Deel:


Raard

Raard is in terpdoarp dat inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling ûntstien is. It is in radiale terp, wêrfan’t de min of mear ovaal ferrinnende ringwei noch foar likernôch twatredde part om de terp hinne rint. De ringwei is frij ticht beboud, eastlik oan beide kanten, súdlik allinne oan de kant fan de terp. De westkant fan de terp is ôfgroeven. Oan de noardkant, dêr’t de even foar 1870 oanleine trochgeande dyk rjochting Lichtaard yn Ferwerderadiel rint, is dat destiids sa sterk en djip bard, dat der in doarpsiisbaan ûntstien is. Dêr manifestearret de terphichte him it dúdlikst. Fan de ringwei ôf rinne inkele steil oprinnende, soms foar privee- gebrûk ôfsetten paden nei de krún fan de terp.


It doarp is yn súdlike rjochting ûntsletten troch de as in âlde slinke troch it lânskip meänderjende Raarder Feart. Dizze rint nei de Dokkumer Ie dêr’t fan it noarden út de streekrjochte, lange wetterferbining fan Holwert op oanslút. De beskieden útwreidings hawwe earst oan de dyk rjochting Boarnwert plakfûn en letter, oant al in tiid nei der oarloch oan de eastkant fan de ringdyk en dêr efter, bûten de âlde terp.


By de krusing, westlik fan it doarp stiet de yn 1916 nei ûntwerp fan Ane Nauta boude grifformearde tsjerke fan Raard en Boarnwert. Westlik fan it doarp leit neiby de grins mei Ferwerderadiel it buorskip Kleffens mei monumintale boerepleatsen oan wjerskanten fan de dyk: Noard en Súd Kleffens. Noard Kleffens út it tredde kwart fan de 19e ieu hat in oerdwers foar de skuorre boud, ûnderkeldere foarein.


De doarpstsjerke, yn de Midsieuwen wijd oan Johannes de Doper, hat in navenant mânske toer mei ynsnuorre spits, dy’t út 1807 datearret. De lytse, fan kleastermoppen boude tsjerke stamt út it begjin fan de 13e ieu. Se hat in wat âlder koar mei in trijekantige sluting, wêrby’t de hoeken troch skalken aksintuearre wurde. Se binne lykwols foar in part ferdwûn efter grutte, letter oplutsen steunbearen.


Colofon

NLH: NoordBoek - Peter Karstkarel
FYH: NoordBoek Friesland
DEH: NoordBoek Friesland


© Tekst: - © Foto voorblad: FrieslandWonderland

Raard
©: FrieslandWonderland