Deel:


Oranjewoud

Oranjewâld is in jong doarp fan inkele streken en strjitten mei wenningen en bûtenhuzen middenyn de bosken. Oarspronklik is it in buorskip by it fuortrekke doarp Bronnerga. De Tegenwoordige Staat van Friesland hat yn 1788 te melden dat dit in âld doarpke by Oranjewâld is, dat it fermaaklik leit en yn it earstoan wol lyts wie, mar dat der troch de opkomst fan de ferfeanings yn syn doarpsgebiet in nije buert ûntstie, Nieuw Brongerga of de Knipe. By Aldskoat wurdt meld: “Hier is overvloed van geboomte en een vruchtbaare Zandgrond. Ten Noordoosten van Oudeschoot, in de buurt Schooterwoud, ligt de vermaaklyke lustplaats van Z.D. Hoogheid, den Heere Prinse Erfstadhouder, het Oranjewoud genaamd. [...] Ten Zuiden van ‘t zelve vindt men een’grooten uitgestrekten Tuin, voorzien met allerley Vruchtboomen, Planten en Bloemen. Ten Noorden, achter de huizing, is eene Oranjery, [...] terwyl men ten Oosten een vermaaklyk Sterrebosch en Doolhof ziet. Daarenboven is deeze Heerlykheid omringd met verscheiden Boschen, waar in veel Wild en zingend Gevogelte wordt gevonden; gelyk ook met sierlyk beplante cingels, aangenaame wandel- en rydwegen, benevens bekoorlyke Weid- en Korenlanden.

Albertine Agnes hie it bûtenferbliuw kocht, har opfolchster Henriëtte Amalia liet dêr yn de jierren om 1700 hinne in paleis bouwe dat begjin 19e ieu al wer op ôfbraak ferkocht waard. De parken en bosken binne bleaun. It gebiet waard yn flinke kavels ferkocht, dêr’t nei de tiid bûtens en útspannings ferriisden. It neoklassicistyske hûs Oranjewoud mei syn opmerklik frontale portico mei kolommen falt wol it measte op, mar Oranjestein yn mingstyl en it sa moai lizzende Klein Jachtlust binne fraai blankette eleminten yn it grien. Hjirneist binne yn Oranjewâld ek wenstrjitten ûntwikkele, de al wat âldere Krukmanslaan mei frijsteande wenningen yn alderhande styl, de Koningin Julianaweg mei nochal wat nei-oarlochske bungalows en de Prins Bernhardlaan mei ûnder mear inkele monumintale pleatsen. By it fuortwurden Brongerga stiet in klokkestoel op it tsjerkhôfke en riist in betonnen belvedêre (1924) boppe de beammen út.


Colofon

NLH: NoordBoek - Peter Karstkarel
FYH: NoordBoek Friesland
DEH: NoordBoek Friesland
NLP: Doarpswurk


© Tekst: - © Foto voorblad: FrieslandWonderland

Oranjewoud
©: FrieslandWonderland