Alles oer Wâldsein
FrieslandWonderland
NederlandsDuitsEngels

Alles oer Wâldsein


Deel:

-

-

Wâldsein

Wâldsein

Wâldsein leit tusken de Hegemermar en de Sleattemermar en is benammen in wettersportplak. It doarp leit oan de rûte fan de Alvestêdetocht en telt in lytse fjirtjinhûndert ynwenners.

Skiednis
Fan oarsprong is Wâldsein in agraryske delsetting, dy`t him nei it jier 1000 ûntwikkele ta in selsstannich doarp. Yn 1337 wurdt der in kleaster fan de paters Karmeliten stifte.

Om’t Wâldsein sa geunstich leit oan it farwetter fan de eardere Sudersee nei Snits, ûntwikkele Wâldsein him ta in wichtich hannels- en skipfeartplak. Wâldsein wie yn de 18e en 19e ieu de thúshaven foar mear as 25 skippen. De hannel en skipfeart brochten folop libben en wurk mei har mei. It doarp hie skipstimmerhellingen, mêst- en seilmakkerijen, learloaierijen, houtseachmûnen, in touslaggerij en in nôtmûne.

Bysûnderheden
Wâldsein is it ienichste plak yn Fryslân mei twa ferskillende soarten mûnen. Houtseachmûne De Jager en nôtmûne It Laam. It eardere mûnehús fan It Laam docht hjoed-de-dei tsjinst as ynformaasjesintrum. Ek hat it in winkel dêr`t mealde nôtprodukten ferkocht wurde.

In soad Wâldseiners fisken eartiids op de Sleattemermar en Hegemermar op skobfisk. De minsken neamden it seinefiskjen. In mei lead ferswierre net waard útset en dêrnei stadichoan nei de wâl lutsen. Oan de ein fan it net siet in sek, dêr`t de fisk yn sitten bleau. Yn it doarp stiet in keunstwurk, dat dy wize fan fiskjen wer yn it omtinken bringt. Boppedat stiet it byld symboal foar de wize wêrop’t ynwenners jild binnenhellen foar de ferbouwing fan it doarpshûs De Driuwpôle.

Wenje en libje
Wâldsein hat in libbene middenstân, dy`t benammen rjochte is op de wettersport. In bungalowpark, in jachthaven, in kemping mei tennisbanen, in sylskoalle, in surfshop en fansels ferskate wettersportsaken. Tanksij it feit dat Wâldsein sa geunstich leit tusken de Fryske marren is it doarp oantreklik foar wettersporters.

It doarpshûs De Driuwpôle hat in grutte feestseal, sportseal, foyer mei bar, jeugdhonk, gearkomsteromte en sûnensromten. De fuotbalklup en de tennisferiening beskikke oer in eigen sportkompleks. Yn de moanne augustus wurde der yn Wâldsein eveneminten organisearre, wêrfan’t de doarpsfeesten en de festiviteiten om it skûtsjesilen hinne de hichtepunten foarmje.

© Gemeente Sudwest Fryslân

Histoarje fan Wâldsein

Wâldsein is in komdoarp dat yn de Midsieuwen ûntstien is as in delsetting oan it wetter. It ûndergie in folslein oare ûntwikkeling as de agraryske doarpen yn de omjouwing. Troch skipfeart en hannel dy’t oare yndustry sa as skipsbou en houtbewurking yn wurking sette, hat Wâldsein in lyts steds karakter krigen. Op de gritenijkaart yn de Schotanus-atlas út 1716 is it al in konsintrearre komdoarp mei tsjerke en mole.

Yn de Tegenwoordige Staat van Friesland waard yn 1788, oan it ein fan in perioade fan grutte bloei, meld: ‘Woudsend, wel het kleinste der Buitendykster Dorpen, ten opzichte der landeryen, doch ten aanzien der volkrykheid en ‘t vermogen der Ingezetenen, verre ht aanzienlykste der geheel Grietney {...} Dit dorp ligt zeer gelegen aan de vaart van Sneek op de Lemmer {...} Reeds voor veele jaaren was dit Dorp vry aanzienlyk, door de menigte van Turf-en Houtschippers, die van hier op Holland voeren; doch hier is in later tyd bygekomen een aanzienlyke Reedery in Friesche Koopvaardyschepen, die hier worden gebouwd, en, na van al ‘t noodige voorzien te zyn, doorgaans door Lemmer naar Zee gezonden worden. Door deeze onderneeming heeft dit Dorp grootelyks in vermogen toegenomen. {...} Behalve eenige Hellingen, of Timmerwerven worden ‘er ook de vereischte Houtzaagmolen, Lynbaan, Blok-en Zeilmaakery, beneffens meer dan eene Smedery, gevonden. Voorts is dit Dorp zeer vermaakelyk, wegens de groote doorvaart van allerleye schepen, die van Leeuwarden, Sneek, en van elders naar de Lemmer vaaren. In den jaare 1660 werd hier eene nieuwe Kerk gebouwd.’

It âlde doarp leit op de westlike wâl fan de Ie. Pas yn de 19e ieu is der wat bebouwing oan de eastlike kant kommen. It is om de Midstrjitte en Iewâl hinne in kompakt gehiel fan in protte lytse húskes dy’t ticht op elkoar steane en Wâldsein ta in yntym lytsstedsk gehiel meitsje. De tsjerken steane hjir en dêr, in kolleksje aparte bouwurken dy’t elk wat bysûnders ha. Wâldsein is grutsk op syn molens: de houtseachmole oan de Ie en de nôtmole oan de âlde noardwestlike doarpsrâne.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.