Wynserdyk
Earst nei de twadde wrâldoarloch waard de dyk oer de kliuw nei Snits in `tarre` dyk. Yn dy tiid stie yn de Boalserter krante (Het Boldswards Nieuwsblad it berjocht `De walsen naderen ons dorp`. De púnlaach waard stevich yninoar walst en dêr kaam in laach asfalt oerhinne mei split. De dyk sil yn beide bermen grif ek wat breder wurden wêze want yn de nei-oarlochske tiid kamen der grutter (fracht)auto `s en lânboutrekkers mei oanhang op `e dyk. Lâns de Hidaarderdyk dy `t letter Wynserdyk neamd waard binne de huzen, de grifformearde tsjerke en de iepenbiere skoalle fanút Easterein sjoen oan de linkerkant earst ein 19e iuw en begjin 20ste iuw setten en dy oan de rjochterkant oant Wynserdyk 10 yn it begjin fan de 20e iuw. De wenten dy `t nei nr 10 komme binne foar it grutste part fan nei de oarloch. Guon binne setten op it plak der `t ien fan de grutste pleatsen fan Easterein, de pleats fan de De Gavere `s stie. De Wyndyk begjint yn it doarp by de ôfslach nei de Griene Leane en einiget by de Gouden Engel (de ôfslach nei de Slachte nei Wommels).
© Tekst: Jan Hiemstra - © Foto voorblad: Jan Hiemstra

©: Jan Hiemstra
Kaart aan Anneke.
De famylje Rienstra wenne yn it hûs rjochts op de foarkant fan de aansichtkaart. Hiel leaf dat se in kaart fan har wenning stjoerden nei it bern yn it sikehûs fan Grins. Alle bern hawwe harren namme
De Wynserdyk yn febrewaris 1983. Sa te sjen teiwaar. Jo sjogge de Grifformearde tsjerke mei pastorij. Linksboppe de pleats fan Okkema.
Foar de oarloch is in foto noch wat bysûnders en wolle minsken graach op de foto. Foar de pleats leit noch in grêft en oer de daam kinne je op it hiem komme. Ek foar de daam is der noch in feart en
Wynserdyk foar 1920; de huzen sawol links as rjochts fan de dyk binne allinne oer in brechje of in daam te berikken.
De Wynserdyk foar 1940 mei op de eftergrûn de flapbrêge oer de feart lâns de Grieneleane. Efter de brêge it letter ôfbrutsen striehok fan de Vellinga 's. No is it in idyllysk plakje oan it wetter
De Hidaarderdyk fanút it súdwesten. It stik foar de pleats fan De Gavere is noch ûnbeboud.
De pleats fan de familie Santema mei de namme Romsicht bout yn 1922.
In ynkleurde kaart.
Wynserdyk foar 1935. De elektrisiteitspeallen bepale it byld.
It hûs dat foaroan stiet is der noch hieltyd. Op de hoeke fan Vrijburg en de Wynserdyk. Willem Rienstra wennet der no. Fierder wie der noch net in protte bebouwing.
Wynserdyk foar 1940, links is noch net bebouwd.
Iepenbiere skoalle en Grifformearde tsjerke foar 1940.
It hûs der 't oarspronkelik it haad fan de iepenbiere skoalle wenne en letter it plysjehûs waard. Foto is nommen ûngefear 1960
Durk, soan fan Jan van Houten foar syn 'wenwein' by it likehofke.
Merk vd Meulen, Andries Smeding op strjitte mei dêr achter de pleats fan Gavere.
Yn 1939 hat Ruerd Posthuma ( *1915) mei syn frou Hinke Tiemstra de ferverssaak oernaam fan Romkema op 'e Tsjerkebuorren Hja lieten yn 1964 in nije saak bouwe op de Wynserdyk 10c. Nei har hat soan Teak
Dizze gemeentewenten binne yn 1918 as fjouwer huzen setten. No binne it der twa en yn partikuliere eigendom.
Op de hoek fan Grieneleane en Wynserdyk stiet in moai hús mei timmerloads. Boud troch Jocobus Timminga ( 1846-1925) Mei syn broer Selius hie er it bedriuw. Yn 1911 makken sy plak foar harren soan Jan
Foto fan de eardere timmerloads fan ôf de Grieneleane ôf nommen.
Yn de hjerst fan 1963 waard De Gavere 's pleats omhelle. De bynten blieken noch krytgeef te wêzen.
Yn de hjerst fan 1963 waard De Gavere 's pleats omhelle. De bynten blieken noch krytgeef te wêzen.
Yn de hjerst fan 1963 waard De Gavere 's pleats omhelle. De bynten blieken noch krytgeef te wêzen.
De Kliuw fanút it suden; linksôf rjohting Hartwert en Boalsert, rjochtsôf rjohting Reahûs, rjochtút Hidaard en Easterein
Sa lei de Wynserdyk der yn de moanne fan de alvesêdentocht yn 1963 by.
It komboerd skout hyltiid fierder op rjochting 'Hidaard'
De pleats Wyns, wer't doe Jan Heeg buorke. Moai te sjen is dat it earder op in Terp lei. Nei't dizze ôfgroeven is leit it lân folle leger.
De Rispensermûne mei de pleats fan Symen Bouma op de eftergrûn.
Dizze stjelppleats is boud tusken 1840 en 1850. Fanôf de jierren 80 is it in wenbuorkerij.
Yn de jierren 80 fan de foarige iuw kaam der lân frij oan de Wynserdyk. De buorkerijen op nûmer 26 en 28 stoppen mei it bedriuw. Dat joech de gelegenheid om in pleats ta te heakjen yn it ramt fan de
Dit is in tige âlde pleats. It komt yn de boeken fanôf 1600 foar. De pleats leit heger. De terp Wyns lei by dizze pleats. De terp is ôfgroeven. De pleats krige de namme Nijlânstate.
De pleats fan Okkema. Earder wie it in melkfeehâlderij. Letter is it leanbedriuw derby kaam. Letter is it melkfeebedriuw ophâlden.
' De Gouden Engel ' Op krúspunt fan de Slachte en de Wynserdyk leit in lyts dykhúske. It wie eartiids in Herberg dêr 't men efkes rêst nimme koe. De Slachte, in âlde wetterkearing moast der foar
Rjochts it likehofke.