Deel:


Nijland

It komdoarp Nijlân is it iennichste doarp dat yn it droechfallen en ôfdamme súdwestlike diel fan de Middelsee op in krúspunt fan wegen stichte is. Mooglik is dat yn de 13e ieu bard, mar der binne ek fermoedens dat de komfoarming al fóár 1100 plak fûn hat.

De kearn fan it doarp leit noardlik fan de dyk Snits-Boalsert, dy’t fan de 19e ieu ôf bepalend west hat foar de ûntwikkelingen fan it doarp. Dêrtroch jout Nijlân tsjintwurdich de yndruk fan in dykdoarp. By it krúspunt stiet de markante doarpsherberch dy’t yn de perioade fan de ûntsluting fan it plattelân troch it spoar ek tramhalte waard. Yn 1882 ried der tusken Snits en Boalsert de earste stoomtram fan Fryslân, in spoarferbining dy’t it in heale ieu útholden hat. Noardlik fan de haadferkearsrûte troch it doarp, de Tramstraat, leit de eigentlike doarpskom om it omgrêfte tsjerkhôf mei rizige tsjerke en toer hinne. Oan de westkant stiet yn in romme tún de wyt bepleistere pastorije, dy’t ûnder it pleisterwurk in hege âlderdom ferskûle hâldt. Noardliker leit it vikarishûs dat yn it muorrewurk noch midsieusk materiaal hat. Oan de noardkant stiet de âlde pastorijepleats. Oan it eastlike part fan de tsjerkegrêft en de dêrop útkommende lytse strjitsjes en steechjes is de âldste, mar faak ek sterk fernijde bebouwing te finen. En nei it suden ta in heal iepen, fariearde bebouwingsstreek, dêr’t in steatlike kop-hals-rompbuorkerij yn opfalt. Al dizze fan aard ferskillende eleminten yn de doarpsbebouwing wurde op in prachtige wize bij elkoar hâlden troch it romme, ovale tsjerkhôfeilân.

Yn de 13e ieu is hjir in earste godshûs stichte, mar de letgoatyske doarpstsjerke datearret út it begjin fan de 16e ieu. Yn de noardmuorre binne noch stikken fan de âlde tsjerke ferwurke. Boppedat is it ôfwikseljende giele en reade moppemateriaal by de weropbou opnij brûkt. Al mei al levere dat in libbendich muorrewurk op. De regelmjittige ôfwikseling fan grutte spitsbôgefinsters en steunbearen biedt in karakteristyk letgoatysk metrum. De mânske toer mei achtkante spits is in kear ferhege. De klokken liften mei en der kaam in twadde rige galmgatten.


Colofon

NLH: NoordBoek - Peter Karstkarel
FYH: NoordBoek Friesland
DEH: NoordBoek Friesland
NLP: Gemeente Sudwest Fryslân
FYP: Gemeente Sudwest Fryslân


© Tekst: - © Foto voorblad: FrieslandWonderland

Nijland
©: FrieslandWonderland