Alles oer Frjentsjer
FrieslandWonderland
NederlandsDuitsEngels

Alles oer Frjentsjer


Deel:

-

-

Frjentsjer

Frjentsjer

Frjentsjer, stjer fan de Alvestêden. Nei dizze stêd begjint it meast barre diel fan de Alvestêdetocht. Dêrom kinne de riders hjir altyd rekkenje op in ekstra waarm ûnthaal.

Ek jó hjitte wy fan herte wolkom yn de stêd dêr`t yn 1585 de twadde universiteit fan it lân stichte waard. De universiteit is ferdwûn, mar hat syn spoaren dúdlik nei litten. Yn in pear yndrukwekkende gebouwen om de eardere Hortus Botanicus hinne efter de Akademystrjitte; yn de ferskeidene statige professoaren wenningen; én yn de ferneamde “Bogt fen Guné”, de âldste studintekroech fan Nederlân. In protte fan de monumintale pânnen yn de binnenstêd stamme trouwens al fan foar de tiid fan de Akademy, doe`t Frjentsjer yn de wide omjouwing it belangrykste hannel sintrum wie.

Tsjintwurdich is Frjentsjer in libbene stêd mei in grut ferskaat oan winkels en hoareka gelegenheden, ferskillende musea en in teater. En dat allegear yn in deftich en monumintaal dekôr. De stêd is fansels bekend fanwege it wrâldferneamde planetarium fan Eise Eisenga. Mar der is mear, folle mear!

Jo kinne de geheimen fan dizze prachtige stêd ûntdekke fia in stêdskuiertocht ûnder lieding fan in gids. Mar jo kinne fansels ek sélf op ûntdekkingstocht gean. Slinterje yn jo eigen tempo by de grachtsjes del, pak een terraske wannear't jó dat wolle, flanear oer de bolwurken, ûnderfyn de rêst yn de Martenatún en fiel de tradysje en magy fan it Sjûkelân, it ‘Wimbledon fan de keatssport’, wêr't al sûnt 1853 elk jier op de fyfde woansdei nei 30 juny de “PC” hâlden wurdt.

Utsein de stêd self is ek de omjouwing fan Frjentsjer tige de muoite wurdich. Hjir kinne jo prachtich fytse of kuierje. En út de stêd wei binne ek tige goed útstapkes mooglik nei bygelyks Flylân, Skylge of de Fryske Marren.

© FrieslandWonderland

Histoarje fan Frjentsjer

Frjentsjer wie yn de Midsieuwen de belangrykste stêd fan noardlik Westergoa. Frijwat fername aadlike lju bouden dêr harren stinzen en staten. Albrecht fan Saksen fêstige yn 1498 syn gesach fan Frjentsjer út wei.

Op de Voorstraat tuorret it Martenahûs boppe de oare bebouwing út. Dizze stedsstate bestiet út twa fleugels, mitsele fan ôfwikseljende lagen reade en giele bakstien mei yn de oksel in hege achtkantige treptoer. It Martenahûs hat altyd deftich bewenne west en lange tiid wie it ek yn gebrûk as riedhûs fan de gritenij en plattelânsgemeente Frjentsjerteradiel, dy‘t om de stêd hinne lei. De Martenatún is foaral yn de betide maitiid, as de stinzefloara bloeit, in besite wurdich. Krapoan in ieu letter (1585) stichte stêdhâlder Willem Lodewijk van Nassau in universiteit yn Frjentsjer, nei Leiden de twadde yn de Republyk. Dat Frjentsjer ek in gewoane stêd is toant it Waachgebou út 1657. It ienfâldige wyt pleistere gebou is no de publyksyngong fan Museum ‘t Coopmanshûs, dat festige is yn de twa represintative professoarehuzen njonken de Waach. Dêryn wurdt ek de skiednis fan de stêd en fan de Akadeemje presintearre.

Frjentsjer wie de earste Fryske stêd dy‘t nei de Opstân in nij stedshûs boude en dêrmei de toan sette foar de represintative oerheidsbou. It liket der op dat Frjentsjer tusken 1591 en 1594 de erudysje fan de akadeemjestêd yn dit gebou sjen litte woe. Op de hoeke kamen oan beide kanten hege trepgevels. Op it plak dêr‘t de fleugels mekoar snije ferriisde in hege achtkantige lantearnetoer. It ryk fersierde stêdshûs is it wurk fan Frjentsjerter boumasters en stienhouwers.

Fierders binne der oan de strjitten en grêften tal fan bysûndere gebouwen te finen. Yn de Eise Eisingastraat is yn 1910 in winkel yn elegante Jugendstil ûnderbrocht yn in pân mei in halsgevel út 1745. Efter it fuort hjirneist steande ienfâldige klokgeveltsje fynt men in wier wûnder: it Planetarium fan Eise Eisinga. De Frjentsjerter wolkjimmer, knap op ‘e hichte fan de wis- en stjerrekunde, hie de gongen fan de stjerren fan de planeten fan ús sinnestelsel oanskôglik makke. Yn 1781 wie Eise mei syn hielal oan de soudering fan syn wenkeamer klear. By de brêgen fan de Eise Eisingastraat en Zilverstraat stiet it lytse, út 1634 datearjende Koarndragershúske. It Noarderbolwurk toant oan hoe‘t Frjentsjer fan sawat 1600 ôf mei hege bolwurken beskerme waard. Dêr bouden de gegoedigde ynwenners harren simmer- of teehuzen.

De Martinitsjerke kaam yn de 11e ieu ta stân mar is fan 1421 ôf fernijd en fergrutte. It is in pseudo-basilyk mei in breed en heech skip en oankape sydbeuken, dy ‘t om it heger lizzende koar fierder liede ta in omgong. De grutte toer hat in ynsnuorre nullespits. Ynwindich is de Martinitsjerke tige ryk bedield, foaral mei in skat oan manjefike sarkeboukeunst. Skean tsjin de tsjerke oer stiet it Klein Botniahûs oan de Bredeplaats, in sealstins út de 15e ieu. Dêr stiet ek noch it wyt pleistere Dekemahûs. Fóár de tsjerketoer stiet it Cammingahûs, in tredde sealtsjerke en de âldste, mei muorrewurk út de 14e ieu. Efter de Academiestraat steane de oantinkens oan de universiteit fan Frjentsjer. Om it binneplein hinne, ea de ‘hortus botanicus’, steane ymposante gebouwen. It restant fan it Kruisherenkleaster, letter ferboud ta haadgebou fan de Akadeemje en tsjin de fraaie orânzjery oer, it botanysk laboratoarium.

De hillige grûn fan de Fryske keatssport, it Sjûkelân, leit yn it westen fan ‘e stêd en is sûnt 2003 aksintuearre troch twa slanke tuorren. Op it Sjûkelân wurde de wichtichste wedstriden fan dit âlde balspul spile. Njonken dit goed ûnderhâlden sportfjild stiet de âldste studintekroech fan it lân, de ferneamde Bogt fen Guné. Tsjin de súdlike râne fan de binnestêd oan rûn fanâlds de belangrykste ferkearsier, de Harnzer Trekfeart, no Van Harinxmakanaal. De stêd hat dêr altyd profyt fan hân, want by it kanaal lâns kaam in soad bedriuwichheid. Lykwols is de stêd der ek troch belemmere by syn stêdsútwreidings. Dy kamen yn in waaier om de noardlike âlde stêdsrânen hinne.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © FrieslandWonderland

Webshop

Mogelijk hebben de volgende produkten uit onze webshop ook uw interesse. Deze produkten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Categorie: historische-kaarten

Den Omtrek Van Franequer, Beneevens Deszelfs Batterijen

Den Omtrek Van Franequer, Beneevens Deszelfs Batterijen


Categorie: historische-kaarten

Franekeradeel in de atlas van Schotanus

Franekeradeel in de atlas van Schotanus


Categorie: historische-kaarten

Kaart van Franeker door Blaeu

Kaart van Franeker door Blaeu


Categorie: historische-kaarten

Kaart van Franeker door Blaeu (uitgave Covens en Mortier)

Kaart van Franeker door Blaeu (uitgave Covens en Mortier)


Categorie: historische-kaarten

Kaart van Franeker door Braun en Hogenberg

Kaart van Franeker door Braun en Hogenberg


Categorie: historische-kaarten

Plattegrond van Franeker begin twintigste eeuw

Plattegrond van Franeker begin twintigste eeuw


Categorie: historische-kaarten

Franekeradeel in de atlas van Eekhoff

Franekeradeel in de atlas van Eekhoff


Categorie: historische-kaarten

Jurisdictiën der drie kantons Franeker, Bolsward en Dronrijp en van de steden Ha

Jurisdictiën der drie kantons Franeker, Bolsward en Dronrijp en van de steden Ha


Categorie: historische-kaarten

Kaart van de Groote en provinciale Communicatien met dedaar op zich bevindende B

Kaart van de Groote en provinciale Communicatien met dedaar op zich bevindende B


Categorie: historische-kaarten

Kaart van de provincie Friesland uit 1847

Kaart van de provincie Friesland uit 1847


Categorie: historische-kaarten

Kaart van Franeker door Schotanus

Kaart van Franeker door Schotanus


Categorie: historische-kaarten

Waterstaatskaart van Franeker (peilraaien buitengracht)

Waterstaatskaart van Franeker (peilraaien buitengracht)


Categorie: boeken

De wandeltocht der wandeltochten

De wandeltocht der wandeltochten

Elfstedenpad 283 km

Gebruikmakend van voormalige jaagpaden en kerkenpaden, van eeuwenoude grasdijken, van veelbetreden handelswegen, zijn routemakers Johan Vellinga en Broer Adema erin geslaagd de

... lees meer

Prijs: € 18,70


Categorie: boeken

Elf steden 11 verhalen

Elf steden 11 verhalen

Frisian Colorists & Restorers ziet het als hun missie om de mooie, oude tradities van hun vak door te geven aan een nieuwe generatie. In het kader van LF2018 maakten zij daarom een uniek prentenboek

... lees meer

Prijs: € 16,00


Categorie: boeken

Pake syn wein - leverber nei 26 oktober 2019

Pake syn wein - leverber nei 26 oktober 2019

Tussen 1906 tot 1951 hadden alle motorvoertuigen een provinciaal kenteken. In Friesland begonnen die met de letter B. Tresoar maakte een website rond alle deze ruim 41.000 uitgegeven B-nummers. Het pu

... lees meer

Prijs: € 19,50


Categorie:

Nieuwe encyclopedie van Fryslân

Nieuwe encyclopedie van Fryslân

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vier

... lees meer

Prijs: € 125,00