oarspronklike tsjerke fan dowestien oanwêzich. De fakferdieling yn it muorrewurk fan it koar is opfallend. De boppeste sône bestiet út segminten dy‘t troch slanke kolonetten fan reade sânstien mei profilearre bases en ringfoarmige kapitelen aksintuearre binne en bekroand troch in rûnbôgefries. De grutte finsters yn de súdgevel binne yn de 18e ieu oanbrocht en jouwe in goede ljochtynfal op de nijsgjirrige ynventaris. Dy bestiet út in preekstoel mei doopstek, in hearebank út healwei de 18e ieu en yn it koar: grutte roubuorden út de 18e ieu.

Yn Fryslân stienen der destiids sa‘n hûndert suvelfabriken, dy‘t omtrint allegearre de doarren sluten ha en letter nije funksjes krigen. Gytsjerk hat ien fan de geefst bewarre kompleksen, súdlik fan it doarp. It fabryk is yn 1896 stichte en yn 1921 ferboud en útwreide. By it fabryk steane net allinne in direkteurshûs yn neorenêssânsestyl, mar ek in rige arbeidershuzen en in wettertoer. De Rinia van Nautaweg is de dyk dy‘t fan it fabryk nei de doarpskearn fiert. Dêr steane, ferspraat inkele boerepleatsen oan en in bûtenhûs út om-ende-by 1950 op it plak fan it âlde Poelzicht. Fierders in flink oantal notabele wenten, oerdwers pleatste wenningen foar notabelen en rinteniers mei in fersierde middenpartij. Soksoarte huzen binne ek te finen yn de kearn fan it doarp en oan de Canterlandseweg.

Nei de Twadde Wrâldoarloch is it doarp súdlik fan de Canterlandseweg sterk útwreide, benammen fan it ein fan de sechstiger jierren ôf doe‘t Gytsjerk him ûntjoech as doarp foar forinzen út foaral Ljouwert wei.


Archivering van erfgoedinformatie met het ErfgoedCMS™

Bent u geïnteresseerd in erfgoedinformatie en hoe u dit op een professionele en duurzame manier kunt ontsluiten op het internet, dan is het volgende voor u van belang.

Sinds kort is er namelijk het ErfgoedCMS™ van DeeEnAa. Met dit op maat gemaakte ErfgoedCMS™ kan ieder dorp of iedere stad haar erfgoedinformatie registreren, rubriceren en ontsluiten. Daarnaast kan het ErfgoedCMS™ worden ingezet als webshop voor lokale producten en kan het de basis vormen voor dorps- of stadswandelingen compleet met QR-code bordjes.

Voor meer informatie over dit onderwerp verwijzen wij u graag naar de pagina over het ErfgoedCMS™ op de ErfgoedCMS-website via onderstaande knop.