Alles oer Easthim
FrieslandWonderland
NederlandsDuitsEngels

Alles oer Easthim


Deel:

-

-

Easthim

Easthim

It terpdoarp Easthim leit krekt boppe Drylts oan de râne fan de Easthimmermar mei deselde namme deryn. It doarp foarmet tegearre mei Nijesyl in twa-ienheid. Oan de westkant fan it doarp rint it wetter fan de Wymerts. Easthim telt sa`n 450 ynwenners.

Skiednis
Easthim tanket syn namme oan it droechmeallen fan de Middelsee. De namme 'him' ferwiist nammentlik nei in ynpoldere stik lân. Easthim is fan oarsprong in agrarysk doarp. Mei de komst fan nije wenwiken en forinzen is dêr feroaring yn kaam.

Bysûnderheden
In âlde kaart út 1851 lit sjen dat der yn it doarp in tsjerke stie mei in stompe toer. Dy tsjerke wurdt yn âlde beskriuwingen yn it bysûnder neamd. Dochs woene de ynwenners fan Easthim in noch grutter eksimplaar. Yn 1860 bouden se in nije, grutte tsjerke mei in ynboude toer. Ek de pastorije waard ferboud ta in blokfoarmige wente mei prachtige sêre yn neoklassisistyske styl. Easthim hat neist dy herfoarme tsjerke ek in grifformearde tsjerke. Dy waard yn 1897 boud en hat in lytse geveltoer. Neist dy tsjerke leit in paad nei it skildereftige wetterbuertsje Hernepaad.

Wenje en libje
Easthim hat in beheind tal foarsjennings. Ynwenners fan Easthim helje har bôle by de eigen ambachtlike bakker. Dêrneist is der in doarpshûs, in boartersfjildsje foar de jeugd en in basisskoalle. Fan it deunby lizzende treinstasjon Drylts wurdt tankber gebrûk makke, lykas fan de oare foarsjennings yn dy stêd en fansels Snits.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Easthim

Easthim is in terpdoarp dat yn ‘e Midsieuwen just noardlik fan Drylts ûntstien is. It doarp is al lange tiid goed ûntsletten troch de Boalserter Sylfeart of de Wimerts. Yn it hjoeddeiske doarpsbyld is te sjen dat de bebouwing sawol op de doarpsstrjitte as op de feart rjochte is. Op de kaart yn de atlas fan Schotanus út 1716 is net al te folle bebouwing oan wjerskanten fan de tsjerke te sjen.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1716 meld: “Dit dorp, dat ten Noordwesten van Ylst, en niet verre van de Bolswerder vaart gelegen is, heeft een’goede kerk, die van binnen wel afgetimmerd en met een Orgel voorzien is, zynde de Pastory of Predikants wooning, hier by uitstek fraai. In ‘t Zuiden ligt een klein meertje, naar dit dorp genoemd, en een weinig zuidelyker de Nieuwezyl, die wel onder dit dorp, doch in eigendom behoort aan de Stad Bolsward, die ook de tollen der hier door vaarende schepen ontvangt. [...] Niet verre van dit dorp heeft men verscheiden vischryke plassen en meertjes, die op de kaart zyn aangewezen.”

Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff út 1851 lit it doarp om de tsjerke hinne in kompakte bebouwing sjen. De tsjerke mei stompe toer, in toer mei sealdak, wurdt yn âlde beskriuwings altyd bysûnder kreas fersoarge neamd. It wie de ynwenners net netsjes en kreas genôch en men liet yn 1860 in nije, grutte tsjerke bouwe nei ûntwerp fan A. Breunissen Troost. It gebou yn mingstyl hat foaral neoklassicistyske trekken. De ynboude toer, besteande út trije segminten en in hege, ynsnuorre spits is mei de westgevel stukadoare. De pastorije is ek fernijd: yn 1866 is nei ûntwerp fan H.J. Jaarsma in grutte blokfoarmige wenning yn neoklassicistyske styl boud en foarsjoen fan in geveltoer. Njonken dizze tsjerke jout in paad tagong ta in fuotgongersbrêge dy’t laat nei it skildereftige wetterbuertsje Hernepaed. Utwreidings binne der oan de súd- en noardkant.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.