Alles oer Koarnwert
FrieslandWonderland
NederlandsDuitsEngels

Alles oer Koarnwert


Deel:

-

-

Koarnwert

Koarnwert

It doarpke Koarnwert, likernôch tachtich ynwenners, leit tsjin de eardere Suderseedyk oan. De Ôfslútdyk leit sa tichtby dat Amsterdam mar in goed oere riden is. De tsjerke is al sa`n njoggen ieuwen it sintrum fan it doarp. Mar troch in rige ferbouwingen hat it gebou syn midsieuske karakter in bytsje ferlern. Koarnwert hat in beskerme doarpsgesicht.

Skiednis
It Frysk Museum hat in bysûnder brûnzen hynderke út de earste ieu nei Kristus yn syn besit. Dat bysûndere stik is fûn súdlik fan Koarnwert, yn it buorskip Sotterum. Mooglik is it gebiet dus al lang bewenne. De tsjerke stiet op in terp. Hy datearret út de 12e ieu. Begjin 20ste ieu is it beahús lykwols yngripend ferboud. Arsjitekt Raadsma tekene foar in nije ommitseling dy`t yn 1916 troch pleatslik oannimmer Roosjen útfierd waard. Yn 1898 boude er ek al de nije toer fan de tsjerke. Dy toer is net allinne opfallend heech, mar is ek tige opmerklik fersierd mei listwurk en blokken fan keunststien.

De ferneamdste ynwenner fan Koarnwert is de dichter Obe Postma (1868-1963), dy`t yn syn bertedoarp begroeven leit.

Bysûnderheden
Behalve de tsjerke, is ek de Koarnwerter mûne in bytsje súdlik fan it doarp de muoite fan it besjen wurdich. De poldermûne út 1907 moast it wetterskip Koarnwert droech hâlde. Dy polder ûntstie troch it gearfoegjen fan fiif lytsere polders. Yn it neijier fan 1972 rekke de mûne slim skansearre troch in swiere stoarm. De mûne rekke dêrnei yn ferfal, mar waard yn 1999 restaurearre. Hjoed-de-dei stiet de houten achtkant wer grutsk oan de igge fan de Koarnwerterfeart.

Wenje en libje
De ynwenners fan Koarnwert meitsje gebrûk fan de foarsjenningen fan it likernôch fjouwer kilometer fierderop lizzende Makkum. De 'grutte' stêd dy’t it tichtst by leit, is Harns (tolve kilometer).

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Koarnwert

It lytse terpdoarp Koarnwert dat de status fan beskerme doarpsgesicht krigen hat leit fuort efter de eardere Suderseedyk by de Houster Hoeke, rêstich yn it iepen lânskip, op foldwaande ôfstân fan de hektyske ferkearslussen van de Kop fan de Ôfslútdyk. It bestiet inkeld mar út in freonlike buorren mei in plein-foarmige ferbreding, dy ‘t laat nei de terp, mei toer en tsjerke op in keal hôf mei dêromhinne in izeren stek.

De tsjerke datearret oarspronklik út de 12e ieu, mar krige yn 1916 in nije ommitseling. De ferbouwing is troch arsjitekt F. Raadsma ûntwurpen en útfierd troch de Koarnwerter oannimmer J. Roosjen. De tsjerke hat aardich glês-yn-leadwurk yn de rûnbôgefinsters en griis smoarde Lucas IJsbranddakpannen. De relatyf heech opriizjende toer datearret út 1898. L. Reitsma út Wytmarsum wie de ûntwerper fan de ryklik mei listwurk en blokken fan keunststien fersierde toer en Roosjen wie wer de oannimmer. De bekroaning bestiet út in tûfe siermitselwurk mei ôfhingjende blommen. Koarnwert is it bertedoarp fan Obe Postma (1868 – 1963), de fynfielige dichter fan it Fryske lânskip. Hy leit te hôf yn Koarnwert. Yn it gedicht Hous-ter Herne (Houster Hoeke) beskriuwt Postma syn lokkige jierren út syn jeugd:

“ O boartersplak yn blide bernedagen,
Do herne oan ‘e igge fan ‘e see
Wat lok wâlt op yn ‘t swiet te-binnen-bringen
Fan ‘t noflik boartsjen op dyn fredich stee. “

Súdlik fan Koarnwert leit it buorskip Sotterum efter de Dyksleat. De bebouwing bestiet út in pear huzen en pleatsen. Hjir is in opmerklike argeologyske fynst dien: in brûnzen hynderke út de 1e ieu nei Kristus, dat no ien fan de topstikken fan de klassike kolleksje fan it Frysk Museum is.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.