Deel:


Harlingen

Neffens in protte minsken is Harns it moaist fan de Fryske Alvestêden. Oer smaak falt fansels net te twisten, mar Harns hat yn elk gefal wat dat de oare tsien net ha: de unike sfear fan in echte havenstêd. Tidens it wettersportseizoen is Harns in libbene, brûzjende stêd. Mar ek yn de winter soargje de ferskillende havens foar ‘leven yn de brouwerij’.


De rûm 500 (!) monuminten dy`t de stêd telt, wjerspegelje it rike ferline. Dat histoaryske dekôr herberget net allinne tal fan skildereftige plakjes, mar ek in grut ferskaat oan bysûndere winkels, gesellige kafees, goeie restaurants, ferskeidene musea en in flink oantal galerys. In pear kear yn `t jier soargje bysûndere eveneminten foar ekstra gesellichheid: de Zoutsloter Krystmerk, it ‘Lanenkeatsen’ (tredde wike fan juny) en de fiskerijdagen (ein augustus).


Mei de see direkt neist de doar biedt Harns fansels prachtige mooglikheden foar ferskillende foarmen fan wettersport: sile, fiskje, surfe, swimme, ensfh. Of meitsje ris in rûnfeart by de singels en de havens del. En wannear't jo gebrûk meitsje fan de sneltsjinst is ek in dei Flylân of Skylge prima te dwaan.


Bliuwe jo leaver oan wâl? Nim dan de muoite om ek de prachtige omjouwing fan de stêd ris te ferkennen. Yn it iepen seeklaailânskip dogge ferspraat lizzende terpen en âlde diken tinken oan de ieuwenlange striid tsjin it wetter. De rêst is dêr oerweldigjend en de fiersichten magistraal. In ferneamde terp is dy fan Wynaam, wêr't yn it ferline bysûndere argeologyske fynsten dien binne. In besite oan it argeologysk steunpunt is foar jong en âld de muoite wurdich. Spesjaal foar bern befele wy Aeolus oan, in aventuerlik ûntdekkingssintrum en boartersparadys in Seisbierrum. In bytsje fierder, by Easterbierrum, leit de ferneamde Slachtedyk dy`t hjirwei rûm 42 kilometer lang troch it Fryske lânskip slingeret.



Colofon

NoordBoek Friesland


© Tekst: - © Foto voorblad: FrieslandWonderland

Harlingen
©: FrieslandWonderland