Alles oer Ljouwert
NederlandsDuitsEngels
Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Aanbieding: Nieuwe encyclopedie van Fryslân voor slechts € 29,90 incl. verzenden!

Bijna 8 kilogram aan kennis over Friesland! Wees er snel bij want op is op.

De Nieuwe Encyclopedie van Fryslân is een onmisbare aanvulling in de boekenkast voor iedereen die gek is van Fryslân en meer wil weten van deze provincie. Op 15 september 2016 verscheen de vierdelige encyclopedie die rond de 3000 pagina’s telt, 11.000 trefwoorden bevat en ruim 8 kilo weegt. De encyclopedie staat bomvol actuele kennis over Fryslân en is een echte pageturner geworden.

Voor al diegenen die dit standaardwerk over Fryslân altijd al hadden willen hebben! Nu voor een wel heel speciaal prijsje! Maar let op! Op = Op!

| Prijs inclusief verzenden: € 29,90

Alles oer Ljouwert


Deel:

-

-

Ljouwert

Ljouwert

Lit jo ferrasse troch Ljouwert, start- en finishplak fan de Alvestêdetocht en net foar neat al sûnt 1500 de haadstêd fan Fryslân. In stêd mei in lange en rike skiednis dy`t op in protte plakken noch dúdlik te sjen en te fielen is. Ferwûnderje jo oer de skeefsteande Aldehou, de ‘toer fan Pisa fan de lege lannen’. Priuw de grandeur fan it gebiet dêr`t de stedhâlders fan Fryslân, de Fryske Nassaus, wennen en werkten. Rêst efkes út yn de prachtige Prinsetún, dwaal fierder troch de karakteristike strjitsjes en stegen, genietsje fan de moaie trochkykjes, meitsje in rûnfeart troch de skildereftige grachten en grachtsjes…

It rike en deftige ferline mei dan noch prominint oanwêzich wêze, Ljouwert is wol degelik mei de tiid meigien en fernijt him kontinue, mei tanksij de oanwêzichheid van ferskillende ynstellings foar middelber en heger ûnderwiis en sa`n 20.000 studinten. It resultaat: in moderne en tige libbene stêd, dêr`t tige folle te dwaan is op it gebiet fan keunst en kultuer, film, muzyk, nije media, útgean, ensfh.
Ljouwert is ek, mei ôfstân, de ‘winkelhaadstêd’ fan de provinsje. Opfallend binne de folle spesjale en eksklusive winkeltsjes mei in net-alledeisk oanbod. Winkelje yn Ljouwert is in wier feest! En nei ôfrin kinne jo jo ek kulinêr ferrasse litte yn ien fan de ferskeidene bysûndere restaurants.

It brede karakter fan Ljouwert lit him net yn in pear wurden omskriuwe. De stêd biedt gewoan tefolle om op te neamen. En dan is it ek nochris in prima útfalsbasis foar it ferkennen fan de rest fan Fryslân…

© FrieslandWonderland

Histoarje fan Ljouwert

Ljouwert is ûntstien op in terp út de iere Midsieuwen mei in agrarysk karakter tichtby de Middelsee, Oldehove, en yn de 9e ieu oan wjerskanten fan de mûning fan de Ie opsmiten terpen mei in hannelsdelsetting. Terpen, dy’t yn de Hoogstraten noch altyd goed te erfaren binne.

De âldste fermelding fan Ljouwert is yn de 11e ieu. De houten tsjerke fan Sint-Vitus waard doe ferfongen troch in (dowe)stiennen gebou en yn dy tiid fûn ek de earste dikebou plak. Nei‘t de Middelsee tichtslike wie, wreide de delsetting him yn westlike rjochting út. It swiertepunt bleau op de terpen fan Nijehove en dêr waard yn de 12e ieu de Mariatsjerke boud en healwei de 13e ieu tsjin de soal fan de terp oan it kleaster fan de Dominikanen. De kleastertsjerke, de Jacobijnertsjerke, is yn de 13e ieu boud en ferskate kearen útwreide. Oan de noardkant stean de oantinkens oan it kleaster mei in part fan de prachtich oerwulve kleastergong. Yn it koar binne de leden fan de stedhâldersfamylje begroeven.

Yn it easten en súdwesten wreide de stêd út en alles waard yn 1435 ûnder in stêdsrjocht brocht. Omdat Ljouwert yn in net fan wetterlopen lei, koe de stedsstruktuer trochriuwen wurde troch grêften. Troch hannel en oare aktiviteiten groeide de stêd foarspoedich en doe‘t Albrecht van Saksen Hear fan Fryslân waard, keas hy yn 1504 foar Ljouwert as sit fan de bestjoersynstellings en dus as haadstêd.

De letGoatyske Aldehou, it symboal fan de stêd, bliuwt as skeane en kromme toer it ferhaal fertelle fan de mislearre ambysjes fan tsjerke- en stedsbestjoer. Yn 1529 koe men begjinne mei de bou fan in hege toer. Hy begûn te sakjen en bleau sakjen en it wurk waard yn 1533 stillein.

De sintrale oerheid slagge wol. It bestjoerspaleis, de Kânselarij, is fan 1566 oant 1571 boud troch de boumaster fan kening Filips II. It ryk detaillearre gebou tsjinne as húsfesting fan het ‘Hof van Friesland’, it belangrykste bestjoersorgaan. De boustyl is noch hielendal letGoatysk, mar tagongspoarte, kraachstiennen en oare details binne al yn de nije styl fan de renêssânse. It gebou drukt it kenterjen fan de tiid út: Opstân en Herfoarming wienen yn in tiidsbestek fan tsien jier in feit. De Kânselarij is no ûnderdiel fan it Frysk Museum. Nei‘t der al earder in grêft om de stêd hinne groeven wie en in begin fan in omwâling, krige de stêd yn de tsientallen jierren om 1600 hinne in frijwol folslein bastionearre fêsting.

Ljouwert is in deftige stêd wurden, want se is ek ieuwenlang residinsje west fan Nassause stedhâlders. Dy wennen mei har húshâldings en hofhâlding yn it sintrum fan Ljouwert. Dit ‘Stadhouderlijke Hof’ bestie oarspronklik út twa yn styl ferskillende staten, dy‘t tegearre wol in foarplein foarmen. De ferskate generaasjes Nassaus ha it skildereftige gehiel sa faak ferboud dat in ienriedich mar lykwols in strang fleugelgebou it resultaat waard. De stedhâlders ha hjir oan 1747 ta residearre. Tsjin it Hof oer stiet it stedshûs. It haadgebou is yn 1715 yn sober klassisisme boud op keldersferwulven fan in midsieuske stins. De middenpartij krige de measte oandacht. Boppe de yngong binne frede en gerjochtichheid útbylde. Yn de koepel hinget in kariljon út 1687. Yn 1760 is efter it haadgebou in riedsealfleugel yn rococostyl boud. Ljouwert wie let mei in represintatyf stedshûs, ynfestearre yn de waach, in steatlik gebou yn renêssânsestyl dat it belang fan de suvelhannel ta útdrukking bringt. It waachgebou kaam ta stân yn 1595 en is oan de ûnderkant iepen mei grutte bôgen en in hingjende luif deromhinne. Boppe de luif binne op de hoeken wapenshâldende liuwen en in prachtich bewurke fries te sjen.

Yn de iere 19e ieu is de fêsting ûntmantele en krige de stêd in râne fan plantsoenen, wêrfan‘t no mei de Prinsetún, allinne de noardlike gedielten noch bestean. Yn de 20e ieu is de stêd nei alle kanten útwreide, nei de oarloch, doe’t in part fan Ljouwerteradiel anneksearre wie, ek nei it suden ta. Der kamen oan ‘e bûtekant fan in yn rap tempo foltôge rûnwei bûtenwiken fan grutte omfang.

Tekst: © NoordBoek - Peter Karstkarel • Foto: © Hendrik van Kampen

Webshop

Mogelijk hebben de volgende producten uit onze webshop ook uw interesse. Deze producten worden u aangeboden in samenwerking met diverse uitgeverijen, erfgoedinstellingen en fotografen.

Kaart van Leeuwarden door Blaeu (uitgave Covens en Mortier)

Kaart van Leeuwarden door Blaeu (uitgave Covens en Mortier)

Kaart van Leeuwarden door Pieter Feddes van Harlingen (1622)

Kaart van Leeuwarden door Pieter Feddes van Harlingen (1622)

Kaart van Leeuwarden van de Vereeniging tot Bevordering van het Vreemdelingenver

Kaart van Leeuwarden van de Vereeniging tot Bevordering van het Vreemdelingenver

Leeuwarderadeel in de atlas van Eekhoff

Leeuwarderadeel in de atlas van Eekhoff

Leeuwarderadeel in de atlas van Schotanus

Leeuwarderadeel in de atlas van Schotanus

Plattegrond van Leeuwarden uit 1877

Plattegrond van Leeuwarden uit 1877

Plattegrond van Leeuwarden uit 1896

Plattegrond van Leeuwarden uit 1896

Categorie: boeken

Tussen twee bruggen

Tussen twee bruggen

Emmakade Leeuwarden

De aanleg van het Nieuwe Kanaal in 1895 betekende een uitbreiding van Leeuwarden naar het oosten. Aan de nieuwe levensader ontstond aan weerszijden een zeer gevarieerde bebou

... lees meer

Prijs: € 30,00


Emmakade in Leeuwarden

Emmakade in Leeuwarden

Categorie: boeken

De wandeltocht der wandeltochten

De wandeltocht der wandeltochten

Elfstedenpad 283 km

Gebruikmakend van voormalige jaagpaden en kerkenpaden, van eeuwenoude grasdijken, van veelbetreden handelswegen, zijn routemakers Johan Vellinga en Broer Adema erin geslaagd de

... lees meer

Prijs: € 18,70


Categorie: boeken

Elf steden 11 verhalen

Elf steden 11 verhalen

Frisian Colorists & Restorers ziet het als hun missie om de mooie, oude tradities van hun vak door te geven aan een nieuwe generatie. In het kader van LF2018 maakten zij daarom een uniek prentenboek

... lees meer

Prijs: € 16,00


Categorie: boeken

Gerlacus Buma

Gerlacus Buma

Een Friese patriciërszoon in het leger van Napoleon en Willem I

Tussen de val van Napoleon en het ontstaan van Nederland in zijn huidige omvang ligt een ontstaansworsteling van een kwarteeuw. D

... lees meer

Prijs: € 22,99


Categorie: boeken

Marijke Meu

Marijke Meu

In het kader van het 250ste sterfjaar van Maria Louise van Hessen-Kassel wordt Marijke Meu (1688-1765) opnieuw uitgegeven en heeft het een grondige update gehad waardoor ook de nieuwste inzichten over

... lees meer

Prijs: € 20,00


Categorie: boeken

Pake syn wein - leverber nei 26 oktober 2019

Pake syn wein - leverber nei 26 oktober 2019

Tussen 1906 tot 1951 hadden alle motorvoertuigen een provinciaal kenteken. In Friesland begonnen die met de letter B. Tresoar maakte een website rond alle deze ruim 41.000 uitgegeven B-nummers. Het pu

... lees meer

Prijs: € 19,50